heit&mem nr. 2 2022

Page 29

NR.2 2022gratis & fergees FOAR OPFIEDERS FAN BERN FAN 0 OANT 12 JIER Gebaretaal Adopsje It boarstkanker-gen Bêste freonen De luisterkindmethode

Op zoek naar kinderopvang?

Kinderopvang van 0 tot 13 jaar

Wij maken van ‘Elke dag een mooie dag!’. Ieder kind verdient het om zich in een warme, geborgen sfeer te kunnen ontwikkelen en ontplooien. Meer weten of aanmelden? Bezoek onze website. kinderwoud.nl

Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse

Gewoon

geweldig ... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl Vragen? Bel: 088 – 035 0400

opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Bea rk hâldt fa n kearskes en fa n spek Hy hâl waarme krysttiid en fa n Waa r sjaal lekker b yn ’e Bea rk is sá gelokkich woe d winter

&

FAN DE REDAKSJE

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) Ik folgje Karin al in skoft trou op Instagram. Se lit dêr filmkes sjen fan hoe’t har bern oan it gebaren binne. Hiel leuk om te sjen. Doe’t ús dochter Maaike in moanne as 10 wie, en dat is alwer 10 jier lyn, hawwe myn man en ik ek gebaren leard oan ús dochter. Dat wie écht hiel leuk om te dwaan. Doe’t se noch net prate koe, koe se ús dochs fertelle dat se noch wat mear drinken ha woe of hokker bisten se om har

hinne seach. Doe’t ús soan berne waard, ha wy it like hurd wer oppakt. Mar ek al kinne se no beide hiel goed prate, noch binne dy gebaren soms in útkomst. Tink oan feesten mei lûde muzyk of ast op besite bist en wolst dyn partner dy’t oan de oare kant fan de keamer sit even wat melde. Gebaren binne echt net allinne in útkomst foar dôve minsken. Mear witte? Lês it hiele ynterview dat Tine mei Karin hie op side 8.

Redaksje: Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra

Skriuwers: Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Tine van Knijff Janna van der Meer Ciska Noordmans Thea van der Schaaf Froukje Sijtsma Berber Spliethoff Klasina van der Werf Nynke van der Zee

Fotografy: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke Marion Stoffels

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje Ytsje Steen-Buwalda

Printwurk: Ink69 www.ink69.be

Redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.500 eksimplaren. Der wurdt

wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

Dizze heit&mem is it twadde nûmer dat yn 2022 ferskynd is.

Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân.

De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl

Losse nûmers: Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried.

ISSN: 1878-4437

Heit&mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Kolofon
NR. 2 08

Op de cover

Op de cover staan Rune en Wytze (beide 11 jaar) uit Scharnegoutum. Rune en Wytze kennen elkaar al van de kinderopvang. Ze voetballen, gamen en vissen graag samen en zijn echte maten. Daarnaast doen ze de vetste flips op de trampoline!

Kollum Sjoukje de Boer

Ciska Noordmans (skriuwer)

Dizze kear gong ik foar heit&mem nei Harich foar it ferhaal achter ‘Luisterkind’. Dy metoade giet derfan út datsto mei ien kommunisearje kinst sûnder dat dy persoan by dy yn deselde romte is. It wie in nijsgjirrich petear! Baukje Postma leit út dat elkenien it kin, ast der mar foar iepenstiest. Wolsto mear witte, sjoch dan op side 35.

Hieke Rienstra (redakteur)

Ferline jier moasten wy ús kollega Lisa in skoftke misse op kantoar. Sy hie de kar makke om in operaasje te ûndergean om’t sy drager is fan it BRCA-gen, in gen wêrmei’t it sa goed as wis is datst boarstkanker krijst. It wie in spannende tiid foar har. Wy wiene dan ek allegear hiel bliid mei it nijs dat de operaasje(s) en it herstel goed ferrûn wiene. En it nijs waard allinne mar better, want begjin dit jier fertelde Lisa dat sy en har man in twadde berntsje ferwachten. Markus Freddie Anno is yntusken berne, lokwinske heit en mem en grutte broer Lennie!

03
04
06 heit&mem
08 Gebaretaal 11
12 Adopsje 15
16
21
22
24
27
28 Bêste
31 Af
32 Nije boeken 34 Bernepraatsjes 35 Luister
38 In
39
40
42
45
46
47
24
ynhâld
Gedicht
Kolofon
nijs
Sa prate wy thús
Help ik ha bern
De bernekeamer
Foar skut!
Us húshâlding
Lisa hat it gen foar boarstkanker
freonen
ûk-boekpanel
naar je hart
Fries om utens
Kollum Andries Jelle de Jong
‘Myn bern wol net ite, wat moat ik no?’
Fuort mei de sobber!
Zelf vogelvoer maken me t kinderen
Tomkeferhaaltsje
Ferneamd
35
4 5

Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

nijs

Wisto dat…

• der ek online edysjes fan heit&mem fergees te downloaden binne fia websjop.afuk.frl?

• Keimpe de Krokodil alle moannen in lêstip jout op heitenmem.nl? De lêstip fan novimber is it winterboek

• wy fergees dyn Fryske bertekaartsje neisjogge? Mail dyn tekst yn Word nei ynfo@heitenmem.nl

• der in nije oerset-app te krijen is? Sjoch: oersetter-app.nl

In nije Berneboeke-ambassadeur!

Tialda Hoogeveen is mei yngong fan takom jier Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân! Sy sil twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.

Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”

Koartlyn fersoarge Tialda de Fryske oersetting fan it Oekraynsk printeboek ‘Maia en har freonen’ en ferskynde fan har hân ‘Abe en de Aardichman’, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht. De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân.

Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.

Poppe fan de moanne

maaie 2022

Hendrik-Taeke Wessels út Bunderhee (Dútslân) (berne op 03.08.2021)

juny 2022

Brent Lennart van der Meulen út Dronryp (berne op 26.03.2022)

july 2022

Esmé Klok út Sint Jabik (berne op 18.03.2022)

Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl!

De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

augustus 2022

Stijn Postuma út Drachten (berne op 20.12.2021)

septimber 2022

Rosa Jamillia Dijkstra út Drachten (berne op 03.08.2022)

Fryske bernefilmkes mei dochplaten

Enge monsters ûnder it bêd, nuvere bisten yn Fryslân, in hiel fiis filmke oer poep en in famke dat fertriet hat. Sjoukje de Boer & Franke Wiersma hawwe fjouwer prachtige filmkes makke mei ferskes en animaasjes oer tema’s dy’t werkenber binne foar bern. By alle filmkes is in dochplaat makke, mei lês-, praat- en dochtips foar thús. Do fynst se allegear gratis en fergees op www.heitenmem.nl!

JA NEE
Fûgels yn de winter iten jaan? Geba ren mei dyn lytse poppe? In Frysk berneboek kado jaan? De bernepraatsjes fan dyn bern opskriuwe?
6 7

‘Gebaretaal makket de wurdskat grutter, ék yn it Frysk!’

Gebaretaal is net allinnich foar minsken dy’t dôf binne. It kin ek hiel goed brûkt wurde by babys en jonge bern dy’t noch net (goed) prate. Karin de Jong, fan Taal foar lytskes, jout les yn gebaretaal. Dat docht se ek yn it Frysk en dêrmei is se de iennichste. ‘It is sa’n moai momint ast in gebaar weromkrijst fan dyn bern! En dat yn dyn memmetaal.’

Karin hat sels trije jonges fan respektyflik 4,5 jier, 3 jier en 1,5 jier. Sy is no twa jier dwaande mei gebaretaal en hat in Nederlânsktalige dosinte-oplieding “Baby- en Kindgebaren” dien. ‘Mar ik woe graach trochgean yn it Frysk.’ De gebaren dy’t Karin brûkt, komme út de Nederlânske gebaretaal. ‘Dus ien dy’t gebaren yn it Nederlânsk docht, begrypt my ek en oarsom.’

Poep

Karin fertelt: ‘Us âldste wie 2,5 jier doe’t ik begûn mei gebaretaal. Hy koe al wurden achterelkoar sizze, mar kaam der net út as hy yn ien kear wat fertelle woe. Gebaretaal holp him dêrby. Us twadde wie doe tsien moanne. By him seach ik nei in pear moannen de earste gebaren al werom. Op in bepaald stuit wie hy better te ferstean as syn âldere broer, troch de ûndersteuning fan gebaren.’ Ek de jongste soan brûkt al gebaren. ‘Hiel handich: as hy poept hat, makket er it gebaar foar poep. Dan wit ik wat der gebeure moat!’

Motoryk

Gebaretaal is in goeie ûndersteuning by de spraak- en taalûntwikkeling fan bern. ‘Bern binne fisueel ynsteld. Asto in wurd seist en dêr in gebaar by makkest, ha sy in byld by dat wurd. By bern komt de motoryk earder op gong as de spraak: troch gebaren te brûken, kinne se harren uterje foardat se prate kinne. Bern dy’t yn ’e holle al in hiel soad witte, kinne sa dúdlik meitsje wat se wolle. Dat skeelt in protte frustraasje.’

Kommunikaasje

Minsken freegje Karin wolris oft har bern dôf binne, as se sjogge dat Karin gebaretaal brûkt. ‘Dan lis ik it graach út. Kommunikaasje is folle mear as taal allinnich. Watsto dochst mei dyn lichem is like belangryk. Asto in gebaar makkest, sjogge bern dat hiel goed. It is sa’n moai momint as dyn bern sels in gebaar werom makket! By ús jongste seach ik mei fiif moanne dat hy it gebaar foar “mear” makke: hy woe mear drinke. Soms gie it hiel hurd: learde hy yn in pear wiken tiid in soad gebaren derby. It is krekt as mei krûpen en rinnen: elk docht dat op syn eigen tiid.’

Konsekwint

Ast begjint mei gebaretaal is it belangryk om dat konsekwint te dwaan. ‘Leafst de hiele dei troch: meitsje der in gewoante fan. Do hoechst echt net alles watst seist, yn gebaren te dwaan. Meitsje by belangrike dingen, dy’t faak foarkomme, it gebaar derby. Sa as: drinke, ite, sliepe, heit, mem en auto. Op in bepaald stuit giet it fansels, dan tinkst der net iens mear by nei.’ Ek by it boekjelêzen of it sjongen fan ferskes kinst gebaren brûke. ‘Ek dan hoechst net elk wurd mei in gebaar te ûndersteunen. Brûk in pear gebaren, bygelyks as it haadûnderwerp fan it ferhaal of it ferske foarbykomt. Bygelyks in bist, of in trekker of sokssawat.’

Begjin dit jier hat Karin nei twa gastâlders west om út te lizzen hoe’t sy wurket. ‘Sy fûnen it hiel nijsgjirrich en ha fan my leard hoe’t sy gebaretaal yn it Frysk brûke kinne mei de bern.’ Dy bern nimme dat fansels ek mei nei hûs. ‘Ik soe it moai fine as it gewoaner wurdt om neist taal ek gebaren te brûken. Der is eins gjin bern dat de gebaren nét oppakt: se brûke it allegear ast it se oanlearst. Do dochst it noait foar neat!’

Zie ook www.taalfoarlytskes.nl taal_foar_lytskes

Gruttere wurdskat Yn Amearika is ûndersyk dien mei twahûndert bern yn twa groepen. De iene groep krige allinne taal te hearren, de oare groep krige taal én gebaretaal. ‘Doe’t de bern achttjin moanne âld wienen, hienen de bern yn de earste groep in wurdskat fan gemiddeld 50 wurden. De bern yn de twadde groep hienen in wurdskat fan wol 104 wurden. Ek koenen se al 70 gebaren werkenne.’

8 9

Op iedere school binnen Adenium zijn teams bezig met het (leren) herkennen en signaleren van kinderen die meer kunnen dan het reguliere lesprogramma aanbiedt: de meer- en hoogbegaafde kinderen. Inclusief onderwijs geldt ook voor deze groep.

Anne komt thuis en gooit, met veel lawaai, de tas in de gang en stampt verder naar binnen. In de kamer zit Robin te spelen. Anne loopt langs en gooit de blokkentoren omver.

Moeder kijkt naar Anne en ziet de frustratie in de ogen, in het hele gezicht. ‘Hoe was het op school?’ 'Nou wat denk je? Saai!' Het komt steeds vaker voor, een boze en bovenal gefrustreerde Anne.

De leerkracht ziet in Anne een kind dat mooie resultaten haalt. Geen frustratie, geen te makkelijk werk, gewoon een kind dat lekker gaat, maar ook zeker nog dingen te leren heeft.

En Anne zelf? De hele dag door hoort en ziet Anne alles wat er gebeurt in de klas. Bij alles gaan de radertjes aan: Wat weet ik hier al van? Wat wil ik nog weten? Door al deze vragen en dit denken is Anne soms de draad een beetje kwijt. Het werk in de klas weet Anne allemaal meteen. Maar dat komt zo eigenwijs over, dus steekt Anne maar niet te veel de vinger op.

Samen met school gaan Anne en de ouders in gesprek.

Vanuit de 3-hoek kind-ouders-school wordt gekeken naar wat een leerling nodig heeft om zo optimaal mogelijk te groeien en zich te ontwikkelen. Er wordt, samen met een bovenschools specialist hoogbegaafdheid, gekeken naar: hoe herken je deze kinderen, ook als ze onderpresteren of 'lastig’ gedrag laten zien? Hoe ga je compacten en verrijken? Welke opdrachten zijn geschikt, welke vragen kun je stellen? Zo krijgen leerkrachten handvatten om in de klas met de kinderen aan de slag te gaan, ze erbij te houden en te laten groeien in hun eigen tempo en passend bij wat ze kunnen.

Daarnaast hebben we binnen Adenium een bovenschoolse plusklas waar deze kinderen welkom zijn. Hier vinden ze gelijkgestemden, uitdagingen in zowel het leren leren, het leren leven en leren denken.

We blijven binnen Adenium op zoek naar kennis over hoe we deze leerlingen zo goed mogelijk kunnen begeleiden. Daarom doen we mee met POINT-NN, een kenniswerkplaats waarbinnen samen met onderzoekers van Windesheim en de Rijksuniversiteit Groningen vragen uit de praktijk worden onderzocht. Want we vinden het belangrijk om vanuit theorie en onderzoek ons onderwijs vorm te geven, steeds op zoek naar een passende vertaling voor onze leerlingen. Omdat we werken aan het laten groeien en floreren van alle leerlingen: groeikracht voor iedereen, ook voor Anne!

OPO Furore & PCBO Smallingerland e.o.
ADVERTORIAL

Sa prate wy thús:

Pyt en Mariann

Pyt en Mariann troffen elkoar yn Oekraïne, dêr’t Pyt oan it wurk wie foar de organisaasje ‘World Servants’. ‘Wy bouden dêr in weeshûs, Mariann wie tolk.’ De fiertaal tusken Pyt en Mariann wie doe noch Ingelsk, mar doe’t sy letter mei-inoar yn Drachten wennen, waard de fiertaal stadichoan Nederlânsk. Mariann moast wol bot wenne oan har nije libben hjir. ‘Alles was anders: het eten, de mensen, de verjaardagen… Ik voelde me net een baby, ik moest alles opnieuw leren.’

Gelokkich fielt Mariann har hjir no nei acht jier hielendal thús, en in echte Fries. ‘Als ik buiten Friesland ben, dan voel ik me heel trots op Friesland en dat ik de Friese taal versta.’ Dat Mariann har hjir no hielendal thúsfielt, komt ek troch harren dochter Csenge Marije fan 3 jier. Csenge hat sawol de Nederlânske as de Hongaarske nasjonaliteit. Pyt: ‘Dat wy beide ús eigen taal mei har prate soene, wie foar ús hiel fanselssprekkend.’ Mariann leit út: ‘Kinderen kunnen makkelijk meerdere talen leren, dat is goed voor de hersenen. Ik vind het heel vreemd dat sommige mensen hier er niet voor kiezen de Friese taal door te geven. Er zitten eigenlijk alleen maar voordelen aan meertalig opgroeien.’

Pyt (65) en Mariann (45) Kloosterman wenje mei harren dochter Csenge (3) yn Drachten. Heit Pyt praat Frysk mei Csenge en anya (mem) Mariann brûkt har memmetaal Hongaarsk mei Csenge. Underling prate Pyt en Mariann Nederlânsk.

Sa genietsje sy der bygelyks allegear o sa fan dat Csenge no hûndert út prate kin mei har ‘papa en mama’ (pake en beppe yn it Hongaarsk). ‘Wij videobellen elke dag met elkaar’, fertelt Mariann. ‘Csenge vindt dat ook fijn, want naast mij komt ze hier niet veel Hongaarssprekende mensen tegen.’ Se besykje twa kear yn it jier de lange reis nei Hongarije te meitsjen. Wylst se yn de auto sitte, lústerje se nei ‘Sjolle sjauffeur’, ‘Yn ’e moanneskyn’ en oare Fryske berneferskes . Pyt: ‘Wy steane der fersteld fan hoe’t sy al dy ferskes ûnthâlde en meisjonge kin.’

Pyt en Mariann binne beide aardich konsekwint yn it praten fan harren eigen taal. Mariann: ‘Dat heb ik wel tegen Pyt gezegd: als je wilt dat Csenge later ook in het Fries gaat bidden, dan moet je nu ook in het Fries bidden.’ Sûnttiid bidt Pyt yn it Frysk mei Csenge. ‘En wy lêze in hiel soad mei har, Tomke en oare Fryske boekjes.’ Mariann giet om de trije wike nei de biblioteek en nimt dan nije boekjes en fansels in heit&mem mei. As Mariann sels foarlêst, set sy de boekjes yn it Hongaarsk oer. Dy konsekwinte oanpak soarget derfoar dat Csenge harsels al hiel bewust is fan de ferskillende talen. Pyt laket: ‘Dan seit se tsjin Mariann: sa sizze wy dat yn it Frysk!’

Skriuwer: Hieke Rienstra | Foto: Hippe Kiek Fotografie
10 11

Adopsje

Twa kear op adopsjereis nei Sina

It wie in grutte dream fan Marije en Irolt Dijkstra om heit en mem te wurden. Mar dat soks op in natuerlike wize bart, is lang net foar elkenien fanselssprekkend. Doe’t it stel út Easterbierrum nei twa IVF-behannelingen mei lege hannen stie, begûn de gedachte oan adopsje te groeien. ‘Yn 2015 en 2017 ha wy in reis nei Sina makke om ús soantsjes Finn (8) en Kian (6) yn ’e earms te sluten.’ Duorret in swangerskip sa’n njoggen moanne, by in adopsje binne je faak jierren ûnderweis. ‘Earst ha wy 2,5 jier yn it proses sitten, doe ha wy noch in healjier op de wachtlist stien foar Finn.’ By Kian gie dat flotter. ‘Doe ha wy fjouwer moanne op de wachtlist stien.’

In berntsje adoptearje is net samar wat. ‘Earst ha wy in adopsjekursus folge. Dêrnei komt de bernebeskerming del, dy’t in rapport oer ús as echtpear opstelt. En wy moasten ûnderwylst neitinke oer ús winsken.’ Marije en Irolt woenen it leafst in jonger berntsje. ‘It is fansels hiel spannend om troch adopsje foar de earste kear âlden te wurden. It like ús in útdaging om dan fuort in âlder berntsje te krijen. Finn wie 14 moanne doe’t hy by ús kaam en Kian 22 moanne.’

De measte adoptearre bern út Sina hawwe in medysk dossier. ‘Us beide jonkjes binne berne mei schisis. Soks jout problemen mei boarstfieding en bringt ek medyske kosten mei him mei, mar wy witte net wêrom’t de biologyske âlden ôfstân dien hawwe fan harren jonkjes.’ Hoe jong oft Finn en Kian ek binne, se witte dat se út Sina komme en dat se dêr ek in heit en mem hawwe. ‘Der is altyd in ekstra pear âlden, fan wa’t wy allinnich neat witte. Mar dochs binne se wol hiel oanwêzich.’ Hoewol’t Marije en Irolt sels Frysk mei de jonges prate, wolle se de bern ek graach wat oer harren bertelân meijaan. ‘Se binne hiel grutsk dat se Sineesk binne. Yn de kringloopwinkel helje wy wolris boeken oer Sina. En yn Ljouwert sit in Sineeske skoalle, dêr’t se yn de takomst hinne meie at se mear witte wolle oer de Sineeske taal en kultuer.’

Oait wolle de Dijkstra’s op reis nei Sina mei de jonges. ‘De koroanakrisis makket dat al in skoft lestich, mar lokkich ha wy ek in soad kontakt mei oare gesinnen yn Nederlân mei Sineeske adopsjebern.’

Froukje Sijtsma | Foto: Hippe Kiek Fotografie
Skriuwer:
Marije, Irolt, Finn (8) en Kian (6) Dijkstra

Bliid nijs út Bulgarije

By adopsje tinke je faak oan fiere lannen, mar Jan en Annet Hovinga út Noardburgum sochten it wat tichter by hûs. Yn 2014 waarden se heit en mem fan Alex (12) út Bulgarije.

‘Doe’t dúdlik waard dat wy sels net bern krije koenen, ha wy ús oanmeld foar in adopsjeberntsje út Nederlân’, fertelt Annet. ‘Mar doe’t Jan 40 jier waard, kamen wy dêr net mear foar yn oanmerking.’ It stel socht dêrom fierder. ‘Wy hâlde beide net fan fiere reizen en dêrom oriïntearren wy ús op Europa. Sa kamen wy op Bulgarije út.’ Nei de adopsjekursus en it ynfoljen fan alle papieren stienen de Hovinga’s sa’n fjouwer jier op de wachtlist. ‘Wy wienen hielendal út ’e skroeven doe’t wy Alex as berntsje foarsteld krigen.’ Alex siet yn in wenromte fan in adopsjebemiddelingsburo, om’t syn allinnichsteande mem net foar him soargje koe. ‘Hy sjocht ús as syn heit en mem, ek al wit er dat er út Bulgarije komt. Wy witte trouwens wa’t syn mem is, mar wy hawwe gjin kontakt mei har om’t sy sels út byld ferdwûn is.’ Alex wie fjouwer jier doe’t er nei Nederlân kaam. It waard de Hovinga’s oanret om him in jier lang thús te hâlden om goed te hechtsjen. ‘Mar dat fûnen wy te lang, want wy seagen dat Alex der ferlet fan hie om te boartsjen mei oare bern.’ En dus mocht er nei groep 1. ‘Alex is in hiele soarchsume en leave jonge. Thús giet it hiel goed, mar op skoalle fynt er it wolris lestich mei oare bern. Ek hat er te krijen mei konsintraasjeproblemen. Wy hearre in soad âlden mei adopsjebern út Bulgarije dêroer.’

Dat is ek de reden dat Alex in ekstra jier yn de beukerklasse sitten hat. Fia in ortopedagooch waard regele dat Alex in dei yn ’e wike ien-op-ien-begelieding krijt. ‘Dat giet hartstikke goed en dy master bliuwt takom jier ek yn byld as Alex nei de middelbere skoalle giet.’ Yn it jier dat Alex nei Fryslân kaam, wienen der noch 27 oare bern dy’t út Bulgarije wei nei Nederlân adoptearre waarden. ‘Mei de measte minsken ha wy kontakt en ienris yn it jier besykje wy inoar te treffen. Ek it bernetehûs yn Bulgarije jouwe wy sa no en dan in update hoe’t it mei him giet. Dat fine sy och sa prachtich. Sa hat Alex dochs in soarte fan Bulgaarske famylje. Letter wolle wy graach wer mei him nei it lân ta.’

12 13
Jan, Annet en Alex (12) Hovinga

Hotze en Folmer binne echte broers

Soms freegje minsken harren wolris ôf oft se likefolle fan in adopsjeberntsje hâlde kinne soenen as fan in biologysk eigen bern. Dy fraach kinne Rients en Agnes Sybesma foar hûndert prosint mei ja beäntwurdzje. Fyftjin jier lyn waard it bakkersechtpear út Boksum mei help fan IVF heit en mem fan Hotze. En ja, se hâlde likefolle fan harren Sineeske adopsjesoan Folmer (11), dy’t tsien jier lyn harren gesin kompleet makke.

‘Doe’t wy Folmer foar it earst yn it echt seagen, moasten wy allegear gûle’, fertelt Agnes. ‘It fielde krekt as wienen wy wer befallen. Je wurde opnij heit en mem.’ It wie ek fuort hiel fertroud. ‘Fansels moasten wy oan elkoar wenne, mar dat gie hiel spontaan. It fielde as wie ús gesin no kompleet. De jonges sieten jûns gesellich yn bad te boartsjen as hie it noait oars west.’

De jonges kinne hiel goed meielkoar. ‘Se sykje inoar altyd op. Hotze is hiel beskermjend nei syn broerke ta, mar fansels hawwe se lykas oare broerkes ek wolris spul meielkoar. Dat heart derby.’

Yn Boksum binne de minsken allegear wend oan de Sybesma’s. ‘Folmer helpt ús ek wolris op it terras fan de bakkerij. Minsken fan bûten it doarp sjogge dan wolris nuver op at se him Frysk praten hearre. Dat ferwachtsje se dan net.’

Yn it paspoart fan Folmer stean ek syn Sineeske nammen Pu Fu Ching. ‘Mar Hotze en Fu Ching fûnen wy wat nuver byelkoar en dêrom hawwe wy in Fryske foarnamme keazen, mar wy woenen syn namme net útwiskje.’

Doe’t Folmer lêsten in opdracht fan skoalle krige om in stambeam fan syn famylje te meitsjen, moast er al efkes pikerje. ‘Wy prate der gewoan oer hear, mar op sokke mominten komme der fansels wol fragen oer syn biologyske âlden. De kâns dat wy te witten komme wa’t dat binne, is hiel lyts.’

Dochs tinke se der wol oan om oait nei Sina werom te gean. ‘Faak meitsje minsken in “roots-reis” as it adopsjebern sa’n 16 à 18 jier is. Dan kinne se sjen wêr’t harren woartels lizze. Dat liket ús wol moai om yn de takomst nochris te ûndernimmen.’

In berntsje adoptearje út in fier lân is in hiele ûndernimming, beslút Agnes. ‘Mar wy hienen Folmer foar gjin goud misse wold.’

Agnes Sybesma en Folmer (11) Net op de foto: heit Rients en soan Hotze (15)

Help, ik ha bern!

Hennie, mem fan trije jonges (8, 6 en 3 jier) ‘As ik tegearre bin mei ús jongste, dan kin ik gjin stap sette sûnder dat er oan my fêstplakt sit. Ik mei net allinne nei boppen ta, hy wol it leafst tild wurde, en binne wy ergens op besite, dan hinget er my altyd yn ’e rokken. Hy is net ferfelend, mar it is ek wolris fijn om los fan him te wêzen. En it liket my foar him ek wol goed om lekker allinne of mei oaren te boartsjen. Is dat “plakgedrach” normaal?’

Joukje: ‘Ek al kin it berntsje noch lang net prate, altyd sizze wêr’tst hinne giest en datst wer weromkomst! Ek yn dyn eigen hûs.’

Maaike: ‘Myn jongste wie ek hiel plakkerich. Dat hat, op de wize wêrop’t it hjir beskreaun wurdt, oant 2 jier duorre, gok ik. Dêrnei waard it better. Se wol no (4 jier) ek sels ûnder bliuwe en as har sus derby is giet dat sowieso wol goed. As se allinnich is, slagget it heechút tsien minuten. Se groeie der fansels oerhinne tink ik, al snap ik hiel goed dat it fermoeiend is.’

Jacoba: ‘Ik snap dy, mar genietsje derfan. Skielk wol hy net meer plakke.’

Anneke: ‘As pjuttejuf tinke we der altyd om dat it berntsje heit of mem fuortgean sjocht; stikem fuortgean kin it bern just ûnwis meitsje, datst dan aanst miskien wer samar fuort bist. Dêrnei biede we treast en ôflieding en pakke in knuffeltsje út de tas. Wannear’t berntsjes dan rêstich binne, probearje we it út te wreidzjen; even in puzeltsje of kleurje. Earst tegearre en dan stadich hieltyd mear sels. Se wenne úteinlik oan de rûtine en dan giet it hieltyd better.’

Kim: ‘Twee van mijn dochters hebben dit. De ene is nu zes en niet meer zo plakkerig, de jongste is nu net twee en ik kan geen stap zetten zonder dat zij er ook is. Ook moet ik alles doen, anders wil ze het niet, denk aan drinken pakken, dekentje over, haar kleding en schoenen aandoen, naar bed brengen enz. Alleen ik mag dat doen in haar ogen. Soms enorm vermoeiend, met nog vijf kinderen boven haar, maar ik weet ook dat het tijdelijk is en je het dan gaat missen.’

14 15
Fia de Facebookpagina fan heit&mem krigen wy ferskate reaksjes op Hennie har fraach. Hjirûnder binne in oantal te lêzen:

De berne keamer

|
Kiek Fotografie
Skriuwer: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe

Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.

Miriam: ‘Wy hienen altyd in neutrale basis foar it keammerke. Mads syn keammerke wie foaral swart/wyt, dat wie doe yn. Noor har keammerke is wat sachter fan kleur. It bedsje is eins fan myn sus. Dat hat se jierren lyn ris ophelle fia Marktplaats, ús neefke hat deryn sliept, Mads hat deryn sliept en no sliept Noor deryn. Myn sus hat it grien ferve en ik ha it nea oerferve, want ik fyn de kleur eins wol hiel moai sa. De ljochtgrize klamboe ha ik spesjaal kocht, dat jout wat in geborgen hoekje en it folle it keammerke moai op. It berneweintsje fan Olli Ella hat se krigen foar har earste jierdei. De pop is in ingel en komt fan Sissy-Boy en it grize tekkentsje hat Noor har beppe breide.

De borduerring mei de reinbôge dy’t boppe har bedsje hinget, ha ik sels makke doe’t ik yn ferwachting wie fan Noor. Krekt as it bêdeguod yn it berneweintsje, dat ha ik makke foar har earste jierdei. Ik hâld derfan om sels dinkjes foar har en har keammerke te nifeljen.

16 17

De berne keamer

De flier wie earst donkerbrún, dy ha ik opskjirje litten. It ljochtrôze kleedsje is fan it Frânske merk Tapis Petit, sa’n kleedsje is altyd wol fijn op in houten flier.

It wandrekje is eins in boekerek. Op de foarige skoalle dêr’t ik wurke, soenen se it rekje nei it stoart dwaan. Dat fûn ik skande. Ik ha ’m sels opferve, gatten deryn boarre en der in ilestyk trochdien.

Minsken doare faak net wat te besykjen. Mar wat kin der misgean? Besykje gewoan wat, behang is sa wer oerplakt en in muorre is sa wer opnij sauze. En as dyn bern âld genôch binne, nimst se mei yn it proses. Lit de bern dan sels kleurkes útsykje. It is hiel handich om in moodboard te meitsjen. Brûk it behang as basis, sykje dêr ferfkleurkes by en gean dêrútwei fierder. Dan moat it altyd goed komme.’

Instagram fan Miriam: miriamhoekstra

Hasto thús ek in moaie bernekeamer en soest dêr ek ris oer fertelle wolle yn de heit&mem? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl

18 19

Als (helpen) opgroeien een uitdaging is

Bij onze praktijk komt een verwijzing binnen van Milan. Milan is 7 jaar. Hij heeft driftbuien, luistert slecht, is heel druk en op een negatieve manier gefocust op andere kinderen. Met name zijn moeder zit met haar handen in het haar. Milan zoekt constant grenzen op en daagt je uit. Dat doet hij zowel thuis als op school. Bovendien lukt het hem niet om taken af te krijgen. Het is thuis niet meer gezellig en op school gaat het ook niet goed. Het kan zo niet langer.

In het eerste gesprek met zijn ouders vertellen zij uitgebreid over Milan en wordt er meer duidelijk. We helpen Milan door zowel zijn ouders als school te ondersteunen bij zijn gedrag. We maken direct de afspraak dat onze pedagoog thuis meekijkt: wat gebeurt er en hoe wordt er gereageerd op het gedrag van Milan. Op school observeren we Milan en zijn leerkracht en we nemen een intelligentietest af. Na deze observatie, onderzoek en het in kaart brengen van de ontwikkeling van Milan, komen we in overleg met de psychiater tot de diagnose ADHD. We maken in afstemming met de ouders en school een gezamenlijk ontwikkelplan waarin het creëren van rust en structuur bieden de belangrijkste aandachtspunten zijn.

Thuis en school

worden op elkaar afgestemd

De psychiater schrijft Milan medicatie voor, de pedagoog gaat met de ouders aan de slag. We helpen ze het één op één contact met Milan weer terug te krijgen en laten ze vooral ook weten dat ze het als ouders gewoon goed doen. Op school zorgen we ervoor dat Milan vaste plekken heeft voor zijn spullen en zijn plaats in de klas. We laten de aanpak vanuit school op thuis aansluiten en andersom. Denk aan het gebruik van de pictogrammen waarmee school aangeeft wat je op een dag gaat doen. Thuis komen dezelfde pictogrammen terug in de weekplanning. Omdat blijkt dat Milan motorisch ook achterblijft, plannen we ondertussen ook een traject bij de fysiotherapeut van ons paramedisch team.

En het werkt! De driftbuien nemen af, school én ouders redden zich veel beter met het gedrag van Milan en hij ontwikkelt zich weer De moeder beseft dat ze een zoon heeft die een speciale aanpak nodig heeft, maar ze kan wel weer gewoon moeder zijn in plaats van begeleider. Het is mooi om te zien hoe we er met onze werkwijze voor zorgen dat iedereen in zijn eigen kracht gezet wordt. Met het kind als middelpunt in zijn eigen omgeving.

Je kunt bij ons terecht voor onderzoek en behandeling op het gebied van: Jeugdhulp Dyslexiezorg Leerlingenzorg

> Rechtstreeks contact met een psycholoog of orthopedagoog.

> Persoonlijke zorg in een kleinschalige setting.

Een kind aanmelden

Neem contact met ons op via:

zorg@cedin.nl 088 0200 300

> Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe www.cedinzorg.nl

We laten de aanpak vanuit school op thuis aansluiten en andersom.

Foar skut!

Wannear koesto wol troch de grûn sakje om wat dat jim bern sei?

Erica van Dijk: Mijn oudste dochter (toen 4) zei op een vol schoolplein, midden tussen een groepje moeders: ‘Weet je, mijn mama doucht nooit!’ Ik, alleenstaande moeder van twee dochters van toen 2 en 4, douchte altijd als de meisjes sliepen, dus dat zagen ze nooit!

Froukje Haaksma: ‘Yn de coronaperioade wie Yfke (4) thús fan skoalle, want se wie net fit. Tegearre gienen wy nei de Action, dêr’t se ynienen kochelje moast en troch de hiele Action raasde dat se corona hie. Ien foardiel: ik hie ynienen in hiel soad romte om my hinne.

Luchiena Loonstra: Myn soan frege oan beppe wat dy twa krûpelhintsjes dienen, want se sieten opelkoar. Beppe fertelde dat se krûpten en fereale wienen en sa ek berntsjes krigen. Hy hie it hielendal begrepen. Op skoalle fertelde er fuort oan elkenien: ‘Us heit hat op ús mem sitten en no sit der in lytse poppe yn mem har búk!’

Saskia: Wy wienen Melissa (3) krekt oan it learen om mei de mûle ticht te iten. In wike letter hienen wy in trekkermonteur op besite dy’t mei ús mei-iet. Under iten wienen wy gesellich yn gesprek en Melissa die goed har bêst om mei de mûle ticht te kôgjen. Doe seach se rjochting de trekkermonteur en sei: ‘Mem, sá moatst dochs ite?’ en doe die se it even foar. ‘Dy man moat it seker noch efkes leare, mem!’

Jolanda Feenstra: Ik ha in kear in buorjonkje fan skoalle helle op ’e fyts. Hy moast achterop sitte en sei: ‘Buorfrou hat wol in dikke kont, ik ha net safolle plak!’

Inge Lukkes: Zoontje (bijna 2) en ik staan te wachten in de rij bij de kassa. Een oudere dame legt haar boodschappen op de band. Terwijl ze bukt laat ze een scheet, waarop zoontje reageert: ‘Ohh, poep!’

Jitske Reitsma: Ik wie yn de winkel mei myn soan (doe 3), doe’t der in freonlike jonge by ús del rûn en ‘hoi’ sei. Myn soan sei doe tsjin dy jonge: ‘Us mem hat ús heit al hear!’

Wietske Fennema: Us 10-jierrige dochter sei by it ôfrekkenjen fan har klean yn in djoere kleanwinkel dat we net sa seure moasten oer it bedrach, want wy hiene jild genôch! ‘O ja?’ frege ik har. ‘Ja hear! Mem kin alle moannen ek noch in dikke ferkearsboete betelje, dus dan binne dizze klean peanuts!’ Alle oare klanten lústeren gniffeljend mei.

20 21

‘Ik woe altyd al graach mem fan in grutte húshâlding wêze’

Skriuwer: Klasina van der Werf | Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Us húshâlding

Je ziet het tegenwoordig niet zo vaak meer. Gezinnen met maar liefst negen kinderen. Toch werd voor Harmke Wiersma-Groen (43) uit Raard een droom werkelijkheid. ‘It wie altyd al myn winsk om mem te wurden fan in grutte húshâlding. Ik fyn it fantastysk dat dat my gund is.’

Dat het krijgen van kinderen geen vanzelfsprekendheid is weet Harmke als geen ander. In 2003 overleed dochter Menke Jantine tijdens de bevalling in het ziekenhuis. ‘Dêrtroch siet de eangst der wol yn, mar dochs ha ik ek dêrnei wol genietsje kinnen fan de swangerskippen.’ Menke Jantine was de derde dochter na Maria (22) en Johanna (20). ‘Sy hie no 19 jier west, mar foar my bliuwt it

Struktuer

Inmiddels zijn de oudste twee kinderen het huis alweer uit, maar het blijft een hele drukte om een gezin met zes kinderen te runnen. Harmke heeft er dan ook een dagtaak aan en maandags springt haar moeder bij voor wat extra hulp in de huishouding.

‘In goede struktuer is hiel belangryk en ik ried alles jûns al ta. Sa lis ik alle klean klear foar de bern en ik meitsje de tafel fêst klear.

altyd ús lytse baby’, zegt Harmke. Bijzonder is dat Agatha Zeinstravan der Wal maar liefst acht keer kraamverzorgster was bij het gezin. Alleen bij de oudste dochter heeft Agatha niet gekraamd. Ook na het overlijden van Menke Jantine was de kraamverzorgster er de hele week. ‘Dat skept in spesjale bân. Elk jier op 10 desimber stjoert Agatha my in berjochtsje of in hertsje. Hiel bysûnder.’

Ferrassing

Na Menke Jantine kreeg Harmke nog een dochter, Inge (17), en een zoon, Jan Jacob (14). Harmke: ‘Ik kom sels ek út in grutte húshâlding, fan sân bern. Ik wie ien fan de âldsten en fûn it moai om de lytse bern te fersoargjen. As ik net skieden wie, wie it miskien by fiif bern bleaun, mar soms rint it oars yn it libben.’ Met Jan Wiersma (54) kreeg Harmke nog drie meisjes, Anna (10), Menke (8) en Maaike (7). Als kers op de taart werd het gezin in maart van dit jaar nog verblijd met een zoon: Auke Sijtze. ‘Dat hiene we net mear ferwachte, Auke Sijtze wie in ferrassing. Wy binne allegear hiel wiis mei him, de oare bern ek.’

De âldste bern helpe mei oprêden. Elkenien hat syn of har eigen taak’, vertelt Harmke, die sinds drie jaar met haar man en kinderen in een grote woonboerderij in Raard woont. Ze geniet weer van de babytijd, maar ook de fases van de andere kinderen blijven bijzonder. ‘Hoewol’t ik de puberteit soms wol wat lestich fyn, mar sels dy leeftiid hat syn sjarmes’, lacht Harmke.

Binnenkort komen ze weer in een andere fase, want de op een na oudste dochter van Jan – uit een eerder huwelijk − is inmiddels ook zwanger. Ze vertelden het heugelijke nieuws door te zeggen: ‘Auke Sijtze wurdt omke!’

‘Elk jier op 10 desimber stjoert Agatha my in berjochtsje of in hertsje.ʼ
‘As ik net skieden wie, wie it miskien by fiif bern bleaun, mar soms rint it oars yn it libben.ʼ
22 23

Lisa hat it gen foar boarstkanker

‘Ik woe der alles oan dwaan om sûn de takomst yn te kinnen’.

Bist jong, sitst noflik yn dyn fel en dreamst fan in gesin. Dan hearst datst sa’n 80 persint kâns hast op it ûntwikkeljen fan boarstkanker. Hoe giest dêrmei om? Wat binne de opsjes as de fraach net sasear is oftst in tumor krigest, mar wannear?

Lisa Hiemstra (33) út De Pein wie 18 doe't bliken die dat in mutaasje fan it gen BReast CAncer 1 yn har famylje foarkomt. Normaal stoppet dat gen de ûntwikkeling fan kanker, mar as it troch mutaasje útskeakele wurdt, kinne tumors har ûntwikkelje, yn ’e boarsten en (op lettere leeftiid) yn ’e aaistokken.

Lisa seit: ‘Ik hie gjin idee dat dat spile yn myn famylje, oant myn pake op stjerren lei. Hy fertelde doe dat in protte famyljeleden stoarn wiene oan boarstkanker. Fansels net yn ’e manlike line, mar pake frege him ôf oft myn heit en omke miskien dragers fan dy oanlis wêze koenen.

Se waarden doe ûndersocht en yndie, it wie sa. As no bliken die dat myn suster en ik it gen ek hienen, wie de kâns grut dat wy in tige agressive foarm fan boarstkanker krije soenen.

Studintetiid

It risiko om siik te wurden troch it gen begjint fan 25 jier ôf. Oant dy tiid haw ik der dêrom neat mei dien. Ik ha Nederlânsk studearre yn Grins en genoaten fan myn studintetiid. Dochs liet ik it sa no en dan al yn my omgean. Der wie ommers in kâns fan 50 persint dat ik it ferkearde gen hie...

Op myn fiifentweintichste gie ik nei de poliklinyk fan it UMCG om de fraach te besprekken: wol ik it witte, of net? Troch dy petearen waard my dúdlik dat as ik it gen hie, dat net de ein betsjutte. Stel, ik die de test en ik hie it gen, dan wienen der wer karren. En miskien hie ’k it gen wol hielendal net urven.

Drager

Ik die de test en wie drager. Dochs wie ik net hielendal fan ’t hynder. Dat kaam pas doe’t ik fan mysels konkrete stappen nimme moast. Earst begûn in faze fan plannen en it meitsjen fan karren, mei it each op gesin en sûnens. Wat dogge we earst? Hoefolle tiid hawwe wy noch? Wat dat op dy leeftiid gewoanwei in stik natuerliker ferrint.

Ik starte mei in proses fan elke seis moanne in MRI-scan en fysyk ûndersyk. Dat brocht in soad spanning mei. Doe’t ik nei de befalling fan ús soan Lennie yn 2017 nochris de scan ûndergean moast, die bliken dat myn boarstweefsel feroare wie. Miskien kaam dat trochdat ik krekt mem wurden wie, mar alle alarmbellen gongen. En ik fielde dat ik dat net woe, dy eangst en ûnsekerheid. Ik woe der alles oan dwaan om sûn de takomst yn te kinnen.

Yntimiteit

Ik haw gjin boarstfieding jûn. Dat wie te konfrontearjend. Ik tink dat ik doe al ôfskie naam fan myn boarsten. Wy woenen safolle mooglik genietsje fan ús jonge húshâlding. Mar nei in pear moanne kaam it probleem fan de boarstkanker wer op.

24 25

Ik haw der in protte oer praat, mei saakkundigen en famylje. Gelokkich is myn man ek in geweldige stipe. Us relaasje is sa sterk en goed! Hy gie altyd mei, nei elke dokter en elk ûndersyk. It feit dat ik dit gen haw, hat ús yntimiteit nea yn ’e wei stien.

Selsbyld

Hoe tichter ik by in definityf beslút kaam, hoe meer ik begûn te wrakseljen. Wat soe previntive amputaasje mei myn selsbyld en froulikens dwaan? En dêrneist: jo wolle ja sizze tsjin in libben sûnder soargen, mar der bliuwe fragen. Hoe sil ik it belibje? Hoe sil it fiele? Wat as der komplikaasjes komme?

Troch corona wie echt kontakt mei lotgenoaten, sa’t it UMCG normaal organisearret, net mooglik. Ik haw in protte ferhalen en fideo’s op it ynternet opsocht. De reden dat ik yn dit ynterview bin, is dat ik hoopje dat oare froulju stipe fine sille troch myn ferhaal.

Ien persint fan ’e froulju is drager fan it gen. Dat liket net folle, mar as je betinke dat der yn ’e Pein 1700 minsken wenje, dan giet it yn ús doarp al om sa’n acht froulju.

Rekonstruksje

Yn juny 2021 waarden myn boarsten amputearre. De wike dêrfoar gûlde ik oan ien tried wei troch. Ik seach der as in berch tsjinoan, mar wist ek dat ik trochsette soe. Fiif moanne letter waard ik wer operearre, mar dy kear foar rekonstruksje. Doe krige ik in silikoaneproteze. It wie earst fansels allegear pynlik en dreech, mar al mei al soe ik it wer sa dwaan. Ik bin bliid mei it resultaat. Ik haw deselde maat as earder en it liket hast sa’t it wie!

It ienige dêr’t ik wol oan wenne moast, wie dat myn boarsten folslein gefoelleas binne en dat it gefoel dêryn ek net weromkomt. No, in jier letter, merk ik al dat dat ‘gewoaner’ wurdt.

Takomst

No kin ik elk momint berte jaan oan ús twadde bern. It sil ek in jonge wurde. Stel dat hy drager is, dan hoecht er dêr, krekt as syn broer, noch lang net wat mei te dwaan. En de wittenskip giet ek fierder. Boppedat ha ik alle fertrouwen dat as wy dermei omgean kinne, ús bern en miskien letter harren dochter, dat ek kinne.

De takomst laket ús ta!’

Yntusken is Lisa befallen fan in jonkje. Lês har hiele ferhaal op www.heitenmem.nl

SNEIN

It is snein. It reint en de gerdinen binne ticht. Dat fyn ik knus.

De muzyk stiet op en de oven stiet oan. It lûd fan de duplotrein oerstimt de oare lûden sa no en dan.

De kearskes brâne op de tafel. De ljochtsjes binne oan. Teije dartelt om my hinne yn syn pyama. Ik hâld fan dizze dagen. Yn it ferline hie ik in hekel oan de snein. Ik fûn de dei te lang, te saai, te swier. Ik wie faak fan hûs. Socht it foaral net by mysels. En no, ik kin de doar net mear samar achter my tichtlûke, by mysels wei. Op syk nei wat oars. Yn appgroepkes fan freondinnen komme sa no en dan filmkes foarby. Filmkes fan festivals dêr’t ik oars ek hinne soe. Sa as justerjûn. Yn bêd drukte ik op it trijehoekje.

In glimp fan hoe’t myn libben oars west hie spile him ôf. Dûnsjende fammen, de jûn moast noch begjinne. Healwei alven, seach ik boppe yn it skerm. Ik sloech de tekkens fan my ôf. Noch even by myn jonge sjen. Op knibbels siet ik nêst syn bêd. Ik lei myn holle tsjin dy fan him. Syn waarme azem tsjin myn wang. It aapke tusken ús yn. Yn de fierte hearde ik in trein, miskien wol dy nei Grins. Yn in oar libben hie ik dy trein miskien wol pakt. Wer werom yn bêd, ûnder myn eigen tekkens, stjoerde ik in hartsje yn de app en knipte ik it ljochtsje út. ‘Motherhood comes with a price’.

De kôkwekker giet. De broadsjes binne klear. Teije sit mei syn keyboard op de bank. Hy sjongt in eigenmakke ferske en drukt sa no en dan op in toets.

De tekst is repetearjend, mar ik kin der gjin genôch fan krije.

‘Hé lieve memmie, hé lieve memmie’. De kat krûpt by my op skoat. Hy spint en jout kopkes. Myn gesin, myn thús. Wat bin ik hjir graach. Frazey Ford klinkt troch de speakers, ‘You gotta life that money can’t buy’ En sa is it.

26 27
Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)

Bêste freonen

De bern Toby Myers (10), Lily Myers (8) en Oege Kool (2) sizze altyd tsjininoar dat se elkoars bêste freonen binne, en dat is ek sa! Se boartsje in protte meielkoar en ha sels in geheime klup oprjochte.

Mei in leeftiidsferskil fan 4 moanne en harren memmen dy’t bêste freondinnen binne, koe it hast net misse dat Magnus en Suze (beide hast 3) bêste freonen wurde soenen.

(Links Nynke, rjochts Anne-Li, beide 5 jier) Dizze foto is makke yn septimber 2022. We binne 1e wurden mei de playbackshow! We hienen deselde klean oan en it hier ek itselde. Moai rôs mei glitters, ús leaflingskleur. We kenne elkoar al fan doe’t wy babys wienen, wy leinen doe tegearre yn de boks en no fine we it leuk om te sjongen en te dûnsjen.

Nyna Smid en Ylze Elzinga (beide 6) binne fan de berte ôf al bêste freondintsjes.

Jilles (4) en Jisse (3) binne neefkes en meie hiel graach mei-inoar boartsje. It leafste mei de helikopter, mar lekker drave troch it bosk fine se ek machtich.

Jesse

Willems (9) uit Drachten zijn al vanaf groep 1 beste vrienden.

Lisa Adema en Mara de Winter út De Jouwer binne fanôf de earste dei op de basisskoalle yn groep 1 bêste freonen. No sitte se yn groep 7. Mara en Lisa, it is hast in begryp. BFF neame se inoar. Yn oktober beide 10 jier wurden en ek it jierdeifeestje moatte se dan wer tegearre fiere. Dizze foto wie foar harren útnûging ôfrûne oktober.

Maeve en Senne ferskille 2 wiken, en boartsje altyd sa leaf tegearre. De memmen fan dizze 2 berntsjes binne ek nochris goeie freondinnen fan elkoar! Baron en Hidde

Hidde

Maes & Redmar (2) út Warten tegearre oan in dikke ijsko.

Ferre Dunnewind (7) en Jimte Overal (6) út Achlum binne meielkoar opgroeid. De bêste maten fan it begjin ôf. Tegearre belibje se de moaiste aventoeren. As se inoar te lang net sjogge, dan misse se inoar hiel bot.

Dit

(3) en

Lizzy van der Wal, Fenna Feenstra en Janna de Jong uit Workum zijn heerlijke vriendinnetjes!

Riemer Westra en Lucas Huygen (beide 10) út Stiens binne freonen sûnt de kleuterskoalle. Se helpe inoar altyd. Riemer is in grutte steun foar Lucas, dy’t diabetes hat. Mar doe’t Riemer mei corona net sint-martenrinne koe, rûn Lucas in bytsje ekstra en dielde alles mei Riemer.

Menne Spoelstra (5) en Pieter Sitenga (4) uit Augustinusga zijn beste vrienden. Deze foto is gemaakt bij Survivalrun De Knipe, afgelopen mei. Samen hebben ze de krumeltsjes-run gelopen.

Rein, Ruerd, Minke, Yfke en Eise binne net allinne neefkes en nichtsjes, mar ék elkoars bêste freontsjes. Rein en Minke ha yn de simmerfakânsje in skoft yn it sikehûs lein mei in firus en koene dêrom hiel lang net mei de rest boartsje. Wat wiene se bliid om elkoar dêrnei wer te sjen!

Nauta en Yulian Faber (9) uit Hitzum/Franeker zijn al sinds de peuter maatjes! Nu alweer samen in groep 6! binne Marjanne Brouwer Janna de Jong (4) út Koufurderrige en Harich. Krekt as harren memmen dikke freondinnen!
28 29

Verlies en rouw

Traumatherapie

Voor iedereen die te maken heeft met een miskraam, verliesgeboorte, abortus en embryo’s die verloren zijn gegaan in een vruchtbaarheidstraject.

Coaching

Korte trajecten en losse sessies voor moeders die verantwoordelijkheid willen nemen voor hun eigen gezondheid.

Zwangerschapsbegeleiding

Om tijdens je zwangerschap vol vertrouwen uit te kijken naar de geboorte van je baby.

Herstel op een zachte, maar effectieve manier van de ingrijpende gebeurtenissen uit de periode rond de geboorte van je baby. Herken jij je in een van de situaties en heb je hulp nodig?

– want in boek kin altyd –

– want in boek kin altyd –

Fryske boek- en kadowinkel

Fryske boek- en kadowinkel

Boterhoek 3, Ljouwert (058) 234 30 70 ynfo@afuk.frl websjop.afuk.frl

Boterhoek 3, Ljouwert (058) 234 30 70 ynfo@afuk.frl websjop.afuk.frl

/stichtingafuk  /stichtingafuk

/stichtingafuk  /stichtingafuk

Kinderopvang

in en om Leeuwarden

Komen jullie snel een kijkje nemen?

Afspraak

maken kan via 058 267 28 50 www.sinnekinderopvang.nl
der Valk memmesoarch.nl jantina@wijdragen.nl 06
19
Jantinaalkvan
83 61 68
Neem dan contact met mij op. Samen kijken we wat ik voor jou kan betekenen.

De Bjusterbaarlike Baron

Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Dit boek giet oer de ferhalen fan de Baron von Münchhausen; it iene noch wûnderliker as it oare! De baron hat yn syn tiid hiel wat belibbe en dêr mei hy graach oer fertelle. Mar at alles wol hielendal is sa at er seit…?

It boek is geskikt foar bern fan 6 oant 10 jier; dêrmei hingje ús jonges wol oan de ûnderkant fan ’e doelgroep. Mar in lytse yntroduksje mei de meidieling dat de baron hjir en dêr miskien ek wolris wat swetse koe, makke de jonges hiel nijsgjirrich!

It kleurrike kaft nûget út; hja kinne al in bytsje sjen wat der allegearre yn ’e holle fan ’e baron omspûket. Alle haadstikken beslagge in dûbelde side; de iene kear mei in grutte en kleurrike yllustraasje, de oare kear mei in prachtige swart-wyt tekening.

Yn it earste ferhaal docht bliken dat de baron sels syn ferhalen ‘fertelt’. Dy skriuwwize soarget derfoar dat de belibbing fan it boek grutter wurdt. De lêzer wurdt echt meinaam yn de aventoeren fan de baron. De iene kear jeie jo mei de baron yn ’e slide oer de besnijde flakten fan Ruslân, de oare kear stean jo foar in lestige kwestje midden yn ’e loft.

Trochdat de ferhalen net sa lang duorje, is it boek ek hiel geskikt om per haadstik te lêzen foar it sliepen gean. Fyftjin jûnen hawwe wy mei de baron op aventoer west en nei elk ferhaal wiene de jonges enoarm entûsjast. Want ja, dit soe wol wer in swetsferhaal wêze, toch mem? Meielkoar ha we alle jûnen ûndersocht oant wêr’t it ferhaal noch wier wêze koe en fanôf wêr’t it dochs wol hiel sterk waard.

Doe’t ik nei it lêste ferhaal ferklapte dat de baron echt bestien hat, wie dat foaral in hiele ferrassing! Soene de ferhalen dan dochs allegearre krekt sa wêze as dat de baron ferteld hat…?

Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach Mem fan Wiebren (6) en Sipke (4) Sljocht op boeken, (foar)lêzen en taal yn it algemien

30 31

Nije boeken!

De Bjusterbaarlike Baron (6-10 jier)

Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse!

Simone Veenstra: “Sophie (11) fynt it aardich dat it boek oars is as oare boeken omdat der allegear dingen barre dy’t hielendal net kinne. Se fynt it ferhaal fan it heale hynder it leukst. Dêrneist is it ferhaal fan de bargesturt ek ien fan har favoriten, al is it wol wat sneu hoe’t it mei de baarch ôfrint. De Bjusterbaarlike Baron is in bysûnder moai boek, dat de fantasy fan ʼe bern prikelet en se meinimt nei in wrâld fol aventoer.”

Winterboek (2-6 jier)

In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier. Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!

Irene Klompmaker: “Wylst ik it boek besjoch, komt Seppe der dochs efkes by stean. Hy komt in spultsje tsjin dêr’t er aardichheid oan hat: mei stiften it lyntsje folgje om te ûntdekken hokker pakje foar Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu is. It duorret net lang of wy hawwe al in pear spultsjes dien en twa gedichtsjes en in ferhaaltsje lêzen.”

13,50
€ 9,99

€ 15,-

Jelle en juf (4-8 jier)

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei … Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is.

Amanda Binnema: “We binne faak slop fan it laitsjen as we de ferhaaltsjes lêze. Jelle dy’t juf net heart, omdat syn earen noch op it nachtkastke lizze. In nij famke op skoalle dat net boartsje en prate wol, Jelle stoppet in pear batterijen yn har rêch en se begjint te praten. Of dy kear dat Jelle in ko meinimt nei skoalle, omdat er skjin syn nocht hat fan syn lekkende beker elke kear. Machtich moai betocht en in oanrieder foar elke learkrêft fan groep 1&2 om yn ’e klasse te hawwen. En ek foar elk grappich, tûk en leaf jonkje en famke en harren âlders in moaie oanwinst yn ’e boekekast.”

en de Aardichman (5-9 jier)

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him? In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint. Mei prachtige yllustraasjes.

Hilde van Kalsbeek: “It begjin fan it ferhaal is wol wat spannend. Al gau krijt it personaazje ‘Aardichman’ wat mear betsjutting. It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom. It boek makket nijsgjirrich oant de ein.”

€ 14,95

Abe Al dizze boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl of freegje dernei yn dyn boekhannel
32 33

BERNEPRAATSJES

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl

Marrit (3) staat bij het kippenhok van haar pake en beppe en zegt: ‘Weet je wel waarom kipjes geen eitjes kunnen eten? Omdat ze geen handjes hebben!’

Fenne (2) hat in suske krigen en dêr is se wakker wiis mei. Doe’t se de kreamhelp útswaaiden, sei se: ‘Bedankt dat Agatha de baby brocht hat!’

Elske (5) hat wer allegear moaie nifelwurkjes makke op skoalle. Elske: ‘Mem, ik bin tink ik geboaren om moaie dingen foar jim te meitsjen!’

Maeike (3) is op fakânsje en boartet op it springkessen mei in famke. ‘Zullen we “heit en memmeke” doen? Ben ik de mem, en jij de zus.’

Bram (6): ‘Wit mem wat ik my no myn hele leven al ôffreegje?’ ‘Nou?’ seit mem. ‘Fiif plus fiif, is dat no PRESYS tsien? Of…’ ‘Ja, dat is presys tsien Bram’, sa leit mem út. Bram: ‘O ja, dus toch.’

Het is oudejaarsavond als heit vraagt of hij een astronaut af zal steken. ‘Nee!’ zegt Luke (7). ‘Ik wil liever nog op aarde blijven.’

Wij keken het EK vrouwenvoetbal op televisie. Ivo (2,5 jaar) komt aangelopen en blijft even staan kijken: ‘Klopt dat wol mem? Froulju dy’t fuotbalje?’ En ik maar denken dat ik hem een beetje geëmancipeerd opvoed.

Janna (4) freget oan heit en mem: ‘Ha jim my no hjir yn ’e keamer makke of dêr yn ’e wurkkeamer?’ Mem sjocht ferheard op. ‘Of bedoelst wêr ast berne bist?’ ‘Ja!’ seit Janna. ‘O, yn it sikehûs’, seit mem ferromme.

Luister naar je hart

Communiceren met de Luisterkind Methode

Baukje Postma uit Harich voert een gesprek op afstand en luistert van hart tot hart, als je ervoor openstaat. Antwoorden op dieperliggende vragen zijn er niet alleen voor kinderen en hun opvoeders, maar ook voor volwassenen, het ongeboren of het pasgeboren kind. Het hart spreekt immers in elke taal, en spreekt altijd de waarheid.

Baukje werkte ruim dertig jaar op een basisschool als leerkracht, intern begeleider, coach en gedragsspecialist, maar de protocollen gingen haar steeds meer tegenstaan. In 2018 volgde ze de opleiding tot Luisterkindwerker en in 2020 besloot ze ‘haar’ school vaarwel te zeggen en haar hart te volgen in een nieuwe spirituele richting. ‘Ik wil mij vrij met het kind en de opvoeders verbinden en op een diepere laag luisteren naar wat er echt nodig is. Minder

vanuit het denken, meer vanuit weten, voelen en in afstemming’, licht ze toe. Toch heeft zij zich opnieuw verbonden aan het onderwijs, nu bij het IBBO (Ik Ben Bewust Onderwijs) in Wijckel; vernieuwend onderwijs voor kinderen van 4 – 18 jaar (zie kader voor meer info).

Baukje: ‘Ik zie dat met name hooggevoelige kinderen minder goed in het reguliere onderwijs passen. “Kinderen zitten niet

Skriuwer: Ciska Noordmans
34 35

goed in hun vel”, wordt er dan gezegd; ze worden dwars of ze trekken zich terug. Juist voor zulke kinderen kan het IBBO passend onderwijs bieden. We weten immers al heel veel, we voelen als kind al veel, maar we leven in een kennismaatschappij, waar denken en rede vaak meer aandacht krijgen dan het gevoel. Dat lijkt logisch, maar daardoor verliezen we het luisteren naar ons hart. Ons gevoel vertelt ons altijd wat we werkelijk willen, en ook wat we eigenlijk al weten. Het is ons verstand dat het gevoel vaak wegredeneert, maar volgens de wetenschap is er voldoende bewijs dat de hersenen worden aangestuurd door het hart.’

Ontstaan methode Luisterkind

Vanuit het gevoel dat het hart het grootste brein is, in plaats van het verstand, is Baukje verder gaan werken. De methode Luisterkind van Diana Hendriks sluit aan bij dit principe.

Baukje: ‘Diana heeft de methode ontwikkeld en werd op het spoor gezet door een zwangere vriendin. Zij had al een poosje geen teken van leven van haar ongeboren kind gevoeld en deelde haar zorgen, waarop Diana zei: ‘Waarom vragen we het kind zelf niet of het een teken wil geven’. Ze stemde af op het kind, vroeg om een teken, waarop het kind reageerde met een schop tegen de buikwand. Vanuit dit principe is de methode verder ontwikkeld.

Hoe werkt het?

‘We kunnen het allemaal, maar we zijn verleerd hoe we de juiste frequentie vinden om op elkaar af te stemmen,’ vervolgt Baukje, ‘zie het als draden van een spinnenweb die met elkaar verbonden zijn, of geluidsgolven die informatie transporteren. Het gaat erom dat je als zender en ontvanger op elkaar afstemt op zielsniveau.’ Als je openstaat voor een gesprek en dat kenbaar hebt gemaakt, hoef je niet op dezelfde plek te zijn voor een afstemming. Baukje voert in de energie een gesprekje met jou en vertaalt dit naar een geschreven of getypte tekst.

‘Het gaat erom dat je als zender en ontvanger op elkaar afstemt op zielsniveau.’

Voor wie?

De methode is voor Baukje een belangrijk instrument om met kinderen en ouders te communiceren. Soms merken ouders dat hun kind ergens mee zit. Kinderen kunnen samen met de ouders een afstemming aanvragen, bijvoorbeeld als kinderen niet met plezier naar school gaan, gepest worden, bang zijn in het donker, iets verdrietigs hebben meegemaakt of een andere vraag hebben. Na de afstemming is het niet klaar, vaak is er werk aan de winkel voor zowel de ouders als het kind.

Baukje: ‘Een afstemming kan voor vele verschillende thema’s worden ingezet. Onder andere bij een geboorteverwerking, wanneer er trauma’s of problemen tijdens de geboorte zijn ontstaan. Of bijvoorbeeld bij een kinderwens, wanneer het uitblijven van een zwangerschap spanning en soms schaamte oproept. De afstemming kan ook ingezet worden bij geboortebegeleiding. In vier sessies tijdens de laatste maanden van de zwangerschap wordt met het kind in de buik contact gezocht en laat het de ouders weten wat het nodig heeft op aarde. De afstemming is er ook voor volwassenen bij levensvragen, of om helder zicht te krijgen op het familieverbond. Waarom ben je bij elkaar en wat leren jullie van elkaar? Het laatste thema is de levensbrug, wanneer rechtstreeks communiceren met een dierbare niet lukt, bijvoorbeeld bij comapatiënten, dementie of bij overleden zielen.’

Van hart tot hart, van ziel tot ziel. Voor veel natuurvolken is het dagelijkse kost. Wanneer kreeg jij voor het laatst een berichtje van iemand waar je net aan dacht?

Baukje Postma

Wil je meer weten over Baukje of over de methode Luisterkind, kijk dan even op www.hoorjehart.nl. Voor meer info over IBBO (Ik Ben Bewust Onderwijs): www.ibbo.eu

36 37

In Fries om utens

Wêr komst wei en wêr wennest no?

Oarspronklik kom ik út Snits. Yn 1998 bin ik begûn mei in stúdzje sjoernalistyk yn Utert. Dêr bin ik nei twa jier mei ophâlden. Ik haw doe in skoft yn Barcelona wenne en doe’t ik weromkaam yn Utert haw ik my ynskreaun foar de oplieding Learaar Spaansk. Dêr wurkje ik no as dosint Spaansk.

Hoe is Osvaldo hjir bedarre?

Osvaldo trof ik yn 2016 yn Oaxaca, Meksiko. Ik hie doe in jier ûnbetelle ferlof nommen om te reizgjen en frijwilligerswurk te dwaan yn ferskate lannen yn Latynsk-Amearika. Yn Meksiko wurke ik as minskerjochtewaarnimmer. Doe’t ik dêrmei klear wie, woe ik graach de steat Oaxaca kennen leare. En dêr haw ik Osvaldo moete, yn in hostel dat rund waard troch in Meksikaanske famylje. De twa jier dêrnei kaam Osvaldo hieltyd foar trije moanne nei Nederlân. Om’t hy dan ek wer hieltyd trije moanne werom moast, ha we derfoar keazen om mei-inoar yn Nederlân te wenjen. It feit dat syn twa âldste dochters op dat stuit yn België wenjen giene, spile ek mei. It wie bêst in spannende tiid, omdat Osvaldo slagje moast foar in tal ynboargeringseksamens. Dy moast er meitsje op de Nederlânske ambassade yn Meksiko-Stêd. Uteinlik slagge Osvaldo dêr pas trije moanne foar de berte fan Itzel foar. Wy wiene hiel bliid dat er dêrnei yn Nederlân bliuwe mocht en dat er by de befalling wêze koe.

Hokker taal/talen prate jimme thús?

Wy prate beide ús eigen taal mei Itzel. Myn memmetaal is Frysk en dat prate Itzel en ik dus ek mei-inoar. Mei har papá (heit yn it Spaansk) praat Itzel Spaansk. Dy taal prate Osvaldo en ik tegearre ek.

Osvaldo ferstiet gjin Frysk, mar as wy bygelyks oan tafel sitte te iten en mei-inoar prate, fertaal ik meastal wat Itzel en ik tsjin elkoar sizze nei it Spaansk, sadat Osvaldo it ek begrypt. Osvaldo begrypt seker wol in tal fêste sinnen yn it Frysk, lykas: ”Net op ’e grûn goaie” en ”sjoch ris”.

Hoe belangryk is Fryslân/de Fryske taal foar dy?

Hiel belangryk! Doe’t ik yn ferwachting wie fan Itzel haw ik in soad Spaansk praat tsjin har. Mar doe’t Itzel berne waard, gie ik suver fuortendaliks oer op it Frysk. It Frysk is de taal fan myn famylje en fan myn hert. De taal fan myn thús. It is folslein fanselssprekkend dat ik mei myn dochter Frysk praat. No’t ik alle dagen Frysk praat, ûntdek ik myn eigen taal wer opnij, en dat fyn ik hiel moai. Ik fyn it ek moai dat der safolle Fryske berneboeken en berneferskes binne tsjintwurdich. Wy hawwe ek al in pear kear by in foarlêsmoarn yn de Afûkwinkel west.

No’t ik al mear as de helte fan myn libben yn Utert wenje, kin ik de rêst en de natuer yn Fryslân hiel bot wurdearje. Snits en Warkum binne foaral plakken dêr’t ik graach mei myn dochter hinne gean om by myn famylje te wêzen. Dêr praat ik ek hieltyd mear Frysk yn winkels, wat ik eartiids noait die! Ik fyn it moai om myn eigen taal prate te kinnen en ik fyn in dei winkeljen yn Snits echt in ferromming ferlike mei it drokke Utert.

Opropke!

Wy komme geregeld yn kontakt mei Spaansktalige gesinnen yn Utert, mar folle minder mei Frysktalige. Wy soene graach yn kontakt komme mei Frysktalige gesinnen yn Utert en omkriten. Reaksjes kinne stjoerd wurde oan ynfo@heitenmem.nl.

Namme: Marije Douma (43 jier)Wennet yn: Utert (Utrecht)Mei: Osvaldo Padrón Pérez (42 jier) útMeksiko en Itzel Padrón Pérez (4 jier)

STREEPKES

Konsekwint wêze. Ien fan de grutste problemen dêr’t âlders tsjinoan rinne yn de opfieding fan bern. Sizze wat jo dogge en dwaan wat jo sizze, dat is foar in hiel soad minsken in grutte opjefte. Bern hawwe lykwols in protte ferlet fan dúdlike regels en straffen dy’t hearre by in oertrêding.

Wat dat konsekwint wêzen oanbelanget, ha ik in grut foardiel fan myn eftergrûn yn it ûnderwiis. Ik ha learaar Nederlânsk west oan Het Drachtster Lyceum en oan skoallemienskip Stad & Esch yn Meppel. Te let komme betsjutte in strafopstel oer in ûnderwerp dat iksels opjoech. Boek of skrift net mei? In opstel skriuwe en de folgjende les ynleverje. Húswurk net dien? Opstel. Net soms, net miskien, net eventueel, mar altyd deselde konsekwinsje.

Sa wurket it thús fansels ek. As jo net konsekwint wêze kinne, meitsje bern der al gau in potsje fan. Foar hast alle oertrêdings fan ús regels hawwe wy foar Simm (8) en Tomm (6) in administraasjesysteem betocht. Mei in bytsje help fan IKEA, want ús Besta-kast blykt in perfekt krytboerd. In grutte mûle tsjin heit en mamma of skelle en flokke? In strafstreepke achter dyn namme op de kastdoar. By trije strafstreepkes: freeds gjin freontsje te boartsjen. Jûns nei de lekker-koese-tút noch roppe om neat of wer út bêd komme om in wissewasje? In sliepskermke achter dyn namme. By trije sliepskermkes oan ’e ein fan de wike: it hiele wykein gjin skerm. Dus gjin iPad, gjin telefyzje en gjin Nintendo Switch. Gûle om neat jout in huilebalkje fan kryt op de doar. Trije huilebalkjes: moarn gjin snoepke. Dat wurket. Alteast, by ús.

No hawwe de jonges én Bitoen ek wol wat op heit oan te merken. Sels fyn ik fansels fan net, mar myn sketen skine nochal te stjonken. Doe’t ik fan ’e wike in bêste gaswolk yn de auto ûntsnappe liet, hie Simm yn de keuken in konsekwinsje betocht. ‘Sgeetstreepjes’, stie der mei kryt op in kastdoarke. Mei fuort ien streepke efter myn namme. Op myn fraach wat der barre soe by trije fan dy skeetstreepkes? Dat moast ik mar oan mamma freegje. Ik wit it ûnderwilens, de bern net fansels. It hat wat te krijen mei bepaalde aktiviteiten yn ’e sliepkeamer. Mar hiel folle pikanter woe ik dizze kollum net meitsje.

YouTube: Andries Jelle de Jong Instagram: @andriesjelledejong

Andries Jelle de Jong (44) hat mei syn frou Bitoen twa Frysk-Fjetnameeske feintsjes.
38 39
Foto: Hippe Kiek Fotografie

‘Myn bern wol net ite, wat moat ik no?’

As wy jûns binnen sjen koenen by alle húshâldingen yn Fryslân, dan seagen wy grif oan in oantal itenstafels in net sa gesellich tafriel. Bern en iten, wat kin it soms dreech wêze! Sjochsto der ek tsjinoan, jûn wer striid oan tafel? Dan hast miskien wat oan ’e tips fan Hilly Posthumus, sy is orthomoleculair (kinder)voedingscoach.

Hilly is ek te finen op Instagram: kindervoedingscoach_hilly

Har earste tip – en fuort de belangrykste: ‘Meitsje der gjin ding fan. Lit it los. In sûn bern hongert himsels echt net út.’ Hilly wennet mei har húshâlding yn Berltsum. Sy hat twa bern, in famke fan acht jier en in jonkje fan trije jier. ‘Us jongste iet altyd alles, mar hy is no mei it jûnsiten ek wat sinnich. Ik meitsje my dêr net drok om. Ik wit dat hy oerdeis syn boustoffen wol krijt.’ In soad jonge bern binne jûns eins te wurch om te iten. ‘Se ha de put derút. Ast dan as âlder begjinst oan te trunen: de panne moat leech én even opsjitte, slagget it hielendal net’, wit Hilly. ‘Sjoch ek ris goed: hoe giet it der jûns om ta, by jim oan tafel? Ha jim eins wat te min tiid om iten te sieden en moat it iten sels “hurd, hurd”, omdat der jûns noch fan alles barre moat? Bern binne dêr hiel gefoelich foar.’

Oerbrein

Boppedat: bern tinke noch mei harren oerbrein. ‘Iten mei felle kleurkes, sa as sommige grienten, binne neffens dat oerbrein gefaarlik. Dyn bern krijt fanút syn ynstinkt in seintsje: net opite, kinst siik fan wurde. It is oan ús om bern sjen te litten dat dy griente wol feilich is, en lekker en sûn. Asto sels faak genôch it goeie foarbyld joust, leart dyn bern dat wol. Mar der druk opsette helpt net.’ Watst ek net dwaan moatst: dan mar in stik bôle deryn, of in toetje… ‘Dan tinkt dyn bern: lit dat iten mar sitte, ik krij wol wat oars!’

Op in oar momint

Wat moatst wól dwaan? ‘Do joust it goeie foarbyld, dat stiet foarop. Lit dyn bern sjen datsto troch de dei hinne ek allegear lekkere, sûne dingen ytst. En: griente heart net perfoarst by it jûnsiten. Bied dy op ferskate mominten oan. By de fruithap bygelyks, of by it middeisiten. Dan ha bern noch genôch enerzjy om nij iten te ûndersykjen en echt te priuwen.’

Sels kieze, sels opskeppe

Wat ek helpt: dyn bern in kar jaan. ‘Wêr’tsto de iene dei nocht oan hast, stiet dy de oare dei tsjin. Dat is by bern ek sa. As dyn bern kieze mei, joust him in stikje eigenwearde.’ En noch wat: it hoecht net op. ‘De panne hoecht net leech. Lit dyn bern sels mar opskeppe, ek al is it mar ien leppel. As dy opgiet, kin er noch in kear pakke. Bart dat net? Moai litte, dan hat er echt gjin nocht mear. In sûn bern hongert himsels net út. Dêr meie wy as âlders wol wat mear fertrouwen yn hawwe.’

Sjoch goed nei dyn bern, seit Hilly derby. ‘As in pjut net mear hoecht, draait er syn holle fuort of skoot er de panne mei iten fan him ôf. Dat binne dúdlike sinjalen. Asto dochs trochdrukst mei de leppel, seist eins tsjin dyn bern: ik leau dy net.’

Belutsen by it iten

In posityf gefoel by iten kinst kreëarje troch dyn bern te belûken by it tarieden derfan. ‘Do kinst dyn bern bygelyks meinimme yn dyn planning foar de wike: wannear ite we wat? En do kinst fansels wol wat help brûke by it itensieden! Doch dat op in frije dei, of yn ’t wykein, nim dêr even de tiid foar.’ Der binne dus allegear opsjes om bern te belûken by it iten, sadat it ‘eigen’ wurdt. ‘Moatst der even yn ynvestearje.’

En: úteinlik komt it wol goed mei dat iten. ‘Tusken twa en seis jier binne bern faak lestiger mei iten. Hâld de moed deryn, bied op oare mominten grienten en oare nije dingen oan en lit it wat los. Bliuwt it echt lestich en hast it gefoel dat it net goed komt? Dan help ik graach!’

40 41

Fuort mei de sobber!

Ik stean op ’t skoalplein te praten mei ien fan de memmen. Har dochterke Aafke fan hast fjouwer jier hat in sobber yn ’e mûle. ‘Do bist dochs logopedist?’ freget mem. ‘Kinst ek wat tips jaan? Oare minsken fersteane ús Aafke hast net en se slist ek.’

Ik lit my yn ’e hoksen sakje en bewûnderje Aafke har koeser. ‘Wat in muoie koeser hasto. Hat dy ek in namme?’ freegje ik. ‘Asssse’, slist Aafke. De flibe rint har oer it kin. ‘Y iss eaf’, fertelt se.

Ik knik. ‘Ik kin dy net hielendal ferstean Aafke. Kinsto de sobber ek efkes út de mûle helje en it nochris fertelle? Ik wol sa graach witte wat der mei hazze is’, sis ik. Aafke dûkt wei efter mem. Ik kom oerein. ‘It liket my ferstannich om de sobber ôf te bouwen’, sis ik. Mem sjocht my skrokken oan.

‘Ik wit dat it net goed is’, seit se. ‘Mar Aafke kin der wier net sûnder.’

Ik knik. ‘Har mûlspieren wurde slop. Dêrom flybket se en kin se minder dúdlik prate. Dêrtroch kinne oaren har minder goed ferstean. As se ynkoarten nei skoalle giet, hat dat ynfloed op bygelyks it boartsjen mei oare bern. Dêrneist kinne tosken skeef groeie en feroaret de foarm fan de mûle (ferwulft). Ek kin se ferkeard begjinne te slokken.’

Mem sjocht my wer skrokken oan. ‘Dat wist ik net. Hie ik har dan better leare kinnen om op har tomme te sobjen?’

Ik skodzje myn holle. ‘Nee, tomkjen en op de fingers sobjen soarget foar deselde problemen, allinne kinst de sobber makliker weinimme’, lis ik út.

‘It is ek wier net frjemd dat heiten en memmen begjinne mei in sobber’, besykje ik har del te bêdzjen. ‘Babys hawwe dat ferlet no ienkear. It jout in gefoel fan feiligens. De keunst is om der op tiid mei te stopjen. Mar ik begryp datsto dêr tsjinoan sjochst. Wier, it stopjen mei de sobber liket no hiel dreech, mar meastal falt it ta’, fertel ik har. ‘Al hasto miskien de earste nacht en miskien wol de earste wike wat koartere nachten. Mem sjocht my betinklik oan en knikt. ‘Ik haw wol in pear tips. Ik app se dy daliks efkes*’, sis ik. ‘Ek ried ik dy oan om in ôfspraak te meitsjen mei in logopedist. Dy kin mei alles helpe. It komt allegearre goed.’

In pear wike letter tref ik de mem fan Aafke wer op ’t plein. ‘Do hiest hielendal gelyk’, ropt se noch foardat se by my is. ‘It foel tige ta. Ik haw dyn tips daliks opfolge. In beleanningssysteem en oerdei net mear de sobber’, seit mem. ‘Ofrûne freed hawwe we alle sobbers op de bus dien. Aafke hat jûns mar in oerke ûnrêstich west en no hear ik har der net mear oer’, fertelt se ferbjustere. ‘Ik seach der as in berch tsjinoan. Dat hie ik earder dwaan moatten’, seit se.

‘Gelokkich’, sis ik.

‘En de logopedist is hiel aardich’, seit mem. ‘Se hat allegearre mûlmotorykoefeningen meijûn. Minsken kinne har no al better ferstean’, fertelt mem bliid.

Dêr giet de skoalbel. Aafke komt hân yn hân mei har nije freontsje nei bûten draven. Se laket har tosken bleat!

* Tips om fan de sobber ôf te kommen

• Stopje sa betiid mooglik mei de sobber as it ferlet fan sobjen ôfnimt. Om de 1 oant 1,5 jier hinne. Stekt dyn berntsje daliks de tomme of wat oars yn de mûle? Dan kinst better noch efkes wachtsje en it letter noch in kear besykje. Foar de leeftiid fan twa jier moat it eins wol dien wêze mei de sobber. Hoe earder, hoe makliker it giet.

• Brûk in beleanningssysteem (foar de wat âldere bern). Bou it oantal oeren sûnder sobber op. Of praat ôf dat de sobber op bêd bliuwt en allinne noch mar foar nachts is.

• Treast net mei in sobber. Treast it bern sels of bied it in alternatyf, bygelyks in koeser.

• Freget it bern hieltyd om de sobber? Soargje dan foar ôflieding. Bygelyks heit/mem helpe.

• Meitsje in nij ritueel by it op bêd gean. In ekstra ferske of in boekje foarlêze, sadat it bern alfêst leare kin om te ûntspannen sûnder sobber.

• En, wichtich, bliuw konsekwint, hoe dreech dat somtiden ek is.

• Nim ôfskie fan de sobber! Doch de sobbers op de post. Begraaf se yn de tún. Swaai se út, jou se oan Sinteklaas foar de babypiten, ensfh. Doch dat op in dei dat der genôch rêst is yn de húshâlding en heit/mem der sels ek de romte foar hawwe.

Guon minsken slaan alle boppeneamde stappen oer en nimme daliks ôfskie. Dat kin bygelyks as it bern de sobber allinne op bêd brûkt. Spilet de sobber oerdei in grutte rol, dan kin ôfbouwen in bettere kar wêze. Dêroer binne de mieningen ferdield.

42 43
Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch.

'Inspi op Insta'

setjes baby- en kinderkleding zien. Scan de QR-code en vlieg direct naar Instagram. :-)

Word GRATIS BabyPlanet Family Member en spaar voorkorting! 500 punten = €20,- en 1.000 punten = €50,Oh baby, it's shoppingtime! En wij nemen je aan de hand in deze nieuwe wereld. BabyPlanet's favorites Wist je dat onze gróóóte winkel in Drachten 7 dagen per week open is? Dus ook elke zondag! Een ideale dag om (samen) te shoppen voor je kleintje. 1. Stokke Tripp Trapp black 235,- dé design kinderstoel • 2. Jollein Dinnerset caramel 34,99 mooi op tafel en handig met zuignap • 3. Sophie de Giraf 20,99 een klassiek babycadeau • 4. Little Dutch Baby Walker Little Goose 69,95 de eerste stapjes leren wordt een feestje! • 5. Studio Noos Mom Bag Holy Cow 59,95 alle babyspullen in deze super shopper • 6. Feetje pyjama v.a. 14,95 al meer dan 25 jaar dé musthave pyjama Van speen tot kinderwagen, van romper tot babykamer... Laat je bij BabyPlanet inspireren door de mooiste babyspullen! Onze babywinkels vind je in Drachten, Sneek, Assen, Meppel en Groningen • Shop online op babyplanet.nl 3.000m2 baby-spullen-geluk bij BabyPlanet Drachten!
Kleding shop je in onze winkels van maat 50 t/m 110.

Zelf vogelvoer maken met kinderen

Nu het steeds kouder wordt, is het voor de vogels lastiger om eten te vinden. Je kunt ze een handje helpen deze winter. Ik laat zien dat je heel eenvoudig samen met je kinderen zelf vogelvoer kunt maken, zodat je de vogels deze winter goed kunt verwennen!

Wat heb je nodig?

• Vet (bijvoorbeeld kokosolie of frituurvet)

• Zaden (zoals maanzaad, pompoenpitten of zonnebloemzaden of gewoon kanten-klaar vogelzaad)

• Uitsteekvormpjes

• Bakpapier

• Draad

• Rietje

Ga aan de slag

1. De verhouding vet en zaden is ongeveer fiftyfifty. Ik heb voor deze drie vormpjes 75 gram kokosolie en 75 gram vogelzaad gebruikt.

2. Smelt het vet in een pannetje op laag vuur (maak het vooral niet te heet).

3. Voeg de zaadjes toe aan het warme vet en roer het door. Merk je dat het te vet is? Voeg dan nog wat zaadjes toe.

4. Verdeel het mengsel over de vormpjes en druk zacht aan met de achterkant van een lepel.

5. Knip een rietje in drieën en steek in elk vormpje een stukje. Zo krijg je straks een gaatje waar je ze aan kunt ophangen.

6. Laat ze goed afkoelen (bijvoorbeeld in de koelkast).

7. Als alles hard is geworden, verwijder je voorzichtig de rietjes en vormpjes.

Nu is het tijd om het vogelvoer, samen met de kinderen, buiten op te hangen, of een ander plekje te geven in de tuin.

Tip:

Hi, ik ben Cheryl (34 jaar), getrouwd en mem van Wisse (6 jaar) & Carice (3 jaar). Met z’n vieren wonen we in Kollum. Op mijn mama- en lifestyleblog Ps. Cheryl (www.pscheryl.nl) vind ik het geweldig leuk om inspiratie voor vrouwen/moeders te delen. Van moederschap tot lekkere recepten. Leuke DIY’s of tips voor uitjes met het gezin.

Variaties

Het is niet alleen leuk omvogelvoer met uitsteekvormpjeste maken, je zou het bijvoorbeeldook kunnen maken met:• een oud kopje dat je nog in dekast hebt staan• de onderkant van een melkpak• cupcake-vormpjes

Om de vogels helemaal teverwennen, zou je er ooknog een aantal doppinda’saan kunnen rijgen.

44 45

Krystkaarten

Tomke en Romke sitte by de grutte tafel. Dêr lizze kaartsjes en plaatsjes op. Romke pakt in plaatsje fan in krystbeam en Tomke plakt dat op in kaart. ‘Dizze kaart is foar Yana Yu’, seit er. ‘No meitsje we in kaart foar juf Klaske.’ Romke siket in plaatsje fan in stjer. en Tomke plakt dat wer op in kaart. ‘Sille we ek in krystkaart foar buorman Piter meitsje?’ freget Romke. ‘Ja, leuk!’ laket Tomke. Op buorman Piter syn kaart komt in plaatsje fan in krystman. Kornelia skriuwt op alle kaarten fan Tomke en Romke. No moat op elke kaart noch in postsegel. ‘Och, alle postsegels binne op’, seit Kornelia. ‘Sûnder postsegel kinne we se net fuortstjoere.’ Hè, dat is spitich. ‘Ik wit wat’, betinkt Kornelia. ‘Wy dogge de jas oan en bringe mei-inoar de kaarten teplak.’ ‘Joepy!’ roppe Tomke en Romke. ‘Dan binne wy postboades.’ Yn it tsjuster rinne se nei it hûs fan juf Klaske.

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.

Tomke triuwt de kaart mei de stjer troch de brievebus. No kuierje se nei it hûs fan Yana Yu. Dêr brâne de ljochtsjes yn de krystbeam, mar der is net ien yn de keamer. Romke triuwt de kaart troch de brievebus. Dan is der noch ien kaart oer, de kaart foar buorman Piter. Yn it fersoargingstehûs steane wol hûndert brievebussen yn de hal. Welke is fan buorman Piter? Kornelia siket en siket. ‘Ja!’ ropt se, ‘dit is ’m! Mei ik no postboade wêze?’ Dat mei fan Tomke en Romke. As se thúskomme, docht Kornelia de doar iepen. En wat leit dêr op de matte? In krystkaart foar Tomke en Romke! ‘De postboade hat hjir ek west’, laket Kornelia. ‘Fan wa ha we dy kaart krigen?’ freget Tomke. Kornelia lêst wat der op de kaart stiet. ‘Fan Yana Yu!’

Dit ferhaal komt út it winterboek, in wintersk dochboek foar bern fan 2 o/m 6 jier. Te keap foar mar € 9,99 fia websjop.afuk.frl

Skriuwer: Geartsje Douma
|
Yllustraasje: Luuk Klazenga

FERNEAMD Jille

Grutte Jille is 67 jier en wennet yn Bûtenpost (pake)

Daan Jille is 10 jier en wennet yn Bûtenpost (pakesizzer)

Rick Jille is 9 jier en wennet yn Boerum (pakesizzer)

Jille Jacob is 7 jier en wennet yn Stroobos (pakesizzer)

Halbe Jille is 50 jier en wennet yn Kollum (omkesizzer) ~ net op de foto

Jesper Jille is 16 jier en wennet yn Kollum (achterneef) ~ net op de foto

Jille Bremer: ”Ik bin ferneamd nei myn pake Jille Bremer. Doe’t ik in lyts jonkje wie, wie der hast gjinien mei de namme Jille. It wiene allegear Jelles of Jilts, mar gjinien hjitte Jille. Ik fyn it sels in moaie namme en stikem hope ik fansels dat ik ferneamd wurde soe. Mar dat der mar leafst trije Jilles by komme soenen as pakesizzer hie ’k net tinke doard.

As earste waard Daan Jille berne. Dêrnei folge al rap Rick Jille en as lêste kaam Jille Jacob derby. By alle trije brûke wy beide nammen as ropnamme. Dat fyn ik prachtich. Sa wurdt de namme Jille noch alle dagen brûkt. En dat is noch net alles. Myn suster hat in soan − myn omkesizzer dus − dy’t ek nei ús pake Jille ferneamd is. Dat is in Halbe Jille. En hy hat op syn beurt wer in soan mei de namme Jesper Jille. Al mei al binne der dus mar leafst seis Jilles yn de famylje. Wy fine it in hiel bysûndere namme. Seker yn 2022 hearst dy namme net in soad mear.

Alle dagen komt der wol ien fan de pake- en beppesizzers by ús lâns. En myn frou en ik passe geregeld op. De jonges fine it prachtich om in eintsje te riden mei ien fan de oldtimers. Ik ha in pear moaie weinen yn it hok stean, ûnder oaren in MG TD út 1952. Sa’n auto lykas út de strip Jan, Jans en de kinderen. As wy mei ús allen te riden gean, is it yn ús gefal dus: pake, beppe en de bernsbern.

Ik wie 55 jier doe’t ik foar it earst pake waard, frij jong noch dus. No’t ik út it wurk bin, ha ik noch mear tiid om leuke dingen mei de pakesizzers te dwaan. Yn de simmerfakânsje ha ik mei twa fan de jonges nei Museumpark Archeon yn Alphen aan den Rijn west. Krekt lykas ik fine dy beide mannen âld guod tige nijsgjirrich. Dat sit per slot fan rekken ek in bytsje yn ús namme. Jille, oftewol jild, dus guod fan wearde. Ik genietsje folop as ik mei de mannen troch dat park rin. Dan fiel ik my wier de kening te ryk!”

46 47
Skriuwer: Nynke van der Zee | Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

nij! Dochboek

Spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier

websjop.afuk.frl

Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.