2 minute read
K at en Harke
from 2023 05 Koepel Mei
by ZeeDesign
Doe’t ik okkerdeis siet te harsenskrabjen oer it troch mij te skriuwen en nijs, lies ik in nijsgjirrich berjocht yn de krante. Yn Ljouwert waard in trijedeiske manifestaasje holden mei as titel ‘Vrouw’. No sil jimme tinke: So what!
No, ik kin jimme fertelle dat wij as redaksje fan jimme Koepel swier tille oan it begryp ‘Gender neutraal’. Yn dat ramt kin fansels in titel as ‘Vrouw’ eins net mear, want dat is net gender neutraal. Sterker noch, it is sels wat diskriminearjend ast it mij fregest. Om dy reden waard besletten dat wij dizze yntrigearjende saak fierder ûndersykje moasten. As haadredakteur offere ik mij fansels direkt op en sa gong ik tegearre mei freondinne Pleunie rjochting it WTC Expo yn Ljouwert.
Advertisement
Wy ha dêr twa oeren omslein en ik moat bekenne, dat hoe langer ik dêr omrûn, des te aardiger ik it fûn. Yn de kreamkes wie neat fan myn gading bij, mar as ien fan de op ien hân te tellen oanwêzige mannen, waarden jo as man wol as in attraksje troch de froulju besjoen. En dat wie net in ferfelende ûnderfining mei ik wol sizze. Ik kaam ek in tal froulju út Wytmarsum tsjin dy’t harren grif ôffregen ha wat ik dêr no te sykjen hie. Yn it ramt fan de privacy sil ik fierder gjin nammen neame. Want ja dêr giet it no efkes net om, ik kaam dêr om sjoernalistyk ûndersyk te dwaan fansels. Myn saakkundige konklúzje koe inkeld mar wêze dat sawol de titel as ek de ynhâld fan ‘Vrouw’ net gender neutraal wienen. Miskien moat de organisatoaren in oare kear kieze foar de titel ‘Minsk?
Mar ja ienris besmette mei it gender neutraal firus gean jo oeral jins fraachtekens bij setten. Want ja hoe sit it dan mei it tusken (Grauwe) Kat en Harke (syl) nijs?
Yn it foarste plak kin fansels Grauwe Kat net mear! Want dit is in diskwalifikaasje fan de katten en kwetsend foar harren teare gefoelens en eigen wearde. Soks falt dus ûnder deselde kategory as de meifirmanten fan Sinteklaas, Donald Duck, en de koekjes Donkere Túten. Ik hear jimme tinken: Donald Duck! Jawis dat jildt ek al foar Donald Duck. Donald jout betiden hiele frjemde assosjaasjes en wurdt troch de einen mienskip as denigrearjend ûnderfûn, dus fanôf no allinnich Duck. Datselde jildt dus ek foar Kat. Mar ja dan docht him de fraach wol foar as dat wol kin yn it ramt fan it al earder neamde gender neutrale belied. Kat is ommers manlik en in hiel ferskil mei in poes as jo begripe wat ik bedoel. Mar ja wat dan? Miskien is Rôfbist dat mûzen fangt better. Kom ik letter op werom.
Mar ja no moat wij fansels ek Harke(syl) ûnder it fergrutglês lizze en dat smyt meardere ynfalshoeken op. As men harke as túnark besjocht is fansels de fraach wêrom it dan net in skeppe, skoffel of haachskjirre wêze kin, dy wurde no eftersteld. Mar as men ‘Harke’ besjocht as in namme leit it wat ienfâldiger. Dan is it gewoan de syl fan Harke. Mar nimmen wit wa dy Harke wie en it moat fansels wol histoarysk ferantwurde wêze.
Der sit dus mar ien ding op en dat is om it Tusken Kat en Harke nijs yn it ferfolch it Tusken it Rôfbist en Syl Nijs te neamen. Miskien dat Betty en Jellie dit meinimme kinne as sy oan bar binne te skriuwen.
Miskien tinke guon fan jimme wol ‘Wêrom dan net gewoan Nijs ut Wytmarsum’? No ja, ik woe der eins net oer begjinne, mar dat kin al hielendal net! Want dan bekenne jo yn it ramt fan artikel 235 lid 1a fan de Europeeske wet foar gelikens tefolle kleur en komme jo wer telâne bij diskusjes rûnom de meifirmanten fan Sinteklaas, Donald Duck e.o.
Al mei al is it bêst wol lestich om oan alle Brusselske rigeltsjes te foldwaan, mar mei wat goeie wil komme jo der wol ut en falle de Europeeske rigeltsjes lang om let dochs wol wat ta. Op nei it folgende Tusken Rôfbist en Syl Nijs.
GRATIS ENTREE!