
2 minute read
Talen kleuren je leven
from heit&mem nr. 2 2020
by heit&mem
Talen kleuren je leven Meartalich opgroeie, hoe giet dat eins?
Fardau de Boer (27) út Rottum
Advertisement
We hebben net een dochter gekregen en voor nu is het dan ook nog niet helemaal van toepassing, maar ik heb hierover wel een vraag. De moedertaal van mijn man en mij is Fries. Daarnaast wordt er vrijwel uitsluitend Fries gesproken op haar toekomstige opvang. Echter wil ik dat ze uiteraard ook vloeiend Nederlands zal spreken en willen we haar een basis in de Engelse taal meegeven. Om deze talen te stimuleren wil ik in deze talen voorlezen. Daarnaast hebben we een aantal Nederlandse vrienden en spreken beide buren Nederlands. Hebben jullie meer tips om de Engelse en met name de Nederlandse taal te stimuleren?
Hasto ek in fraach oer meartalich opgroeien?
Sjoch op https://heitenmem.nl/meertalig-opvoeden/ foar mear ynformaasje, of stjoer in berjocht oan ynfo@heitenmem.nl mei dyn eigen fraach. Wy beäntwurdzje ’m graach!
Hoe wurket de meartalige ûntwikkeling en hoe kinst dy sa goed mooglik begeliede? Besjoch de animaasje op heit&mem.nl! https://bit.ly/3oX4Ezq
Lokwinske mei jimme dochter! Wat goed dat jim dêroer neitinke en de taalûntwikkeling fan jim dochter sa goed mooglik stimulearje wolle. Alderearst, jim hoege net benaud te wêzen dat sy it Nederlânsk net floeiend praten leare sil. De ynfloed fan it Nederlânsk om ús hinne is sa sterk, dy taal sil sy as fansels en fluch leare. Sy sil aanst, miskien sûnder dat jimme it trochhawwe, in soad Nederlânsk hearre om har hinne: fan jim freonen, buorlju, mar ek op telefyzje, op strjitte, en dochs ek op de opfang en letter op skoalle. Yn in stedske omjouwing is it hielendal net nedich om it Nederlânsk ekstra te stimulearjen, mar ek yn in lyts Frysk doarpke sil de twatalige ûntwikkeling fan jimme dochter eins as fansels gean. It Ingelsk is in oar ferhaal, dat heart sy (bûten de telefyzje om) wierskynlik net sa’n hiele soad om har hinne. Om de taal as ‘memmetaal’ praten te learen, sil sy in soad ynput krije moatte fan ien dy’t de taal sels ek as memmetaal hat, sa leart sy it Ingelsk it bêste. Mar as jimme wolle dat sy alfêst in pear wurdsjes Ingelsk meikrijt, dan is it al hartstikke moai om har sa no en dan ris yn it Ingelsk foar te lêzen. Dan hat se dêryn in moaie basis en soe se dy taal letter fierder leare kinne.
Wat it Frysk oangiet: dat krijt sy no in soad om har hinne te hearren, en straks dus ek op de opfang. Dat is hartstikke moai, sa krijt sy in goede basis mei. Letter sil de ynput fan it Frysk folle minder wurde, op skoalle krijt sy (ôfhinklik fan jim omjouwing) it meast Nederlânsk te hearren. It is dêrom belangryk om it Frysk, as minderheidstaal, krekt wat ekstra oan te bieden. It belangrykste datst dwaan kinst om har taalûntwikkeling te stimulearjen is foarlêze. Dat kin foar in part yn it Nederlânsk, of yn it Ingelsk, mar ferjit dus it Frysk net. Sa bout jimme dochter in goede taalbasis op en praat se, sadree’t se dêr oan ta is, yn in omsjoch ek floeiend Nederlânsk. En fierder: gewoan lekker in soad mei har prate: sjonge, foarlêze, oanwize, sjen litte, har fertelle watst dwaan silst ast har optilst of ferskjinnest... Sukses en in soad wille mei jimme dochter!