Lytse heit&mem 2018

Page 1

de lytse

NR.5 2018/2019

Natuerlike kreamsoarch De earste hapkes Elk kontakt hat mei taal te krijen M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!


Ik wol foar dy soargje yn dy leauwe en altyd by dy bliuwe Ik wol mei dy laitsje mei dy slûchje der foar dy wêze dyn trientsjes droegje Ik wol fan dy hâlde leaf bern fan my jou dy mar del ik beskermje dy Dieuwke van der Meer

Dyn bern sille wurde sa’tsto bist, ^

dus wes watsto wolst dat sy wurde.


Lokwinske, jim binne krekt heit&mem wurden!

Doe’t wy koartlyn op poppeslok wiene by ús kollega, troffen wy mem mei it lytse wûnderke op de earm. Stralend, blier én o sa tankber dat it sa goed giet en dat it goed gongen is mei de befalling. It liket foar oaren altyd sa fanselssprekkend, mar jim witte it no ek: in berntsje krije is net neat! It is in enoarme prestaasje, dêr’t memmen (mar ek guon heiten) wiken, moannen en soms sels jierren fan herstelle moatte. En litte wy ’t mar ferklappe … nei de berte fan dyn berntsje wurdst noait mear deselde. As mem en heit sjogge jim no oars nei de wrâld om jim hinne. Der bart ek sa’n soad yn it libben fan jim soan of dochter! Lytse babylûdsjes feroarje fan belleblaasgelûdsjes nei fersteanbere klanken en wurden. Fynsto dat ek sa nijsgjirrich? Blêdzje dan fuort troch nei side 62. oer de taalûntwikkeling. Of bisto benijd hoelang’t molke lytse babybúkjes sêdet? Op side 18 stiet wannear as bern ferlet ha fan wat mear hapkes. En wat wurdt de fiertaal asto yn in oare taal grut wurden bist as dyn partner? Lytse bern kinne hiel goed oerwei mei mear as ien memmetaal: ien fan heit, ien fan mem ... én ien fan jim allegear: babytaal. Fuort mei de kommunikaasjefrustraasje! Sjoch op side 36 foar mear ynformaasje. Fierderop yn dizze lytse útjefte fan heit&mem kinst ek noch lêze oer nammen, moaie poppekeamers, apps foar lytskes, babyboeken en noch folle mear! In protte lêswille tawinske! De redaksje fan heit&mem

P.S. Wolst noch mear lêze? Heit&mem is ek te finen op heitenmem.nl en te folgjen fia:

1


ynhâld ‘de lytse’

NR.5

Taalkado Us Lytse heit&mem wurdt gratis ferspraat fia it Taalkado. It Taalkado is it kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder, te stimulearjen. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. De Lytse heit&mem past yn de rige fan heit&mem dat mei trije útjeften yn 2018 ferskynt, de Lytse heit&mem is hjir ien fan. It is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.

52

12

Kolofon Redaksje-adres/ útjouwer:

Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Meiwurkers:

Yllustraasjes:

Redaksje

Arjanne Nijp Carolien ter Schuur Idske Bangma Klasina van der Werf Monique Flinker Nynke van der Zee Paul van Dijk Tjalling de Vries

Luuk Klazenga (side 30) Natascha Stenvert (side 39) Mirjam van Houten (side 44)

Foarmjouwer:

BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje:

Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl

Fotografy:

Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Hippe kiek fotografie by Sjoeke http://hippekiek.wixsite.com/ hippekiekfotografie hippekiek@gmail.com tel.: 06 - 23 90 18 58

Printwurk:

Senefelder Misset www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00

Abonnemint

Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,- trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de


Cover Op de coverfoto staat Lucius, volledige naam is Lucius Tobias Bauke Reitsma. Hij is vernoemd naar zijn opa. Lucius is geboren op 24 december 2016 en is dus inmiddels alweer een dreumes van 1. Het is een vrolijk, goedlachs mannetje.

58 46 42 01 Fan de redaksje 02 Kolofon 04 Natuerlike kreamsorch 07 Apps foar de lytskes! 08 Kreamkadootsjes op syn Frysk 10 Hoe overleef ik… it earste jier fan ús lytse poppe 12 De babykeamer fan Yfke 18 De earste hapkes: wat is it bêste momint? 21 Foarnammen 22 Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid 26 Befallingsferhaal 28 Kintsje pipermintsje 30 Poppeslok 31 Ferske 32 Babyboeken top 10 34 Ynbakerje as helpmiddel 2

3

36 Fuort mei de kommunikaasjefrustraasje 37 Bernepraatsjes 38 Elk kontakt hat mei taal te krijen 41 Kollum Paul van Dijk 42 Heit&Mem-panel 46 Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling 48 Poppeherinneringen 50 Alwer in Fries! 52 Ferneamd! 54 Boekstart maakt baby’s slimmer 56 Etherische oliën 58 Sliepe as prinskes en prinseskes 60 Te lêzen op heitenmem.nl 62 Talige ontwikkeling! 64 Kollum Tjalling de Vries


Arjanne Nijp


Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte ‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée van der Heide-Canrinus, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy wie in skoftlang de iennige kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiede koe, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch. Natuerlike kreamsoarch is soarch foar poppe en kreamfrou mei natuerlike middels en materialen, en basearre op de ideeën fan Rudolf Steiner, de grûnlizzer fan de antroposofy. Renée hat in grutte doaze mei allegear foarbylden fan dy natuerlike middels en materialen. Der sit bygelyks in wollen matsje yn, dat op it matraske yn de widze of bernewein lizze kin. ‘Wol helpt by it regulearjen fan de temperatuer fan in poppe’, fertelt se. ‘As in berntsje te waarm of te kâld is, dan wurdt it ûnrêstich. Ik ha wolris in poppe hân, dy koe de temperatuer mar net fêsthâlde. Ik ha him op in wolletje lein en in wolsiden strikmûtske opdien, en dat skeelde wol in heale graad.’

‘ Soarch mei natuerlike middels.’ Dan lit de kreamheinster in fleske kamille-oalje en wat lapen sjen. ‘Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst. Soms hat in kreamfrou bot lêst fan neiweeën. Dan kin ik in búkwikkel foar har meitsje. Ik doch wat kamille-oalje op in doekje, dat meitsje ik lekker waarm mei in krúk. Dan 4

5

lis ik it doekje op har ûnderbúk, ik doch der in stikje wol oerhinne en dan in grutte lape om har búk hinne. Sa’n wikkel helpt ek by in poppe mei krampkes.’ Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch. ‘In poppe hat 9 moannen ûnder it hert fan de mem sitten, lekker skommeljend yn it waarme wetter. As er dan op de wrâld komt, fynt er it fijn om de waarmte fan dyn hûd te fielen, of de begrinzing fan in lekker strak ynstoppe lekkentsje, of ynwikkele te wurden yn in wollen tekkentsje.’ In antroposofysk strikmûtske fan wolside op ’e holle en oer de earen jout ek sa’n gefoel fan begrinzing. Boppedat lit it de foarholle frij, dêr’t de ‘termostaat’ fan de poppe sit. ‘En wat ek hiel handich is: sa’n mûtske kin net oer de eagen sakje’, laket Renée. Emma Jasperse en har man Jaap Kuipers út Niebert fregen Renée as kreamheinster nei de berte fan harren twadde soan Timon, spesjaal om’t sy natuerlike kreamsoarch leverje kin. ‘Dat past bij onze levensstijl. Wij zijn veel buiten, dragen vaak een wollen trui, we eten zo weinig mogelijk voorverpakt voedsel. We gaan heel bewust met de natuur en het milieu om.’ Benammen it soargjen foar rêst yn de kreamperioade, en it brûken fan kamille en wol foar it bern, hat harren goed foldien. ‘En Renée heeft mij geleerd over biological nursing’, fertelt Emma. ‘Bij borstvoeding geven denk je eigenlijk altijd aan de madonna-houding of de rugbyhouding, maar als je een beetje achterover leunt en de baby op je borst legt gaat hij zelf wel


zoeken. Dat maakte mij zelf veel ontspannener en relaxter, dus ik vond het heel fijn om zo ook te kunnen voeden.’ Ek Aly Loes Vellema krige soarch fan Renée, nei de berte fan har famke Jildau. ‘De natuerlike kreamsoarch slút hielendal oan by hoe’t ik dingen sjoch en dwaan wol’, leit Aly Loes út. Se hat benammen in soad hân oan de útlis oer produkten lykas kamille, en oer waarmteregulearring. Mar ek doe’t se nei de befalling noch in skoftke yn it sikehûs bliuwe moasten, hat se stipe hân fan Renée. ‘Yn it sikehûs is it allegear wat klinysker. Bygelyks mei de drinkbeurten, dat dogge se dêr folle mear op ’e regel. Ik woe dat graach oars, en dan hie ik kontakt mei Renée oer wat ik dan it bêste dwaan koe.’

‘ Ik bin in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk.’ Fiif jier lyn, doe’t de oplieding Natuurlijke Kraamzorg úteinsette, hat Renée har fuort ynskreaun. ‘Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe. Ik krige ek hieltyd faker fragen, oer waskbere ruften bygelyks, of oer ynintsjen. En ik wol my oanpasse kinne op wat it gesin wol.’ Doe’t se krekt begûn wie mei de oplieding, twifele se wol efkes. ‘It hat in antroposofyske grûnslach, en sa bin ik hielendal net grutbrocht. En ik bin wol in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk. Mar de basiskennis oer de natuerlike middels krige ik sa wol mei.’ Wat fierderop yn de oplieding waard se ek hieltyd entûsjaster. ‘Learst dêr echt goed nei it bern te sjen, it te observearjen. En ik wurkje mear op myn yntuysje. Der binne in hiel soad regels en rjochtlinen yn de geboartesoarch, we moatte in hiel soad opskriuwe en byhâlde.’ Mar soms wol in kreamfrou bygelyks net twa kear deis temperatuerd wurde. Dan praat Renée mei se ôf: we dogge it net, mar asto dy net goed fielst, dan joust dat oan. En de kreamheinster sjocht it sels ek altyd wol at de kreamfrou net lekker is. ‘Healweis de oplieding tocht ik: eins wurkje

ik al sa. Dit wurk moatst mei dyn hert en gefoel dwaan, want oars prikke se der sa trochhinne.’ Undertusken hawwe yn Fryslân al sa’n tsien kreamfersoarchsters it sertifikaat foar natuerlike kreamsoarch helle. Renée is dêr wiis mei. ‘Der is hieltyd mear fraach nei, ek hjir yn Fryslân. Ik ha mear oanfragen as dat ik oankin. Mar ik fyn it belangryk dat ik foar elkenien tagonklik bin, dus ik kom ek by gesinnen dy’t gewoan pampers brûke of gjin boarstfieding jaan wolle.’ Dochs hat se wol it idee dat har kennis fan de natuerlike kreamsoarch har ek by ‘gewoane’ kreamsoarch helpt. ‘Ik hear hiel faak dat ik sa’n soad rêst útstrielje.’

‘ Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’ ‘Ik bin yn sa’n spesjale perioade yn it libben by de minsken thús. It is belangryk dat ik der bin, mar eins ek net. Dêrom is it wichtich datst as âlders by dysels bliuwst.’ Wolle âlders bygelyks graach dat de poppe by harren yn bêd sliept, dan fertelt Renée hoe’t se dat feilich dwaan kinne. ‘In mem dy’t gjin alkohol, drugs of medisinen brûkt en net deawurch is, giet net samar op har poppe lizzen. In dekbêd kin wol gefaarlik wêze, dat kinst yn dyn sliep ûnbewust oer dy hinne lûke, en in poppe kin dêr dan net sels ûnderút komme.’ Dus it berntsje moat sa heech mooglik oan it hollenein lizze, of yn in co-sleeper. Renée: ‘Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’

Foar mear ynformaasje: www.kraammetzorg.nl natuurlijkekraamzorg.eu/#friesland


APPS

Ek leuk, tegearre mei dyn lytse op de tablet boartsje. Der binne in soad apps foar

FOAR DE LY TSKES!

bern makke en fansels ek yn it Frysk. Wy jouwe jim in oersjoch fan Fryske apps dy’t geskikt binne om mei bern fan ien jier ôf te dwaan.

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

Boartsje mei Tomke Sjoch nei de film of lês it ferhaal foar. De app bestiet út seis Tomkeferhalen, mei moaie grutte yllustraasjes by hieltyd koarte stikjes tekst. Oan ’e ein fan it ferhaal kinst in puzel dwaan. Ek kinst derfoar kieze om it spultsje ‘sykje it plaatsje’ te dwaan. �������������������������������������������������� F O A R: A N D R O I D, IPHONE, I PA D E N I P O D TOUCH P R I I S: FERGEES

Rinze syn jierdei/ Rinze is gek op wetter/ Rinze’s AaBee/ Rinze op reis Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes. �����������������������������

F O A R: I PA D E N ANDROID

P R I I S: Hantsjes yn ’e hichte, FERGEES Friese kinderliedjes Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, fiif nije en tsien tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. Guon lietsjes binne geskikt foar de alderlytsten, oaren foar beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn. ••••••••••••••••••••••••••••••

Wat heart wêr? Foar bern fan sa’n twa jier ôf is der de app ‘Wat heart wêr?’, yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It is in spultsje wêrby’t bern foarwerpen nei it goeie plak slepe kinne. Se krije dêr hieltyd it bypassende wurd en lûd by te hearren. De bern kinne kieze út de sitewaasjes dieretún, yn de tún, op strjitte, feest en buorkerij. • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • •

F O A R: I PA D E N ANDROID

It Grutte Foarlêsboek P R I I S: Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte FERGEES foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten en spultsjes, foar bern fan 2 jier ôf. •••••••••••••••••••••••••••••• 6

7

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES


Kreamkadootsjes op syn Frysk Mûtske In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. De poppe kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Soargje derfoar dat it mûtske minstens oer de earen komt.Mûtske foar de lytse poppe mei de tekst ‘jonkje’, ‘famke’ of ‘lytse pop’. € 5,95

Koeser Koesen giet it lekkerst mei in hearlik sêfte Koeserknyn! Yn de kleuren rôs, blau, wyt en griis te krijen. € 9,50

Set ’m op heit! It falt foar heiten net altyd ta om dy lytse earmkes en fuotsjes troch de júste gatten yn de klean te krijen. Mei dit romperke wurdt dat wat makliker. Set ’m op heit! Do kinst it! € 9,95


Poppeboek Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? – poppeboek kinst allegear oantinkens kwyt oan de earste jierren fan dyn poppe. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes, gedachten en emoasjes. Der sitte ek spesjale sluven yn foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter. € 14,95

Myn kreambesite Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. In hiel geskikt kreamkadootsje! € 7,50

Lytse griemer In protte poppen ha in grut part fan ’e dei in slabbe om, om’t se faak spuie, grieme of flybje. It is dan fansels wol sa moai, foar ast letter de foto’s weromsjochst, dat dyn lytse griemer yn alle gefallen in leuke slabbe om hie! Lykas dizze slabben dy’t mei in protte ferskate Fryske teksten te krijen binne, lykas ‘Lytse griemer’, ‘Pake syn pop’, ‘Lytse protter’, ‘Lekker ite’, ‘Leaf!’, ‘Ik heit’ en gean sa mar troch! € 6,95

Boppesteande produkten binne allegear te bestellen fia www.afuk.nl of te heljen by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert (skean tsjinoer de Aldehou). 8

9


Ciska Noordmans

Hoe overleef ik...

it earste jier fan ús lytse poppe?

Esther: ‘Als nieuwbakken moeder van onze dochter Anne Rixt ben ik op een hele nieuwe planeet beland. Hoe mooi ik het ook vind om moeder te zijn, ik moet heel erg wennen aan de veranderingen in mijn leven. Ik ging parttime werken en dat was nogal een verandering. Anne Rixt bepaalt mijn ritme en mijn vrije tijd. En van de avonden en weekenden blijft ook weinig over. Mijn vriendinnen zie ik nauwelijks meer en mijn partner is papa geworden. Waar zijn de romantische avonden gebleven?’


1. Yntuysje Faaks hasto al fernommen dat sûnt de swangerskip elkenien klearstiet mei goeie rie. Fan bemuoisuchtige (skoan)mem oant wyldfrjemde minsken yn de supermerk. It sil allinne noch mar slimmer wurde. Elkenien hat in miening oer boarstfieding, flessemolke, sliepritmes en de ûntwikkelings fan jim berntsje. Folgje dyn eigen yntuysje en doch it op dyn eigen manier! 2. In nije rol Nei trije moanne hoechst net alles op ’e rit te hawwen. Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne lichaamlik en praktysk, mar ek op dyn wurk en yn de relaasjes mei dyn partner, famylje en freonen. Nim minstens in jier de tiid om oan dyn rol as mem te wennen en derachter te kommen hoe ast dyn libben ynrjochtsje wolst meí poppe. Geduld mei dysels! 3. Oppas Ast fernimst dat de muorren op dy ôffleane, wurdt it tiid om ôfstân te nimmen fan ‘thús’ en leuke dingen bûten de doar te ûndernimmen, koartsein, wurdt it tiid foar in flinke doasis ‘me-time’. Lekker byprate mei in freondinne, út iten mei dyn partner yn in sfearfol restaurantsje, of eefkes te winkeljen. Nee dat is net egoïstysk! De soarch foar de lytse kostet in bulte enerzjy, en dêr hat dyn omjouwing faak gjin weet fan. Sykje in betroubere oppas en laad dyn batterij wer op. Klear foar in nije dei! 4. Gefoelich Ynienen kinst dy grien en giel ergerje oan jim mem dy’t alles better tinkt te witten. Of binne de freondinnen ynienen fan de ierdboaiem ferdwûn. Asto foar it earst mem bist, bringt dat ek in protte ûnsekerheden mei him mei, en in hiel frachtskip oan ferantwurdlikheidsgefoel. Bist noch sykjende, en dêrtroch reagearrest wat gefoeliger op dyn omjouwing. Dêr komt noch by dat oaren ek oan dy as mem wenne moatte. Wannear kinne sy dy belje, en hasto noch wol sin om fuort? Besykje iepen en earlik te wêzen oer de faze dêr’tst yn sitst. It is ommers mar in faze. 5. Enerzjy Hast alle memmen stopje suver alle tiid en enerzjy fan de dei yn de lytse poppe, en dêrnjonken noch it nedige yn húshâlden, wurk en relaasjes. Dyn partner hat faaks noch net iens troch hoe’n enerzjyslurper in bern wêze kin op in gewoane thúsdei. De measte memmen wolle ek ‘gewoan’ mei alles op deselde manier trochgean as foar de befalling. Mar dat kin net. Akseptearje help fan oaren en realisearje dy dat net alles yn it húshâlden op dyn manier hoecht te gebeuren. Wês leaf foar dysels. Nim genôch rêst, yt regelmjittich en sûn, en gean op ’e tiid op bêd. Ferjit foaral net yn de spegel te sjen. Lit dy ferwenne by de kapper en doch dingen dêr’tsto enerzjy fan krijste! 10

11


Dieuwke van der Meer

De babykeamer fan Yfke


12

13



Marrit (33) en Fokko (37) wenje mei Ydwer (2) en lytse poppe Yfke yn de Oranjewyk yn Ljouwert. Se binne op syk nei in oar hûs. Foar de babykeamer woene se dus net mear fervje, behingje of oare grutte klussen útfiere. It motto wie dan ek in moai keammerke kreëarje sûnder al te grutte yngrepen. It resultaat is in basic en fris gehiel mei hjir en dêr in persoanlike touch. Marrit: ‘Foardat dizze keamer in babykeamer waard wie it ús rommelkeamer. De wask hong der te drûgjen en der stie alderhande guod dat wy nergens oars kwyt koene. Doe’t wy it keammerke leech hellen, bleau der in wite basis oer. De muorren binne wyt en op ’e grûn lizze wite planken. Dy flier hie Fokko lein doe’t wy noch gjin bernewinsk hiene. It binne grenen flierdelen dy’t wy wyt ferve hawwe. Op sa’n ljochte flier stiet eins alles wol moai. Fan de planken dy’t wy oerhiene makke Fokko in prikboerd dêr’t wy kaartsjes, hingers en assessoires op kwyt koene: de bertekaartsjes fan ús fjouweren, Yfke har sulveren rinkelbel en oare dinkjes dy’t by har passe. Dat prikboerd jout de keamer in persoanlik tintsje. 14

15


As basiskleuren keazen wy foar mintgrien en fluor-oranje. Omdat dat frisse kleuren binne en de basis ek noch wyt is, ha ’k fierder in soad houttinten brûkt. Dy soargje derfoar dat de romte ek waarm en smûk oandocht. Wat ik moai fyn, is dat wy in soad dingen werbrûkt hawwe. Sa komt de kommoade fan Marktplaats en it hobbelhynder út ’e kringloop. Ek dy hawwe wy ferve. Us mem hat in nije hoes haakt foar in âlde poef. Ek de borduerde letterlape en de kessenhoezen binne fan har hân. Wy hawwe sowieso in soad te tankjen oan ús âlders, want de widze komt fan skoanheit en -mem, dêr hat Fokko yn lein doe’t er lyts wie. Syn beppe hat der nije beklaaiïng by naaid. De rotanstoel stie froeger op myn bernekeammerke. Grappich, want dat rotan sjochst no wer in soad.

De ienige grutte oankeap dy’t wy dien hawwe wie de kleankast. Dy fûnen wy by in brocante winkel yn Jellum. It flierkleed is fan Ikea, it tekkentsje fan de Hema en de pompons fan engelpunt.com. Oan de muorre hinget in letterslinger fan Xenos dêr’t ik de tekst mei makke ha dy’t op Yfke har bertekaartsje stiet: “Noch mear wy mei dy”. Al it oare ha wy krigen fan de kreambesite. Ik hie mei sin fan tefoaren net safolle tierelantijntsjes kocht, want nei de komst fan Ydwer hie ik al ûnderfûn dat sa’n keammerke fansels wol fol komt.’


16

17


De earste hapkes: wat is it bĂŞste momint?

Arjanne Nijp


mei in grutte slabbe foar. Heit hat de kamera yn de oanslach, en mem stiet klear mei in fruithapke. Yn earste ynstânsje laket er ús ta, mar as it minyhapke

Arjanne Nijp

De wipstoel stiet op tafel, en poppe Alco sit deryn,

par wat fierder yn syn mûle komt, lûkt er in mâl gesicht. Is dit it goeie momint om mei fruithapkes te begjinnen?

Alco is ús âldste, en hy is op de dei ôf 4 moanne âld as er foar it earst wat purearre par krijt. Ik ha yn in boek lêzen dat it fan no ôf mei. In dei letter krijt er wer par, en de dei dêrnei opnij, dan kin er wenne oan de smaak. Mar as Alco nei fjouwer dagen noch net poept hat, wylst er oars alle dagen in ruft fol hat, lit ik it fruit mar even foar wat it is. Achterôf sjoen wie it doe foar myn gefoel dochs wat te betiid om Alco al fruit te jaan. In moanne letter begjinne we opnij, en dan giet it wol goed. Alco smult derfan: alle soarten fruit dy’t we him jouwe, mar ek grienten, geane deryn as koeke. Mar as wy krekt ús twadde jonkje Tys krigen hawwe, wol ik dochs wolris witte wat no écht it bêste momint is om te begjinnen mei hapkes. En dus gean ik op ûndersyk út. Earst mar ris sjen wat it Voedingscentrum seit: “Maakt je baby steeds smakkende geluidjes? Kijkt hij het eten uit je mond? Dan kan het tijd zijn om hiermee te beginnen. Het is belangrijk dat je kind rechtop zit en goed kan slikken. Begin met de hapjes tussen de 4 en 6 maanden: niet eerder en niet later.” Yn it groeiboekje fan it konsultaasjeburo stiet ûngefear itselde. Mar yn Facebook-groepen oer boarstfieding wurdt faak ferwiisd nei in artikel fan termfloara-terapeute De Groene Vrouw. “Bij de geboorte is de babydarm lek”, skriuwt se. Memmemolke leit neffens har yn seis moannen tiid in beskermjend laachje oer dy lekke termwand, wêrtroch’t dy stadichoan tichtgiet en him klearmakket foar de earste hapkes. 18

19


“Dit proces is fragiel. Voortijdig iets anders in je baby stoppen dan moedermelk kan het beschermlaagje beschadigen, zelfs al is het maar één keer.” En neffens har is in poppe pas nei 6 moannen fysyk by steat om te iten. Dan kin er rjochtop sitte, sels iten yn de mûle stopje en it iten ek kôgje en trochslokke. Ik lês ek it boek ‘Eten voor de Kleintjes’, fan laktaasjekundige Stefan Kleintjes. Syn teory is dat poppen dy’t altyd it boarst krije, sels bepale hoe faak en hoefolle se drinke. En dat soe mei fêst iten ek sa gean moatte. Dus net prakke en fuorje mei in leppeltsje, mar it iten yn fûstgrutte stikjes jaan en sels oppakke en yn de mûle stopje litte. Dan hawwe se sels de rezjy, en dêr krije se selsfertrouwen fan. En om’t se sels bepale hoefolle se ite, is der minder kâns op obesitas. Dat klinkt goed, mar ik wol it earst mei de jeugdarts fan ús konsultaasjeburo, Anita Waldram, oerlizze. Fan har mei ik wachtsje oant 6 moannen, mar dat hoeft net. ‘Wij volgen de lijn van het Voedingscentrum. In de periode tussen 4 en 6 maanden maken het maagdarmkanaal en het immuunsysteem een sterke ontwikkeling door. Als je dan begint met bijvoeding, helpt dat om de afweer op te bouwen. Dus bij kinderen met een verhoogd risico op voedselallergieën kan het handig zijn om op tijd te beginnen.’ It iten oanbiede yn stikjes wurdt ek wol de Rapleymetoade neamd, fertelt se. ‘Rapley is erg goed voor de smaakverkenning, en het wennen aan structuurverschillen. Maar als je het wilt doen, moet je kind wel rechtop kunnen zitten, en dat kunnen ze nog niet allemaal met 6 maanden. En sommige kinderen krijgen op deze manier eerst wel heel weinig binnen.’

De earste hapkes hielendal glêd purearje is perfoarst net nedich, fynt de jeugdarts. ‘Want dan gaan ze niet happen, maar het eten drinken.’ It argumint dat je obesitas foarkomme kinne troch in bern sels bepale te litten wat er yt, wit se ek te nuansearjen. ‘Als kinderen te zwaar worden, komt dat eerder doordat ze tussendoor veel calorierijk drinken krijgen, zoals ranja, dan doordat ze teveel eten.’ As Tys goed seis moanne is en sels yn de tafelstoel sitte kin, krijt er syn earste fruithapke. Ik lis frij grutte stikken mango foar him del. Mar se glibberje hieltyd út syn hantsjes. En om earlik te wêzen fyn ik it ek wol wat eng. Stel dat er aanst sa’n grut stik hielendal yn syn mûle stoppet? En dêr yn smoart? By eintsjebeslút prak ik de stikken mango fyn en fuorje se dochs op in leppeltsje oan Tys. En ek dat leppeltsje fynt er tige ynteressant! Hy wol it oanpakke, en dat mei fan my, want sa hâldt er dochs noch in bytsje eigen rezjy. Sa ûnbefangen as ik by Alco mei de hapkes begûn, sa goed ynformearre die ik it mei Tys. Mar úteinlik ha se beide dochs op deselde wize it iten leard, en kinne se no beide hearlik ite. Dit past blykber it bêste by ús. En sa sil it foar elkenien dochs foaral in kwestje wêze fan útsykje en ûnderfine wat it bêste past.

Boarnen: www.voedingscentrum.nl/mijn-kind-en-ik www.groenevrouw.nl/die-zes-maanden Boek: Eten voor de Kleintjes - Stefan Kleintjes


Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?

Ferneame Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar: 1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster Populair Populaire Friese jongensnamen zijn vandaag de dag: Jesse, Daan, Hidde, Thijs, Jurre, Ruben, Jens en Jelte. Populaire Friese namen voor meisjes zijn Femke, Fenna, Lieke, Emma, Fardau, Benthe, Yfke, Anna en Eline.

De moaiste Fryske foarnammen Ast dyn bern ferneame wolst, dan bist gau klear. Mar sels in namme betinke falt net altyd ta. Yn dit boekje fynst de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen.

€ 7,50 Fergetten nammen Understeande Fryske foarnammen binne hast útstoarn. Mar miskien is dat net altyd sûnder reden… Fryske jongesnammen: Ame, Boeije, Doên, Doyke, Eentje, Elbe, Emeka, Fake, Feberikus, Hikke, Hoaite, Holst, Holk, Hoppe, Hottum, Klien, Leintje, Limke, Luurtze, Madzen, Maije, Neensche, Oept, Pooi, Redze, Rimpt, Rogchus, Ryken, Taetze, Teetse, Wate, Wealtsje, Wijke en Wijt. Fryske famkesnammen: Bintsje, Boodske, Djoerdtje, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Eertsje, Eertske, Eile, Entje, Etsje, Fimme, Frietske, Froatsje, Gabeske, Goossen, Guitsche, Holk, Jilkjen, Jookje, Neantske, Neensche, Neenskje, Nolke, Obtje, Oktjen, Olke, Reinschje, Rouke, Sabe, Scholtje, Semien, Setche, Sieze, Sukke, Taekeltje, Teatje, Tiege, Winkje, Wolke en Ygje. Boarne: ‘De lêste Hikke’ fan Aly van der Mark (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014 € 10,-)

20

21

Dieuwke van der Meer

Foarnammen


Idske Bangma

Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid


(en watsto wol graach witte wollen hiest) 22

23


In Grutte Rôze Wolk. Teminsten ast de ferhalen hearst wannear’tst op kreambesite komst. Marruh… de earste wiken binne topsport! It is ôfsjen. Hjir dogge wy in boekje iepen.

Bloedferlies Hasto al dy grutte kreamferbannen en ekstra grutte ‘inlegkruisjes’ ek besjoen doe’tst noch swanger wiest? Ja? En ek fuort de doaze wer tichtgoaid? Se binne wol nedich, dus sa’n kreampakket is net oerdreaun.

Switte Genôch skjinne nachthimden op foarrie? Helje mar fêst in pear ekstra út ’e winkel. Nei de befalling ha guon froulju nachts behoarlik lêst fan switten. Dat heart by it proses om de hormoanhúshâlding fan it lichem wer op peil te krijen.

Boarstfieding Njonken alle foardielen is boarstfieding ek bikkeljen en komt it op trochsettingsfermogen oan. Sels earst plasse en goed sitten gean, dan pas begjinne te foeden, oars sjit de kramp dy yn it liif en is it dreech om geduldich te bliuwen. Eefkes sûnder prikkels (tv eefkes út?) drinke litte is foar jim beiden fijn!

Spugen It ‘mondje terug’, it útspuien fan molke, heart derby. Dy molkeplakken yn ’e klean binne net allinne ferfelend, mar rûke ek noch soer. Hupsakee… mar wer in skjinne outfit út ’e kast.

Soargen Fielst in net te beskriuwen grutte leafde? En in dito ferantwurdlikheidsgefoel? Wen der mar oan… it giet noait wer fuort mar der is hiel goed mei te libjen.


Bh Oerdei en jûns in bh oan mei sûchkompressen is fanwege de lekkende boarsten best wol handich. Soms begjint de molke spontaan te streamen as de poppe gûlt. Wat in wiete kledder! Kinst weismytkompressen keapje, mar tsjintwurdich binne der ek hiele leuke kompressen dy’tst waskje kinst.

Hastich Eefkes fluch wat dwaan is passé, no komt it oan op Time Management. Bist al gau dûbeld safolle tiid kwyt as foarhinne. De earste kear nei ’t konsultaasjeburo? Pffft, wat in stress!

Ferjitachtichheid Yn de swangerskip wurdt progesteron oanmakke en dat is de oarsaak fan de ferjitachtichheid. Mar nei de befalling giet dat net dalik wer fuort. Do stiest ommers noch stiif fan de hormoanen en dyn lichem en dyn brein hawwe tiid nedich om te herstellen. Ek sliepgebrek kin in negatyf effekt ha op dyn geheugen, en watfoar âlder hat dêr no net lêst fan? Mar yn it earste jier komt it fansels wer goed, gelokkich.

Idske: ‘Ik haw my as perfeksjonista goed taret, dêr lei it net oan. Gjin swangerskipskursus of pufklup wie my te mâl, fan borstfoedingskursus oant swangerskipsyoga en fan bekkenoefeningen oant ynformaasjejûnen oer weeën en de befalling. Alle tydskriften, de gratis swangerskipsdoazen en de populêre boeken oer ‘bevallen en het ouderschap’ haw ik stikken lêzen. En ek yn myn stúdzje en yn myn wurk binne saken as bern, opfieding en ûntwikkelingsfazen gjin ûnbekende, mar dochs binne der in tal dingen dy’t ik net fan tefoaren wist. Wêrom hawwe freondinnen of skoansussen my dat net ferteld? Woe ik net lústerje of haw ik it wol lêzen, mar net opslein? Om’t ik gewoan op de rôze wolk sitte woe?’

Wurch It berntsje moat noch wenne oan jim dei- en nachtritme. De measte lytse poppen sliepe net fuort de hiele nacht troch. Dat moat wenne, om it marris sacht út te drukken. It kin slopend wêze. En ast wurch biste hast wat minder geduld, en ast hastich biste… Fielst ’m oankommen? Besykje tagelyk mei de poppe ek eefkes te sliepen. It kin no noch!

24

25

Sels op it 2e plak Dyn lytse poppe is fan de dei ôf dat er op ’e wrâld komt, numero uno. De kofje dy’tst ynskonken hast, is lij foardatst it witst. Sosjale kontakten stean (eefkes) op in leech pitsje. Pake en beppe drave ôf en oan (‘Dêr binne wy wer!’), ferjitte dy te begroetsjen en hawwe allinne each foar it nije wrâldwûnderke.


Yn ’e búk Dieuwke van der Meer

Linda Keekstra-Leystra (25) út Dokkum is 32 wiken yn ferwachting as heit&mem foar it earst mei har praat.

Moaier koe ús jier net begjinne. Op twa jannewaris diene wy in test. Nei trije jier kaam ús winsk einlik út, en wat wiene wy bliid. Nei safolle tsjinslaggen koene wy it hast net leauwe. Mar it wie echt sa.

ʻMar no is it ús beurt.ʼ Ik ha it ús mem as earste ferteld. Ik lokke har nei ús hús ta mei in ferlechje. Dêrnei ha wy it ús famylje en bêste freonen ferteld. Se hawwe allegear de ôfrûne jierren hiel bot meilibbe. Guon krigen sels bern en dat wie foar ús soms even slokken. Mar no is it ús beurt en dêr genietsje wy folop fan.

De swangerskip giet op himsels prima, al bin ik noch altyd hiel faak mislik en oan it spuien. Soms falt it iten krekt even ferkeard en dan is it wer mis, mar somtiden is it ek wer in pear dagen goed. No op it lêst ha ik sa no en dan wat maachsoer dat omheechkomt. Ek ha ik wat lêst fan krampen en hâld ik wat focht fêst mei it hite waar. Mar foar de rest mei ik echt net kleie hear. Wy witte noch net wat it wurdt. Wy binne al sa tankber dat ik yn ferwachting bin, dat it ús echt hielendal neat skele kin oft it in jonkje of in famke wurdt. It bliuwt lekker in ferrassing. Wy ha de nammen al betocht en de bertekaartsjes al útsocht. Ek de babykeamer is klear. Wy ha it neutraal holden. It measte is swart/wyt mei wat mint. Alles moai rêstich en strak. En de befalling? Ach, ik lit it allegear wol op my ôfkomme. It rint dochs altyd oars en boppedat is der noch noait ien sitten bleaun. Wy kinne net wachtsje om ús berntsje yn ’e earmen te sluten. Dan kin ús nije libben mei syn trijen écht begjinne!


Ut ’e búk

Op 28 augustus 2017 binne Linda en har man Stephan heit en mem wurden fan dochter Féline.

ʻ Der falle wolris triennen fan gelok.ʼ It fielt bizar om mem te wêzen, mar ik bin foaral hiel grutsk! It is noch altyd hiel ûnwerklik, mar it klisjee is wier: sadree’t de baby der is, is it krekt oft it altyd al sa west hat. Féline heart der hielendal by. Wy binne sa bliid mei ús famke. We binne ús hiel bewust fan it grutte wûnder dat bard is. Dat komt tink ik troch it trajekt dat wy meimakke hawwe. Sa no en dan sitte wy tegearre in hiel skoft nei Féline te sjen, en ja, dan falle der wolris triennen fan gelok. Ik bin yn it sikehûs befallen. De befalling is ynlieden, omdat de baby oan de lytse kant wie. It gie hiel rap, yn trije oeren tiid wie ús famke der al! 26

27

Féline is in foarbyldbaby. Ik sis dat net te lûd, want wa wit hawwe wy oant no ta gewoan gelok hân. Se sliept 3 oant 4 oeren efterelkoar, dan kriget se fieding en dêrnei sliept se wer oeren. Se is fansels noch lyts, dus se hat de sliep ek wol nedich om goed te groeien. Oant no ta giet it super allegear! De namme ‘Féline’ hawwe wy útsocht om’t wy de betsjutting sa moai fine… ‘De Heer geneest, vruchtbaar, gelukkig, gelukbrengende’.


Kintsje pipermintsje… Tegearre boartsje mei opsisferskes is ek foar de lytsten hiel goed. Ritme, rym, melody en yntonaasje foarmje de basis fan taal. En it fergruttet de wurdskat. Hjir in oantal leuke opsisferskes om foar, ûnder en nei it iten te dwaan. Sân en wetter Sân en wetter, wetter en sân. Skaaltsjes en fleskes, in skepke yn ’e hân. Skeppe en riere, skeppe en riere. Wat in lekkere brij! Skeppe en riere, skeppe en riere. Asjeblyft, iten foar dij!

Spatte Hantsjes op ’e tafel, Hantsjes yn ’e brij. Pets Pets Pets No sit it ek op dij!

Slûpe… Slûpe… slûpe… slûpe Dit mûske wol yn… …… syn/har nekke krûpe!


De opsisferskes komme út it boekje ‘Tomke syn earste hapkes’.

Oanwiisferske Kintsje, pipermintsje lyts noaske, read wankje, blau eachje, foarholtsje, en de top! top! top! fan de lytse kop!

Tingeling Dit is pake Dit is pake, koart en dik dit is beppe, dy breidet rikketik Dit is heit, dy is lang fan lea. Dit is mem, dy smart ús deistich brea. Dit is Jantsje, ús lytse mantsje. En de hiele famylje is …… syn (har) hantsje. [alle fingers, fan tomme oant en mei pink, bydel]

Op bêd Lampke oan Lampke út Lekker sliepe Dikke tút!

28

29

Tingeling, tingelingeling [om bar oan beide earkes lûke] Doarke iepen, doarke ticht [eachjes binne de doarkes] Trep ôfrinne [noas fan boppen nei ûnderen] Fuotfeie [ûnder noas finger hinne en wer] Deryn! [finger yn ’e mûle]


Poppeslok De kreamtiid duorret offisjeel 6 wiken.

Myn kreambesite Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. € 7,50

Kraamfeest of kraamvisite? We vroegen het aan de bezoekers van HeitenMem.nl

22% kraamfeest 78% kraamvisite

visite!? m a a r k , y p Jip

It kreamklopperke Eartiids hong op de doar fan huzen dêr’t in poppe berne wie in ‘kreamklopperke’. It wie de gewoante om de doarklopper yn wite linnen doeken te wuoljen, om sa it lûd fan de klopper te dôvjen. Foarbygongers wisten dan dat der in poppe berne wie. Letter kriich de kreamklopper in plankje, fersierd mei reade side. Wie it reade flak foar in part bedutsen mei wyt papier, dan wie it in famke en as dat net sa wie, in jonkje. Pas nei seis of acht wike gong de mem foar it earst wer nei tsjerke ta en waard de kreamklopper derwei helle. Oant dy tiid mochten skuldeaskers en belestingamtners net oan de doar komme.

Baukje Okkema:

“ Bewust eerst geen kraamvisite gehad! Heel dapper ‘nee’ gezegd op de visite. Pas later gedaan, vond ’t heerlijk!”

Sonja Rintjema:

“ Go with the flow.... Iedereen welkom. Op het kaartje stond wel de rusttijd en even bellen van tevoren.”

Tip: Ast de kreambesite op de foto setst mei de lytse pop, set dan ek it kreamkadootsje derby op de foto. Sa witst letter altyd noch watst fan wa krigen hast. De foto kinst eventueel noch yn it boekje ‘Myn kreambesite’ plakke. 30

31


Yn ’e moanneskyn, yn ’e moanneskyn Klom ik op it trepke nei it raamkezyn En do riedst it net, en do riedst it net Sa fljocht in fûgel, en sa swimt in fisk Sa docht in tûzenpoat dy’t skuonnepoetser is En dat is ien, en dat is twa En dat is dikke dikke dikke beppe Ka En dat is rjocht, en dat is krom En no draaie we it tsjiltsje noch ris om, rom bom


Babyboeken Lytse poppen fine it al gau prachtich om te boartsjen mei boekjes. Wy jouwe hjir de top 10 fan de Fryske poppeboekjes:

It aldermoaiste bisteboek

€ 14,99

– fan 12 moanne ôf Kinsto de lytse pykjes helpe om har heit en mem wer te finen? Do hearst allegear spannende lûden en fynst allegear bisten achter de flapkes.

€ 8,99

Dit is Stip – fan 12 moanne ôf In skattich boek yn de foarm fan Stip. Om foar te lêzen, mei te boartsjen of te pronk te setten!

Jonge bisten – fan 18 moanne ôf Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto.

€ 9,95

SPLETSJ! Lytse Ko – fan 12 moanne ôf

€ 9,95

Lytse Ko swaait mei de sturt en dan… spletsj! Bern kinne oan de flapkes lûke en sjen wat Lytse Ko docht.

Jentsje yn it bad – fan 18 moanne ôf Jentsje sil yn bad en fansels moatte syn knuffels en boartersguod ek mei!

€ 8,95


top 10

Wêr bisto, lytse foks? – fan 12 moanne ôf Kinsto de lytse foks fine? Bern fine it hearlik om troch de gatsjes op syk te gean nei de lytse foks yn dit prachtich yllustrearre boekje.

€ 7,50

De natoer – fan 12 moanne ôf Druk op de knopkes en ûntdek de lûden út de natoer… Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert?

€ 10,95

Hoi, Stip! – fan 3 moanne ôf Dit lytse boekje kinst bygelyks oan de buggy hingje, foar in protte wille ûnderweis.

€ 7,50

Tomke - Lekker koese… – fan 6 moanne ôf Tomke sil op bêd. Mar wat docht er allegear foardat er lekker koese kin? En wêr soe Romke koese?

€ 6,50

Nijntje oan see – fan 12 moanne ôf Nijntje sil mei har heit nei it strân en de see. Op it strân siket Nijntje skulpen en se bout in fort fan sân.

€ 6,95

Stiloan feroaret it lêsgedrach. In bytsje âldere bern hâlde fan boekjes mei flapkes, fielboekjes, boeken mei lûden en kleurige printen. Kies boekjes fan stevich karton, want poppen binne der net sunich op. 32

33


Klasina van der Werf

Ynbakerjen as helpmiddel Sliepeleaze nachten hearre derby. Dat witte âlders foar’t se oan bern begjinne. Mar wat moatst dwaan as dyn poppe altyd gûlt, hiel ûnrêstich is en net sliepe wol? De ferpleechkundigen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum binne grut foarstanner fan it ynbakerjen fan lytse poppen. De froulju wurkje al fyftjin jier mei dy metoade. ‘Yn de tiid dat wy dermei begûnen wie it asylsikerssintrum noch yn Dokkum. Dêr hiest te meitsjen mei ferskate kultueren dêr’t it hiel gewoan is om de poppen yn te bakerjen. Eins is it ek hiel logysk. Troch it ynbakerjen fielt it foar de poppe wer wat lykas by mem yn de búk. Dat jout

in gefoel fan feiligens’, seit Renny van der Meulen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum. ‘De measte poppen binne de earste fjouwer moanne ûnrêstich om’t it mage-darmkanaal noch net ryp is. Dêr komt by dat guon poppen hiel prikkelgefoelich binne. En se kinne noch net bewuste bewegingen meitsje. Dêrtroch maaie se mei hantsjes en fuotsjes en wurde se ûnrêstich. Ynbakerjen is net de oplossing, mar in goed helpmiddel.’


Regelmaat Neist ynbakerjen is ek regelmaat hiel belangryk foar de poppe. Neffens Renny van der Meulen duorret it in pear dagen foar’t âlders ferskil sjogge nei it ynbakerjen. ‘Se moatte dus geduld hawwe, mar foaral ek fertrouwen. Guon âlders sizze fuortendaliks dat it neat wurdt. Dan kinst wol ophâlde. Foaral heiten fine it skande dat harren poppe sa strak ynpakt wurdt. Dat liket earst ek frjemd. Mar asto in bern treaste wolst, hâldst it ek lekker stiif tsjin dy oan.’ Alders moatte net frjemd opsjen as it nei in pear dagen wer wat minder giet. De poppen binne dan goed útrêsten en fersette har. Dan is it wichtich om dochs troch te setten. ‘It is ús taak om âlders te motivearjen en harren derfan te oertsjûgjen dat ynbakerjen de poppe in gefoel fan burgen-wêzen jout. Troch it ynbakerjen krije âlders meastentiids in tefreden poppe en dat wol dochs elkenien?’ Ynbakerdoek Ynbakerjen mei neffens ferpleechkundige Jelma Holwerda net altyd. ‘Wy kontrolearje earst oft der ek in lichaamlike oarsaak is. Foar âlders is it faak al in hiele gerêststelling as dat net it gefal is. Ynbakerjen bart tsjintwurdich mei in kant-enkleare doek; rôversguod op Marktplaats. Sa’n doek is spesjaal makke foar it ynbakerjen en troch it klittebân maklik yn gebrûk. Té strak ynpakke is net goed’, warskôget Jelma. ‘Lytse poppen moatte de waarmte wol goed kwyt kinne. Dêrom riede wy ynbakerjen by koarts en nei in yninting ôf.’ Ôfbouwe Fierder moatte âlders goed yn ’e gaten hâlde dat it berntsje net sels omrôlje kin. As se dat dogge, wurdt it tiid om ôf te bouwen, oars is it ynbakerjen te gefaarlik. Esther en Meindert Dijkstra út Dokkum binne al begûn mei it ôfbouwen en tinke no: wiene wy der mar nea oan begûn. Harren soan Mika (seis moanne âld) hat refluks en is hiel ûnrêstich. Esther: ‘Door het inbakeren werd hij wel iets rustiger, maar nu we proberen af te bouwen begint hij bij het in slaap vallen weer meer te huilen. Hij was helemaal gewend om vast te zitten. Nu heeft hij zijn handen weer vrij en haalt 34

35

hij zijn speen steeds uit zijn mond. Daardoor is hij wel tien keer per nacht wakker. Op een gegeven moment weet je niet meer wat je moet doen. Volgens de kinderarts heeft Mika te veel lucht in zijn darmpjes. ’s Nachts heeft hij daar het meest last van. Gelukkig krijgen we af en toe hulp van mijn moeder, anders is dit niet vol te houden.’ Utkomst Foar Oetsen en Durkje de Beer fan Burdaard is it ynbakerjen in útkomst. Sy binne sûnt trije en in heale moanne heit en mem fan in twilling, Anna en Rinse. ‘It is drok, twa lytse poppen, mar wy witte net better’, seit Durkje. ‘Fan it begjin ôf wie dúdlik dat Rinse in ûnrêstige poppe wie. Hy wie oerstjoer, gûlde lûd, waard wurch, woe net drinke en net sliepe. Dan komst yn in negative spiraal.’ ‘Renny fan it konsultaasjeburo frege hoe’t wy tsjinoer ynbakerjen stiene. Ik hie dêr wolris wat fan heard en tocht: as it helpt, dan graach. En it holp drekt. Rinse sliepte sels better as Anna. Dus tochten wy, dan moatte wy Anna ek mar ynbakerje. It like earst wol wat begrutlik, se sieten sa strak ynpakt en dat lytse kopke stuts der krekt boppe-út. “Us rupskes”, seinen wy tsjininoar. It gie sa goed dat wy nei in skoftke tochten, wy kinne it ynbakerjen wol wer ôfbouwe. Mar doe waarden se nachts wer folle faker wekker as earst. Myn man sei: “We bakerje se wer yn”, want wy krigen allegearre fierstente min sliep. Dy nachts wie it foar it earst dat se in hiele nacht trochsliepten. En wy dus ek. Wy skrokken moarns wekker. Libje se noch wol, wie it earste wat my troch de holle skeat. Sûnt dy nacht sliepe we better en binne we alle fjouwer folle fleuriger.’ Sjoch foar mear ynformaasje: www.inbakeren.nl


Dieuwke van der Meer

Fuort mei de kommunikaasjefrustraasje

Gebaren met je baby

heit

Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat men lang tocht. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint, en dyn baby kin op dy manier ek dingen mei dy diele, lykas wat hy allegear sjocht en meimakket! De gebaren binne itselde as by de gebaretaal foar dôven.

Gebaretaal by poppen hat in protte foardielen: •

• •

It is geselliger yn ’e hûs: babys en pjutten hawwe minder lêst fan driftbuien at de âlden se begripe. Omdat se harren better uterje kinne, is der minder frustraasje; Bern leare earder te praten; trochdat se earder ferbannen lizze tusken wurden, gebaren en kontekst. De wurdskat fan bern wurdt grutter as der mear manieren binne om har te uterjen; Boartsjendewei dyn bern kennen leare: bern jouwe mei gebaretaal net allinne oan wat se nedich hawwe, mar meitsje ek harren ynteresses kenber; Bern dy’t gebaren brûke, kinne ek kommunisearje mei dôve minsken. En it is foaral hiel leuk! (ek foar heit en mem!)

Sjoch foar mear ynformaasje op www.gebarenwille.nl of lear de gebaren fia www.facebook.nl/hetgebaarvandedag

36

37


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Jesse (5) wurdt grutte broer en tinkt te witten wat it wurdt. ‘Mem, ik tink dat it in broerke wurdt, want ik seach op de echo gjin sturtsjes yn it hier!’

Tije (5): ‘Mem, wanneer wordt Lars gedipt?’ (gedoopt)

Amarins (2) leit in hân op mem har boarst en freget: ‘Dêr sit in baby yn, hè mem?’

Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren uit memmies.’

Rixt (3) sit by mem op skoat en seit: ‘Mem, ik haw dêr (wizend nei mem har boarst) dochs ek út dronken?’ ‘Ja, dat kloppet’, seit mem. ‘Mar wêrom sit dat spientsje dêr dan noch hieltiid oan, at ik dêr net mear út drink?’

Hieke (7) har mem kriget ynkoarten wer in lytse poppe. As Hieke in ierdbeidessert iepenmakket, treft se it net: ‘Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!’

As Lotta (3) har lytse broerke drinken hân hat by mem, seit Lotta: ‘Gau it blûske ticht, mem!’ ‘Wêrom dat?’ freget mem. ‘Oars wurdt de molke kâld!’


Ciska Noordmans

Elk kontakt hat mei taal te krijen


De doar swaait iepen. Dêr stiet Ytsje Kramer, jeugdferpleechkundige by GGD Fryslân – by de measten foaral bekend fan de konsultaasjeburo’s – yn Snits, lokaasje Thomas van Aquinoskoalle. Wy rinne troch de wachtromte en it kantoar fan de assistinte nei Ytsje har keamer. ‘Hjirachter sit de arts fan it konsultaasjeburo’, leit Ytsje út. ‘Alders komme mei de poppen binnen by de assistinte, dêr wurde se woegen en metten, en dêrnei geane se nei de ferpleechkundige of de berne-arts.’

Hert foar soarch én taal It konsultaasjeburo sit yn in wyk mei in protte ferskillende nasjonaliteiten, dêr’t soms ek sosjaalekonomysk in soad oan ’e hân is. Ytsje sit al 25 jier yn it fak en is ûnderwilens yn it sâlt bebiten. Se eaget tear, mar har eagen skitterje as se oer har wurk praat. Oan alles is te fernimmen dat hjir in dame sit mei hert foar soarch én taal. In bytsje stipe As jeugdferpleechkundige komt sy yn kontakt mei âlders dy’t somtiden wol in bytsje stipe brûke kinne. Dêr hat de Jeugdgezondheidszorg (JGZ) de metoade Stevig Ouderschap foar ûntwikkele. ‘Dat hâldt yn dat problemen mei de opfieding en it opgroeien sa gau mooglik sinjalearre wurde. Mei foarljochting, begelieding, útlis en advys wurdt besocht om alles werom te bringen nei in normale sitewaasje. Alles rjochtet him op it wolwêzen fan it bern en de âlders. Bern moatte ommers sûn en feilich opgroeie kinne’, leit Ytsje út. ‘Soms is it in hiele útdaging. Hoe kommunisearrest mei in mem dy’t allinne Sûdaneesk praat?’ 38

39


kinne, mar Frysk ferstean giet faak prima. In protte âlders komme tegearre op it buro. As sy by de assistinte binne, fernimst al gau wat taal at heit en mem ûnderling prate en wat taal at der mei de poppe praat wurdt.’ Nederlânsk of bewust meartalich? Ytsje: ‘Yn in sitewaasje fan in Fryskpratende en in Nederlânskpratende âlder geane wy fierder op de taal yn. Soms jouwe âlders oan bewust Nederlânsk te praten mei de poppe. Dan hawwe sy yn ûndersiken lêzen dat bern yn it Nederlânsk de grutste wurdskat opbouwe. Ik moat dan eefkes útlizze datst ast yn twa talen opgroeist, ek deselde wurdskat yn twa talen opboust. Soks ropt fragen op fansels.’

Kontakt! As de poppe der is, binne der yn ’e regel seis mominten dat âlders en ferpleechkundigen kontakt mei-elkoar hawwe: nei seis wike, trije moanne, in healjier, njoggen moanne, ien jier en oardel jier. Soms is der ek al kontakt mei de mem yn de swangerskip. As in oansteande mem graach in petear oer it âlderskip hawwe wol mei in jeugdferpleechkundige, kin sy har dêrfoar oanmelde fia de ferloskundige of de húsarts. Ytsje komt ek by de froulju thús om te sjen hoe’t it giet. Lang net elkenien wit al dat praten mei de baby yn ’e búk it kontakt fersterket tusken mem en bern. As de poppe der ienris is, rjochtet it earste kontakt him op de poppe en de mem. Rêde se har wol, hoe giet it mei de fersoarging fan de lytse? En fansels, de âlders hawwe befêstiging nedich: Jawis, jim dogge it goed! As fansels wurdt sjoen nei it kontakt fan de heit en mem mei de lytse. En hat net elk kontakt mei taal te krijen? Elkoar oansjen, laitsje, oanreitsje én mei-elkoar prate? Wat taal prate heit en mem tegearre? Nei trije moanne komme de âlders foar de twadde kontrôle. ‘Ik begjin altyd yn it Frysk’, fertelt Ytsje, ‘dan tsjek ik eefkes oft de âlders dat ek begripe. De measten jouwe oan dat se ’t net weromprate

Ekstra tiid ‘Om âlders better te ynformearjen hat de gemeente Súdwest-Fryslân derfoar soarge dat wy no tsien minuten ekstra tiid ynplanne kinne. Der binne noch in protte foaroardielen oer it grutbringen yn mear talen, as it om it Frysk giet. Dochs fernimme wy ek dat âlders it nijs oer ûndersiken dy’t de foardielen fan meartaligens sjen litte wol meikrije. As sy hearre dat it brein liniger wurdt, dat bern in foardiel ha as sy letter mear talen leare wolle, dan binne de âlders al gau om’, fertelt Ytsje. As de groep twatalige âlders nei alve moanne wer mei de poppe op it buro komt, is der ekstra tiid ynromme om fierder yn te gean op de taal. Se krije dan ek it Tomkeboekje en it Taalgroeiboekje mei om har te stypjen om it berntsje bewust meartalich grut te bringen. Taal en identiteit Taal hat fansels alles mei identiteit te meitsjen. Wa bisto, wêr hearsto by? Yn hokker rûnten kinsto en wolsto ferkeare? En wat hasto meikrigen fan thús? Ytsje en har man hawwe de beide bern yn it Frysk grutbrocht; der waard thús Frysk praat en yn ’t Frysk foarlêzen. Ien dochter hie Frysk as eksamenfak. Mar as no de bern mei de partners by har oan ’e tafel sitte, prate sy Nederlânsk mei-elkoar. Net alles falt te stjoeren!


Paul van Dijk

Lêste ynstruksjes (foar takomstige heiten) Ik herinnerje my noch dat ik midden yn ’e nacht wekker waard. It moat krekt nei de befalling west hawwe, dat ik myn frou yn pure panyk wekker makke en frege wêr’t er wie. ‘Wêr is Hidde?’ ‘Dy leit dêr’, suchte myn frou. ‘Der is neat oan ’e hân. Gean. Sliepen.’ Meastal rûn ik dan hiel foarsichtich nei de widze, dy’t by ús op ’e keamer stie, en seach ik even koart oer de râne oft de baby der noch wol wie. Myn frou hie gelyk, hy lei der stil en feilich by. In pear wiken letter waard ik wer midden yn ’e nacht wekker. Diskear tocht ik dat ús soan noch by ús yn bêd lei en dat ik boppe op him lizzen gien wie. Wat? Us baby sa plat as in pankoek! Pfff. It wie gelokkich net sa, mar ik begûn sterk oan mysels te twifeljen. Wat wie der mei my oan ’e hân? Achterôf tink ik dat myn ûnderbewuste op dat stuit dwaande wie om der oan te wennen dat ik heit wurden wie. Logysk. Want litte we earlik wêze, mannen, heit wurde is net sa dreech. Njoggen moanne, of wat koarter, sit in berntsje yn ’e búk fan de frou, en wy hawwe der gjin weet fan hoe’t dat fielt. Nei lang wachtsjen wurde we dan heit. En dan begjint it gekloai mei pampers, it slieptekoart, de besites fan freonen en famylje dêr’t mar gjin ein oan komt, it foarlêzen, it gûlen, it sjongen fan ferskes dêr’tst de teksten allang fan ferjitten wiest, ensfh. Pas dan komme we der achter wat dat heit wêzen allegear wol net ynhâldt. 40

41

Der bart ek noch wat oars. Hiel stadich begjinne wy te beseffen dat ús libben net mear hielendal fan ússels is. We hawwe de soarch oer in oar derby krigen en fan ’e frije tiid bliuwt net in soad oer. De âlde ik fan in soad heiten kin dat mar min sette. Dy wol fuort op ’e racefyts of te fuotbaljen, optrede mei de band of him ferstopje yn in boek. Dy âlde ik is benaud om der hielendal yn op te gean, benaud om himsels kwyt te reitsjen. Foar dy heiten sis ik dit: it komt goed. Ferskûlje jimme net. Meitsje alles mei. De Flaming Willem Vermandere hat dêr in moai ferske oer, it hjit ‘vaders’.

vader moet nog zoveel leren kom pak dat kind maar op uw schoot wiegt het zachtjes in uw armen voor da’j’ ’t weet is ’t kindje groot

Vermandere hat gelyk. Hjir binne myn lêste ynstruksjes: Meitsje tiid foar dyn bern, wês grutsk, wês dysels, wês dúdlik, wês grappich. wês leaf, en it belangrykste fan alles: lear him of har kennen, want dyn berntsje is it belangrykste dat dy tafertroud is. www.paulvandijk.frl


Johanna Krommerie


It heit&mempanel Om derachter te kommen hoe’t by de bern yn Fryslân de ferskate talen har ûntwikkelje, hawwe heit&mem en Sintrum Frysktalige Berne-opfang it heit&mem-panel opsetten. In skoftke lyn hawwe wy oan in oantal gesinnen fan it panel inkelde fragen foarlein.

Famylje Klazema

Famylje Oost

Heit & mem: beide Frysktalich Prate ûnderling en tsjin de bern: Frysk Bern: ien fan 3 en twa fan 7 jier (in twaling), prate allegear Frysk Wenplak: Oerterp

Heit: Nederlânsktalich Mem: Frysktalich Prate ûnderling: Nederlânsk Tsjin de bern: Frysk Bern: 1 en 5 jier âld. De âldste praat Frysk. De jongste praat noch net safolle. Wenplak: Wiuwert

‘Wy fine it Frysk sels in noflike taal om ús yn te uterjen, it fielt hiel eigen en fertroud. Dêrneist tinke wy dat it behearskjen fan it Frysk as it Nederlânsk, dus it twatalige, in bydrage leveret oan in bettere behearsking fan oare frjemde talen. Yn it begjin prate ús twaling meast Nederlânsk. Doe’t Sinne berne waard, wie it krekt as tochten in soad minsken dat sy allinnich Frysk ferstie. Se praten tsjin har doe Frysk en nei in skoft ûnderling ek. It is hiel grappich om te hearren dat de bern yn harren rollespul meastal oergean op it Nederlânsk. Dan krijst: “En dan seisto: Nu ga je naar bed, Anna.” Bern leare boartsjendewei, se pakke de taal wol op. Ferskes sjonge, foarlêze en spultsjes dwaan is dêrby hiel wichtich.’ 42

43

‘Saskia praat Fries tegen de kinderen. Het is haar moedertaal en in ons dorp wordt het veel gesproken. Ilva, de oudste, praat als ze aan het spelen is meestal Nederlands. Bij het spelen met haar zusje Jelka praten ze samen altijd Fries. Het meedoen aan het heit&mem-panel stimuleert om af en toe bewust met je kind een taalactiviteit te doen. Soms mopperen ze wel eens als ze iets een paar keer moeten doen, maar ze doen wel mee. Ilva vindt het altijd leuk om de liedjes te zingen. Wij zijn van mening dat je al heel snel op een volwassen manier met kinderen kunt communiceren, ze begrijpen vaak meer dan je denkt.’


Famylje Gildemacher

Famylje Wijbenga

Heit: Frysk Mem: Nederlânsk Prate ûnderling: heit Frysk en mem Nederlânsk Bern: (hast) 3 en 5 jier, prate Nederlânsk Wenplak: Ljouwert

Heit & mem: beide Frysktalich Prate ûnderling en tsjin de bern: Frysk Bern: 5 en 8 jier âld, prate beide Frysk. Wenplak: Ljouwert

De Fryske taal makket foar heit Gerrit in wichtich diel út fan syn libben. ‘It makket my wa’t ik bin. Myn bern prate altyd Nederlânsk. Der komme wol wat Fryske wurden út, mar meastal pas as ik de wurden foarsis. Myn frou lêst de bern altyd yn it Nederlânsk foar. Ik wegerje dat. Ik set alle teksten oer nei it Frysk. Dat wol net by alle boeken like goed, seker by teksten dy’t rymje moatte. Ik ha noch mar ien kear meidien oan in opdracht. Om earlik te wêzen wie dat noch net sa’n súkses, myn soan fûn der net in soad oan. Ik ha wol murken dat it gjin sin hat om de taal op te lizzen. Seker net yn in omjouwing dêr’t gjin Frysk praat wurdt. Ik doch mei myn soan wolris it spultsje Guozzeboerd en lit him dan ôfwikseljend yn it Frysk en it Nederlânsk telle. Sa praat hy op in losse wize Frysk en hat er net it gefoel dat it moat.’

‘Us moaie memmetaal mei net ferlern gean. Dêrom dogge wy ek mei oan it heit&mem-panel. As wy thús binne prate wy Frysk mei-elkoar. De bern hiene dêr soms wol wat muoite mei, omdat se sa bot wend binne om op skoalle Nederlânsk te praten. Mar se witte no net mear oars en it folhâlden hat fertuten dien. We fine it hartstikke leuk om mei te dwaan oan it heit&mem-panel. De opdrachten binne leuk en de bern fine it gjin probleem om Frysk te praten by de opdrachten. It is harren memmetaal. We lêze neist Nederlânske ek Fryske boeken foar en we sjonge Fryske ferskes. Op skoalle krije se ommers al genôch Nederlânsk te hearren.’ Mear witte oer meartalich grutbringen of ek meidwaan oan it heit&mem-panel? Sjoch foar ynformaasje op www.heitenmem.nl. Dêr fynst ek links nei oare websiden oer meartaligens. 44

45


It binne de lytse mominten dy’t in libben lang meigean.


Monique Flinker

Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling Het is heerlijk om die eerste maanden volop te genieten van jullie kleine. Maar er komt een moment dat het verlof afloopt en het werk weer roept. Veel ouders kiezen er dan voor om hun kind enkele dagen per week naar de kinderopvang te brengen. Maar daar is veel veranderd en ook de komende periode staat er veel te gebeuren.

Harmonisatie. Een ambtelijk woord waar minister Lodewijk Asscher de mond vol van heeft. Waar komt dat nu eigenlijk op neer? Het onderscheid tussen kinderopvang en de peuterspeelzaal verdwijnt. Alles wordt ondergebracht in één organisatie. De voordelen? Minder wisselingen voor kinderen. En een beter inzicht in de ontwikkeling van de kleintjes. Sinne kinderopvang in Leeuwarden is een van de organisaties die deze verandering al heeft doorgevoerd. Bijkomend voordeel is dat alle medewerkers op dezelfde manier geschoold zijn, vertelt stafmedewerker pedagogiek Ellis van der Meulen. ‘Ze werken dus ook allemaal op dezelfde manier, en dat is prettig voor de kinderen.’ Doordat het onderscheid tussen voorschoolse kinderopvang en de peuterspeelzaal wegvalt, zijn er ook minder overgangen. ‘We volgen het kind van 0 tot 4 jaar. Als een kind naar groep 1 gaat, geven we de basisschool ook informatie door. Zo krijgt het kind in de kleutergroep de begeleiding die bij hem past’, vertelt Van der Meulen. Het is beslist nodig dat wij kinderen stimuleren in hun ontwikkeling, denkt ze. Want wanneer

kinderen met een achterstand aan de basisschool beginnen, wordt die bijna nooit meer ingehaald. ‘De kans is zelfs groot dat het alleen maar erger wordt.’ Vroeger was de gedachte dat het leren begon bij kinderen tussen de vier en de zes jaar. ‘Maar op twee- of driejarige leeftijd gebeurt er al ontzettend veel in de ontwikkeling van kinderen. Daar spelen wij op in.’ Juist daarom is het goed dat kinderen met en zonder taalachterstand gemixt worden. ‘Wanneer je een aparte groep hebt voor kinderen met een achterstand, kunnen ze elkaar ook nooit versterken. Daarom letten wij hier extra op.’ Door de scholing van de medewerkers van de opvang kunnen ze daar ook gericht mee aan de slag. ‘Het is meer dan alleen knutselen, spelen en liedjes zingen. We werken al vanaf de jongste leeftijdsgroepen met methodes en thema’s. Bij alle kinderen van de dagopvang en speelleergroepen werken wij bijvoorbeeld met Uk & Puk.’ Je ziet op elke groep materialen, boeken en spelactiviteiten rond een thema. Die thema’s passen bij de belevingswereld van jonge kinderen. ‘Bijvoorbeeld ‘Regen’, ‘Knuffels’,


Foto: Sinne kinderopvang

Kinderopvang in de wet ‘Ik& mijn familie’ of ‘Eet smakelijk!’ Ouders krijgen foto’s in de speciale ouder-app.’ Die ontwikkeling merken ouders zeer zeker op, vertelt Van der Meulen. ‘Wij hebben hier ouders die al drie kinderen op de opvang hebben gehad. Zij zien duidelijk verschil. Pedagogisch medewerkers zijn beter geschoold en er zijn meer activiteiten voor de ontwikkeling van een kind.’ Een andere ontwikkeling is het ontstaan van IKC (Integrale Kindcentra). Dit is een samenwerking waarbij basisschool, kinderopvang en soms nog een andere welzijnsorganisatie onder één dak zitten. ‘Op die manier heeft de school één samenwerkingspartner. Dat overlegt heel makkelijk. Bovendien komen kinderen van jongs af aan op dezelfde plek, dus daar raken ze mee vertrouwd.’ Dan is er nog het verhaal van de financiering. Ouders krijgen nu nog kinderopvangtoeslag, afhankelijk van hun inkomen. De regering wil daar vanaf 2018 verandering in brengen: dan zou de toeslag regelrecht naar de kinderopvang gaan. Dit moet fraude voorkomen en de financiering makkelijker maken voor ouders. De kinderopvangorganisaties zijn er minder over te spreken. Zij zijn bang dat ze juist meer risico’s lopen. ‘Elk jaar verandert er wel iets in de financieringsstructuur. Er is geen peil op te trekken. Dat is vervelend. Voor ons, maar ook voor de ouders’, concludeert Van der Meulen. 46

47

Een kinderopvang is tegenwoordig veel meer dan alleen een oppasplek. Grofweg staan er vier doelen in de wet voor de kinderopvang. Dat zijn: •

Het bieden van fysieke en emotionele veiligheid Veiligheid en geborgenheid zijn voor kinderen voorwaarden om zich te kunnen ontspannen en om zichzelf te kunnen zijn. Pas wanneer een kind zich veilig voelt, kan het zich gaan ontwikkelen. Het gaat bij dit punt met name om de emotionele veiligheid, maar een fysiek veilige omgeving is minstens zo belangrijk

Het bevorderen van de persoonlijke competentie Hieronder vallen de ontwikkeling van veerkracht, zelfstandigheid, zelfvertrouwen en flexibiliteit. Maar ook de motorische en creatieve ontwikkeling (spel, muziek) en de ontwikkeling van taal en cognitie vallen hieronder

Sociale competentie Voor het bevorderen van de sociale competentie biedt de groep in de kinder­ opvang een unieke oefenplek. Kinderen stimuleren in het openen van perspectief, communiceren, delen, samenwerken, helpen en conflicten oplossen vallen onder dit sociale doel

Socialisatie of de overdracht van normen en waarden Het zich eigen maken van de regels, normen en waarden, de veelkleurige cultuur van de samenleving


POPPEHERINNERINGEN Ciska Noordmans

Herinneringen binne foar letter. In taastbere herinnering bringt dy samar werom yn ’e tiid. Elkenien hat oantinkens opslein. Eefkes teste… wat komt der by dy op asto kofje rûkst? En de geur fan Zwitsal babyshampoo? Net allinne geuren roppe bylden op. Der binne folop leuke manieren om wat fêst te lizzen en te bewarjen foar letter. Foar as dyn poppe útgroeid is ta in lange slungel of in prachtich frommeske.

KÔKKEUNS T Kinst it earste miel mei syn allen fiere mei in diner oan hûs. Lit in kok ynfleane om jim lekker te ferwennen. En de ôfwask nimt er ek wer mei. En alle kearen asto dan wer rosbyf ytst (of wat oars fansels...), dan sweve dyn gedachten werom nei dat spesjale earste miel.

Fotoshoot Guon fotografen binne spesjalisearre yn babyshoots. Der binne ek guon dy’t in pakket oanbiede, mei in swangerskips-, berte- en poppeshoot of cakeshoot.

Mei muzyk De berte is in feestje! En by in feestje heart muzyk. Kinst in muzykstik meitsje litte, spesjaal foar de berte fan jim berntsje. En elke kear ast de CD wer hearst, tinkst werom oan it nije libben.

Mei byldzjende keunst Fier de berte mei byldzjende keunst. Dat kin bygelyks ek mei in skildere portret fan de hiele húshâlding. Om alle dagen fan te genietsjen!

SEL S OA N DE SL ACH: DIY! Hâld fan de swangerskip, berte en it earste libbensjier in skrift by of folje in kant-en-klear poppeboek yn. Dat bringt dy letter grif wer leuke dingen yn ’t sin. Kinst der foto’s by plakke, in hierlok, in bertekaartsje. Mar it kin fansels ek yn de foarm fan in blog! Sa kinne famylje en freonen fuort ek meilêze. De poppe groeit hurd en foardatst it witst is er út in earste pakje, klear mei de bear en oan syn earste potleaden ta. Pimp in moaie doaze op en bewarje dêr de ‘earste kear’-spullen yn. Der binne pakketsjes te keap om in gipsôfdruk te meitsjen fan in poppefuotsje of -hantsje. Bist sels kreatyf, of hat soan of dochter in moaie tekening makke doe’t se hearden fan it grutte wûnder yn mem har búk? Nim it keunstwurk mei nei de bertekaartsjespesjalist en dy makket der wat moais fan. 48

49


48 Yllustraasje: 49 Anita Jeram Út: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

Yn dit ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’–poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes en emoasjes. € 14,95


Alwer in Fries! 3

1

4

2

6

5

8

7

10

9

11

12

15

13

16

14

17

21

18 19

20

22

23

24


27

28

26

32

25

31

30

35

29

34 36

38

33 37

39

40

1. Sverre Heinze, De Harkema 2. Yinthe, Burgum 3. Remko, Schagen 4. Hylke Schievink, Ljouwert 5. Mare & Lyke, Aldegea (Smell.) 6. Doutzen Janke Fetsje Monkelbaan 7. Elin Maja, Zoetermeer 8. Kyan, Holwert 9. Anna-Sophie Labordus 10. Sofie Reitsma, Drachten 11. Wienand-Jan, Aldegea (Smell.) 12. Jens Peter den Bakker 13. Silke de Bruin, De Westereen 14. Pim van der Pol, Harns 15. Nils, ’s Hertogenbosch 16. Silvan Lieuwe ten Hoeve, Harns 17. Joarryt Hedzer, Easterein 18. Dytmer, Nij Beets 19. Pieter-Theo Adema, Warkum 20. Ilse Berber Zijlstra, Burgum 21. Djurre Dijkstra, Feanwâlden 22. Manou, Menaam 23. Indy ‘t Hart, Ljouwert 24. Marrit-Jeltsje, Ypekolsgea 25. Mats Sternsdorff, It Hearrenfean 26. Myrthe & Jennifer, Stiens 27. Demi, Aldegea 28. Ties Leijendekker, Wûns 29. Merte Miedema, Jobbegea 30. Hilda Jagersma, Aldegea (SWF) 31. Albert-Jaap van Wijk, Twizelerheide 32. NintheIse, Noardburgum 33. Friso Sibo Steenstra, Snits 34. Ann-Sophie, Dronryp 35. Fenna Heslinga, Sumar 36. Zaya Sylvia, Bitgummole 37. Anne Wytske Bosma, Twizelerheide 38. Anne Minke, Hengelo 39. Thijs Veldema, Holwert 40. Ydwer Visser, Minnertsgea

50

51



Ferneamd Roel

Grutte Roel: berne op 16 juny 1941 en wennet yn Stiens Lytse Roel: berne op 4 desimber 2017 en wennet yn Wageningen Betsjutting Roel: ferneamd yn it lân

Roel Brolsma: ‘Ik fyn it moai dat de namme Roel trochjûn wurdt. Dy namme kinst al fan 1700 ôf yn ús famyljestambeam weromfine. Ek myn frou is tige grutsk dat ik ferneamd bin en dat der in stamhâlder yn de famylje is. ‘No moatsto ta de bûse’, sei sy, dat ik ha in jildbedrach op de bankrekken fan lytse Roel stoarten. We hawwe noch fiif pake- en beppesizzers, allegear famkes. Dy hat myn frou in jildbedrach kado dien. We sjogge lytse Roel net sa faak, want hy wennet net neist de doar. Myn frou fynt it prachtich as er komt. No’t er sa lyts is, kin ik der noch net safolle mei, mar dat komt faaks letter wol. As er grutter is, sil ik him it fee sjen litte. Ik bin boer en foar de pake- en beppesizzers hawwe wy ek in pear skiep. Dat fine se allegear prachtich. 52

53

Lytse Roel moat skielk mar sjen wat hy wurde wol. Ik fyn it belangryk dat bern alle frijheid en romte krije om sels út te finen wat sy wolle en wat sy kinne. Sa ha wy dat ek mei ús bern dien en dat sjoch ik no ek werom yn de wize wêrop’t sy de bern grutbringe. Elk docht it op syn eigen manier. Soks hinget fansels fan it karakter ôf, mar ek fan de foarbylden dy’t bern fan thús meikrije.’


Carolien ter Schuur

BoekStart maakt baby’s slimmer

Foarlêze oan babys is net fanselssprekkend. In soad âlders tinke datst babys net foarlêze kinst ‘want se begripe dochs net watst seist, se stopje it boekje leaver yn ’e mûle’. BoekStart wol âlders stimulearje om just wol oan harren babys foar te lêzen. De publikaasje ‘BoekStart maakt baby’s slimmer’ lit net allinnich sjen dat in betide start mei foarlêzen wurket, mar ek hokker bern at dêr it meast fan profitearje.


Alders dy’t meidogge mei BoekStart en harren poppe foarlêze foar de achtste moanne, hawwe bern dy’t heech skoare op taal. Al by bern fan fyftjin moanne âld binne der positive effekten te mjitten op de wurdskat, sa docht bliken út ûndersyk fan promovenda Heleen van den Berg en heechleraar ortopedagogyk Adriana Bus fan de Universiteit Leiden. In soad âlders stelle it foarlêzen oan babys út en wachtsje sa’n twa, trije jier mei it earste foarlêsboek. Van den Berg en Bus seagen dat BoekStart dêr feroaring yn bringt. Troch BoekStart begjinne âlders earder mei foarlêzen en dat stimulearret de taalûntwikkeling fan bern. Ek blykt út it ûndersyk dat BoekStart wichtich is foar alle nije âlders. Alders fan babys dy’t faak gûle en gau yrritearre binne, stelle it foarlêzen faak út, ek al ûnderkenne se it belang

fan praten tsjin harren bern. Foaral dy groep temperamintfolle babys profitearret derfan as harren âlders meidogge mei BoekStart. De âlders fan dy bern hawwe nammentlik mear ynteresse foar BoekStart as oare âlders, om’t sy op syk binne nei tips en trúks om de daaglikse omgong mei harren bern te ferbetterjen. BoekStart is basearre op in foarbyld út Ingelân. It programma wurdt troch gemeenten útfierd, yn gearwurking mei biblioteken en konsultaasjeburo’s. Alle âlders krije fan de gemeente of it konsultaasjeburo in útnoeging om in BoekStartkofferke by de biblioteek op te heljen as de poppe trije moanne âld is. Yn it kofferke sitte twa boekjes spesjaal foar babys. Alders kinne by de biblioteken geregeld nije boekjes liene út in kolleksje fan Nederlânske en Fryske babyboekjes. En alles is gratis!

Tips en trúks Wy jouwe hjir in oantal tips en trúks foar it lêzen mei babys. Dyselde en noch mear tips fynst yn de folders yn it kofferke en by boekstart.nl. Dêr fynst ek de titels fan boekjes yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!

Babys reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen. Gean lekker tegearre op in

Dy patroanen binne goed foar de

rêstich plakje sitten.

fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr

Doch radio, telefyzje en

hiel oandachtich nei sjen!

kompjûter/laptop út, dat liedt mar ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst. Hâld de

In boekje lêze jout in momint fan rêst.

baby sa, datst eachkontakt

Do kinst dyn bern sa ek even wat ekstra

meitsje kinst.

oandacht jaan as it bygelyks hingerich of siik is.

Sykje boekjes út dy’t net te drok binne. Ien plaatsje op in side is genôch. Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing ken, dúdlik ôfbylde, mei net tefolle details. 54

55

Mear witte? Sjoch op www.lezen.nl en op www.boekstart.nl om de publikaasje te downloaden of te bestellen.


Dieuwke van der Meer

Etherische oliën Heb jij wel eens gehoord van etherische olie? Dat is olie afkomstig uit een plant, bloem, boom of gras. Je kent vast wel de geur van een roos, lavendel, munt of frisse sinaasappelschil. Wist je dat etherische oliën een krachtige werking hebben, zowel lichamelijk als emotioneel? Ook wanneer je een baby hebt, kun je deze oliën gebruiken. Hoe? Heit&mem geeft je tips!

Massage Baby’s vinden het heerlijk om gemasseerd te worden. Voor een goede ontspanning kunnen de voetjes, buik en rug licht gemasseerd worden voor het slapengaan. Massageolie voor baby’s kun je heel simpel zelf maken: neem bijv. 100 ml jojoba-, amandel- of kokosolie en voeg daar een druppel etherische olie aan toe, zoals mandarijn, lavendel of roomse kamille. De aroma’s geven je baby een gevoel van veiligheid en geborgenheid. In bad Het is voor je baby heerlijk om te baden in water met essentiële olie. Daarvoor kun je een druppel etherische olie vermengen met wat zeezout of neutrale badolie, zoals jojobaolie, wat je daarna aan het badwater toevoegt.

Verdampen Je kunt essentiële oliën laten verdampen met behulp van bijvoorbeeld een diffuser. Zo kan lavendel- of sinaasappelgeur heel rustgevend werken en je baby helpen te ontspannen en in slaap te vallen. Diffusen kan nog niet bij hele kleine baby’s, doe dit pas vanaf ongeveer 6-12 maanden en niet te lang. Je kunt ook een druppel op een zakdoekje doen en dat 10 minuutjes in het kamertje van je kindje leggen, zodat hij of zij de geur kan ervaren.


Essentiële oliën geschikt voor baby’s

Let op!

Kalmerend: Mandarijn, Lavendel,

Gebruik geen etherische oliën bij baby’s

Roomse kamille

jonger dan 3 maanden, en beneden

Insectenbeten/brandwonden: Lavendel

het jaar geen olie zoals pepermunt of

Huidirritatie: Frankincense (wierookolie), Lavendel, Tea tree

eucalyptus. •

Buikkrampjes: Lavendel, Venkel Doorkomende tandjes: Lavendel,

Gebruik geen etherische oliën onverdund rechtstreeks op de huid.

Let erop dat je altijd een hoogwaardige

Kruidnagel, Tea tree

biologische kwaliteit etherische

Maagklachten: Lavendel, Anijs, Venkel

olie gebruikt.

Koorts: Citroen

Wil je weten wat een goed merk is of

Luieruitslag: Lavendel, Tea tree,

hoe je het beste met etherische olie om

Wierookolie

kunt gaan, neem dan contact op met een

Berg: Citroen, Geranium

deskundige op het gebied van natuurlijke olie, zoals Femke Elverdink van www.natuurlijkmetfemke.nl uit Wirdum.

56

57


Nynke van der Zee

Sliepe as prinskes en prinseskes De tûme yn ’e mûle, de koesknuffel tsjin it wang en de eachjes tefreden ticht. Der is neat moaier as in berntsje dat hearlik leit te sliepen. Mar der binne genôch poppen en pjutten dy’t it flink yn ’e kant sette as se op bêd moatte. Wat kinst dwaan as sliepen in nachtmerje wurdt?

De sinne skynt fleurich op it dak fan de beide sliephûskes as Myja Zijlstra twa pjutten klearmakket om op bêd. Mei tolve lytse pjutten yn de leeftyd fan 10 wiken oant 4 jier wurdt der hiel wat ôfslept by bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum. ‘It lekkerste koest it toch wol yn dizze sliephûskes’, seit Myja, wizend nei de twa ‘kninehokken’ dy’t yn de tún stean. ‘De lûden fan de fûgels, de sûne bûtenlucht en it knusse hûske meitsje dit in ideaal sliepplakje.’ It duorret mar efkes of beide pjutten binne yn dreamelân. Goed foar lichem en geast Alle poppen en pjutten hawwe ekstra sliep nedich om de dei troch te kommen. ‘Slapen is essentieel voor de groei van baby’s en peuters’, knikt Daniëlle Hendriks, sliepdeskundige by it Centrum voor Slaap- en Waakstoornissen fan MCH Westeinde yn Den Haach. ‘Tijdens de slaap doen kinderen niet alleen nieuwe energie op, maar slaap is ook onmisbaar voor hun groei en ontwikkeling. Prikkels en avonturen die kinderen overdag hebben meegemaakt, worden verwerkt tijdens de slaap. Alle indrukken krijgen zo een eigen plekje. Tijdens de slaap hebben de hersenen de tijd om al deze informatie op te slaan en te ordenen. Slaap is dus essentieel voor zowel lichaam als geest.’ Dochs is it net altyd like maklik om bern yn ’e sliep te krijen. Der binne lytskes by dy’t flink protestearje

as se op bêd moatte. ‘Het eerste halfjaar hebben baby’s nog geen duidelijk slaapritme’, leit Daniëlle út. ‘In de buik nemen ze het ritme van de moeder over. Bij een pasgeboren baby is het dan ook belangrijk om je kindje een vast ritme aan te bieden, zodat het op bepaalde tijdstippen het hormoon melatonine aanmaakt waardoor het in slaap valt. Dit hormoon zorgt uiteindelijk voor een eigen biologische klok bij baby’s. Zonder melatonine geen slaap.’ In machtsstriid op bêd As poppen yn it begjin lestich yn sliep komme, kin dat meardere oarsaken hawwe, wit Daniëlle. ‘Het kan zijn dat ze overprikkeld raken doordat de ouders het te druk hebben. Daardoor ontstaat er bij de ouders een stressstofje en dat merken baby’s meteen. Die stress nemen ze over, waardoor slapen lastig wordt. Wat ik bij veel ouders merk, is dat slapen daardoor een machtsstrijd wordt tussen ouders en kind. Dat kan nooit de bedoeling zijn. Je kunt een kind niet dwingen om te slapen. Slapen moet geen straf worden, maar een mooi, intiem moment zijn tussen jou en je kind.’ Ek by bernedeiferbliuw Bernewrâld wurdt fan sliepen in moai momint makke. ‘Wy nimme rêstich de tiid om de bern op bêd te dwaan en ha by elk bern in eigen ritueel’, fertelt Myja. ‘De iene


‘ As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien’

5 tips foar it sliepen •

Meitsje it tsjuster yn ’e sliepkeamer en beskermje bern tsjin tefolle ljocht- en lûdprikkels troch ien oere foar bêdtiid gjin apparaten mei byldskermen mear brûke te litten, sa as de telefoan, tablet en laptop. Efkes ‘back to basic’ helpt bern om better yn ’e sliep te kommen.

Nim rêstich de tiid foar it sliepritueel, bygelyks troch noch in ferhaaltsje foar te lêzen of tegearre de dei te bepraten.

Bliuw sels kalm en wurd net lilk as dyn bern net sliepe wol. Meitsje der gjin machtsstriid fan.

Lit de doar iepen of hâld in ljochtsje oan as dyn bern bang is yn it tsjuster. Ek in babyfoan kin goed wurkje om kontakt te hâlden.

Meitsje fan it sliepen in yntym momint, gjin straf. Sliepen moat in leuk ûnderdiel fan de dei wêze.

Mear slieptips? Sjoch ek ris op: www.kinderslaap.nl www.slaapbabyslaap.nl Foar sliepskema's sjoch www.heitenmem.nl

58

59

krijt noch in ferhaaltsje, de oare wol noch efkes prate. Elk bern hat sa syn eigen wize om yn ’e sliep te fallen. Dêrtroch ferrint dat hjir hiel kalm. Foar de measte bern is sliepen yntusken in hiel gewoan ûnderdiel fan de dei, lykas fruit iten en bûtenboartsjen.’ Groeie yn de koes In fêst ritueel is ien fan de belangrykste tips dy’t Daniëlle jout oan heiten en memmen fan bern dy’t net maklik yn sliep falle. ‘Een bedritueel geeft een kind houvast, zodat hij weet wat er gaat gebeuren’, knikt se. ‘En laat kinderen op jonge leeftijd alvast wennen aan hun eigen bedje. Door op vaste tijden je kind in zijn eigen bedje te leggen, leert het om zelf in slaap te vallen.’ By heit en mem op bêd sliepe litte is sterk ôf te rieden, warskôget Daniëlle. ‘Het risico op wiegendood wordt daardoor flink verhoogd. Maar slapen in een bedje bij de ouders op de kamer kan geen kwaad.’ Ek it bûten sliepen yn de saneamde ‘lutjepotjes’ wurket foar bern hiel goed. ‘De rust van buiten kan bij sommige kinderen wonderen doen’, knikt Daniëlle. Yn de bûtensliephûskes fan bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum lizze de twa pjutten noch altyd hearlik te koesen. ‘Dêr kin ik echt fan genietsje’, glimket Myja. ‘As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien.’


Te lêzen op

heitenmem.nl Poppe fan de moanne Is dyn poppe de leafste poppe fan allegear? Upload dan in foto by ‘poppe fan de moanne’ op heitenmem.nl. De poppe mei de measte stimmen kriget in poppepakket tastjoerd en komt boppedat yn it blêd ‘heit&mem’ te stean. De winner wurdt ûnder oaren bekend makke fia ús nijsbrief.

Taalkado Alle inwoners van onze provincie hebben in het dagelijks leven op een of andere wijze te maken met meerdere talen. Dat zijn in de eerste plaats het Nederlands en Fries, maar in veel gevallen ook nog een streektaal of een buitenlandse taal. De provincie Fryslân ziet die taalverscheidenheid als rijkdom en als kans voor de ontwikkeling van kinderen. Daarom biedt de provincie Fryslân ouders het Taalkado aan om kinderen op speelse wijze met meertaligheid en het Fries in aanraking te brengen. In het Taalkado vind je een aantal cadeautjes voor je kind, zoals bijvoorbeeld een boekje, een cd en een knuffel. En daarnaast ook informatie over o.a. meertalig opvoeden en taalontwikkeling. Op www.heitenmem.nl vind je o.a. speel- en voorleestips bij het boekje, titels van andere leuke boekjes in het Fries en knuffels.

Meertaligheid-pagina op heitenmem.nl

Is het een uitzondering om twee of meer talen te spreken? Juist niet! Alleen al in Europa wonen meer dan 50 miljoen mensen die meer dan één taal spreken. Wat zijn de voordelen daarvan? En zitten er ook nadelen aan? Hoe gaan mensen thuis en op school om met meertaligheid? Heitenmem.nl heeft alle vragen en antwoorden voor je op een rijtje gezet. Kijk voor meer informatie op www.heitenmem.nl/meertalig-opvoeden.


Fryske printables Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders stean op www.heitenmem.nl Frysktalige platen dy’t jimme sels útprintsje kinne. Leuk foar yn in listje of om sa op te hingjen. Wy ha platen mei alderhanne tema’s, sa as bygelyks hjerst, maitiid, peaske, bisten, sifers en memmedei. Sjoch op heitenmem.nl by ‘Fryske printables’.

3 trije

fleurich Peaske

ko

Fryske apps Wisto wol dat der in hiele protte fantastyske Fryske apps foar bern binne? En dat de measten ek noch fergees binne? Wat tochtst fan ‘Hantsjes yn ’e hichte’ of ‘It grutte foarlêsboek’? Sjoch op heitenmem.nl by ‘Fryske apps’ foar it komplete oersjoch.

Resinsjes oer Fryske berneboeken Wolst ris in Frysk berneboek kado jaan, mar hast der gjin flau idee fan wat no echt in moai boek is? Op heitenmem.nl skriuwe wy resinsjes fan Fryske berneboeken. Sjoch op www.heitenmem.nl en klik op ‘Resinsjes Fryske berneboeken’. Dêr kinst se allegear op leeftiid fine. 60

61

Fryske gedichten Fryske bertegedichten of oare teksten foar op in bertekaartsje, routeksten, trouteksten en sels poesyalbumferskes binne te finen op www.heitenmem.nl.


Idske Bangma

Talige ontwikkeling! Je baby zegt misschien nog niet meer dan boe en bah en ta-da-ta. Toch is het voor zijn of haar taalontwikkeling van belang om tegen je kindje te praten. Ook als het om taal gaat, kun je als ouder het goede voorbeeld geven. Maar hoeveel verstand heb je nu eigenlijk van de taalontwikkelingsfasen van je kindje? En wat zeggen wetenschappers ervan? HEIT & MEM zocht het voor je uit!

Stem van moeder stimuleert hersengroei van baby De hersengroei van baby’s wordt gestimuleerd door de stem van de moeder. Hoe we dat weten? Bij een experiment zongen de moeders van 20 couveusebaby’s kinderliedjes in. Vervolgens kregen de couveusebaby’s de opnames een maand lang drie uur per dag te horen. Daarna werden er hersenscans gemaakt en vergeleken met hersenscans van een controlegroep van baby’s die niet naar liedjes van de moeder hadden geluisterd. Bij couveusebaby’s die dagelijks de stem van de moeder hadden gehoord, bleek het deel in de hersenen waar geluiden worden verwerkt, relatief groot te zijn. Waarschijnlijk profiteren de baby’s daar op latere leeftijd van, bijvoorbeeld bij het leren van taal of talen, melden onderzoekers van de Harvard Medical School. (Bron: www.nu.nl) Lekker keuvelje oer deistige saken, goed foar taalûntwikkeling! Ut in Iersk ûndersyk ûnder 8000 babys docht bliken dat it goed is om tsjin dyn poppe te praten. In boekje lêze is goed foar de (taal)ûntwikkeling, mar út dat ûndersyk hat bliken dien dat praten

noch better is. Dat hoecht net in yngewikkeld petear te wêzen, je kinne gewoan lekker wat tsjin de poppe keuvelje oer deistige saken, bygelyks ûnder it dwaan fan húshâldlike putsjes. It keuveljen hat ûnder oaren foardielen foar it probleemoplossend fermogen. Dochs is praten allinne net genôch. Eardere stúdzjes hawwe al oantoand dat foarlêzen by poppen helpt by it opbouwen en fergrutsjen fan de wurdskat. En ast tegearre mei dyn poppe in boekje lêst, praatst dêr tagelyk ek oer! (Boarne: www.boekstart.nl) Sliepe nei it fertellen fan in ferhaaltsje? Dat is in goed idee! Want dan slacht dyn poppe ynformaasje better op! By in eksperimint fertelden folwoeksenen oan in groep poppen, foardat dy sliepen gienen, in ferhaaltsje wêrby’t de wanten fan in knuffel útlutsen waarden. Nei dat sliepke koe de groep poppen by wa’t dat foardien wie, sels de wanten fan de knuffel better útlûke as de groep poppen by wa’t dat net foardien wie. Dat betsjut nei alle gedachten dat dyn poppe de ynformaasje út in ferhaal better ûnthâldt as hy of sy nei it foarlêzen in knipperke docht. (Boarne: www.boekstart.nl)


Bespreken en herhalen van moeilijke woorden, goed voor de woordenschatontwikkeling! Regelmatig voorlezen is belangrijk voor de woordenschatontwikkeling van kinderen. Maar ook het herhalen en bespreken van moeilijke woorden hoort daarbij. Dit is van groot belang voor latere leesvaardigheden. Uit onderzoek van de Radboud Universiteit in Nijmegen blijkt dat wanneer kleuters op vierjarige leeftijd naar school gaan, het niveau van hun woordenschat ver uiteenloopt. Dit woordenschatniveau voorspelt hun latere begrijpend leesvaardigheid en schoolsucces. De kunst is dus om kinderen 62

63

al voor hun vierde jaar met veel verschillende woorden en begrippen in aanraking te laten komen. Prentenboeken zorgen voor een rijke taalcontext waarin jonge kinderen woorden gemakkelijk kunnen leren. Uit eerder onderzoek is al gebleken dat tweetalige kinderen vooral in de minderheidstaal voorgelezen zouden moeten worden. (Bron: www.kennislink.nl)

Wil je meer weten over taalontwikkelingsfasen, meertalig opvoeden of de voordelen van een talige ontwikkeling? Kijk op www.taalgroeimeter.nl


Tjalling de Vries

Vlekje Suzanne ligt op de arm van haar moeder en kijkt nieuwsgierig rond. Als ik binnenkom en me aan haar moeder voorstel, kijkt ze me onderzoekend aan. Ze geeft me een hartverwarmende glimlach als ik tegen haar praat. Op haar voorhoofd zie ik een grote, rode vlek. Die vlek is de reden dat ze naar me verwezen is. Na de geboorte, nu 10 weken geleden, had Suzanne een ooievaarsbeet in de nek en verder was de huid gaaf. Na een paar weken kwam er een rood vlekje boven het linkeroog, dat in de afgelopen weken snel groeide, sneller dan Suzanne zelf. Moeder vraagt zich af wat dit is en of het kwaad kan. Wat het vervelend maakt, is dat het zo opvalt en dat iedereen er opmerkingen over maakt: wat heeft ze daar? De vlek lijkt op de huid te liggen en laat zich niet wegdrukken, typisch een aardbeienvlek. Moeder kleedt Suzanne uit en ik bekijk haar helemaal. Meestal hebben kinderen maar een of twee aardbeienvlekken, soms zijn het er meer. Als er meer zijn, kan dat wijzen op een leverziekte. Dat is bij Suzanne gelukkig niet zo, ze heeft nog een klein vlekje bij de pols en verder is haar huid gaaf. Dit is dus een aardbeienvlek, een groepje bloedvaten groeit te enthousiast. Daarmee gaan ze een paar maanden door. Dan stopt

het en verdwijnt het plekje. Meestal zijn deze aardbeienvlekken na een paar jaar helemaal weg. Soms zijn ze bedreigend door de plaats waar ze zitten, bijvoorbeeld op het ooglid. Dan kunnen ze het oog afdekken. Soms groeit er een op de neus voor het neusgat. Dan móet er iets gedaan worden. Een paar jaar geleden is ontdekt dat een middel tegen hoge bloeddruk (propranolol) ervoor zorgt dat deze aardbeienvlekken verdwijnen. Voor aardbeienvlekken zoals die van Suzanne gebruiken we timoptolgel. Het is een middel dat ouderen met verhoogde oogboldruk gebruiken. De vlek van Suzanne hoeft niet te worden behandeld, maar het kan wel. Moeder en ik bespreken de voor- en nadelen van timoptol en besluiten dat we wel gaan behandelen. Ik schrijf het recept. De medische fotograaf maakt nu en de volgende keer een foto, zodat we straks het verschil goed kunnen zien. Na drie maanden komt Suzanne weer. Het vlekje is veel kleiner, moeder is er blij mee. Als anderen Suzanne nu zien, maken ze opmerkingen in de trant van dat ze er zo goed uitziet en dat ze zo’n mooi meisje is. Dat is voor iedereen hartverwarmend. 64


Ik wol foar dy soargje yn dy leauwe en altyd by dy bliuwe Ik wol mei dy laitsje mei dy slûchje der foar dy wêze dyn trientsjes droegje Ik wol fan dy hâlde leaf bern fan my jou dy mar del ik beskermje dy Dieuwke van der Meer

Dyn bern sille wurde sa’tsto bist, ^

dus wes watsto wolst dat sy wurde.


de lytse

NR.5 2018/2019

Natuerlike kreamsoarch De earste hapkes Elk kontakt hat mei taal te krijen M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.