3 minute read

Taal vraagt aandacht

Taal in je werk

Taal verbindt en stimuleert het onderlinge vertrouwen. Het sociaal team in Súdwest-Fryslân, waar Femmy werkt, heeft de workshop ‘Taal in je werk’ gevolgd. Douwkje Douma van de Afûk is workshopleider. Douwkje: “De workshop ‘Taal yn dyn wurk’ is in iepen gesprek oer taal: wat betsjut taal foar dy en hoe setsto dat yn, yn dyn wurk?”

Door met elkaar in gesprek te gaan over taal worden teamleden bewust van het eigen taalgedrag. Wanneer gebruik je welke taal en waarom? De workshop geeft ook handvatten voor het anders inzetten van taal in je werk, passend bij de eigen werksituatie en het eigen bedrijf. “Mei oandacht foar taal kinst ferbine en better oanslute by klant en kollega’s, wat in posityf effekt hat op de kwaliteit fan it wurk”, aldus Douwkje.

Wil je meer weten over deze workshop? Neem contact op met Douwkje Douma, projektkoördinator bij de Afûk, via douwkje.douma@afuk.frl.

“Wy kinne in soad mei ús taal, mar wy binne ús dêr net altyd bewust fan. Taal ferbynt en komt oan ús gefoel”, zegt Femmy van Krimpen. Femmy is praktijkbegeleider bij de gemeente SúdwestFryslân, de grootste gemeente van Nederland. Súdwest-Fryslân is een meertalige gemeente waar, naast het Fries en Nederlands, ook stad- en streektalen worden gesproken.

Femmy: “Wy prate in soad Nederlânsk en soms sakket it Frysk dan wat fuort. Frysk is foar my en foar in soad minsken de earste taal. It Nederlânsk dogge wy derby. Dat wurdt faak ûnderbeljochte, mar eins is in ekstra taal dikke winst. Taal kinne wy bewust en ûnbewust ynsette. It praten fan deselde taal kin hiel moai ferbinend wurkje, en mei ferbining komt ek it ûnderlinge fertrouwen.”

Woorden moeten op hun plek vallen

Dat taal ook te maken heeft met identiteit en cultuur, heeft Femmy ook in de praktijk ervaren. Femmy: “Do moatst wol snappe hoe’t de kultuer yninoar sit. It ûnderkuolle ‘it koe minder’ is meast bedoeld as in grut komplimint, wylst ‘it kin krekt’ faak betsjut dat it eins wat tefolle wurdt. Soks seit ek wat oer de minsken en har manier fan tinken en libjen.”

Stad en dorp hebben een eigen karakter en ook hun eigen problematiek. Zoiets moet ook wat de communicatie betreft vaak anders aangepakt worden, wil je dat woorden op hun plek vallen.

‘Dy útdrukke kinne yn dyn eigen taal is ekstra ark yn de ridskipskoffer’

Femmy onderstreept ook het verschil in de lading van woorden. ‘Ik zie je graag’, bijvoorbeeld, kan van betekenis veranderen door de persoon die het zegt en als je de lading van de woorden kunt beoordelen. Als je de woorden uit het woordenboek geleerd hebt, zul je ze anders interpreteren dan wanneer je opgegroeid bent in de regio. “Wurden kinne dêrom hiel betiizjend wurkje foar allochtoanen dy’t noch wat minder grip op ús taal hawwe. Ek ús foarm fan kommunisearjen kin har soms ôfskrikke. Wy binne hjir yn Nederlân faak hiel direkt en prate iepen oer ús gefoel. Myn ûnderfining mei guon oare kultueren, út Afrika bygelyks, is dat sy dat net wend binne en de wurden soms ek net fine of beneame kinne foar wat se krekt bedoele. Ast dat witst, dan kinst dêr rekken mei hâlde.”

Taal als extra tool

Toch heeft Femmy in haar werk het meest te maken met professionals die zijn opgegroeid met de Friese en/of Nederlandse taal. De communicatie verloopt gemakkelijk, “mar taal freget omtinken”, zegt Femmy. “Fryskpraters passe har al gau oan, wylst dat net altyd hoecht. Dy útdrukke kinne yn dyn eigen taal is ekstra ark yn de ridskipskoffer. Boppedat is it Frysk hiel moai mei syn eigen útspraken, siswizen en wizen fan sizzen.”

This article is from: