Tije
Tije Tekst en yllustraasjes © 2016: Mirjam van Houten Utjefte: Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert NUR 282 ISBN 978 94 92176 27 1 Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds.
Neat út dizze útjefte mei hoe dan ek fermannichfâldige wurde sûnder dat dêr skriftlike tastimming fan de útjouwer oan foarôfgiet.
www.afuk.nl
Tije Tekst & yllustraasjes Mirjam van Houten
YNHÂLD
Midden yn ’e nacht 7 Cowboy Tije 11 Fuort 15 It nije hûs 18 In lûk 20 Knap 23 In stikje frijheid 25 De rotteman 27 Plysje 30 Tseard 32 Sokken en sinesappels 35 Utfanhûs 37 Yn it hea 40 Tije twa 43 In krimineel 46 Offalsop 50 Earste skoalledei 54 In begraffenis 57 In superstom idee 60 In sirkusartyst 62 Panyk yn it klasselokaal 65 In ‘rattenfluisteraar’ 67 Spul 70 Winter 74 In bult tekkens 76 Dierebeul 79 In hert fan stien 82 It kostúm 85 Tije sjocht stjerren 87 De útfiering 90 Sorry 94
MIDDEN YN ’E NACHT Midden yn ’e nacht. Tije leit op bêd. Mar hy sliept net. Hoe sil dat ek? Hoe kinst no sliepe as der safolle is om oer nei te tinken? Want fan moarn ôf wurdt alles oars. Dan wennet er yn in oar hûs yn in oar plak. Yn in stêd. Nei de simmerfakânsje moat er dêr nei in oare skoalle. Want heit krijt oar wurk. Dêrom ferhúzje se. En mem hat no ek in baan. Eins is der hielendal neat wat itselde bliuwt, betinkt Tije. Ja, hysels. Miskien. Dat witst net. Miskien wurdt er sels ynienen ek wol in hiel oar jonkje. At er mar net sa’n jonkje wurdt dêr’t net ien mei boartsje wol. Syn freonen hjir sil er bot misse. ‘Kinst op ’e oare skoalle wol wer nije freonen meitsje!’, seit mem. Jaja, tinkt Tije. Echt net. In freon kinst net meitsje. In freon is gjin tekening. In freon kinst fine. Ast gelok hast.
7
En omke Jan en tante Sjoukje dan… Dy wenje op ’e pleats tsjinoer harren. Dy sil er it measte misse. Jan en Sjoukje binne gjin echte omke en tante fan him, mar sa fielt it al. Hast alle dagen giet er dêr wol eefkes hinne. As Tije deroan tinkt dat dat aansen allegearre foarby is, krijt er triennen yn ’e eagen. En lulk wurdt er ek. Lulk op heit en mem. Hawwe se him ea wat frege? Nee. Hy moat mei, oft er no wol of net. En hy wol net. ‘Do krijst dêr in folle gruttere keamer!’, sei mem. Mar wat kin Tije syn nije keamer no skele! Hy wol gjin grutte keamer! Hy wol in grut hiem! In hiem mei in lekkere goare dreksleat dêr’tst mei in slingertou oerhinne swaaie kinst. En datst dan ynienen yn ’e greide stiest. Dêr’t de hynders fan Jan en Sjoukje rinne. En dat dy hynders dan fuortendaliks by dy komme en harren sêfte snút yn dyn nekke lizze. Om’t se dy hiel goed kenne. Sa’n hiem. Dat wol er.
Wa ferhuzet no nei in hûs sûnder in tún! ‘Meist ek wol ergens op’, hie heit sein. ‘Dêr hast folle mear mooglikheden. Kinst mar útsykje: judo, swimmen, atletyk, toaniel om myn part!’ Mar Tije wol net ergens op. Hy wol ergens ôf. Hy wol fan skoalle ôf. Want de nije skoalle, dêr sjocht er it measte tsjinoan. Net te bot prakkeseare no. Aansen begjint er echt te janken. Tije sjocht op syn wekkerradio. Hast ien oere. Hy leit ek sa beroerd op syn luchtbêd. Syn eigen bêd is al yn it oare hûs. Al syn oare guod ek: it buro, de stoel, syn fyts en syn skelter… Hea, wat is dat? Tije heart ynienen wat. Dêr wie it lûd wer. Tichterby no… nóch tichterby! Doffe ploffen. Tije kin it dúdlik hearre troch it iepen rút fan syn keammerke. Komt der ien oandraven oer de sânreed? Op reuzeklompen? In man?
9
Noch mear leven. It binne mear mannen! Tije syn hert bonket like lûd. Hy sit rjochtoerein op syn luchtbêd. In leger soldaten, tinkt er. Op soldatelearzens. Under it rút lûd gerissel fan blêden. Takken dy’t knappe. De soldaten wâdzje dwers troch de tún! Gewearen, tinkt er. Oarloch, tinkt er. Want as it midden yn ’e nacht is, ast sokke frjemde lûden hearst, as alles, álles oars wurdt, dan begjinst aparte dingen te tinken.
10