It grutte foarlêsboek

Page 1


6

ferhalen It nije boek Riemkje Pitstra

9

Hjerstkat Baukje Zijlstra 10 In skip yn de sliepkeamer Riemkje Pitstra 13 In aai foar de Kening Adriana Kalwij 16 In eigen luûd foar Ferdinand Wim de Boer 19 Bear giet úutfanhuûs Riemkje Pitstra 24 Hoe ’t Bange Mûus in Stoere Mûus waard Adriana Kalwij In klasse fol krinteboltsjes Lida Dykstra Oanklaaie Mirjam van Houten

36

Gatsjes Lida Dykstra 39 Boer Mirjam van Houten 42 Krab Karen Bies 45 Wetterwille Auck Peanstra 50 Race-auto Mirjam van Houten 53 Stomme helm Auck Peanstra 58 In nij beêd Auck Peanstra 64 Parfum Auck Peanstra 67 De aâlde spikerbroek Riemkje Pitstra 70 De boat Forina van der Zee 72 It toverboek Riemkje Pitstra 75 Gekke skuon Auck Peanstra 79 Rinskje en de wyn Marijke Popma 80 Piten op it iis Peter Bezemer 82 Poep yn ‘e tuún Riemkje Pitstra 86 Boartsje Forina van der Zee 90 Knyn hat de hik Maike Bouma 94 Koekjedieven Auck Peanstra 103 De blomkes fan muoike Tet Ysbrand Drost 104 Wol hûundert kadootsjes Ysbrand Drost 107 Allinnich op beêd Berber Bouma 113 Noch ien ferhaaltsje Auck Peanstra 118

33

29


7

ferskes stikelbarchje Jelle Bangma / Mirjam de Wit 23 It klysternest Geartsje Douma

63

De blokmies Geartsje Douma 88 In geitsje mei in sikje Geartsje Douma Pirateliet Karin de Liedjesmamma

97

110

gedichtsjes twa kealtsjes Titia Bosma 15 lekker Titia Bosma

15

telle Jurjen van der Meer 26 Ik far Lida Dykstra

35

Badsje Robert Douw 41 Swimmen leare Jelle Bangma 48 Beppe breidet Mirjam van Houten taart mei wjirmen Jelle Bangma

57 61

Treintsje Robert Douw 69 skiep Robert Douw

77

de hun komt ut it hok Geartsje Douma 87 lekker of fiis Geartsje Douma wopke Pieteke de Boer

87

91

wettermantsjes Pieteke de Boer

91

Jakob slak Sjoerd F. Talsma 93 in trein mei lange earen Tity Hasz-Sinnema 98 Myn bearke Lida Dykstra 101 Moanne yn in doaske Lida Dykstra

117


8


It nije boek

9

Riemkje Pitstra / yllustraasje Luuk Klazenga

Tomke sil op bêd. Hy hat de pyama al oan. ‘Hast de toskjes poetst?’ freget Kornelia. ‘Ja, sjoch mar’, seit Tomke. Hy docht de mûle wiid iepen. ‘Moai’, seit Kornelia. ‘Krûp mar fêst op bêd, Tomke. Ik moat noch eefkes wat ophelje.’ Fuort is Kornelia. Tomke wipt op bêd. ‘Kom der mar by, Romke’, seit er. It hûntsje springt op it dekbêd. ‘Ik wit wat’, laket Romke. ‘Wy ferstopje ús ûnder it dekbêd. Dan kin Kornelia ús lekker net fine.’ ‘Gau, gau’, seit Tomke. ‘Ik hear Kornelia al.’ Se dûke djip ûnder it dekbêd. Kornelia komt de sliepkeamer yn. Se sjocht nei it bêd. ‘Wêr binne Tomke en Romke?’ ropt se. ‘Ik moat mar eefkes sykje.’ Se sjocht ûnder it bêd. En ûnder de stoel. ‘Wy binne der net’, ropt Tomke. ‘Sssst’, flústeret Romke. ‘Wat is dat no sneu’, suchtet Kornelia. ‘Ik ha in ferrassing yn de boekebúk.

Mar ja, Tomke en Romke binne der net.’ In ferrassing? Yn de boekebúk fan Kornelia? Dat wolle Romke en Tomke wol sjen. ‘Hjir binne wy wer!’ roppe se tagelyk. ‘Gelokkich’, seit Kornelia. ‘Wat is dy ferrassing?’ freget Tomke. Kornelia hellet wat út de boekebúk. ‘It is in boek!’ ropt Tomke. Hy docht it boek iepen. ‘It is in nij ferhaaltsjeboek’, seit Kornelia. ‘Wolst in ferhaaltsje foarlêze?’ freget Tomke. ‘Sykje mar ien út’, seit Kornelia. Tomke kiest in ferhaaltsje mei in hiel moai plaatsje. En dan begjint Kornelia te lêzen…


10

Hjerstkat Baukje Zijlstra / yllustraasje Mirjan van de Hel

Nynke siket hjerstblêden foar yn har plakboek. De hiele tún leit der fol mei. Blêden fan de grouwe boekebeam. Se sammelet allinne de moaisten, sûnder gatten deryn. Achter yn de tún stiet in muorre. Dêr kin Nynke net fierder. Se sjocht omheech. Miskien leit der noch wol in moai blêd op de muorre. Mar nee, der lizze gjin blêden op de muorre. Wol wat oars: in grize kat. De kat leit oprôle op in plakje yn de sinne. Hy sjocht der hiel sêft út. Nynke komt in stapke tichterby. Se wol de kat graach aaie. Mar ynienen docht er beide eagen iepen. Se skrikt derfan. ‘Hoi kat’, seit se súntsjes. ‘Ik woe dy allinne mar aaie.’ ‘Moai spul’, seit de kat. ‘Dêrfoar lis ik hjir net.’ ‘Wêrom dan?’ wol Nynke witte. ‘Om waarm te wurden fansels’, grommelet de kat. ‘Bisto kâld dan?’ ‘Ja hè hè, dêrfoar bin ik in hjerstkat. Hjerstkatten binne altyd kâld.’ ‘Sels yn de sinne?’ ‘No, yn de sinne is it krekt te hurdzjen, as ik lang genôch lizzen bliuw.’ Nynke moat efkes neitinke. De eagen fan de kat sakje al wer ticht. Dan freget se: ‘Hoelang is lang genôch?’ De hjerstkat docht ien each wer iepen. ‘De hiele dei… of sokssawat.’ ‘De hiele dei?!’ Nynke kin it hast net leauwe. ‘Hast dan neat oars te dwaan? Leist de hiele dei yn de sinne te sliepen?’ No docht de kat beide eagen wer iepen. It liket krekt of sjocht er wat grimmitich. ‘Ik sliep net’, seit er grutsk. ‘Ik tink nei.’


Dêr moat Nynke om laitsje. Krekt in bytsje te bot, want ynienen hat de hjerstkat der genôch fan. Hy komt oerein, rekt poaten, rêch en sturt út, en springt oan de oare kant fan de muorre ôf. Fuort kat. No hat Nynke wol spyt dat se him útlake hat. ‘Kat, leave hjerstkat!’ ropt se noch, mar de kat komt net wer werom. Dy jûns by it iten hat Nynke fjoerreade wangen. Dat komt trochdat se de hiele middei bûten west hat. Se is der suver wat slieperich fan. Noch foardat se har pudding op hat, sakket har holle al op ’e tafel. Heit moat der om laitsje. ‘Wat no lytse faam’, seit er. ‘Leisto hjir samar by de tafel te sliepen?’ ‘Ik sliep net’, mompelet Nynke. ‘Ik tink nei.’

11



In skip yn de sliepkeamer Riemkje Pitstra / yllustraasjes Anna Sikkes

Ylse draait har noch in kear om yn har steapelbêd. Hjoed hoecht se net nei skoalle. Ynienen heart se de wekkerradio fan heit en mem. Se draaft nei de sliepkeamer fan heit en mem. ‘Fan bêd!’ ropt se. ‘De wekker giet!’ ‘Ik hear neat’, bromt heit. Hy slacht de wekker út en stekt gau de holle ûnder syn kessen. ‘Watfoar dei is it hjoed?’ gappet mem. Se giet rjochtop sitten en wriuwt har yn ’e eagen. ‘It is hjoed sneon’, seit Ylse. ‘Mei ik by jim op bêd?’ Dat mei. Se krûpt gesellich tusken heit en mem yn. ‘Is it hjoed sneon?’ freget heit ûnder it kessen wei. ‘Dan bin ik frij en kin ik dus lekker útsliepe.’ ‘Hielendal net’, seit mem. ‘Wy moatte nei de supermerk en fan ’e middei soesto mei Ylse nei de maneezje om te hynsteriden.’ Se skuort it kessen fan heit syn holle. Heit suchtet djip en besiket it dekbêd oer de holle te lûken. ‘Wat is heit lui!’ ropt Ylse. Se giet boppe op syn búk sitten. ‘Ja, hartstikke lui!’ ropt mem en se kitelet him yn ’e side. Dêr kin heit net oer. Hy komt ûnder it dekbêd wei. ‘Jonges, ik kin hjoed net boadskipje en ek net nei de maneezje’, seit er geheimsinnich. ‘Wêrom net?!’ roppe mem en Ylse tagelyk. ‘Dit bêd is myn skip en ik bin de kaptein fan it skip’, laket heit. ‘Ik wenje op dit skip en jim ek. Dit is no ús hûs en dizze sliepkeamer is de wide see. In kaptein fan in skip kin fansels net samar op see fan it skip stappe om boadskippen te dwaan. Of nei de maneezje te gean.’ Ylse sjocht heit mei grutte eagen oan. ‘Mei ik matroas wêze heit, en it skip stjoere?’ ropt se. Se giet neist heit sitten en docht sabeare oft se it skip stjoert. ‘Dat mei wol’, laket heit. ‘Stjoer de boat mar nei Amearika, Ylse. Ik wol dy hege wolkeklauwers wolris sjen.’ ‘En ikke dan?’ freget mem. ‘Sis, kaptein, wat moat ik dwaan?’

13


14

‘Do bist de kok’, seit heit. ‘Do meist lekkere pankoeken foar ús bakke. Dêr binne wy gek op.’ Ylse stjoert en stjoert. Heit wiist nei de grutte kast dy’t tsjin de muorre stiet. ‘Pas op, Ylse. Far net tsjin dat eilân oan’, ropt er. ‘Nee, kaptein!’ ropt Ylse werom. ‘Ik far by de fjoertoer lâns.’ Se sjogge allegear nei de wasktafel mei de spegel. ‘Binne wy hast yn Amearika, kaptein?’ freget mem benaud. ‘Ik sjoch sokke tsjustere wolken yn de fierte. It begjint ek hurder te waaien.’ ‘Wy krije stoarm’, raast heit. ‘De boat giet op en del. Sjoch ris wat in hege weagen!’ Hy pakt Ylse en mem stevich fêst en beweecht hinne en wer. Ylse falt hast fan it skip ôf. ‘Help!’ ropt Ylse. ‘Aanst falle wy oerboard en ik kin noch net sa goed swimme!’ ‘Stjoere, Ylse!’ seit heit. ‘It skip giet rjocht op dy hege rots ôf.’ Hy wiist nei de boekeplanke oan de muorre. ‘Ik kin it skip net mear hâlde, kaptein! Wy botse!’ raast Ylse. Se docht de hannen foar de eagen. ‘Ik sil jim rêde!’ ropt heit. Hy dûkt op Ylse en mem. ‘Pas op!’ warskôget mem, mar it is al te let. Mei in plof falle se fan it skip yn de wylde see. Dêr lizze se mei syn trijen op it kleedsje foar it bêd. ‘Ik ha myn nocht’, seit mem. ‘Ik hoech gjin hûs op it wetter. Jou my myn eigen hûs mar.’ Se sjocht tefreden de sliepkeamer troch. Heit tilt Ylse fan de flier. Hy suchtet en seit: ‘Kom matroas. Wy farre nei de supermerk en nei de maneezje.’


Twa kealtsjes

15

gedichtsjes fan Titia Bosma / yllustraasjes Ingrid van der Kallen Bewurking fan it opsisferske: Er komen twee soldaatjes aan

Der komme twa kealtsjes oan. De iene is wyt. De oare is swart. Fuort, Wytsje, Fuort, Swartsje. Tjú, tjú, tjú, tjú, tjú, tjú. Dêr komme se beide wer oan.

*Kinst der mear kûpletten oan tafoegje troch twa kealtsjes te ferfangen troch b.g. twa pinken of twa kij. Dêrby kinst ek it tempo oanpasse: pinken drave healwiis en kij rinne stadich, dit kinst útbyldzje troch mei de fingers te ‘rinnen’.

Lekker Ien ko, twa kij. Sjoch, dy molke is foar dy. Skaaltsjes yochert, stikjes tsiis, bakjes fla en komkes iis. Sûnder kij, sûnder kij, giet dit lekkers dy foarby.


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.