Leafste leave Gedichten en wurden oer de leafde
It is it ljocht
yn dyn eagen dat myn hert ferwaarmet.
.
Troch waarmte kinne wy kjeld oan troch ferbûnens troch leafde haat ferdriuwe troch swijen wurden begripe troch ienheid kinne wy twa wêze.
Ytsje Hettinga Ut: Neierhân - Tsjits Peanstra
frijheid
Gjalt Huizenga
Dit is in dei om te ûnthâlden in dei dy’t hiel bysûnder is, dit is in dei om fan te hâlden om’t dizze dei ús troudei is.
Ast fan ien hâldst hat alles noch mear sin.
In iepen boek
Jelly Krook-Merkus
It houlik is lykas in boek, ’t leit iepen foar jim, skriuw mar ta. Meitsje der in spannend boek fan. Lit leafde en trou as reade tried, rinne troch it boek as paadwizer, yn sinneskyn en skaad. Oer hichten giet it houlikslibben, troch delten sil it gean. Sykje aloan dy reade tried, fan leafde en fan trou. Dat bynt jim oan elkoar, de bân fan man en frou. Gean ’t libben mar temjitte, der binn’ safolle mei jim op ’en paad. Mar tink oan it grut ferbân hjoed sletten, der wêze foar elkoar, yn sinneskyn en skaad. Wês foar elkoar in iepen boek, dêr’t trou en leafde sprekke, sadat in oar it ek graach lêze mei. Wês mar in iepen boek, op hiel jim houlikswei.
Leafhawwe is mear leaf as hawwe.
Leafde kin brekke, mar mear noch meitsje dat minsken tegearre har lokkige wegen gean.
Hester Holwerda
Leafde is sykje, mar mear noch รปntdekke de blydskip fan trou, fan noait allinne stean. Leafde is stadichoan leare, begripe en witte, dat in libben fol leafde it meast weardefolle geskink oan in minske is.
Romantyk is de brânstof dy’t de leafde baarnend hâldt.
Giny Bastiaans
Dit is de dei it lok leit om ús hinne wy hâlde it fêst litte it net mear gean.
Leafde is mear as al it oare dat ús dwaan en dieden driuwt ’t Is by alles wat feroare ’t iennige dat bliuwt.