1 minute read
Kening Winter
Redactie 7
Kening winter
Advertisement
Ik wit, it leit al we efkes efter ùs, mar der kaam Kening Winter dochs efkes om de hoeke yn Febrewaris. Op it stuit dat ik myn stikje skrieuwn hier foar it foarige Klaverblêdtsje hie ik net betinke kinnen dat wy nog reedride soene. De tiidelyke lytse mar oan ’t Hou is dochs noch tichtfêsen. De iisbaankommisje hat in bealich fol wurk hân om it iis wat beriidber te krijen, mar op tongersdei giene de ljochten op de baan oan! Geandewei de dagen waard it iis hieltiid better en wy koen dochs moai wat rûndsjes ride op de baan. In grut kompliment is op syn plak! It wie in prachtige wike, wol wat snieiis mar der is ek nog in wiekein lang riden op it bûtenwetter. Efkes koene wy de Corona-perikelen oan kant sette. Moaie bylden op de social media, wat is ùs provincie dochs prachtig fan it wetter ôf, no ja it iis dan. De Deelen, de Tsjûkemar, ensafi erhinne. Mar ek yn it lân, Vinkeveen, Loosdrecht, de Weerribben, neam alle plassen mar op, oeral reedriders. Ja sels binne der noch in pear west die de âlvestêdentocht riden ha. Ja wy ha dan yn ùs lân al gau de “schaatskoorts” te pakken.
Kearside is wol wer de druk by de medyske soarch, min iis en net te folle reedriid-underfi ning betsjut ek ûngemakken. Ja en ik wer in komplimentjse foar ùs soarchmeiwurkers…want ik seach yn de krante dat sa’n 40.000 minsken har by de earste hulp melden ha yn ùs lân mei reedriid-ûngemakken, ja dat moasten se der noch wol efkes by dwaan yn de sikehûsen en de dokterswacht.
Mar wat ha de bêrn ek in wille hân, op it iis…mar fansels ek yn de snie…want der gong wol in wiere Blizzard (sniestoarm) foarôf oan it winterke. En dan yn ienen is it wer foarby, de wyn draait en de thermometer gie omheech. In izelfront makket it in ein oan de besite fan Kening Winter en de maitiid liket der al wer hurd efter oan te kommen. No Kening it hat ùs goed dien, wy noechje jo mar fêst wer ùt om takom jier wer by ùs op besite te kommen.
Bareld van der Meer