1 minute read

S urprise

Next Article
D e Koepel Stypje

D e Koepel Stypje

De Emigrant

Advertisement

Yn gearwurking mei toanielferiening “Surprise” wurdt De Emigrant op snein 21 jannewaris 2024 yn Wytmarsum spile.

De Emigrant komt nei 10 jier werom! De foarstelling fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy ‘t 60 jier lyn alleryl de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in aardich grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.

“My whole life homesick, noait wer werom west.”

De Haas is nea werom gien nei Fryslân. Hy woe net, seach der tsjinoan, wie der miskien wol bang foar. No ‘t er pensjonearre is, is der de gelegenheid om gehoar te jaan oan de winsk fan syn ferstoarne frou: hy makket in reis nei syn roots yn de Greidhoeke yn Fryslân. Syn soan moat foar it earst allinnich it bedriuw draaiende hâlde.Twa aventoeren tagelyk. De reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant op alle flakken konfrontearjend.

Ta eare fan it 10 - jierrich bestean fan Pier21 wurdt De Emigrant opnij ferteld, nei it orizjinele ferhaal fan Romke Toering, no regissearre troch Jos Thie. Mei Freark Smink en Theo Smedes.

21 jannewaris 2024 liket noch in hiel ein fuort

Jim kinne no al kaarten bestelle, der binne 150 kaarten

OP=OP!!

Gean nei wwwPier21.nl, klik op voorstellingen en sykje de datum fan 21 jannewaris.

Dry Needling Medische fitness

Functionele osteopathie Bedrijfsfitness

Manuele therapie Streetdance 4 Kids & Teens

Oedeemtherapie Peuter- & kleuterdans

Medische training Spinning

Medical taping

Covid-19 herstelzorg

Hydrotherapie

Bel 0517-531901 voor het maken van een afspraak of kijk voor meer informatie op fysiowitmarsum.nl

This article is from: