2 minute read
Subsydzje om Fryske taalbetter sichtber te meitsjen
Sûnt 2020 is ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar de earste folslein Fryske supermerk.
Ûndernimmers en ferienings kinne subsydzje krije fan de provinsje Fryslân om it Frysk sichtberder te meitsjen. It giet derom om sjen te litten dat it Frysk gewoan is en dat it ek gewoan is om Frysk te praten. Foar de regeling is 75.000 euro beskikber.
De provinsje fynt it wichtich dat rûnom yn Fryslân it Frysk sichtber is, ek om Frysktaligen te stypjen by it brûken fan it Frysk. De provinsje stipet gemeenten al langer by it útfieren fan it taalbelied. Mei yngong fan april 2022 kinne ek ûndernimmers, ferienings en stichtingen hjirfoar subsydzje oanfreegje.
Op de webside fan provinsje Fryslân is mear ynformaasje te finen, tegearre mei it oanfraachformulier. Dat kin oant en mei 15 oktober 2022 ynstjoerd wurde. Mar op is op, dus wachtsje net te lang mei in goed idee!
It Grientewinkeltsje yn Bûtenpost
Wêr kin de subsydzje foar brûkt wurde? De subsydzje kin foar ferskate aktiviteiten beskikber steld wurde:
• aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan de Fryske taal struktureel en foar langere tiid yn de Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje; (-> 80% fan de kosten mei in maks. fan € 5.000)
• it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige kommunikaasjemiddels, bedoeld foar it publyk; (-> 80% fan de kosten mei in maks. fan € 5.000)
• it oersetten fan besteande kommunikaasjemiddels rjochte op it publyk, nei de Fryske taal(-> 80% fan de kosten mei in maks. fan € 1.000)
LEES ONDERNEMEND NETWERK NOORDOOST OOK ONLINE VIA WWW.NETWERKNOORDOOST.FRL OF WWW.OF.NL EN VOLG ONS VIA , EN