De ûntjouwing fan de Fryske taal Jan Piet Hoekstra & Sierd Wiebe Prins PWS 2015 Begeliedster: KUI
1
Frysk folksliet: Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede, En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! wy sjonge it bêste lân fan d’ ierde, It Fryske lân fol eare en rom! Klink dan en daverje, fier yn it rûn! Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje, fier yn it rûn! Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Boarne 0.1: de Fryske flagge
2
3
Ynhâld Foarblêd Frysk folksliet Ynhâld Foarwurd Ynlieding Haad‐ en dielfragen Haadstik 1: Algemiene ûntjouwing fan it Frysk ‐1.1: Ferskate ynfloeden fan bûten ôf op it Frysk ‐1.1.1: Latyn ‐1.1.2: Germaansk ‐1.1.2.1: Runen ‐1.1.2.2: Kustgermaansk ‐1.1.3: Frankysk ‐1.2: Aldfrysk ‐1.3: Midfrysk ‐1.4: Nijfrysk ‐1.4.1: Nijfrysk: de earste ieuwen ‐1.4.2: Nijfrysk: de lêste ieu ‐1.4.2.1: De Fryske stavering ‐1.5: Ferhollânsking fan it Frysk Haadstik 2: It Frysk ynternasjonaal sjoen ‐2.1: Frysk yn ferliking mei Sealterfrysk en Noardfrysk ‐2.2: Frysk yn ferliking mei oare Europeeske talen ‐2.3: Fryske wurden yn it Nederlânsk ‐2.4: Gévismen ‐2.5: Fryske siswizen ‐2.6: Frysk om Útens Haadstik 3: It Frysk yn de takomst ‐3.1: Hoe wichtich is it Frysk noch foar de Friezen? ‐3.2: Hjoeddeiske Fryske dialekten ‐3.3: De stúdzje Frysk ‐3.4: Frysk binnen de oerheid ‐3.5: Frysk yn de takomst ‐3.6: Aktueel
1
2
3
5
6
7
8
9 9 10 11 12 13 15 18 22 22 26 29 31
34
35 36 37 41 42 43
44
45 47 49 52 54 57
4
Ôfslúting Konklúzje Tankwurd Oerenferdieling Jan Piet Oerenferdieling Sierd
61
62
64
65
67
69
71
Literatuerlist
Bylagen
5
Foarwurd As bern binne wy grutbrocht yn it Frysk, mar krekt as in soad oaren hawwe wy ús der net goed yn ferdjippe. Jo prate in taal, mar jo krije dy taal net op skoalle en dêrom witte jo ek net hoe oftst no dy taal skriuwe moatst. En om der no in selsstúdzje fan te meitsjen, dat giet de measten ek wat te fier. Jo besykje fansels wolris om in berjochtsje nei immen te stjoeren yn it Frysk. Jo soene net de iennichste wêze, as jo dan in pear taalflaters meitsje. Grammatikale flaters, mar ek flaters yn it staverjen fan wurden. Fansels is Frysk dêryn net de iennichste taal, nim bygelyks it Nederlânsk dêr't minsken noch altiten flaters meitsje mei de –d’s en –t’s. Hjoed de dei kin mar in lyts part fan de Friezen harren taal skriuwe. Hoe komt dat? Hoe kin soks feroarje? As in taal net skreaun wurdt, stjert dy taal dan net út? As de Friezen no mar in lyts bytsje better har taal skreaune, dan wie men net mear bang om it Frysk te brûken. Dêr giet it ta beslút om, om it Frysk brûke te doaren en om it doaren te meitsjen fan flaters. It wie Sierd dy’t al hiel rap, al fier foardat we ús PWS kar bekend meitsje moasten, mei it idee kaam om ús PWS oer de ûntjouwing fan de Fryske taal te dwaan. Sa koene we ús presintaasje yn it Frysk dwaan. Noch in foardiel is dat wy, omdat wy ús ferslach ek yn it Frysk skriuwe, sels leare hoe’t we ús taal eins skriuwe moatte. Jan Piet wie fuortendaliks fan ’e partij en yn it entûsjasme fan Sierd waard hy meisleept. It is fansels foar twa poerfryske jonges geweldich ynteressant om út te sykjen hoe’t harren memmetaal no eins ûntstien is. Sûnt 11.000 foar Kristus wurdt it gebiet dat wy hjoed de dei Fryslân neame al bewenne. De minsken doe sprutsen fansels net it hjoeddeiske Frysk, as se al in taal sprutsen. Taal feroaret nammentlik kontinú, sa ek it Frysk. Men wit bygelyks dat it Âldfrysk in soad mei it Âldingelsk te krijen hat, hjoed de dei sjogge jo dat noch oan wurden as ‘tegearre‘ en ‘together‘. Beide talen hawwe lykwols elk in hiel oare ûntjouwing trochmakke, en dêrtroch hawwe se no lang sa folle net mear mei inoar te krijen. Hoe komt soks? Wy sykje alles oant de boaiem ta út mei alles wat wy foar hannen hawwe. Tegearre geane wy op syk nei de antwurden op al ús fragen en jo sille hjiroer mear te witten komme yn dit ferslach. Boarne 0.2: ‘ik hâld fan Fryslân’
6
Ynlieding “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries‘‘ Hoe is it Frysk ûntstien? Is it Frysk fan hjoed de dei te ferlykjen mei it Frysk fan earder? En , Hoe komt it mei it Frysk yn de takomst? Op dizze, en tal fan oare fragen wolle wy antwurden sykje. Yn dit ferslach geane wy benammen op syk nei it antwurd op ús haadfraach: „Hoe hat it Frysk him ûntjûn yn de rin fan de jierren?“ Mei Prefester Doktor G. T. Jensma, it Frysk museum, it Frysk argyf, in enkête, in hiele bulte boeken en it ynternet wolle wy alles te witten komme oer it Frysk en har ûntjouwing. Wy begjinne fansels mei wat skiednis. It Frysk yn de tiid fan de Midsieuwen, hoe Boarne 0.3: seach dat der bygelyks út? Is dat te ferlykjen mei it Frysk fan hjoed de dei? En hoe prefester dokter G. T. Jensma hat him dat ûntjûn? Dêrnei wolle wy it Frysk ferlikenje mei oare talen, it ferbân sykje tusken de ferskate soarten Frysk, en hawwe we in pear moaie, Fryske siswizen. Fierder ha wy de útslach fan in enkête, it fraachpetear mei prof. dr. G. T. Jensma, dialekten en Frysk yn de takomst ferwurke yn it tredde, en lêste haadstik. Hjir lêze jo ûnder mear wat oer de takomst fan it Frysk, komt it wol goed mei it Frysk? Alles mei‐inoar wolle wy ‚fieldresearch‘ dwaan, lêze jo it fraachpetear mei prefester dokter G. T. Jensma, sjogge de útslach fan de enkête, en komme jo in hiele bulte oare, nuttige ynformaasje te witten. Wy winskje jo in soad lêswille ta.
7
Haad‐ en dielfragen Foar't wy oan it skriuwen giene oan dit ferslach, hawwe wy in haadfraach en 3 dielfragen betocht, dy't wy yn de rin fan dit ferslach beäntwurdzje. Haadfraach: Hoe hat de Fryske taal him ûntjûn en wat binne de ferwachtings foar de ûntjouwing fan it Frysk yn de takomst? Dielfraach 1: Hoe hat it Frysk him oant hjoed de dei ûntjûn?
Hjir wolle wy ûnder mear it folgjende punt behannelje: ‐ De Skiednis fan it Frysk
Dielfraach 2: Hoe hâldt de Fryske taal ferbân mei oare talen? Hjir sykje wy ûnder mear nei de ferbannen tusken de ferskillende soarten Frysk, it Ingelsk, Dútsk en Frânsk. Dielfraach 3: Wat binne de ferwachtings foar de ûntjouwing yn de takomst en wat fine de Friezen sels? Hoe sil it it Frysk fergean? Hoe kin it gebrûk fan it Frysk stimulearre wurde? Dat binne saken dy’t hjir behannele wurde.
8
Haadstik 1: Algemiene ûntjouwing fan it Frysk
9
1.1 Ferskate ynfloeden fan bûten ôf op it Frysk 1.1.1. Latyn Latyn is de earste taal dy’t as (skreaune) taal yn ’e taalskiednis ferbûn wurde kin mei de ynwenners fan de gebieten oan ’e Noardseekust, wêrûnder Fryslân. Hjoed de dei is it Latyn minder oanwêzich yn Fryslân. Der wurdt lykwols noch altiten Latyn jûn oan Fryske gymnasia, yn Roomske tsjerken wurdt bytiden noch Latyn brûkt en ek foar hast alle planten en bisten binne wol Latynske nammen. Fansels meie we net ferjitte dat wy sels noch altiten it alfabet fan de Romeinen brûke. Yn de tiid fan 800 foar Kristus (doe’t Rome yn de Italjaanske krite Latium ûntstie) is it Latyn ûntstien. Latyn, de taal fan Latium, it hjoeddeiske Lazio. Al gau wurdt Rome in grutte stêd en wreidet it har grinzen út ta oer it hiele Italjaanske skiereilân. De taal fan Latium wurdt dan fansels ek oer in grutter gebiet sprutsen, want oeral hinne settelje Romeinen harren. Nederlân is ek oan ’e beurt. Boarne 1.1: wengebiet fan de Frisii as de Romeinen hjir binne By de Ryn hâlde de Romeinen lykwols halt en de Ryn wurdt dan ek de noardgrins fan it Romeinske Ryk. Benoarden de Ryn wennet ek in folk, yn it gebiet dat de Romeinen Magna Frisia neamden, dat foar it earst troch de skiedskriuwers Plinius en Tacitus neamd wurdt. Tacitus hie wol in hege pet op fan dizze Friezen, dy’t hoewol’t se net beskaafd en ûntjûn wiene, wol moedich, sterk en trou wiene. It folk, dat troch de Romeinen Frisii neamd wurdt, wurdt yn harren deiliks libben hieltyd mear beynfloede troch de Romeinen. Harren taal, wêroer’t men net in soad wit útsein dat der oannommen wurde kin dat der doe al in Fryske taalfoarm fan Germaansk sprutsen waard, wurdt dan ek sterk Romanisearre. Sa kamen twa kultueren mei inoar yn kontakt. Fansels betsjut dat dat ek twa talen mei inoar yn kontakt komme, wat yn ’e regel liedet ta it oerleverjen fan wurden fan de oerhearskjende taal oan de minderweardige taal fan ’e twa. Hjoed de dei kinne jo soks ferlikenje mei Europa en Ingelsktalich Amearika: kompjûter, management, relaxe, it binne allegear nije wurden dy’t oerkaam binne fan Amearika út. Amearika leveret de wurden, wat sa hiele núver net is, ast sjochst dat it eartiids mei it oerhearskjende Latyn en de minderweardige (Germaanske/ Gallyske etsetera) talen lyk sa gie. Nim bygelyks tsiis. It Germaanske wurd foar tsiis is justaz. It Latynske wurd foar tsiis is caseus. Hjoed de dei sjogge je yn it Frysk dat minsken faaks samen sizze yn plak fan tegearre/ mei inoar of smartphone yn plak fan snoadfoan. Dat gie eartiids net oars: Germanen fûnen it wurd caseus blykber better klinken as harren wurd justaz en it wurd waard dan ek oernaam. De Finnen hawwe no wer it Germaanske justaz ûntliend (der wie gjin direkt kontakt tusken de Finnen en Romeinen en dus namen de Finnen harren wurden ek net oer) en hawwe dat ferbûge ta harren wurd juusto. Bûter bygelyks komt ek út it Latyn (butyrum) en is de tsjinhinger fan it Germaanske smoar. Smoar kinne jo lykwols noch wol weromfine yn it Frysk fan hjoed de dei: nútsjesmoar (nettsjinsteande dat men hjoeddeistich leaver it Hollânske pindakaas brûkt). Nei it útinoar fallen fan it Romeinske Ryk (de lêste Romeinske keizer waard ôfset yn 476) kaam der mear romte foar folkstalen, mar it Latyn bleaun oant fier yn de midsieuwen de wichtichste taal. Net allinnich yn ’e Roomske tsjerke, wêr’t se oant it Twadde Fatikaansk Konsylje (1962‐1965) it Latyn as fiertaal holden, mar ek bygelyks yn ’e kalender. De moannen, fan jannewaris oant en mei desimber en ek fansels saterdei (dei fan Saturnus), wat se yn ’e Wâlden noch altiten sizze foar sneon. In soad wurden yn it Frysk (mar ek yn it Hollânsk en ferskate oare talen) komme út it Latyn, hoewol’t wy it net altyd trochhawwe.
10
Kers komt fan ceresia, wâl liket ek wol hiel bot op vallum en ferjit poarte en porta net. Ta beslút kinne we sizze dat it Latyn har stimpel dúdlik drukt hat op it Frysk fan doe, lykas op it Frysk fan no. 1.1.2 Germaansk It Frysk is in taal, dy’t wy tegearre mei talen as Nederlânsk, Dútsk, Deensk, Ingelsk, etsetera oantsjutte as Germaanske talen. Eartiids, wy prate no oer de tiid fan’e Romeinen, waard der nei alle tinken ien Germaanske taal sprutsen. Fan dizze Grutgermaanske taal is likernôch neat oer, inkeld in pear ynskripsjes. Der wurdt ferskillend tocht oer it ûntstean fan it Germaansk. Algemien bekend is dat súver hast alle Europeeske talen, yn elts gefal fierwei de measten, tegearre mei talen as Koerdysk, Iraansk en de talen yn lannen as Ynje útskaaie fan ien mienskiplike foarâlder: it Yndo‐ Europeesk. By bygelyks telwurden is soks noch dúdlik sichtber. Ús twa liket in soad op it Aldyndyske dva en ús trije hat wol wat fan it Aldyndyske tráyas. Eartiids is wol tocht dat men prate kin fan in stambeam: in oertaal dy’t him splitst, dêrnei makket elts fan dizze tûken har eigen ûntjouwing troch en splitst himsels wer fierder yn nije tûken. Germaansk is sa’n tûke, krekt as bygelyks Slavysk en Romaansk. Út it Germaansk soene dan wer ferskate tûken ûntstien wêze: it East‐Germaansk dat him opsplitst yn ûnder oare Goatysk en Fandaalsk,ûnderwilens al twa útstoarne talen. In oare tûke is dan it Noardgermaansk, wêr’t we ûnder mear it Deensk, Sweedsk en Noarsk ûnder skikke en ta beslút fansels it Westgermaansk, wêr’t we it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk en ús eigen Frysk bygelyks ta rekkenje. It Germaansk kin ek oars ûntstien wêze. We sjogge hjirfoar nei it Dútsk en Nederlânsk. Reizgje ris fan Amsterdam nei München en jo sille grif hearre dat it Nederlânsk en Dútsk stadichoan yn inoar oerrinne. Der is net echt in hurde grins te finen tusken beide talen, want se rinne yn inoar oer. Mar wylst jo reizgje, fernimme jo wol in hiel dúdlik ûnderskied tusken de lânstalen, it Dútsk en Nederlânsk. Hjir is dus wol in dúdlike grins te bespeuren, dy’t der is omdat beide talen fuortkaam binne út fierder útinoar lizzende streektalen en om’t se dêrnei de streektalen hiel stadichoan út it stee krongen hawwe. It soe dus wêze kinne dat it Germaansk lyk sa ûntstien is. Reden om soks te leauwen is dat der dúdlik alderhande dwersferbannen besteane tusken dy talen. Keltysk en Latyn bygelyks steane net hiel fier by inoar wei, hoewol’t ek it Germaansk mienskiplike skaaimerken mei it Keltysk hat, dy’t hielendal net yn it Latyn foarkomme. It wiist him dan ek út dat in protte wurden fan it Germaansk hielendal net weikomme út it Yndo‐Europeesk, mar earne oars harren oarsprong fine. Tagelyk feroarje fansels ek de klanken en wurden fan it Yndo‐Europeesk in soad. Dit alles tsjut op in folk dat oarspronklik gjin Yndo‐Europeeske taal praat, mar dy wol oernaam hat, wylst it de oarspronklike klanken en wurden oanpasset oan har eigen taal. Der binne dan ek in protte wurden oerbleaun fan dy oarspronklike taal, benammen foar saken dy’t mei foarwerpen en wenomjouwing te krijen hawwe. Men tinkt dat it kearngebiet fan dit eigentlike Germaansk socht wurde moat yn it súden fan Skandinaavje. Yn it Deensk Gallehus op Jutlân is yn 1734 in goudene hoarn fûn mei in ynskripsje fan in stikje Germaanske tekst. Hoewol’t de hoarn stellen en omsmolten is yn 1802, binne der foar dy tiid hiel krekte tekenings makke fan dit stikje tekst en de ôfbieldings dy’t ek op de hoarn stiene. De hoarn wurdt op likernôch 420 datearre en it stik taal dat derop skreaun stiet, is sa âld dat wy it as mienskiplike foarâlder beskôgje meie fan sawol it Aldfrysk as it Aldsaksysk, Alddeensk en Aldingelsk. De ynskripsje is skreaun yn runen en fertelt ús it ûndersteande, op de nije bledside:
11
‘EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO’ Yn hjoeddeistich Frysk wurdt dit: ‘IK, LIEGAST FAN HOLT, MAKKE DE HOARN’ Yn it begjin fan ús jiertelling steane alle Germaanske dialekten noch ticht by inoar en binne dizze dialekten ûnderinoar goed te ferstean. Letter wurdt dit, mei troch de folksferhuzings oars. De Goaten bygelyks ferlieze krekt as oare East‐Germaanske stammen, lykas de Fandalen, it kontakt mei de oare Germanen rûn 200 nei Kristus, om’t se har eigen wei giene. De folksferhuzings binne in gefolch fan de oanhâldende ynfallen fan de Hunnen (in Aziatysk folk) yn it easten en midden fan Europa. De folken dy’t der doetiids wennen ûntflochten harren wenplakken en sa setten se in soarte fan domino‐effekt yn gong. De Friezen dy’t hjir dan noch wenje stekke de see oer nei Ingelân, as gefolch fan dit domino‐effekt, mar ek om’t der hjir hieltyd mear driging fan de see út giet. Foar in fiks oanpart wurde de gebieten oan de Noardseekust op’e nij befolke, fan it hjoeddeiske Flaanderen oant de Weezer yn Dútslân. It nije folk wat hjir dan te wenjen komt, wurdt dan wer oantsjut mei de namme Friezen, net sa bot omdat se sels dizze namme brûkten, mar mear omdat de Franken, dy’t besúden fan’e Ryn libben, dit folk sa neamen giene. Lyk mei de folken binne ek de talen feroare. Yn de tiid fan de folksferhuzing kin men noch net prate fan ferskate Germaanske talen, earder fan taalfoarmen. Sa soe troch de Friezen in oare taalfoarm, of dialekt, sprutsen wurde as troch bygelyks de Denen. It is mar de fraach of’t de taalfoarm fan it Germaansk dat dizze bewenners fan de Noardseekust sprutsen werklik in foargonger is fan ús Frysk: it feit dat der gjin skreaune boarnen út dy tiid binne meitsje it súver ûnmooglik om hjir wat bestekliks oer te sizzen. Troch de folksferhuzings feroare fansels ek de taal. Oft de taal foar de folksferhuzings bot ynfloed hân hat, kin men net mei wissens sizze, útreden dat der gjin boarnen binne fan foar en nei dy tiid dy’t men mei inoar ferlikenje kin. 1.1.2.1 Runen Bekend is dat de Germanen al in soarte fan skrift brûkten, it saneamde runeskrift. Dit runeskrift bestiet út 26 letters en hjit it Futhark, nei de earste 6 letters fan dit alfabet (f. u. th. a. r. k.). Oer de komôf fan dit alfabet is in soad tsierd, mar ta beslút soe it sa wêze moatte dat it in neikomling is fan in âld skrift út it noarden fan Itaalje, dat wer besibbe is oan it Romeinske skrift, wat wy hjoed de dei noch altiten brûke. Sjoch hjirfoar bygelyks nei de letters F, R, T, B, of S. It runeskrift wurdt faaks oansjoen foar in mysterieus en eksklúsyf Germaansk skrift mei magyske tapassings. Dit byld is foarme trochdat ûnder mear de nazys it misbrûkt hawwe. Minsken dy’t hjiryn leauwe, ferbine graach alderhande magy mei de runen. Algemien oannommen mei wurde dat eltse letter yn it runeskrift foar in wurd stiet: bygelyks U foar uruz (=oeros), W foar wunjo (=perfeksje) en sa noch wol mear. Neffens de ‘magyske’ geroften, soene wurden by de letters eat sizze oer de magyske betsjutting fan de letters. Dêr moatte je fansels yn leauwe, want foar itselde jild wie Futhark foar de Germanen wat foar ús it Romeinske alfabet is. Boarne 1.2: it Futhark
12
Fan dit runeskrift binne sawol langere as koartere teksten fûn. Benammen út Skandinaavje wei komme de langere teksten. Wat Fryslân oanbelanget, hjir binne by ôfgravings fan terpen yn de 19e en iere 20e ieu ferskate koartere teksten fûn mei dêrop runen. Oer it gehiel binne der 19 opgravings dien yn it gebiet wat hjoeddeistich Fryslân, Grins en East‐Fryslân (yn Dútslân) hjit. Dizze stikken tekst binne skreaun mei in beskaat soarte runetekens en befetsje lettertekens dy’t allinnich brûkt waarden yn it Frysk en Ingelsk: de saneamde Anglo‐Fryske runen. Dizze runetekens en lettertekens binne apart te nimmen fan oare runen en maklik thús te bringen. Sa’t wy oan it begjin fan dit ferslach al oanjoechen: taal feroaret kontinu. Doe ek al, hjoed noch. Trochdat de taal doe feroare, wie it ek needsaaklik it byhearrende runeskrift te feroarjen yn Fryslân en Ingelân. Sa kinne je ynskripsjes út dizze twa gebieten goed thús bringe, ek wennear’t se bûten Fryslân fûn binne. Nim bygelyks in fynst yn Bergakker, yn’e Betuwe, dêr’t hiel âlde rúnen opstean, nei alle tinken út de 5e ieu. Nettsjinsteande dat de tekst spitichernôch lêstich te ynterpretearjen is, kin fêststeld wurde dat dit net in Anglo‐Fryske tekst is, om’t it net yn de Anglo‐ Fryske tradysje skreaun is. Men rekkent dizze fynst dan ek net ta ta de 19 fynsten yn Fryslân, East‐ Fryslân en Grins. Boarne 1.3: rune‐ynskripsjes
1.1.2.2 Kustgermaansk It is logysk dat talen as Nederlânsk en Dútsk ôfwike fan talen yn Ingelân, om’t der in see tusken dizze twa taalgebieten yn leit. It is dêrom opmerklik te nimmen dat de Germaanske farianten oan de kust fan’e Noardsee foarmen en wurden ryk binne dy’t mear mei Ingelsk te krijen hawwe as mei it Dútsk. Dizze taalfarianten hawwe fan de taalwittenskip de namme ‘Kustgermaansk’ of wol Ingweoansk krigen. Ingweoansk komt fan de namme dy’t de kustbewenners fan Tacitus krigen hiene. Dit soe fansels allegear sa kaam wêze kinne troch de folksferhuzings. Der wurdt tocht dat Friezen en Juten tegearre it súd‐easten fan Ingelân (yn’e omkriten fan Kent) konolisearre hawwe en dat dêrom in taal as Frysk oerienkomsten hat mei de taal oan’e oare kant fan’e see. Nim it wurd brêge, bridge yn it Ingelsk. Yn it Aldingelsk wie dit bricg, yn it Aldfrysk bregge. It Aldingelske wurd dat út’e omkriten fan Kent komt, brecg, hat dúdlik ek oerienkomsten mei it Frysk. Ûndersyk docht lykwols bliken dat in protte Kustgermaanske ferskynsels ieuwen nei de folksferhúzing ûntstien binne. It missen fan ge‐ as foarheaksel fan it ôfslútend mulwurd is hjirfan in foarbyld: Frysk – makke
13
Ingelsk – made Dútsk – gemacht Nederlânsk – gemaakt In foarm fan ge‐ wurdt lykwols fûn yn it Aldfrysk fan om 1300 hinne en yn it Aldingelsk fan om 900 hinne, fier nei de folksferhuzings. De konklúzje dy’t we lûke kinne: net alle ferskynsels dy’t it Frysk mienskiplik hat mei de talen oerseesk binne Ingweoanske ferskynsels. Sa kin men ek twifelje oan dat buortalen altyd mear skaaimerken hawwe as talen dy’t fierder fuort by inoar lizze. Frysk en Skandinaafsk hawwe mear skaaimerken as Saksysk en Skandinaafsk wylst it Skandinaafske Deensk dochs feitlik in buorman is fan de Saksyske talen yn Noard‐Dútslân. Sa is it dus ek mei Kustgermaansk: Frysk hat mear mienskiplik mei it Ingelsk as mei it Dútsk. Mar hoe komt soks no dan, as de reden net te finen is yn’e tiid fan’e folksferhuzings? It antwurd op dy fraach falt miskien te sykjen yn it feit dat ferfier oer see in hiele tiid makliker en better wie as oer it lân. Net foar neat lizze grutte stêden faaks oan see, of oan in rivier: Amsterdam, Londen, Oslo en Lissabon binne mar in pear foarbylden. Wêr it lân sompich en min bereisber wie, wie it wetter dat net. As twa folken mei inoar yn oanrekking komme, komme harren talen dat fansels ek. Bliuwt der in tiid lang yntinsyf kontakt, dan is it sa hiele núver net dat harren talen wurden op lange termyn oernimme fan inoar. Sa gie it fansels ek mei it Latyn! (sjoch 1.1.1)
1.1.3 Frankysk Nei de Romeinen binne de Franken it folk wêr’t de Friezen it measte mei te krijen hawwe sille. De Franken, dy’t oarspronklik út it westen fan it hjoeddeiske Dútslân en Sallân weikomme, oermasterje stadichoan it hiele gebiet wat se doe Galje namen. Hjoed de dei nimme we dit gebiet wol Frankryk, en net foar neat: Ryk fan de Franken. It bliuwt lykwols net by Galje. De Franken hawwe ek ambysjes om Germaanske gebieten, eastlik en noardlik fan de Ryn, te oermasterjen en sille yn harren opset slagje. Úteinliks sparje se ek Fryslân net. De Franken stelle graven oan om op lokaal nivo te regearjen. As nei 690 kening Redbad fan Fryslân, dat fierder net as in hechte steat beskôge wurde moat, in beslissende slach ferlent fan kening Pippyn fan de Franken, reitsje de Friezen it gebiet besúden de âlde Ryn kwyt, tegearre mei harren wichtichste hannelsplak Doarestêd. Wylst de Franken Fryslân by harren ryk foegje, besykje se ek de Friezen te kerstenjen. De Friezen binne oant dan ta trou oan harren eigen goaden, wylst de Franken sels nei de doop fan harren kening Clovis yn 496 kristlik wurden binne. It kerstenjen fan de Friezen troch de Franken bart fanút Útert wei. Neist it feroarjen fan it leauwen, moatte de Friezen ek tsjinje yn it leger fan’e Franken. Dit duorret lykwols net tige lang, om’t Fryslân hieltyd mear te krijen hat mei de Wytsingen dy’t ynfallen dogge fan Denemarken en Noarwegen út. Troch de Friezen net langer tsjinstplichtich te hâlden kinne se harren ferwarje tsjin dit gefaar. Spitichernôch hellet dat neat út: lang om let ferlieze de Friezen dizze striid en moatte de Franken Fryslân wer gean litte.
14
Fansels is der noch in grutte omskeakeling, as de Franken de toutsjes yn hannen krije: de taal. De taal fan de Franken hjit Frankysk en falt yn de rin fan de ieuwen útinoar yn Heechfrankrysk en Leechfrankysk. Der binne Frankyske boarnen fûn dy’t út it begjin fan de sechde ieuw stamme. Krekt as oare Germaanske stammen is de skriuwtaal fan de Franken lykwols noch hieltyd Latyn. Fierder mei oannaam wurde dat it Frankysk net sa hiele bot ferskilt hat fan de oare Germaanske talen dy’t om dy tiid hinne sprutsen waarden. It duorret efkes, mar nei in poaske wurdt it Frankysk ek de taal fan’e boppelaach fan’e maatskippy, ek al nimt it Romaansk dat nei in tiid wer oer. Hjirtroch kinne je merke dat it Frânsk hjoed de dei mear ferskilt fan it Latyn as bygelyks it Italjaansk, Spaansk en Portugeesk. As Loadewyk de Fromme yn 843 te ferstjerren komt, wurdt it grutte Frankyske ryk opsplitst yn trije dielen, om’t hy trije soannen hie. It wie doe noch net wenstich dat de âldste soan it hiele ryk oernimme soe, en dus waard it Frankyske ryk in trije parten opsplitst. Boarne 1.4: Karel de Grutte Fryslân wurdt part fan it Middenryk. It westlike ryk sil letter útgroeie ta Frankryk en it eastlike ryk sil útgroeie ta it Hillige Roomske Ryk. De taal dy’t yn it eastlike ryk sprutsen wurdt, sil de ynfloedrykste taal wurde. Dizze taal wie allinnich de algemien sprutsen folkstaal, de skriuwtaal wie noch altiten Latyn. De taal dy’t yn de Fryske gebieten sprutsen waard, wykt dúdlik ôf fan de kontinintale taal mar de ferskillen binne net grut genôch om se echt as ferskate talen te beneamen. De boarne op de dizze bledside jout in fragmintsje út in Frankyske doopbelofte út de achtste ieuw, fûn yn’e omkriten fan Útert. It boppeste stik fan de twadde side giet sa, mei it skúne stik dat troch de pryster sein waard en it fette stik dat je antwurdzje moasten: Earste rigel: gelôbistu in got alamehtigan fadaer ‐ ec gelôbu in got o alamehtigan fadaer Twadde rigel, fanôf it twadde wurd: gelôbistu in christ godes suno ‐ ec gelôbu in christ godeso suno Twadde rigel fanôf it lêste wurd en fierder op’e tredde rigel: gelôbistu in hâlogan gâst‐ ec gelôbu in hâlogan gâst
15
In oersetting fan dit stikje: Leausto yn God, de almachtige heit? Ik leau yn God, de almachtige heit. Leausto yn Kristus, soan fan God? Ik leau yn Kristus, soan fan God. Leausto yn de Hillige Geast? Ik leau yn de Hillige Geast Mei in bytsje fantasy is goed te sjen dat dit Leechfrankysk de basis foarmet foar it lettere Nederlânsk, mar dat duorret noch wol efkes. We sitte dan alwer yn de tolfde ieu. Boarne 1.5: Frankyske doopbelofte
1.2 Aldfrysk Tusken de taal fan de Friezen en buortalen ûntsteane tusken 700 en 1000 nei Kristus hieltyd mear dúdlike ferskillen yn de útspraak. Oft de ferskillen foar de minsken út dy tiid al genôch wiene om fan in op himsels steande taal te praten, dat is noch mar de fraach. It wurket nammentlik sa. It giet by it ûntstean fan in taal mear om it ‘útfinen’ fan in namme foar dy taal op it stuit dat de omstannichheden politik en kultureel sjoen der klear foar binne, as om it ‘ûntdekken’ fan taalkundige ferskillen. Om deselde tiid hinne dat Romaanske talen hieltiten mear harren eigen identiteit krije, troch bygelyks it skriuwen, en net mear sjoen wurde as foarmen fan Latyn, kin ek it Aldfrysk as taal datearre wurde. Dit is om it jier 1000 hinne. Yn 882 wurdt der lykwols al foar it earst sprutsen oer in Frisiaca lingua, in Fryske taal. Mar de skriuwer, dy’t fan bûten de grinzen komt, sprekt hjir fan de taal út’e omkriten fan Dimter. Dimter soe dus yn syn eagen in plak wêze kinne yn (Grut‐) Fryslân. Net sa hiel núver, as je neigeane dat de grinzen yn dy tiid net hiel dúdlik west hawwe. Sa’t it liket prate we hjir net echt oer in groepsspesifike namme, mar om in geografyske namme: ‘de taal fan Fryslân’.
16
Yn 1170 wurdt der troch Limburger Hendrik van Veldeke sprutsen oer ‘vriesschen’. It opmerklike is dat hy praat fan ‘vriesschen en dietschen’, der wurdt dus ûnderskie makke tusken Friezen en Dietsers, oftewol ‘Nederlanners’. Groepsspesifyk dus. Dit wurdt stipe troch in Latynske tekst út 1167, dêr’t sprutsen wurdt fan twa folken yn it Hollânske graafskip: it Fryske folk en it Hollânske folk. De Hollanners sjogge harren sels net mear as ynwenners fan Fryslân en oarsemom hawwe Friezen ek alle reden om harren sels net mear as ien folk mei de Hollanners te beskôgjen. Sjoch mar nei it feit dat de Hollanners mar wat graach Fryslân oermasterje wolle. Ûnderwilens wurde de grutter wurdende taalferskillen, dy’t foar 1167 al ûntdutsen wiene nei’t men oannimme mei, brûkt om goed te beklamjen oft je Hollânsk of Frysk wiene. It taalferskil wurdt ‘útfûn’. De (hegere) Friezen skriuwe sûnt dizze tiid Fryske rjochtsteksten ek yn de eigen taal. Boarne 1.6: op dizze boarne, yn 2015 ûntdutsen, binne 4 fryske wurden te lêzen, oersettingen fan it Latyn dat derboppe stiet. De wurden ‘lesa mi,’ en ‘helpe mi’ binne skreaun tusken 1100 en 1125, oan de foarmen fan de letters te sjen. Yn it Kondominiumferdrach út 1165 stiet dat de graaf fan Hollân in beskate sizzenskip oer Fryslân krije sil. Graaf Dirk VI fan Hollân hat mei dit Kondominiumferdrach as lienman offisjeel sjoen it lânshearlike sizzenskip oer Fryslân krigen, mar dit wie eins allinnich foar de foarm erkend. Om alles in bytsje dúdliker te meitsjen, sil ik jo efkes in koarte útlis jaan fan hoe it bestjoer yn dy tiid wurke. Karel de Grutte hie sa’n grut ryk dat er alles net allinnich bestjoere koe. Hy hie dêrom lienhearen. Lienhearen wiene eallju dy’t fan de keizer in stik lân tawiisd krigen, wêr’t se dan lokaal de tsjinst útmakten. Fansels allegear yn tsjinst fan de keizer. Net foar neat moasten dizze eallju in eed ôflizze wêryn’t se trou oan de keizer ûnthjitten en dêrneist taseinen it stik lân goed te bestjoeren. Ek wiene se ferplichte inoar militêr te stypjen, as dat needich wie. Lienhearen koene harren stikken lân wer ferpartsje oan lienmannen, manlju út de legere adel. Dizze lienmannen lieten it lân dan wer bewurkje troch boeren, ek wol hearringen neamd, dy’t in grut part fan de opbringst wer ôfstean moasten. Om it sizzenskip fan de Hollânske graaf sa beskaat as mooglik te hâlden, beroppe de Friezen harren op de Fryske Frijheid. Der soe in mytyske oarkonde wêze wêryn’t stiet dat Karel de Grutte sels de Friezen harren frijheid skonken hat en dat de Friezen fanwegen bewiisde tsjinsten frij binne fan lienhearen en lienmannen en dêrtroch ûnder it direkte bewâld fan de keizer steane. Der is dus gjin lienman, de boeren binne frij. Men praat fan ‘de Fryske Frijheid’. De Hollânske graven wurde
17
ferdreaun en der wurde troch de gemeenten, oftewol gritenijen, minsken oanwiisd dy’t de machtichste bestjoerder wurde yn oanbelangjende gritenij, in saneamde grytman. De jiertallen 1165, 1167 en 1170 lizze ticht by inoar en wize allegear nei de tolfde ieu: it begjin fan it Frysk as selsstannige taal. Frysk wurdt pas foar it earst echt dúdlik oantsjutten as mûnlinge en skriftlike taal yn’e 15e ieu: ‘mit freescha breven ende mit frescher tonghe’ (mei yn it Frysk skreaune stikken en yn de Fryske spraak). As it Kristendom om 1000 hinne oeral fêstige is, nimt it Latyn it oeral yn de tsjerke wer oer fan de folkstaal, dy’t dan yn alle gefallen as skreaune taal ferdwynt. Nei it jier 1000, oan it begjin fan in nij millennium, komme der stadichoan wat teksten, dy’t skreaun binne yn’e folkstaal. De taalfoarm wêryn dit bart wurdt oantsjut as ‘Middel’. Latynske útgongen, lykas in ‘a’ of ‘u’, ferfoarmje stadichoan ta in stomme ‘e’. It ferneamde sintsje ‘Hebban olla vogala nestas hagunnan’ (et setera) is hjirfan in foarbyld: ‘Hebben alle vogels nesten begonnen’. Der binne tal fan soksoarte sintsjes oerbrocht. Sa is der bygelyks ek in stikje út it Aldfrysk oerlevere. It bestiet út in pear Aldfryske oersettingen tusken rigels fan in Latynske tekst. Nei alle tinken is it net mear as in oersethelp, want der binne mar in pear wurden oerbrocht nei it Frysk en dus net allegear. Yn it stik hjirûnder stiet it Latyn kursyf, en de Aldfryske wurden dy’t as oersethelp fungearren fet. It hjoeddeiske Fryske wurd stiet ûnder it Aldfryske wurd. It is in stikje út de Bibel, Psalm 18: 11‐12. Et ascendit super cherubim et volavit, volavit super penas ventorum flah fetheran thera winda fleach fearren fan de wyn Et posuit caligenem latibulum suum in circuita eius tabernaculum eis en sette thusternesse scul inda umbegunge paulun En hy sette tsjusternis as skûl yn de tinten om him hinne Tenebrosa aqua in nubibus aeris thusternesse weter tsjustere wetters It is opmerklik te nimmen dat oars as yn oare talen it Frysk net earst tsjinnet as skriuwtaal yn’e lyriek en oare literatuer, mar earst brûkt wurdt yn bygelyks rjochtsteksten. De ôfwêzigens fan literêr wurk hat nei men tinkt te krijen mei it feit dat in sintraal bestjoer en aadlik hof yn Fryslân ûntbrutsen. Yn oare Germaansktalige gebieten wurdt de folkstaal foar it earst administratyf brûkt om 1250 hinne, yn it Súden fan Dútslân. Midden‐Dútslân folget koart dêrnei, net lang nei 1300. De earste folkstalige oarkonden út Hânzestêden datearje fan 1370, skreaun yn it Middelleechdútsk. Net allinnich fia Dútslân berikket de folkstalige skriuwtaal it noarden, der hat ek in westlike rûte west. Dizze rûte begûn yn Frankryk, dêr’t de opmars fan de folkstaal al foar 1249 oan’e gong is. De âldste amtlike tekst dy ‘t út ’e lettere Nederlannen komt, is fûn yn Flaanderen. Yn dy tiid hearde dat noch by Frankryk, en net foar neat skeakele men dêr dus fan it Latyn oer op it Frânsk. Letter waard dat pas Nederlânsk (of Dietsch). It duorret net lang foar’t it midden en westen fan de lege lannen folgje. Yn Limburch en Brabânske stêden lykas Brussel duorret it lykwols oant 1350 foar’t men omskeakelet. De Súdersee hat in ieu lang de grins west fan folkstalich skriuwe (west) en Latyn skriuwe (east). It duorret lykwols oant fier yn’e moderne tiid foar’t it Latyn likernôch ferdwynt. Benammen op wittenskiplik flak en yn de tsjerke bliuwt it Latyn, ek yn Fryslân, de wichtichste skreaune taal.
18
Boarne 1.7: in stik Aldfrysk út Hunsingoa (yn it hjoeddeiske Grinslân), út de iere 14e ieu
1.3 Midfrysk Nei’t rjochtsteksten skreaun wurde yn it Frysk, komme der ek hieltiten mear oarkonden dy’t Frysktalich skreaun wurde. Nim bygelyks de oarkonde wêryn’t fêstlein stiet dat Aldehôf, Nijehôf en Hoek in fúzje ûndergeane sille om de stêd Ljouwert te wurden. Yn it tiidsbestek fan 1200‐1515 sil it Frysk him fûl ûntjaan, alle reden om sa njonkenlytsen fan Midfrysk te praten yn stee fan Aldfrysk. Dit Midfrysk sil de oergong foarmje nei it iere Nijfrysk, de taal dy’t yn de twadde helte fan de sechtjinde ieu al aardich te ferlikenjen falt mei it hjoeddeistige Frysk. Allinnich yn Westerlauwersk‐Fryslân, dat binnen de grinzen fan Fly, Lauwers en Tsjonger leit, krijt it Frysk in wiere kâns om him te ûntjaan. Nettsjinsteande dat bygelyks Starum polityk sjoen (1292‐ 1411) by it graafskip Hollân heart, wurdt der noch lange tiid Frysk sprutsen yn dit stedsje. It sil oant 1524 duorje dat guon stêden lykas Snits en Ljouwert gruttere oanparten net‐Frysktaligen binnen harren stedsmuorren krije. It sil de Hollanners sels ferbean wurde boarger fan Ljouwert te wurden, as we de oarkonde fan 1435, dy’t ik earder ek naam ha, leauwe moatte. Dit wiist der fansels op dat der wiere kontakten binne mei de Hollanners. We kinne de Slach by Warns yn 1345 as foarbyld nimme,
19
útreden dat de Hollanners it dan besykje Fryslân te bemasterjen. Dit slagget harren lykwols net en Fryslân sil de Fryske Frijheid oant 1498 behâlde.
Boarne 1.8: It monumint foar de Slach by Warns op it Rea Klif. Op dizze grutte swerfstien is de tekst ‘’Leaver dea as slaef’’ te lêzen. De Friezen wiene dus wol aardich wiis mei harren frijheid. Oars as hjir, krijt it Frysk bûten Westerlauwersk‐Fryslân net in goede kâns him te ûntjaan. West‐ Fryslân bygelyks wurdt in oanpart fan Hollân. De Ommelannen, oftewol it hjoeddeistige Grinslân, ûnderfine hieltyd mear ynfloed fan de grutte, Saksyske stêd Grins en sille harren taal, it Aldfrysk, hieltiten minder brûke. Oan it selsbestjoer fan de Friezen yn East‐Fryslân sil in ein makke wurde troch Ulrik Cirksena, sels ek in East‐Fries. Yn Noard‐Fryslân wurde sterke ynfloeden fan it Leechdútsk en Deensk ûnderfûn. Dit wol oars net sizze dat de Friezen harren bêst net dien hawwe om dit tsjin te gean. Op de tiisdei fan de pinksterwike komme Friezen út alle sân seelannen byinoar. De sân seelannen binne de sân regio’s wêryn Fryslân om dy tiid hinne opsplitst is. Yn 1323 hat Westergoa it noch besocht it bestjoerlik allegear wer op gong te krijen troch de wei fan mienskiplike wetten (de saneamde Oerkerren). Hjirfan binne stikken weromfûn. Fan ôfspraken oer militêre stipe oan inoar tsjin de Wytsingen en Saksen is net safolle fan werom te finen. It sil nea echt in krêftige organisaasje west hawwe, want nettsjinsteande dat se it besocht hawwe, binne de gebieten bûten de grinzen fan Fly, Tsjonger en Lauwers dochs oermastere.
20
De afbeelding kan momenteel niet w orden w eergegev en.
Yn Westerlauwersk‐Fryslân is likernôch trijefearn fan de rjochtsstikken dy’t fûn binne en datearje fan 1426‐1515 Frysktalich skreaun. Fan de 14 oarkonden fan foar 1426, binne der 12 Frysktalich en 2 Nederlânsktalich. Besluten fan de rjochtbank binne bygelyks hast allegearre yn it Frysk skreaun. It Nederlânsk mei dan wol brûkt west hawwe yn de fyftjinde ieu, it tinken is dat it Frysk de wichtichste skriuwtaal west hat. Sa as earder oanjûn, einiget de Fryske Frijheid yn 1498. Der komt dan in sintraal bestjoer fan bûtenôf, troch Albrecht fan Saksen. Hy sil de ûnderlinge skelen tusken de Skieringers en de Fetkeapers sljochtsje. De rúzje tusken dizze beide partijen is ien dy’t ûntstiet as alle haadlingen yn de foarm fan ûnder mear grytmannen en eallju harren belangen ferwêzentlikje wolle en útinoar falle yn dizze twa partijen. Der binne lykwols te folle ferskate belangen dat der net dúdlik sein wurde kin wêr’t beide partijen no krekt foar steane. Boarne 1.9: It histoaryske terreinferlies fan de Fryske taal, wêrop’t dúdlik te sjen is dat it Frysk yn de Ommelannen en West‐Fryslân tusken 1300 en 1600 ferlern giet. Dit sintrale bestjoer betsjut net dat it Frysk net mear brûkt wurde sil. Nim no Ljouwert, dat yn 1504 haadstêd fan Fryslân wurde sil ûnder Saksysk bestjoer en fan alle stêden it meast te krijen hat mei de Saksyske oerwâlder, wêr’t it Frysk sprutsen en skreaun bliuwt. Net earder as dat Fryslân ûnder it bewâld fan Karel V komt, sil it Frysk him as sprutsen en skreaune taal mear weromlûke moatte, om’t Fryslân dan yn in grutter bestjoerlik ferbân opnommen wurde sil. Dan is de grutte bloei fan it Frysk, dy’t dan hast sa’n trije ieuwen duorre hat, oer. It Frysk hat him hiel oars ûntjûn as de oare Germaanske talen om ús hinne. It Frysk begjint om dizze tiid hinne wol te feroarjen, sa as earder ek oanjûn. In âlde útgong lykas de folle klank a feroaret nei de ôfswakke klank e. Nim bygelyks secka yn it Aldfrysk, dat him ûntjout ta secke yn it Midfrysk. Úteinliks sil dit ús wurd saken wurde. Yn it Nederlânsk (Diets), Ingelsk en Heechdútsk binne dizze feroaringen folle earder ta stân kaam. Aldnederlânsk is vogala, Middelnederlânsk wurdt vogele om úteinliks it Nijnederlânske wurd vogels te wurden. Rûchwei is de gronologyske folchoarder fan de trije tiidrekken Ald, Middel en Nij yn dizze talen sa: Ald: likernôch 800 – likernôch 1100 Middel: likernôch 1100 – likernôch 1500
21
Nij: likernôch 1500 – no Dizze yndieling is lykswols net sa te meitsjen foar it Frysk. Yn it Frysk wurde ‘âlde’ skaaimerken as de folle klank a oan it ein fan in wurd en th oan it begjin fan in wurd noch om 1375 hinne brûkt. As men nei de gronologyske folchoarder hjirboppe sjocht, dan falt it op dat der dan yn de talen om ús hinne al in ûntjouwing ta stân kaam is en se dêr al fier yn de ‘Middel‐tiid’ sitte. It Frysk is dus noch in opfallend âldfrinzige taal om dy tiid hinne. Alle Fryske taalfoarmen dy’t foar 1550 foarkomme wurde dêrom wolris as Aldfrysk oantsjutten, de taal dy’t fan 1550 ôf op gong kaam Midfrysk en it Frysk dat fanôf de achttjinde sprutsen waard Nijfrysk. Mar dat soe net kloppe kinne, as men neigiet dat it Midfrysk dan hielendal net op de oare Middel‐talen liket, taalkundich sjoen. Der wurdt dêrom ek wol oannaam dat om 1550 hinne it Nijfrysk al begjint. Alles foar 1550 soe dan Midfrysk wêze. Ek dat soe net kloppe kinne, want it âldste skreaune Frysk is pas nei 1100 as skreaune boarne oerlevere en it Aldfrysk dat fanôf 1200 ôf oerlevere is falt ek it bêst te ferlikenjen mei it Aldingelsk of Aldnederlânsk. Dizze talen sitte dan al fier yn de Middel‐perioade. Om 1400 hinne begjint dan dochs it modernisearjen fan de taal te kommen, en dan sil it ek rap gean. Yn in heale ieu tiid stjert it Aldfrysk sa’n bytsje út. Dit moat hiel frjemd west hawwe, as men sjocht dat der oarkonden fan om 1430 hinne oerlevere binne wêryn’t âlde taalfoarmen neist moderne taalfoarmen steane. Der sil dan ek grif in generaasjekleau west hawwe. It Middelnederlânsk feroaret yn 250 jier tiid, fan 1200 oant 1450, lang sa folle net as it Frysk. Men soe sizze kinne dat it Frysk him sa hurd ûntjout en sa hurd feroaret, dat it streekrjocht fan Ald nei Nij giet. De âlde skaaimerken ferdwine by ienen en nei 1550 is it Frysk ier‐modern. It giet sa rap dat men eins net prate kin fan in stabyl Midfrysk, is de konklúzje dy’t we lûke kinne. Úteinliks komt in tiidbalke foar it Frysk der sa út te sjen: ±600 - ±900: Proto-Frysk mei (Anglofryske) rune-ynskripsjes ±1100 - ±1400: Aldfrysk ±1400 - ±1550: Midfrysk ±1550 - ±1800:Ier-Nijfrysk ±1800 - no: Modern-Nijfrysk Hjirûnder de wichtichste skaaimerken fan de oergong fan Aldfrysk nei Midfrysk: ‐th Wurdt in d: thet wurdt dat ‐ De folle klank a wurdt ôfswakke nei in ‘stomme’ e: habbath wurdt habbet ‐ Achter de doelfoarm fan de tiidwurden falt de stomme e fuort: dwane wurdt dwaen Aldfrysk (1300) Midfrysk (1450) Ier‐Nijfrysk (1650) Modern‐Nijfrysk (no) Wesa Wessa Wezze Wêze To makiane To meyckien To meytsen Te meitsjen Skipe Schiip Schyp Skippen Thet Dat Dat Dat (útspraak: dòt) Hia Hyae Jae Sy/hja Sworen Swerren Swern/sward Sward Word Wird Wird Wurd Hwat Haet Het Wat Boarne 1.10: in rigel wurden dy’t mei harren takomstige ferzjes ferlike wurde. Hjirûnder in stik út in Midfryske oarkonde út 1508 dat ferlikene wurdt mei Aldfrysk en hjoeddeistich Frysk: Midfrysk:
22
Dat wij machtich habbet mecket Lijuwa Hetta zen alle wse secken dijer wij toe dwaen habba Aldfrysk: Thet wi machtich habbath makad Liuwa Hetta sen alle use secka ther wi to dwane habbath Letterlik: Dat wy machtich hawwe makke Liuwe Hettesoan al ús saken dy’t wy te dwaan hawwe Korrekt hjoeddeistich Frysk: Dat wy oan Liuwe, soan fan Hette, it sizzenskip jûn hawwe oer al ús saken, dy’t wy te dwaan hawwe.
Boarne 1.11: de sân reade pompeblêden dy’t op de Fryske flagge steane, represintearje elts ien fan de sân seelannen, wêroer’t jo earder dit haadstik lêzen hawwe: West‐Fryslân, Westerlauwersk Fryslân, de Ommelannen, East‐Fryslân, Oerjade, Hodelerlân en Ditmarsen. In traktaat út 1417 dielt de seelannen oars op: West‐Fryslân, Westergoa,Eastergoa, Drinte / de Stellingwerven, de Ommelannen, East‐Fryslân en Bûtjadingen.
1.4 Nijfrysk
1.4.1 Nijfrysk: de earste ieuwen Yn de sechtjinde ieu begjint it Iere Nijfrysk op te kommen, in foarm fan it Frysk dy’t al aardich lykje sil op ús hjoeddeiske Frysk. Yn de opkomst fan it Nijfrysk spilet Gysbert Japicx (1603‐1666) in wichtige rol. Gysbert Japicx is de grûnlizzer fan it Nijfrysk as skriuwtaal en sil it Frysk sadwaande wer op ‘e kaart sette. It Frysk is yn syn tiid as skreaune taal likernôch ferdwûn en dêrtroch kin der ek net in soad bestekliks sein wurde oer de taalsituaasje fan syn tiid. Der mei wol oannommen wurde dat, as Fryslân ûnder it bewâld fan Karel V komt, it Frysk net mear brûkt wurde sil as bestjoerstaal. Der komme hieltiten mear kontakten mei Hollân, benammen yn de grutte stêden. Yn Hollân wurdt dan in taal sprutsen, dy’t faaks mei Nederdútsk oantsjut wurdt. Troch dizze kontakten sille grutte stêden as Snits en Ljouwert ûntfryskje en sil him dêr in eigen foarm fan Nederdútsk ûntjaan, letter oantsjut as Stedfrysk. It Frysk ferliest sa stadichoan har maatskiplike status en sil de taal fan it plattelân wurde, in boeretaal. It Frysk is om dizze tiid hinne dus net mear as in sprutsen taal. Nederdútsk is de skriuwtaal
23
en sil him sa ek nei de Renêssânse fierder ûntjaan. Trochdat it Frysk as skriuwtaal ferdwûn is, is it fansels lêstich om dy Fryske lûden, lykas ô, ie, ê etsetera, op te skriuwen. Yn it Nederdútsk besteane dizze lûden nammentlik net. Der kin sein wurde dat mei it ferskinen fan Friessche Tjerne, in boek fan Japicx, in Fryske lêstradysje op gong setten wurdt. It wichtichste wat Gysbert Japicx dien hat foar it Frysk is in komplete, taalkundich en technysk sjoen korrekte, Fryske stavering te betinken en op te bouwen en der ek noch in hiel oeuvre yn te skriuwen. Mei it útjaan fan syn boek Friessche Rymlerije binne der lêzers bykommen en troch syn betûftens hat er sjen litten dat it Frysk ek as literêre, skreaune kultuertaal brûkt wurde kin. Syn boeken wurde benammen lêzen troch de boppelagen fan’e maatskippij, dy’t syn boeken identifisearje mei de Fryske kulturele identiteit. Der wurde op syn heechst sa’n 300 eksimplaren drukt en útjûn fan Friessche Rymlerije. Gysbert Japicx bringt as ienling de maatskiplike status fan it Frysk omheech ta in taal om mear te earjen. It wurk fan Japicx sil boppedat represintatyf wurde foar Fryslân. De Britske taalkundige Boswell neamt Rymlerije sels it iennichste boek dat de Friezen ryk binne yn dy tiid. Om ’e wille fan it feit dat Japicx net yn Nederdútsk skriuwt mar yn it Frysk, krijt hy bot krityk. It is mei dêrom dat it oant de ein fan ’e achttjinde ieu duorje sil foar’t de wiere wurdearring foar it wurk fan Japicx op gong komme sil. Boarne 1.12: in portret fan Gysbert Japicx
24
Boarne 1.13: Friesche Rymlerye fan Gysbert Japicx Yn dizze wurdearring en ferearing spilet Frjentsjerter prefester Everwinus Wassenbergh (1742‐1826) in rol. Hy sil yn syn kolleezjes de wurken fan Japicx útwreide behannelje. Ek sil in Ingelske gelearde, Fransiskus Junius, in tiid yn Boalsert wenje om by Japicx Frysk te learen. Yn 1823 fynt de ferearing syn hichtepunt, mei it Gysbert Japicxfeest. Der wurdt dan ûnder mear in boarstbyld fan him ûntbleate foar de Martinitsjerke, dêr’t hy foarsjonger west hie. Kulturele ferienings binne nei him ferneamd, mar ek strjitten, de Gysbert Japicxpriis en gean sa mar troch. Syn 400ste bertedei is yn 2003 betocht yn dyselde Martinitsjerke. Yn de iere njoggentjinde ieu sille de bruorren Halbertsma, Joast (1789‐1869) en Eeltsje (1797‐ 1858), it Frysk as skriuwtaal stypje mei ûnder mear harren Rimen en Teltsjes. Yn 1828 ferskynt it folslein Frysktalige Friesch Jierboeckjen en yn 1829 sil Eeltsje Halbertsma de tekst fan De Alde Friezen, hjoed de dei it Frysk folksliet, skriuwe. Yn 1844 wurdt it Selskip for Fryske tael en Skriftekennisse oprjochte en dit selskip sil it Frysk in stjit jaan de goeie kant op mei troch de Fryske taal konsekwint as fiertaal te brûken. It Selskip sil him op ûnder mear grammatika, toaniel en ienheidsstavering rjochtsje. Yn 1860 wurdt ‘’Mâl út, mâl thús’’, it earste Frysktalige toanielstik, opfierd. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu sil it benammen Waling Dykstra wêze dy’t him ynsette sil foar it Frysk. Hy skriuwt bygelyks it earste folsleine Fryske wurdboek fan 1900 oant 1911. Boarne 1.14 (lofts ûnder): Eeltsje Hiddes Halbertsma, skriuwer fan ‘De Alde Friezen’ Boarne 1.15 (mid ûnder): Joast Hiddes Halbertsma, tegearre mei syn broer skriuwer fan ‘Rimen en Teltsjes’ Boarne 1.16 (rjochts ûnder): Waling Dykstra, skriuwer fan it earste folsleine Fryske wurdboek Op de kommende twa siden steane de earste twa siden fan Friessche Rymlerye, dat trouwens twa jier nei de dea fan Japicx útjûn waard troch syn freon Simon Gabbema.
25
Boarne 1.17: ‘Oon myn lan‐aerde lezzers’ De afbeelding kan momenteel niet w orden w eergegev en.
26
Boarne 1.18: twadde part fan ‘Oon myn lan‐aerde lezzers’
27
1.4.2 Nijfrysk: de lêste ieu
Yn ‘e lêste ieu, fan 1900 ôf, wurdt der hurd krewearre om it Frysk ek ta de taal fan it bestjoer te meitsjen. It Frysk wurdt dan wol skreaun, mar it moatte net allinnich frijwilligers wêze dy’t harren ynsette foar it Frysk. It soe oeral binnen de provinsje brûkt wurde moatte. De Fryske Beweging sil hjiryn in wichtige rol spylje, mei Douwe Kalma (1896‐1953)as foaroanman. De kwestje fan in fêste standertsfoarm fan it Frysk komt hjirmei ek opsetten. Yn 1900 is de situaasje sa dat it Frysk as taal op skoallen, yn it bestjoer en yn de rjochtspraak ferbean is. Yn 1907 sil der subsydzje komme foar Fryske les bûten skoalletiid, dit om derfoar te soargjen dat it Frysk net útstjerre sil. De Provinsjale Steaten nimme hjirmei in histoarysk beslút: hja sjogge yn dat it ûnderwiis fan wêzentlik belang is foar it fuortbestean fan de taal en nimme harren ferantwurdlikheid foar it ûnderstypjen fan sawol de Fryske taal as de Fryske kultuer. Sa begjint dus in proses fan emansipaasje fan it Frysk op gong te kommen. De hâlding fan it lânlike regear yn Den Haach kin it bêst as ôfwachtsjend beskreaun wurde. Boarne 1.19: Douwe Kalma Nettsjinsteande dat it Frysk yn rjochtssealen en Provinsjale Steaten foar de Twadde Wrâldoarloch noch altiten ferbean is, binne der wis wol súksessen fan foar dy tiid. Sûnt 1916 wurdt der bygelyks yn it tsjerke wer Frysk sprutsen, gemeenterieden meie ek oerlizze yn it Frysk sûnt de tweintiger jierren en ferjit it oprjochtsjen fan de Afûk (Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje) yn 1928 en de Fryske Akademy yn 1938 net. Oan ‘e ein fan de Twadde Wrâldoarloch stiet de Fryske Beweging dan foar in drege kar: moat it Frysk bliuwe wêr’t it no stiet, op in beskieden plakje yn de ynformele sfear, moat it Frysk oanwurkje op in lykweardich plak neist it Nederlânsk, of moat der in ientalich Frysk Fryslân komme? As aanst de Ried fan de Fryske Beweging as oerkoepeljende organisaasje ûntstiet, sil dy it stânpunt ynnimme dat Frysk en Nederlânsk lykweardich oan inoar binne. Dizze beide talen moatte lykberjochtige wêze en sa kiest de Ried dus foar twataligens. Letter sil de provinsjale polityk dit stânpunt oernimme. Freed 16 novimber 1951 sil de boeken yngean as Kneppelfreed, in konfrontaasje tusken de plysje en demonstranten. Der binne op dy freed demonstraasjes rûn de rjochtssaak fan Fedde Schurer, dy’t him in poaske dêrfoar kritysk útlitten hie oer in rjochter dy’t it brûken fan it Frysk yn de rjochtsseal net tastie. Hjirtroch moast er úteinlik sels oar it gerjocht ferskine. De lânlike oandacht dy’t dit mei him mei bringt, sil úteinliks opsmite dat it Frysk fan 1956 ôf yn de rjochtsseal brûkt wurde mei, alteast as tredden it ferstean kinne. Der wurdt dan ek fêststeld dat it Frysk yn offisjele dokuminten net selsstannich brûkt wurde mei, inkeld in Fryske oersetting fan in Nederlânsktalich dokumint wurdt ynskewiele. Topografyske nammen meie fan dan ôf inkeld ien offisjele namme hawwe. Steane der op bygelyks in plaknammeboerd twa nammen, dan is de Fryske foarm ynearsten de offisjeuze. In oar, wichtich gefolch fan Kneppelfreed is it twatalich ûnderwiis. Yn de trije leechste klassen fan it leger ûnderwiis wurdt it Frysk as fiertaal tastien. De afbeelding kan momenteel niet w orden w eergegev en.
28
Boarne 1.20: Kneppelfreed Yn 1970 sil it Ryk Fryslân offisjeel as twatalige provinsje erkenne. Sadwaande kin it Frysk de twadde rykstaal neamd wurde. It sintraal regear sil meibetelje oan de ynstitúsjonele ynfrastruktuer en fan no ôf binne net allinnich mear de Steaten ferantwurdlik foar it Frysk, mar ek it Ryk. Dit hat ta gefolch dat Frysk in ferplichte fak wurdt yn it leger ûnderwiis. Letter, nei it ynfieren fan de HAVO en it VWO, sil it Frysk ek yn’e boppebou as eksamenfak keazen wurde kinne. Fan de jierren ’70 ôf komt der in stranger taalbelied en sille it Frysk en Nederlânsk selsstannich neist inoar brûkt wurde, sûnder oersettings. Der komt lykberjochtiging en lykweardigens foar beide talen. As der yn 1984 in weryndieling is fan de Fryske gemeenten, kieze guon gemeenten foar in Frysktalige namme en ek Frysktalige plaknammen. Hjir giet it lykwols mis. De PTT ( it hjoeddeiske Post NL) wol net meiwurkje oan de Frysktalige plaknammen en hâldt stiif fêst oan de Nederlânsktalige plaknammen. De Fryske plaknammen meie dan yn guon gemeenten offisjeel wêze, de PTT is dan krekt privatisearre en is dus wetlik sjoen net ferplichte de Fryske plaknammen te brûken. It sil mear as tsien jier duorje foar’t de skelen sljochten wurde. As dat it gefal is, nimme mear gemeenten it inisjatyf fan Frysktalige plaknammen oer. Der wurdt lykwols troch de Hege Rie beklamme dat it brûken fan it Frysk in geunst is, mar gjin rjocht. Eltse Nederlanner mei altyd easkje troch oerheden yn it Nederlânsk oanskreaun en/of oansprutsen te wurden. Dit komt fansels net hielendal oerien mei it idee dat de provinsjale oerheid foar de takomst fan it Frysk hat. Úteinlik komme de Fryske en lânlike oerheden ta it beslút foar in taalwet mei in romme oersetregeling. Frysk prate, dêr is men frij yn. Yn 1997 sil de provinsjenamme offisjeel feroarje nei ‘Provinsje Fryslân’. Ryd mar ris fan Grinslân Fryslân binnen. By de grinsoergong sille jo dan grif in buordsje treffe mei dêrop boppe‐oan ‘Provinsje Fryslân’ en ûnderoan ‘Provincie Friesland’. Nammen fan wetters binnen Fryslân binne offisjeel hast allegear yn it Frysk sûnt 2007. Gemeenten binne sûnt 1997 ferplichte ta it dûbeltalich opstellen fan de dokuminten oer de boargerlike stân. Eins kin no sa
29
stadichoan wol sein wurde dat de Fryske boarger him oeral yn’e provinsje rêde kin yn it Frysk en him oeral beroppe kin op it Frysk. Yn in ieu tiid feroaret it Frysk maatskiplik sjoen fan boeredialekt nei in wetlike taal mei binnen Fryslân hast deselde rjochten as it Nederlânsk. Frysk wurdt jûn op skoallen, der is Frysktalige radio en Frysktalige televyzje en op ynternet binne Fryske websiden. Nim no de domeinnamme, .frl. In moaie kâns foar de Fryske taal om him op it ynternet te ûntjaan. Sa wurdt it Frysk mear lêzen. Ek polityk sjoen wurde Fryske belangen behertige, troch benammen de yn 1962 oprjochte FNP. Net allinnich de FNP, dy’t de politike easken fan de Fryske Beweging ferpersoanliket, mar ek troch oare partijen binnen Fryslân wurdt it brûken fan it Frysk stipe. Fan in kampanje om de Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens, de saneamde ‘Praat mar Frysk’ kampanje, wurde bekende Friezen lykas Epke Zonderland, Doutzen Kroes en Foppe de Haan ambassadeurs. Friezen kinne sa yn in ieu tiid grutsk wêze op de taal dy’t se prate en op de provinsje wêr’t se weikomme. Net foar neat wurdt foar bygelyks eltse wedstriid fan sportklub it Hearrenfean it Frysk folksliet út folle boarst meisjongt.
30
Boarne 1.21: de ‘Praat mar Frysk’ kampanje, mei in tútsje fan Doutzen. It wetlik ramt is no lein en makket it paad frij foar it Fryske skriuwen. De praktyk leart lykwols dat it lot fan de Fryske taal foar in grut part yn hannen leit fan de Friezen sels en dat it fuortbestean fan it Frysk in tige sterke taalwil fan de Fryskpraters easket. Friezen fiele harren net allinnich Friezen, mar fiele harren ek Nederlanners en behearskje yn de measte gefallen it Nederlânsk as skriuwtaal ek better as it Frysk. De posysje fan it Frysk sil troch de Friezen sels ôftwongen wurde moatte. It is net mear lykas yn ’e fyftjinde ieu, de groeiperioade fan de Fryske taal, doe’t it grutste part fan Fryslân noch ientalich Frysk wie.
31
Boarne 1.22: Suske en Wiske yn it Frysk. ‘De Alvestêdestunt’, hjit it boekje. 1.4.2.1 De Fryske stavering Krekt as in taal, dy’t hieltiten feroaret, feroaret de stavering fan in taal hieltyd. Sa is de stavering fan it Frysk ek net altyd itselde west. By it opbouwen fan in Fryske stavering moatte je neist de eigenskippen fan de Fryske taal sels ek rekken hâlde mei de measte Friezen, dy’t wat skriuwen oanbelanget it Nederlânsk better behearskje as it Frysk. Algemien oannaam wurdt dat Gysbert Japicx de grûnlizzer is foar de Fryske stavering, nettsjinsteande dat in protte aspekten fan syn skriuwwize net neifolge binne. Yn ‘e santjinde ieu is it sprutsen Frysk fansels oars as yn ‘e achttjinde ieu en sadwaande kamen der ek nije inisjativen om de stavering te modernisearjen. De ferzje fan skriuwers De Haan Hettema en Harmen Sytstra hat it meast útwrydsk west. Se brûke bygelyks ‘thi baam’, opfallend âldfrinzich as jo sjogge nei it feit dat dit Aldfrysk is, foar ‘de beam’. Dizze saneamde Iduna‐stavering hat ta doel bûtenlânske taalgelearden sjen te litten dat it Frysk noch wier Frysk is. Dizze Iduna‐stavering hat gjin stân holden. Maklik nei te gean: wy skriuwe hjoed nammentlik gewoan ‘de beam’ yn stee fan ‘thi baam’. Op in oar plak yn Europa, op de Faroer eilannen, hat sa’n âldsinnige stavering wol stân holden. In oare stavering, dy’t de bruorren Halbertsma brûke, sil úteinlik de basis lizze foar de hjoeddeistige stavering. Fansels is der ek mei dizze stavering noch gâns wat omdoktere. It Selskip fan 1844 (sjoch 1.4.2) sil it inisjatyf nimme yn 1879 foar de stavering dy’t hjoed de dei noch yn ’e swang is. Dizze stavering is foar in part basearre op it Nederlânsk. Fen, dat oant 1945 brûkt wurdt, wurdt fan. To wurdt te en tael en dwaen wurde taal en dwaan. De h foar guon wurden falt ek fuort: hwant wurdt want. Nei ek de 1945 wurdt selskipsstavering, dy’t dan eins alwer út ’e tiid is, wer modernisearre. Boarne 1.23: in Nederlânsk‐ Frysk wurdboek Wurden wêryn’t lûden foarkamen dy’t net mear strieken mei’t de doetiidske útspraak, waarden feroare. Hird sil op dizze wize hurd wurde. De stomme r bliuwt lykwols bestean. Ek de brekkings fan wurden sille yn de stavering oanpast wurde: stoellen sil fan dan ôf skreaun wurde as stuollen, sa’t it útprutsen waard. Mûrre sil bygelyks muorre wurde. It núvere oan dizze kar is dat in wurd as beammen fierdersoan net stavere wurde sil as bjemmen. Dêrneist sille wurden as bihâlde feroarje yn behâlde, scille wurdt sille en forlet wurdt ferlet.
32
As it Frysk letter ferplichte wurdt op de legere skoallen, sil it idee opkomme dat der wer mei de stavering omdoktere wurde moat. Sa sil de brekking better kinne: bjemmen, wjartels en skwonnen yn stee fan beammen, woartels en skuon. Oe soe noch wol brûkt wurde kinne, mar allinnich yn wurden mei in twilûd. Toer en stoel kinne best, mar fan doe en boek soene we dû en bûk meitsje moatte. Sa’n stavering soe it in stik makliker meitsje foar nijelingen, dy’t it Frysk as skriuwtaal noch net machtich binne, om’t ferskate lûden op dizze wize yn harren skreaune fariant mear lykje op harren sprutsen fariant. Reden om soks net te ûndernimmen, is dat it foar in fiks oanpart fan de no Frysk skriuwende minsken hiel lêstich wêze sil harren hjiroan oan te pasjen. Faaks sjogge je dat minsken de wizigingen dy’t yn 1980 trochfierd binne, noch hieltiten net yn harren macht hawwe. Hjirfan binne de ae dy’t troch it Nederlânske aa ferfongen wurdt en de oun dy’t yn ûn feroaret foarbylden. Faeks wurdt faaks en groun wurdt grûn. Oars as yn 1879 en 1945, wurdt dizze stavering trochfierd troch de Provinsjale Steaten. Om dizze reden wurdt dizze stavering ek wol de Steatestavering neamd. Boarne 1.24: in modern learboekje om de stavering fan it Frysk yn ‘e bouten te krijen. It boekje is útjûn troch de Afûk en de kleur grien sil keazen wêze fanwegen it ‘Groene Boekje’ yn it Nederlânsk. De afbeelding kan momenteel niet w orden w eergegev en.
1.5 Ferhollânsking fan it Frysk De ûntjouwing dy’t it Frysk hjoed de dei trochmakket hat te krijen mei de hieltyd grutter wurdende ynfloed fan it Nederlânsk dy’t it Frysk ûnderfynt. De taal ferhollânsket fluch en dit kin it útstjerren fan typysk Fryske wurden en taalfoarmen ta gefolch hawwe. De ferhollânsking is lykwols net in ferskynsel fan de lêste ieu: de yntinsive kontakten tusken it Frysk en Nederlânsk binne âlder as troch in protte minsken tocht wurdt.
33
Fan de midsieuwen ôf is it Middelnederlânsk en letter ek it Nederdútsk in wichtige kultuertaal foar de Friezen dy’t skriuwe en lêze kinne. Yn it doetiidske Hollân wurdt lykwols gjin taalfoarm sprutsen fan de taal dy’t wy hjoed de dei oantsjutte as Nederlânsk. Yn 1600 hawwe der sels noch in protte plakken west yn noardlik Hollân wêr’t Frysk de gongbere taal wie. De Fryskpratende Hollanners wienen harren sels lykwols net bewust fan it feit dat se in (taalfoarm fan it) Frysk sprutsen. Ek de Friezen sille sels net witten hawwe dat harren taal oan ‘e oare kant fan ‘e Súdersee sprutsen waard. Nettsjinsteande dat it Frysk net tige lang stân holden hat yn Hollân en út it stee krongen waard (de lêste Hollânske sprekker fan it Frysk sil it jier 1700 net helle hawwe), hat it Frysk syn stimpel wol dúdlik drukt op de Hollânske streektaal. Nim bygelyks de ‘k’ yn skoalle. Yn it Westfrysk seit men skool, ynstee fan it gongbere school. In dúdlik oerbliuwsel. Ek seit men bygelyks breg ynstee fan brug foar brêge. Yn Hollân sil om dy tiid hinne in skriuwtaal ûntstean dy’t de foargonger wurde sil fan it hjoeddeistige Algemien Beskaafd Nederlânsk en dy’t in sterke Brabânske/Flaamske ynslach hat. Foarmen út de streektaal, lykas breg, uis, keuning en gien wurde net brûkt. Yn de skreaune taal wurde dizze wurden dus brug, ons, koning en geen. Dizze foarmen wurde troch de ‘gewoane’ Hollanner net brûkt. Mei ‘gewoan’ doele we net allinnich op âldfrinzige lju fan it plattelân dy’t al aardich op ‘e jierren binne, sa as minsken hjoed de dei dialektepraters faaks oantsjutte, mar op de trochsnee Hollanner. Yn Hollân ûntstiet dan in situaasje dy’t men ferlikenje kin mei de hjoeddeistige situaasje yn Switserlân en Lúksemburch. De minsken dêr prate allegearre dialekt. De iene mei dan wat wurdkar oanbelanget wat tichter by de standerttaal sitte as in oar, mar nimmen praat yn syn of har deistich libben sa as de gongbere ferkearstaal is. Oars as hjoed de dei, no’t de skreaune en sprutsen taalfoarmen as twa farianten sjoen wurde fan deselde taal, wiene Nederdútsk en Hollânsk doetiids twa aparte talen, nettsjinsteande dat se nau besibbe oan inoar wiene. It Hollânsk sprutsen, it Nederdútsk skreaun. Hollânske ynfloeden op it Frysk fan de sechtjinde oant en mei de achttjinde ieu kinne lykwols meastentiids net út de skreaune taal helle wurde. De Friezen fan dy tiid hearre nammentlik faaks allinnich de sprutsen taal, wannear’t se mei de taal oan ‘e oare kant fan ‘e Súdersee yn oanrekking komme. Der wurdt in soad hinne‐en‐wer syld en sadwaande binne de kontakten tusken Hollanners en Friezen benammen kontakten tusken keaplju. As der wurden fan it Hollânsk oerkomme op it Frysk, binne it dus wurden út de sprutsen taal en net út de skreaune taal, fuortendaliks ek de reden dat skreaune stikken meastentiids gjin brûkbere boarnen binne om te ûntdekken wat de Hollânske ynfloeden doetiids west hawwe op it Frysk. Sa as we al oanjoegen, wurde in protte Fryske wurden út it stee krongen troch harren Nederlânske wjergaders. Yn guon gefallen wurde se net folslein oernaam, mar komt der in gearmjoksel fan it Fryske en Hollânske wurd út. Hjirûnder in oersjoch fan foarbylden fan ferhollânske wurden: Frysk Nederlânsk Frollânsk Slim Erg Erch In bytsje Weinig Weinich Tige Heel Heel Stavering Spelling Spelling Jongerein Jongelui Jongelui Eartiids Vroeger Vroeger Hokker Welke Welke Fleanfjild Vliegveld Fliechfjild Kaai Sleutel Sleutel Lofts Links Links Loft Lucht Lucht
34
Poppe Prins (sprek út: preens) Wrâld Doe Libben Hieltyd Reedride Neffens my Hielendal Stek/hikke Besjutte Freon Stadichoan Har(ren) Lokwinske Tsjil Folwoeksen Harkje nei immen
Baby Prins Wereld Toen Leven Steeds Schaatsen Volgens mij Helemaal Hek Betekenen Vriend Langzamerhand Hun Gefeliciteerd Wiel Volwassen Luisteren naar iemand
Baby Prins Weareld Toen Leven Steeds Skaatse Folgens my Helemaal Hek Betekenje Friend Langsumerhân Hun Gefelisiteard Wiel Folwassen Lústerje nei iemand
Wille Plezier Plezier Hin Kip Kyp Skaaimerk Kenmerk Kenmerk Eat yn ‘e bouten krije Iets onder de knie krijgen Yts ûnder de knibbels krije Muoike Tante Tante Dwaande Bezig Besich Boarne 1.25: oersjoch fan foarbylden fan ferhollânske Fryske wurden. In oar Frollânsk ferskynsel dat net ferjitten wurde mei, is it ferkeard brûken fan ‘e tiidwurden. Hjir is yn it Nederlânsk nammentlik net in dúdlike folchoarder foar. ‘Ik wou dat ik het meisje kon overtuigen’ en ‘ik wou dat ik het meisje overtuigen kon’ binne twa korrekte Nederlânske sinnen, ek al klinkt de earste ferzje foar in Nederlanner miskien nofliker. Dit is krekt it probleem. Yn it Frysk is hjirfoar WOL in folchoarder. It selsstannige tiidwurd, it wichtichste tiidwurd dus, nimt it foarste plak yn. It helptiidwurd komt dêrnei. ‘Ik woe dat ik it famke oertsjûgje koe’ is korrekt Frysk, wylst ‘ik woe dat ik it famke koe oertsjûgje’ gjin korrekte sin is. Yn dizze sin is oertsjûgje, de Fryske wjergader fan it Hollânske overtuigen, it wichtichste tiidwurd. Ferlikenet men dit mei it Hollânsk, dan sil men grif sjen dat de konstruksje yn de twadde sin, nammentlik earst helptiidwurd en dan selsstannich tiidwurd, yn it Hollânsk de nofliker klinkende ferzje is. Júst dêrom dogge in protte minsken, benammen de jongerein, dy’t ûnder mear faaks it skriuwen fan it Frysk noch net machtich binne, dit ferkeard. Noch sa’n foarbyld is ‘ik wol graach op bêd bliuwe lizzen’, fansels net goed, mar om ‘t blijven liggen yn it Nederlânsk better klinkt as liggen blijven, wurdt it spitigernôch yn it Frysk omdraait troch guon minsken. Goed Frysk is fansels ‘ik wol graach op bêd lizzen bliuwe’. Oarsom brûke in protte Friezen ek ‘Frysk’ Nederlânsk: de saneamde Frisismen. It giet om wurden en taalfoarmen dy’t yn it Frysk normaal binne en dy’t troch Friezen dan ek brûkt wurde yn it Nederlânsk. It sintsje ‘Waar komt u weg?’ is sa’n Frisisme. Goed Nederlânsk soe ‘Waar komt u vandaan?’ wêze, wylst men yn it Frysk ‘Wêr komme jo wei?’ seit. Weg is dúdlik ôflieden fan wei. Dit kin sa no en dan ta geinige tafrielen liede. De Afûk hat in boekje útjûn dat fol fan Frisismen stiet: ‘Mijn vrouw is uitgenaaid!’. Der binne trouwens ferfolgen op it earste diel kaam. Hjirûnder inkelde foarbylden út dat boekje:
35
Frisisme Korrekt Nederlânsk Frysk Ik lig op dit stuit in bad Op dit moment lig ik in bad Op dit stuit lis ik yn bad De kinderen zijn bedorven De kinderen zijn verwend De bern binne bedoarn Ik ga uit van huis Ik ga logeren Ik gean út fan hús Hij leunt op zijn armtakken Hij leunt op zijn ellebogen Hy leunt op ‘e earmtakken Vindt u het slim als ik weer ga? Vindt u het erg als ik weer ga? Fine jo it slim as ik wer gean? Mijn vrouw is uitgenaaid Mijn vrouw is ervandoor Myn frou is útnaaid Ik ben uit de lijken Ik ben doodmoe Ik bin út ‘e liken Het wordt taaiweer Het gaat dooien It wurdt teiwaar Hij is zo goed als brood Hij is erg zachtaardig Hy is sa goed as bôle Hij is wat half Hij voelt zich niet zo lekker Hy is wat heal Ik heb schoon mijn nocht Ik heb er schoon genoeg van Ik ha skjin myn nocht De kerstboom begint te De kerstboom begint kaal te De krystbeam begjint te ruigelen worden rûgeljen Wat smijt het op? Wat levert het op? Wat smyt it op? Het lijkt op vliegen! Het lijkt nergens naar! It liket op fleanen! Mijn broek laat af Mijn broek geeft af Myn broek jout ôf Boarne 1.26: in pear Frisismen út it boekje ‘Mijn vrouw is uitgenaaid!’. Boarne 1.27: it boekje ‘Mijn vrouw is uitgenaaid!’, útjûn troch de Afûk yn 2011. (Tusken Talen, 2009) (Wikipedy, 2015) De afbeelding kan momenteel niet w orden w eergegev en.
Haadstik 2: It Frysk ynternasjonaal sjoen 36
2.1 Ferliking mei Sealterfrysk en Noardfrysk Is der noch ferbân tusken ús Frysk en it Sealterfrysk en Noardfrysk dat yn East‐Fryslân en Noard‐ Fryslân, yn Dútslan dus, sprutsen wurdt? Mei de Fryske talen wurdt op in samling fan sterk besibbe talen doeld dy’t troch Friezen yn Westerlauwersk Fryslân, Sealterlân en Noard‐Fryslân sprutsen wurde. De talen behearre ta de West‐
37
Germaanske tûke fan de Germaanske talen en binne nau besibbe oan it Ingelsk en it Nederlânsk. (wikipedia, 2015) Frysk wurdt sprutsen yn trije regio's. Yn Nederlân yn de provinsje Fryslân en in stikje fan de provinsje Grins, yn Dútslân yn Sealterlân (eastlik fan de provinsje Grins) en yn Sleeswyk‐ Holstein (besúden Denemarken). It Frysk yn ‘e Nederlânske provinsje wurdt wol Westlauwers Frysk neamd. Yn Sealterlân neame hja de taal Sealterfrysk, Fräisk of Sealtersk. Yn Sleeswyk‐ Holstein prate de minsken Noard‐frysk of Friisk. (friesetaal.org, n.d.) Yn 1996 waard it Frysk troch de Nederlânske oerheid erkend as minderheidstaal binnen it Europeesk Ferdrach foar Regionale Minderheidstalen. Dêrmei krige it de status fan selsstannige taal, op it heechste nivo fan erkenning. Allinnich yn Nederlân is it Frysk sa erkend. It Nedersaksysk en it Limburchsk hawwe in legere erkenning. Mar it Frysk is net allinnich in taal, it hat ek in eigen taalfamylje. It Frysk is nammentlik besibbe oan twa Fryske minderheidstalen dy't yn Dútslân sprutsen wurde, neffens taalwittenskipper Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy: “Neist ús eigen Frysk, binne der noch twa talen dy troch de nasjonale oerheden erkend binne: it Sealterfrysk en it Noardfrysk.” (Mathilde Jansen, 2010) “it Sealterfrysk wurdt noch sprutsen yn in pear doarpen yn East‐Fryslân (streek yn it noardwesten fan Dútslân). Yn de midsieuwen waard by de kust del fan omtrint ôf Bremen oant oan de Belgyske kust Frysk sprutsen. Yn East‐Fryslân stapte men stadichoan oer op it Platdútsk (oftewol Nedersaksysk). Der binne yn East‐Fryslân yn ‘e taal noch in flink oantal Fryske skaaimerken bewarre bleaun. Guon East‐Fryske eilannen lykas Wangeroog stapten pas let yn de njoggentjinde ieu oer op it Platdútsk. Tsjintwurdich libbet it Eastfrysk allinne noch yn in pear doarpen yn Sealterlân.” “De oare is it Noardfrysk, dat sprutsen wurdt op de eilannen by de grins fan Dútslân mei Denemarken en op in stripe fan de fêste wâl. It bestiet út ûnderling sterk ferskillende dialekten. It Noardfrysk is earst sterk beynfloede troch it Deensk, dêrnei troch it Platdútsk, en tsjintwurdich stean sawol Platdútsk as Noardfrysk beide sterk ûnder druk fan it Heechdútsk dat de taal fan ‘e skoallen en media is: koartsein de Dútske standerttaal.” (Mathilde Jansen, 2010) It Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk stean dichter by elkoar as by oare Fryske talen. Dizze beide wurde dêrom tegearre offisjeus wol as SúdFrysk oantsjut. De ferskillen mei it sterk troch it Deensk beynfloede Noardfrysk binne oansjenlik grutter. (wikipedia, 2015)
38
Boarne 2.1: taalgebiet fan it Sealterfrysk Boarne 2.2: taalgebiet fan it Noardfrysk
39
2.2 Frysk yn ferliking mei oare Europeeske talen It Frysk is in West‐Germaanske taal. De meast oan it Frysk besibbe talen binne it Ingelsk, Nederlânsk en Dútsk. Wat wurdskat en struktuer oanbelanget hawwe dizze talen in soad mienskiplik mei inoar. Yn guon dingen liket it Frysk mear op it Ingelsk, yn oare dingen mear op it Nederlânsk of Dútsk. De nammen fan in tal dagen fan ‘e wike lykje bygelyks bot op it Ingelsk: moandei (Monday) en tiisdei (Tuesday). (friesetaal.org, n.d.) Hoewol't it Frysk troch de ieuwen hinne in sterke ynfloed fan oare talen ûndergien hat, is de Fryske wurdskat noch foar it oergrutte part fan Germaanske oarsprong. By in nau besibbe taal as it Ingelsk leit dat hiel oars, dy taal hat in ûnbidige soad Romaanske lienwurden opnommen út it Frânsk en in soad Skandinaafske ynfloeden ûndergien fan bygelyks it Noarsk. Fral it Nederlânsk hat sûnt de santjinde ieu in tige sterke ynfloed op it Frysk hân, nettsjinsteande dat hjoed de dei ek it Ingelsk har ynfloed mear en mear útwreidet oer de Fryske taal. Hoewol't it Frysk as taal frij kûlant omgiet mei lienwurden út oare talen, hawwe Frysktaligen gauris de niging om har ôf te setten tsjin it Nederlânsk, sadat krekt foar lienwurden út dy taal in útsûndering makke wurdt. Sokke wurden wurde sadwaande wol omskreaun as "ynslûpsels", "Hollânske moadepopkes", "koekútsjongen" of op syn bêst ynterferinsjes. Eltsenien dy't Frysk lêzen en skriuwen leart, wurdt op it hert drukt dat it gebrûk fan sokke ferhollânske foarmen dwersferkeard is en dêrom bûge of barste foarkommen wurde moat. Njonken it Nederlânsk hat histoarysk sjoen ek it Frânsk lange tiid in sterke ynfloed útoefene op 'e ûntjouwing fan it moderne Frysk. De âldste lichting Frânske lienwurden is eins allinne foar taalkundigen noch wer te kennen. It giet dêrby om wurden as bist, fan it Aldfrânske beste (Nijfrânsk: bête); duorje, fan durer; kâns, fan chance, sjeas, fan chaice; en keatse, fan chasser, oer it Pikardyske cachier. It opnimmen fan Frânske lienwurden yn it Frysk sil ornaris troch it Nederlânsk gien wêze (ferlykje foar boppeneamde foarbylden de Nederlânske foarmen beest, duren, kans, sjees en kaatsen). It Frysk hat ek guon lienwurden út it Frânsk opnommen dy't yn it Nederlânsk net foarkomme, lykas perfoarst, fan par force; argewaasje, fan arguer; avesearje, fan avancer; koese, fan coucher; en aljemint, fan alignement. Foar it measte is de ynfier fan dizze foarmen lykwols ek troch it Nederlânsk gien, allinnich binne de Nederlânske ekwivalinten neitiid wer yn ûnbrûk rekke.
Boarne 2.3: lekker koese. Koese komt fan it Frânske coucher.
40
De lêste ieu hat it Frysk njonken de oanboazjende ynfloed fan it Nederlânsk fral ek ûnder ynfloed stien fan it Ingelsk, en dan yn 't bysûnder fan it Amerikaansk‐Ingelsk. Benammen op it mêd fan kompjûterstechnology en sosjale media is de Ingelske terminology faak yn syn gehiel oernommen. Taalpuristen en lju dy't om oare redens aardichheid oan sokke dingen belibje, hawwe eigen Fryske nammen foar dit soarte fan termen betocht, feroarje dêr neat oan. (wikipedia, 2015) Mei de Skandinaafske talen hat it Frysk mienskiplikr dat guon eigenskipswurden (bygelyks nammen fan talen) einigje op ‐sk. De Friezen neame har taal Frysk, de Denen Dansk. Ek guon wurden lyk op inoar. Yn Fryslân hjit in bern in bern, yn Denemarken in barn. In soad mear oerienkomsten mei de Skandinaafske talen binne der lykwols net. Dit binne Noardgermaanske talen en dizze talen steane dus wat fierder ôf fan it Frysk. Dat Frysk in hiel soad oerienkomsten hawwe soe mei Deensk, Noarsk en Sweedsk is in myte. Boarne 2.4: in foarbyldsin yn ferliking mei oare talen, dy’t net gek fier fan it Frysk ôf steane.
taal Westerlauwersk Frysk:
foarbyldsin De jonge streake it famke om it kin en tute har op 'e wangen.
Sealterfrysk:
Die Wänt strookede dät Wucht uum ju Keeuwe un oapede hier ap do Sooken.
Noardfrysk:
Di dreng aide dåt foomen am dåt kan än mäket har aw da siike.
(Mooring)
The boy stroked the girl around the chin and kissed her on the cheeks. Lancashire-Ingelsk: Th' lad strorkt 'lass on 'jib an busst er on th' cheaks. The laddie straikit the lassie aboot the chin an kisst her on the chowk. Skotsk: De jongen aaide/streek het meisje langs haar kin en kuste/zoende Nederlânsk: haar op haar wangen. t Jong fleerde t wicht om kinne tou en smokte heur op wange. Grinslânsk: De Fent/Jung straktde dat Wicht um't Kinn to un tuutjede hör up de EastfryskWangen. Nederdútsk: Dä Jong strech däm Mädche öm et Kenn un bützt em op de Backe. Keulsk: Der Junge streichelte das Mädchen ums Kinn und küsste es auf die Dútsk: Wangen (/Backen). Drengen strøg/aede pigen på hagen og kyssede hende på kinden. Deensk: Pojken strök/smekte flickan på hakan och kysste henne på kinden. Sweedsk: Ingelsk:
(wikipedia, 2015)
41
2.3 Fryske wurden yn it Nederlânsk Der binne troch de tiid hinne ferskate Fryske wurdboeken ferskynd. Ien fan 'e earsten dy't besocht om 'e Fryske wurdskat op dy wize fêst te lizzen, wie de grutte literator Joast Hiddes Halbertsma (1789‐1869), dy't syn Lexicon Frisicum yn it Latyn opstelde, mar net fierder kaam as de letter F. Yn 1900 ferskynde it earste diel fan it troch Waling Dykstra en oaren bewurke Friesch Woordenboek, folge troch de oare beide dielen yn 1903 en 1911. Dêryn waarden de Fryske yngongen beskreaun yn it Nederlânsk. By de oprjochting yn 1938 stelde de Fryske Akademy him fuortendaliks ta doel om dit wurdboek te ferbetterjen. Dêrta waard mei help fan withoefolle frijwilligers in tige grut kaarte‐apparaat opset. Yn 't earstoan wie men fan doel in wurdboek dat te ferlykjen wêze soe mei de Nederlânske Dikke Van Dale te skriuwen, mar der kaam sa’n soad materiaal binnen dat men úteinlik besleat om it noch grutskaliger oan te pakken. Boarne 2.5: it Frysk Hânwurdboek, út 2008, is it earste wurdboek wêryn't ek it beskriuwende diel yn it Frysk skreaun is. Sa begûn it wurk oan it reuseftige Grut Wurdboek fan de Fryske Taal, wêrfan't it earste, 400 siden tellende diel yn 1984 útkaam. Úteinlik soe pas yn 2011 it 25ste en lêste diel reekomme. It is in ûnbidich wittenskiplik wurdboek wurden, dat de Fryske lemma's tige yngeand yn it Nederlânsk ferklearret en de betsjuttings yllústrearret mei withoefolle sitaten út 'e Fryske literatuer. Wylst it wurk oan dit meunstersprojekt geande wie, waarden troch de Fryske Akademy ek lytsere wurdboeken útbrocht. Sa ferskynden yn 1952, resp. 1956 it Frysk Wurdboek: Nederlânsk‐Frysk en it Frysk Wurdboek: Frysk‐Nederlânsk, dy't yn 1985, resp. 1984 yn in folslein op 'e nij besjoene ferzje werútjûn waarden. It earste wurdboek wêryn't de Fryske wurden ek yn it Frysk beskreaun waarden, wie it twadielige Frysk Hânwurdboek, út 2008. (wikipedia, 2015) It Frysk hat syn spoaren neilitten yn it ABN. Guon Fryske wurden en útdrukkings binne algemien wurden bûten Fryslân. Op de kommende side folget in lyst fan in pear Fryske wurden en útdrukkings dy’t eltse Nederlanner kint, alteast, kinne moatte soe.
42
‐ Skûtsje: Frysk sylskip ‐ Fierljeppen: It útein fan in polsstôk yn in sleat stekke en de fearkrêft fan de stok brûke om handich nei de oare kant fan de sleat te springen. ‐ Sjoele: Oarspronklik in Frysk wurd dat 'skowe' betsjut. Yn it Nederlânsk is it wurd oernommen foar it skowspultsje. ‐ Terp: ferheging om op te wenjen. It ferhege stik lân dat sels by oerstreamingen droech bliuwt en dat dêrtroch tige gaadlik is om húzen op te bouwen. ‐ Oant moarn!: Dizze Fryske ôfskiedsgroet waard ferneamd troch de altyd sympatike waarman Pyt Paulusma. ‐ It kin net. Bûten Fryslân wurdt dizze útdrukking meastentiids ferkeard begrypt as "It kin krekt", wat ta gefaarlike mar somtiden ek komyske situaasjes liede kin. De útdrukking waard bekend yn Nederlân troch in reklame fan de Fryske krúdedrank Sonnema Bearenburch. Yn it reklamespotsje freechje in pear jonges oan in Fryske boer of hja it iis al op kinne. As de boer harren antwurdet 'It kin net' tinke hja dat it 'krekt kin'. Sadwaande stappe se it iis op en sakje der trochhinne. Lokkigernôch kin de boer de ferklomme jonges wer waarm krije yn de pleatslike kroech troch hja in glês Sonnema Bearenburch oan te bieden. ‐ It giet oan! It sil heve! As de iismasters fan de Feriening de Fryske Alvestêden dizze magyske wurden útsprekke, dan betsjut dat dat it iis tsjok genôch is en de Alvestêdetocht troch gean kin. As it goed begjint te friezen dan wachtsje sportleafhawwers fol spanning op dizze wurden. ‐ Nije Dei: Nije dei. Bekend wurden troch it ferske fan De Kast. ‐ Wêr Bisto? Bekend wurden troch it ferske fan Twarres. (friesetaal.org, n.d.) Boarne 2.6: ‘It giet oan!’ is miskien wol de ferneamdste Fryske útspraak. As it in pear nachten goed friest, slacht yn it hiele lân de âlvestêde‐koarts ta. Yn Fryslân bliuwt men lykwols nochter. Yn syn ferske ‘Friezen, lit jimme gean!’ beskriuwt Gurbe Douwstra de situaasje sa: By twa kear nachtfroast, wol de Hollanner derfoar! Hy ropt om’t hurdst: de tocht der tochten, die gaat door! Mar wy Friezen witte better, iis is samar ek wer wetter, En dus hâlde wy de kiezzen op inoar. Mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen:’it giet oan!’ Ferlieze al dy nochtere Friezen har ferstân Mei op de kop in unox‐petsje, En by elts beferzen sleatsje, Steane de kampioenen fan it ûnferstân!
43
2.4 Gévismen In nij begryp yn de Fryske taal, it waard yn 2012 offisjeel in nij wurd : ‚Gévisme‘. De letterlike betsjutting dy't op ynternet jûn wurdt: “In gévisme is in Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat wat al te geef is omreden fan it mar net Hollânsk of Ingelsk lykjen en dat yn syn geefheid de begryplikens frijwat opkeart. It is makke om in wurd te mijen dat op in Hollânsk, Ingelsk of Dútsk wurd liket.“ (wikipedia, 2012) Wa’t yn it Frysk nijsberjochten skriuwt, hat soms ferlet fan Fryske oersettings fan Nederlânske of útlânske wurden. Dy binne net altiten foarhannen, wat ta gefolch hat dat Fryskskriuwers dan sels wat betinke moatte of yn wurdboeken nei in ûngebrûklik mar faaks al gaadlik wurd dolle. Op 2 jannewaris 2013 frege de redaksje fan It Nijs oan syn lêzers om oan te jaan wat neffens harren it bêste “nije” nijswurd fan 2012 wie, dat de measte kâns hie om neitiid ek echt yn gebrûk te bliuwen. Der waarden fyftjin wurden nominearre dy’t it ôfrûne jier yn artikels op It Nijs brûkt binne. (itnijs, 2013) Hjirûnder hawwe wy in pear fan sokke wurden en har betsjutting del set: ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐
dellade (downloade) eamel (email) deldonderdoekje (parasjute) nútsjesmoar (pindakaas) leechbydegrûnfrette (picknicke) skodde molke (milkshake) kompaktskiif (cd) ûnthâldstokje (memory stick) tsjetterje/tsjotterje (twitterje) tsjilredens (skeelers) snoadfoan (smartphone) spamje (spam omstjoere) triem (kompjûterbestân) sjoddy (‘See you!’ en ‘Zie je!’ ) (wikipedia, 2012)
Boarne 2.7: de moaiste gévismen fan 2012.
44
2.5 Fryske siswizen Útreden dat minsken faaks Hollânske siswizen yn it Frysk brûke, hawwe we foar jo in pear aardige Fryske siswizen op in rychje setten. ‐
‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐
‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐ ‐
‐
“Us pake is oars as oars”, sei de jongfeint: “Syn fuotten rûke en syn noas rint”. Ús pake is in apart figuer. Wa’t mei jild smyt, goait grif syn eigen glêzen yn. Jild moat men soarchfâldich mei omspringe. De hazze en de slak hawwe op ‘e selde dei nijjier. Jin haastigje hat net altyd like folle nut. (fan van fryslan, 2014) Boarne 2.8 boppe Better hjoed in aai as moarn in hin. Jo kinne better it wisse foar it ûnwisse nimme . In heal aai is better as in lege dop. Eat is better as neat. It aai wol wizer wêze as de hin. Bern miene wizer te wêzen as harren âlden. Men moat net alle aaien ûnder ien hin lizze. Men moat jins gelok net fan ien ding ôfhingje litte. Boarne 2.9 ûnder De ‐ Sa’t de âlden sjonge, sa piipje de jongen. bern dogge krekt‐en‐gelyk as de âlden ‐ In lyk man is in ryk man. As je skulden hawwe moatte je dy ek fuort wer lykmeitsje (Tjerkstra, 2015) ‐ Dyn wurden binne goed, mar de hin leit aaien. Te folle praatsjes. (wurdboek, n.d.) ‐ Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje. Lit de minsken mar prate. ‐ Der is noch nea in brânkast efter in lykwein oan riden. Jo kinne jo jild net meinimme it grêf yn. Better de bûk barsten, as it iten bedoarn. Iten fuortsmite is sûnde. Dwazen en gekken sjogge nei in oar syn lekken en brekken. Minsken sjogge altyd nei de flaters fan in oar. In frouljusrok lûkt mear as in span hynders. Manlju binne gek fan froulju. As it net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't kin. Gjin útlis needich. Leagens hawwe koarte skonkjes. Mei liegje berikke je neat In man is sa âld as er him fielt, in frou is sa âld as se der útsjocht. Manlju jouwe net in soad om úterlik, wylst froulju dat júst wol dogge. It moat al in goede sprekker wêze dy't it in swijer ferbetterret. Jo moatte aardich wat yn jo mars hawwe, wolle jo útspraken ûnderbouwe kinne. Mei stikeltrie en froulju moat men tige oppasse. Gjin útlis needich. In goed wiif is it beste stik húsrie. Gjin útlis needich. Bij âlds wie it in grut wûnder as in ezel prate, no is 't in grut wûnder as in ezel him stilhâldt. In ezel (bist) kin net prate, en as soks wol barre soe, wie it in grut wûnder west. Hjoed de dei is it júst in wûnder as in ezel (in omkoal) him stilhâldt. Foar de kofje net eamelje. Moarnsbetiid gjin drege ferhalen. (Tolsma, 2011)
45
2.6 Frysk om útens De ôfrûne ieuwen binne der aardich wat Friezen migrearre. Meastentiids nei oare provinsjes binnen Nederlân, mar somtiden ek nei it bûtenlân. We prate no oer benammen de twadde helte fan de njoggentjinde ieu en de iere tweintichste ieu. De measten fan dizze Friezen hawwe besocht sa folle as mooglik yn kontakt te bliuwen mei de minsken en de kultuer fan harren bertegrûn. Oaren hawwe besocht Fryske ferienings, saneamde kriten, op te rjochtsjen yn it bûtenlân. Der binne sels kriten dy’t al mear as hûndert jier âld binne. Ek studinten sykje inoar yn it bûtenlân op en komme sadwaande somtiden ta it beslút in Fryske studinteferiening op te rjochtsjen. It docht bliken dat wurk en oplieding de beide wichtichste redenen binne foar Friezen om te migrearjen. Nettsjinsteande dat se net mear yn Fryslân wenje, bliuwe Fryslân en fansels de Fryske taal wichtich foar hja. Tige wichtich. Friezen om útens, sa’t dizze minsken naam wurde, fersteane eins allegearre it Frysk noch, docht ûndersyk bliken. Dêrneist prate se de memmetaal allegearre noch en behearskje se it Frysk as skreaune taal better yn ferliking mei de Friezen dy’t yn Fryslân wenje. It trochjaan fan de taal giet bûten Fryslân lykwols net altyd like maklik. Op de bern wurdt it Frysk faaks noch wol oerbrocht, yn de sin fan ferstean. Bern fan Fryske migranten binne it Frysk wat praten oanbelanget faaks net mear machtich en op de bernsbern wurdt it Frysk al hielendal net mear oerbrocht. (www.fryske‐ akademy.nl, 2010)
Boarne 2.10: alle plakken yn Nederlân wêr’t kriten west hawwe.
46
Haadstik 3: It Frysk yn’e takomst
47
3.1 Hoe wichtich is it Frysk noch foar de Friezen? Hoe wichtich is it Frysk hjoed de dei noch foar ús Friezen? Dat is in fraach dy’t bij ús op kaam. Yn dizze tiid dêr’t it Ingelsk hieltyd mear dominearret meitsje guon minsken harren soargen oer de takomst fan it Nederlânsk. Mar hoe stiet in folle lytsere taal as it Frysk derfoar? Hellet dy taal it ein fan dizze ieu wol? En hoe sette Friezen harren foar har taal yn? Is it gebrûk fan lienwurden no wier sa needsaaklik as it liket? Der giet in protte soarch nei de bern troch eltsenien dy't him ynset foar it Frysk. “As wy net foldwaande muoite dogge om it Frysk troch te jaan oan de folgjende generaasje, wurdt it lestich”, fynt Jabik van der By fan de RfdFB. “Jo sjogge no al dat it Frysk net allinne yn kwantiteit tebek giet mar ek yn kwaliteit. Jo hearre in soad hollanismen. Want ek yn dat opsicht binne Friezen echte Nederlanners: se brûke graach lienwurden.” Neffens van der By gean Friezen der te faak fan út dat lytse bern de taal net behearskje. “ik kaam koartlyn mei myn pake‐ en beppesizzers by de bakker yn Snits. De frou efter de toanbank spruts earst mei my yn it Frysk, mar doe't hja har ta de bern kearde, sei hja: ‘Willen jullie ook een broodje?’ Yn it Nederlânsk, lykas oft it Frysk per definysje net de taal fan lytse bern wêze kin. De grutste fijannen fan it Frysk binne somtiden de gewoane Friezen.” Der wurdt fanút gien dat bern de Fryske taal net mear behearskje, dus wurdt der begûn yn it Nederlânsk. Docht dêrnei bliken dat it bern wol Frysk kin, wurdt der wol fuortendaliks op it Frysk oer gien. Johannes Kramer fan de FNP tinkt der lyk sa oer: “Taal is in stokje yn in estafetterace: do moatst it hieltyd oan de folgjende generaasje trochjaan. De Friezen hawwe it sels yn de hân. As it Frysk yn gefaar komt, leit de oarsaak bij harren sels.” (Oostendorp, 2007) (Boarne 3.1: feriening wol Frysk as earste taal op skoalle) Fierder hawwe wy in enkête foar dit diel online setten, in Nederlânske en in Fryske ferzje. Yn de bylage kinne de resultaten hjirfan lêzen wurde. Hjir in lytse gearfetting fan de resultaten: Dyjingen dy't ûnderfrege binne, wiene benammen tusken de 10 en 20 jier âld, hja wennen meastentiids yn Fryslân en de twatalige opfieding sprong derút. Hoe as hja letter har bern opfiede wolle soene: 50 minsken yn it Frysk, 32 yn it Nederlânsk, 16 minsken woene in twatalige opfieding foar harren bern. By de Fryske ferzje wie Frysk ûnderwiis wichtich, yn de Nederlânske ferzje woene de minsken in ekstra bûtenlânske taal, fierder fûnen 67 minsken it Frysk wichtich tsjin 26 dy’t it net wichtich fûnen. It Nederlânsk en de Fryske taal soene lykberjochtige wêze moatte en der wurde in soad ferskate Fryske dialekten sprutsen troch de minsken dy as wy ûnderfrege ha. Ta beslút is de domeinnamme .frl in goed inisjatyf neffens de minsken dy’t de Fryske ferzje ynfold hawwe.
48
Op it Hearrenfean hawwe wy 21 july 2015 100 minsken ûnderfrege tusken 11:00 en 15:00 oere. Wy woene der sa efter komme hoe goed as it mei it Frysk steld is. Wy hawwe frege hokker taal der thús sprutsen wurdt, hokker taal der it meast yn de freonerûnte sprutsen wurdt, of de minsken yn Fryslân berne binne, wat de minsken tochten oer de takomst fan it Frysk en oft de skoallen mear oandacht oan it Frysk besteegje moatte. Boarne 3.2: antwurden op de fragen fan de 100 ûnderfrege minsken, dy’t wy op strjitte oansprutsen. Hokker taal wurdt der thús praten? Nederlânsk Frysk Oars
39 60 1
Hokker taal wurdt meastentiids brûkt yn jo freonerûnte? Nederlânsk 59 Frysk 40 Oars 1 Binne jo yn Fryslân berne? Ja Nee
85 15
Hoe tinke jo oer de takomst fan it Frysk? It Frysk ferdwynt It Frysk bliuwt bestean
70 30
Moat it Frysk mear op skoallen jûn wurde? Ja 25 Nee 75 In koarte gearfetting fan de fragen: Thús wurdt meastentiids Frysk sprutsen, bûtendoar wurdt it lykwols in stik minder sprutsen. De takomst fan it Frysk wurdt trystich temjitte sjoen, wierskynlik om't de minsken yn it deistich libben hieltyd mear te meitsjen hawwe mei it Nederlânsk as mei it Frysk. In gefolch hjir fan soe wêze kinne dat de minsken net wolle dat it op skoallen jûn wurdt, omdat de jongerein, as hja ea nei in baan omsjogge, nei de stêd ta lûke en dan hoecht men net oan te kommen mei it Frysk.
49
3.2 Hjoeddeiske Fryske dialekten Wy hoege der gjin doekjes om te winen, wy kinne der lang en breed oer prate, mar Frysk is wier in taal. Grinzers, Brabânsk en Limburchsk binne dat net. Dat binne gjin talen, mar dialekten Wêrom? Hiel ienfâldich: Frysk foldocht as iennichste fan de regionale "dialekten "oan de stelde easken foar in taal. Sa hat it in dúdlike grammatika, kin men fan histoaryske ûntjouwing prate en fine de sprekkers sels dat hja de taal Frysk prate. (KIJK, 2010) By dialekten is dit, op it lêst nommen skaaimerk nei, dus net it gefal. Yn Nederlân wurdt hieltyd minder in dialekt of streektaal sprutsen. Dit blykt út ûndersyk fan Geert Driessen, ûndersiker ferbûn oan de Radboud Universiteit Nijmegen onderzoeksbureau ITS. Tusken 1995 en 2003 is it ûnderling praten bij âlders, fan in dialekt of in streektaal mei 30 % werom rûn.. Bern prate noch folle minder faak in streektaal of dialekt. (Driessen, 2006) Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste ieu is de Fryske standerttaal gearstald. De earste offisjele stavering datearret út 1879; foartiid skreau in elk mar sa't it him goedtocht. Dy earste stavering wie de saneamde Selskipsstavering, dy't yn 1948 ferfongen waard troch de Akademystavering (ek wol de âlde stavering neamd). Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamde Steatestavering (oftewol de nije stavering), dy't yn 1980 ynfierd is. (wikipedia, 2015) (Boarne 3.3 (boppe): sjoch byskrift) Útsein it Standertfrysk hat it Frysk ek in oantal dialekten, lykas it Aastersk (op Skylge), Hylpersk, Skiermuontseagersk, Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk. (Boelens, 1955) It Westerlauwersk Frysk kin ferdield wurde yn acht ûnderskate dialekten, dy't ûnderinoar maklik oant dreech fersteanber binne. De fjouwer haaddialekten lykje eins sa opinoar dat der better fan taalfarianten sprutsen wurde kin. Ta dizze groep hearre de beide grutte dialekten, it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, Dêrnjonken is der it Súdwesthoeksk. It fjirde haaddialekt is it Noardhoeksk. Rûchwei kin men sizze dat it Klaaifrysk yn it noardwesten en westen fan Fryslân sprutsen wurdt, it Wâldfrysk yn it easten, it Súdwesthoeksk yn it súdwesten en it Noardhoeksk yn it noardeasten. Alle fjouwer hawwe dizze dialekten in grutte fersprieding en in sprekkerstal dat yn 'e tsientûzenen rint. Boarne 3.4: it brûken fan dialekt yn Nederlân
50
Njonken de fjouwer grutte dialekten besteane der ek noch lytsere dialekten. De lytse dialekten binne lokaal sprutsen taalfoarmen dy't beheind binne ta lytse mienskippen fan heechút inkelde hûnderten minsken. Trochdat se har yn isolaasje ûntjûn hawwe, wike se sterk fan it Standertfrysk ôf. By dizze lytse dialekten giet om it stedsdialekt fan it havenstedsje Hylpen, dat yn it ferline sterk beynfloede wurden is troch it Hollânsk fanôf de oare kant fan de Sudersee, en fierders om 'e eilândialekten fan 'e Waadeilannen Skiermûntseach en Skylge. Boarne 3.5: alle dialekten dy’t yn Fryslân sprutsen wurde Op dat lêste eilân wurde twa Fryske taalfoarmen sprutsen, it Aastersk yn it easten, en it Skylgersk yn it westen. Dy susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, yn it sintrale part fan Skylge, dat in Hollânsk dialekt is. It Skiermûntseagersk is it iennichste Fryske dialekt dat noch in namfallestelsel hat, en kin dêrtroch en fanwegen syn ideosynkratyske klanklear nei alle gedachten oanmurken wurde foar it meast ôfwikende dialekt. It is teffens it lytste Fryske dialekt, mei noch mar in hûnderttal sprekkers. Sawol it Skiermûntseagersk as it Hylpersk sil in sprekker fan ien fan 'e Fryske haaddialekten muoite hawwe om nei te kommen. It Aastersk en Skylgersk steane wat tichter by it Standertfrysk. Foarhinne waard ek yn it doarp Molkwar in sterk ôfwikend Frysk dialekt sprutsen, it Molkwardersk, mar dat is yn 'e njoggentjinde ieu útstoarn. (wikipedia, 2015) Boarne 3.6: ien oant en mei tsien, yn ferskate Fryske dialekten
51
3.3 De stúdzje Fryske taal De wittenskiplike stúdzje nei de Fryske taal en kultuer hjit de Frisistyk. Immen dy't him mei dizze kant fan wittenskip dwaande hâldt hjit in Frisist. Oan de Ryksuniversteit Grins kin Frysk studearre wurde as folsleine oplieding. Yn 2010 hie lykwols net ien studint him of har foar dizze oplieding ynskreaun. Oan de Universiteit fan Amsterdam kin Frysk as minor folge wurde. De Universiteit fan Leiden biedt Aldfrysk oan as minor. Yn Dútslân kin Frysk studearre wurde oan de Universiteit fan Kiel. Oan de universiteit fan Palaského yn Tsjechië kin Nearlandistyk studearre wurde. Binnen dizze oplieding wurdt ek oandacht oan it Frysk bestege. (friesetaal.org, n.d.) By jongerein yn Fryslân wurdt meastentiids thús de Fryske taal sprutsen en troch de populêrens fan ûnder mear Doutzen Kroes en Nynke Laverman stiet it Frysk wer in protte yn de belangstelling fan de jongerein. Frysk is eins bêst ‘cool’. In soad learlingen fine it dan ek aardich om les te krijen yn de Fryske taal. Bring jo leafde foar dizze bysûndere taal oer en wurd dy ynspirearjende learaar Frysk! ‐ ‐
‐
Perspektyf As jo derfoar kieze om it ûnderwiis yn te gean, kieze jo foar in slimme mar nijsgjirrige karrière. Jo wurde in coach en ynspirator foar jonge minsken. Elke dei yn it ûnderwiis is oars. Jo steane net allinne foar de klasse, mar moatte ek lessen tariede. As learaar Frysk tinke jo mei oer de organisaasje fan it ûnderwiis, oerlizze mei jo fakgroep en organisearje ekskurzjes. As jo de stúdzje ôfrûn ha, krije jo in bachelorgraad. Lesfoech Nei jo stúdzje meie jo lesjaan yn de earste trije klassen fan HAVO en VWO, yn it VMBO, yn it MBO en yn de folwoeksenen edukaasje (ek wol oantsjutten as twadegraads foech). Ek kinne jo mûglik oan de slach yn oare seksjes. (nhl, n.d.)
Boarne 3.7: profyl fan prefester dokter G. T. Jensma
52
Wy hawwe in fraachpetear ôfnommen by prefester dokter G. T. Jensma, hjirûnder stiet dit te lêzen. 1. Wêrom binne jo Frysk studearjen gien? Binne jo grutbrocht yn Fryslân of dêrbûten? Is Frysk jo memmetaal? Ik ha nea Frysk studearre, mar ik ha my yn myn stúdzjes wol in protte mei it Frysk en mei Fryske ûnderwurpen dwaande holden. Ik bin bygelyks promovearre op in ferneamd boek út de Fryske literatuer. Frysk is myn twadde memmetaal. Yn prinsipe ha hast alle Friezen tsjintwurdich twa memmetalen ‐ ik bedoel: se prate likegoed Frysk as Nederlânsk en skriuwe folle better Nederlânsk. 2. Hoe soene jo de hjoeddeiske jongerein oanfiterje Frysk te studearjen? Lestich. Ik tink troch der op te wizen dat it hiel weardefol is dat jo twa (of mear) talen kinne; dat is goed foar je kognitive feardichheden (jo leare makliker en jo wurde letter as in oar demint) en it is ek goed foar de tolerânsje tsjinoer oare groepen. Boppedat is it de muoite wurdich om josels te sjen as diel fan in minderheid en jo te fergelykjen mei oare minderheden (sa't yn ús universitêre stúdzje dien wurdt). Dat levert jo sinfolle kennis en ynsjoch op oangeande ús moderne maatskippije en dêr kinne jo ek wat mei yn de beropspraktyk. 3. Ferskilt it Frysk fan doe't jo mei jo stúdzje begûnen bot fan it hjoeddeiske Frysk? Nee, De skriuwtaal is fierhinne gelyk bleaun. Ja, wat de sprektaal oangiet tink ik dat it Frysk hieltyd mear Nederlânsk (en Ingelsk) oernommen hat. Dat is ek it grutste probleem mei it Frysk, dat groeiende gat tusken skriuw en sprektaal. 4. Wat fine jo fan de ferhollânsking fan it Frysk? Moatte we dit tsjingean of is it krekt better? Is dat (sjoch fraach 3 hjirboppe) slim? Taalkundich sjoen net. In taal is in kommunikaasjeynstrumint en as oaren begripe wat jo bedoele (ek al is dat in mjuksel fan Nederlânsk en Frysk) dan wurket in taal. Mar foar itselde kinne jo ek sizze dat it sprutsen Frysk hieltyd mear op in dialekt fan it Hollânsk begjint te lykjen en dat is wol spitich. 5. Mei hokker talen hat it Frysk hjoed‐de‐dei noch de measte oerienkomsten en hokker talen hawwe de measte ynfloed op it Frysk hân? It Frysk liket yn oarsprong it meast op it Ingelsk, mar it Ingelsk hat in hiel soad ynfloeden ûndergien, benammen fan it Frânsk en dêrtroch binne Frysk en Ingelsk hurd útinoar groeid. It Frysk hat fansels it meast te lijen fan it Nederlânsk, mar yn de achttjinde en njoggentjinde ieu binne der ek in hiel soad wurden út it Frânsk oernommen (b.g. avesearje =s'avancer=opsjitte) . 6. Stamt it Frysk wat wy hjoed‐de‐dei prate ôf fan it Frysk wat de Friezen yn ‘e tiid fan it Magna Frisia sprutsen? Ja, al tink ik net dat dy Friezen it maklik fine soene om ús te ferstean (en oarsom). It Frysk dat yn Noardfryslân en yn Sealterlân (sjoch fraach 14) sprutsen wurdt hat út dyselde tiid wei mienskiplike woartels mei ús Frysk, mar wy kinne de lju dêr amper of net ferstean. 7. Wat ferwachtsje jo fan de ûntjouwingen fan it Frysk yn de takomst? It Frysk bliuwt noch hiel lang bestean. In soad minsken drige mei de ûndergong fan it Frysk, mar ûndersyk lit sjen dat dy achterútgong net sa hiele hurd giet. Hoe't it mei de kwaliteit fan dat Frysk neffens de standert sit, dat is in oare kwestje.
53
8. Hoe kinne, tinke jo, de lokale oerheid, provinsjale oerheid en lânlike oerheid it gebrûk fan it Frysk stimulearje? 1. Troch it Frysk status te jaan en as in folwoeksen taal te behanneljen 2. Troch serieuzer ûnderwiis yn it Frysk te jaan. No is it faak dochs wat in hobby foar derby op skoallen. 3. Troch better yn te sjen en der ek fan út te gean dat jo foaral de Fryskpraters benaderje moatte (en net it hantsjefol minsken dat standerttaal skriuwt). Ik tink dat de Fryske Omrop hjir hiel wichtich is. 9. It is bekend dat in protte Friezen harren taal net machtich binne as it om skriuwen giet, hoe kin dat ferbettere wurde neffens jo? Sjoch fraach 8: Troch serieuzer te wurden yn it ûnderwiis. Sa't jo it Nederlânsk skriuwen leare op skoallen, sa soe it krektlyk moatte mei it Frysk. 10. Tinke jo dat it Frysk úteinliks hielendal net mear praten wurde sil? Kin wêze, mar dat sil myn en ek jim tiid fier foarby wêze. 11. Hoe kin men derfoar soargje dat learlingen stimulearre wurde Frysk te kiezen op skoalle, en hokker redenen binne der foar skoallen om Frysk kieze litte te kinnen? Yn it leger ûnderwiis en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis is it Frysk ferplichte. Set dat ûnderwiis serieuzer op. Dan komme der fansels minsken dy't der mear aardichheid oan krije. Sa't it no giet yn it ûnderwiis rekket it Frysk earder oantreklikheid kwyt. 12. Stel, jo wiene wer 18 jier en stiene op ‘e nij foar jo stúdzje kar, hiene jo dan wer foar Frysk keazen? Net fan tapassing (sj. fraach 1), mar ik tink dat ik op myn 18de de stúdzje sa't wy dy no oanbiede, hiel oantreklik fûn hie. 13. Eartiids hie it Ingelsk bot mear te krijen mei it Frysk, wêrom is dat hjoed‐de‐dei net mear sa? Foar in antwurd sjoch fraach 5. 14. Yn Dútslân binne gebieten dy't East‐Fryslân en Noard‐Fryslân hjitte. Hâldt it Frysk dat dêr sprutsen wurdt ferbân mei ús Frysk? Ja, it idee is dat de minsken yn Noardfryslân (tsjin de Deenske grins oan) sa omtrint 700/800 nei Kristus dêrhinne gien binne út Dorestêd wei (Wijk bij Duurstede dat doe noch Frysk wie) en dat de minsken yn Sealterlân yn de 12de of 13de ieu kolonisten wiene út de buert fan Emden wei (dat doe noch folop Frysk wie). 15. It Hollânske dialekt West‐Frysk, hat dat noch wat mei ús Frysk te krijen? Ja,yn it Westfrysk sitte noch typysk Fryske wurden: wy neame dat substraat‐wurden. In moai foarbyld is it wurd het IJ (it wetter by Amsterdam) dat itselde Fryske wurd is as Ie (de Dokkumer Ie) en Aa (De Drintse Aa).
54
3.4 Frysk binnen de oerheid Frysk en Nederlânsk binne de offisjele talen yn de provinsje Fryslân. Fryske boargers hawwe it rjocht om har eigen taal (Nederlânsk of Frysk) te brûken. Bygelyks yn ‘e rjochtseal of yn kontakten mei provinsje of gemeenten. Dat is regele yn de Wet gebrûk Fryske taal dy op 1 jannewaris 2014 yn it wurk steld is. De wet stelt ek fêst hoe as yn it rjochtsferkear de eed of belofte yn it Frysk ôfnommen wurde kin. Mei it yn it wurk stellen fan de Wet gebrûk Fryske taal is in Orgaan foar de Fryske taal ynsteld. Dit orgaan bestiet út 5 leden en is ynsteld om de Fryske taal te beskermjen en befoarderjen. It Orgaan advisearret ministearjes, de provinsje Fryslân, gemeenten en rjochterlike ynstânsjes. Ek sjocht it ta op it neilibjen fan: It ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden; It Europeesk Hânfest foar regionale talen of nasjonale minderheden. Fierder stelt de Wet gebrûk Fryske taal fêst dat Fryske gemeenten rigels en in beliedsplan opstelle moatte foar it gebrûk fan de Fryske taal yn harren gemeente. De provinsje stelt yn oerlis mei de Fryske Akademy de stavering fan it Frysk fêst. (Rijksoverheid, n.d.) It Frysk hat sûnt 1956 yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't itselde is as dy fan it Nederlânsk. Yn dat jier waard yn it Steatsblêd 1956 in begjin makke mei it formeel tastean fan it Frysk yn it rjochtsferkear. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn it Steatsblêd 1995. Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde, krigen de Friezen doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fan gemeenterieden en de Fryske Steaten te brûken. Yn 1997 waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn 'e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek it Iepenbier Ministearje en de rjochterlike macht dêr Frysk brûke meie. De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt lange tiid yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommuniseare en korrespondeare. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch stikmannige wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan 'e lêste útsûnderingen dêrop wiene de ferieningsstatuten, mar sûnt 2002 kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde. Trou‐ en berte‐akten binne hjoed‐de‐dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber. (wikipedia, 2015) Ek op it mêd fan de plaknammen hat it Frysk foarderings makke. Yn Nederlân hawwe plakken nammentlik ien offisjele namme. Yn Fryslân wie foarhinne altyd de Nederlânske plaknamme de offisjele, al wiene dûbeltalige plaknammebuorden al sûnt de jierren fyftich fan 'e tweintichste ieu yn frijwol alle Fryske gemeenten yn gebrûk. Fan 1989 ôf binne lykwols ferskate gemeenten derta oergien om de Fryske plaknammen offisjeel yn 'e Gemeentelike Basisadministraasje fêst te lizzen. De Nederlânske plaknammen hawwe yn dy gemeenten no gjin offisjele status mear, al meie se fansels bûten offisjele stikken om noch wol brûkt wurde, krekt sa't dat foarhinne mei de Fryske foarmen it gefal wie.
55
De gemeente Ljouwerteradiel hat as iennichste fan dizze groep in offisjeel Nederlânsktalige gemeentenamme oanholden (om't Leeuwarderadeel de gemeente in bekende klank jaan soe). Boppedat hawwe Provinsjale Steaten yn 1997 de offisjele provinsjenamme feroare fan "Friesland" yn "Fryslân". Yn 2004 beslute it Ministearje fan Ynlânske Saken der op ta sjen dat de foarm "Fryslân" tenei ek yn dokuminten en publikaasjes fan 'e lanlike oerheid brûkt wurde sil. (skriuwers, 2009) Fierders hat it Wetterskip Fryslân by har oprjochting yn 2004 in Fryske namme oannommen, en yn maart 2007 binne alle wetternammen yn Fryslân, útsein in pear stedsgrêften, yn it Frysk fêstlein. De wetters yn 'e Stellingwerven hawwe doe harren Stellingwerfske nammen krigen. (wikipedia, 2015)
Boarne 3.8: it logo fan de provinsje Fryslân op in boerd dat by oan ‘e kant fan ‘e dyk stiet by de provinsje grinsoergong. Dêrûnder it buordzje ‘Wolkom yn Fryslân’.
56
3.5 Frysk yn de takomst Oer it Frysk yn de takomst hawwe we in moai artikel fûn fan Wybrich Bakker. Sy seit dat de takomst fan it Frysk yn it trijetalich ûnderwiis leit: „It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn ‘e wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is sa njonkenlytsen modern Frysk, liket it wol. Der giene praatsjes dat it Frysk net folweardich meitelde as fak yn it basisûnderwiis. Om krekt te witten hoe’t de saken derfoar stiene, waard dêr ûndersyk nei dien troch ûnderwiisynspekteurs yn Fryslân. De resultaten liigden der net om. Se joegen in dúdlik sinjaal ôf: de Fryske taal yn it ûnderwiis hie ferlet fan in yngeande oanpak. Underwilens binne wy inkelde jierren fierder en docht dy yngeande oanpak fertuten. Alden dêr’t de bern fan nei skoalle moasten bygelyks krigen in rêchsekje oanbean mei suggestjes foar in twatalich grutbringen, en binne projekten foar trijetalich basisûnderwiis yn folle gong. It basisûnderwiis yn it Frysk hat jierrenlang striemin west. Op skoallen waard meastentiids mar in oerke bestege oan de taal. De dosint makke him der maklik fan ôf troch in pear kopy’tsjes om te parten. Út ûndersyk docht bliken dat 35% fan de skoallen Frysk jout om’t it wetlik ferplichte is, en 30% omdat hja wolle dat learlingen yn in twatalige sitewaasje funksjonearje kinne. Boarne 3.9 ‘De oerheid kin âlden fan krekt berne bern attint meitsje op de mooglikheid fan in twatalich grutbringen. De Provinsjale Steaten hawwe dêr in moai inisjatyf foar ûntwikkele. Troch yn de takomst in unyk rêchsekje út te dielen oan jonge âlden wurde hja yn alle gefallen oanpoend ta neitinken oer taal en grutbringen, want soms steane heiten en memmen der net iens by stil dat jo in bern ek yn twa talen grutbringe kinne. Doel fan dat rêchsekje is krekt om âlden in bewuste kar meitsje te litten yn de taalopfieding fan har bern. ‘Under mear Frysktalige foarlêsboekjes, dvd’s en koartingsbonnen foar kursussen oer opfieding. In oanfolling op dat rêchsekje is it wolkomstpakket foar nije ynwenners yn Fryslân, foar har sit yn it rêchsekje ynformaasje oer de Fryske taal en kultuer. Sa fiele hja har gauwer thús yn dizze provinsje.’ Dat rêchsekje is in moai inisjatyf, mar in nije foarm fan ûnderwiis docht mear fertuten. It projekt fan de “trijetalige skoalle” is in grut sukses. It waard opset troch de Fryske Akademy. Sân skoallen begûnen acht jier lyn mei dat projekt. Der wurdt lesjûn yn trije talen: it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De resultaten binne tige posityf. Les krije yn trije talen is krekt in ferriking foar bern. Ik freegje my ôf oft trije talen tagelyk net betiizjend binne foar bern. Sikko leit mei rêstige bewegingen út dat dat hielendal net hoecht, mits jo fansels konsekwint binne yn it ûnderwiis. ‘Jo moatte gjin trije talen yn ien sin brûke. Dan is it foar bern net mear te folgjen. De learlingen wurde ek stimulearre om ûnderinoar yn de taal dêr’t it sa’n dei om draait te praten.
57
Sikko lûkt in optimistysk gesicht as ik him freegje nei syn ideaalbyld fan de Fryske taal yn de takomst. ‘It soe prachtich wêze as mear skoallen har oansleaten by “De trijetalige skoalle”. En omdat de útslaggen sa posityf binne, ferwachtsje ik dat dat projekt stimulearre wurdt. Middelbere skoallen moatte ek leare yn te spyljen op dy trend. Mar oft dy dream werklikheid wurdt… dat moatte wy noch ôfwachtsje!“ (Bakker, 2007) Al ieuwenlang wurdt om it hoartsje de ûndergong fan 'e Fryske taal binnen fyftich of hûndert jier foarsein. Sokke ûnheilsprofeten wiene bygelyks Foeke Sjoerds yn 1765, Johan Winkler yn 1868, Waling Dykstra yn 1884, Jan Jelles Hof yn 1927, en Tony Feitsma yn 1962. (Keulen, 1998) Yn 1967 waard der foar it earst in betroubere enkête oer de posysje fan it Frysk holden. It die bliken dat doe 71% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Yn 1980 fûn der op 'e nij in enkête plak en dêrút die bliken dat noch mar 55% fan de ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat wie dus in efterútgong fan 16% yn trettjin jier – of alteast sa like it op it earste each. As men dat persintaazje ferrekkenet mei de útstream fan Frysktaligen út Fryslân, de ynstream fan Nederlânsktaligen yn 'e provinsje en de groei fan 'e Fryske befolking, dan liket it al hiel oars. Mar dochs wie der in tebekgong en op grûn dêrfan tochten taalûndersikers dat yn 1994, wer fjirtjin jier letter, it persintaazje Frysktaligen yn Fryslân op 46% lizze soe. Doe't der yn 1994 wer in enkête holden waard, die lykwols bliken dat it persintaazje Frysktaligen stabyl bleaun wie op 55%. As men dat ferrekkenet mei de befolkingsgroei yn Fryslân yn deselde perioade (fan sa'n 580.000 nei 615.000), kin men dus mei wissichheid stelle dat der yn dy perioade in absolute tanamme fan Frysktaligen west hawwe moat fan rom 19.000. En dan is emigraasje út 'e provinsje troch foar in grut part Frysktaligen en ymmigraasje yn 'e provinsje troch foar in grut part Nederlânsktaligen noch net iens meirekkene. Boarne 3.10: praat mar Frysk Hoewol't harren relative oanpart yn 'e befolking fan Fryslân foàr 1980 ôfnommen en dêrnei gelyk bleaun is, kin dus steld wurde dat der noch nea yn 'e skiednis safolle Frysktaligen west hawwe as hjoed‐de‐dei. En wat de takomst fan it Frysk oanbelanget: mei't der hjoed‐de‐dei noch in hiel soad bern binne dy't it Frysk as memmetaal mei krije en it hieltyd gewoaner wurdt dat minsken oer de hûndert jier âld wurde, sil it Frysk grif de twaëntweintichste ieu helje. (wikipedia, 2015) “De takomst fan it Frysk”, seit Johannes Kramer, fraksjefoarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP) yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, “kinst sjen as in glês dat healfol is of healleech. Ik bin in optimist, foar my is it glês healfol.” Yn ferliking mei oare minderheidstalen yn Europa docht it Frysk it lang net min, fynt Kramer. “Yn Baskenlân is it persintaazje sprekkers fan de streektaal in stik lytser. Wy hawwe hjir yn de ôfrûne tsientallen jierren dochs ek in aardige ynfrastruktuer opboud. Yn it ûnderwiis wurdt oandacht oan de taal bestege, en der binne radio‐ en telefyzjeprogramma’s yn it Frysk. Lykas earne oars yn Nederlân nimt de belangstelling foar de nasjonale omrop ôf ta gunste fan de regionale stjoerders.”
58
Wat meie wy foar de takomst fan it Frysk ferwachtsje? Nimmen doart it te foarsizzen. “Wy kinne”, neffens Hemminga, “allinnich achterôf fêst stelle dat der al op syn minst hûndert jier profetearre wurdt dat it Frysk meikoarten útstjerre sil, en dat al dy foarsizzingen net útkommen binne". “De kommende tsien, tweintich jier wurde tige wichtich”, fynt Johannes Kramer fan de FNP. “Nimt de nije generaasje it Frysk oer? De polityk kin der allinne foar soargje dat de betingsten goed binne – dat it mooglik is om Frysk te learen en dat âlden en learkrêften dêr it nut fan ynsjogge.” “Ridlikerwize sille lytse talen yn de moderne wrâld útstjerre”, seit Jarich Hoekstra fan de Universiteit fan Kiel. “Dat sil dus ek wol mei it Frysk barre, hoe spitich ik dat ek fyn. Mar dat bart yn Nederlân net op koarte termyn, en ek net binnen hûndert jier. It Frysk sil my yn elts gefal oerlibje.” (Oostendorp, 2007) Boarne 3.11: nasjonale Fryske twitterdei
59
3.6 Aktueel
Boarne 3.12: Jild foar Frysk taalûnderwiis Lykas wy ferteld hawwe wie it probleem dat it Frysk op stjerren nei dea wie op skoallen, der wurdt in lyts bytsje les yn jûn en de lessen dy't der jûn wurde binne meastentiids oerflakkich en net hiel serieus. Dêr soe no lykwols feroaring yn komme kinne. Yn dit berjocht stiet te lêzen dat it Frysk in nije stimulâns kriget trochdat de oerheid it fuortset‐ en middelber ûnderwiis subsydzje ferlient om it Frysk taalûnderwiis te fuortsterkjen. Dit soe de oplossing wêze kinne foar it driigjende gefaar foar it Frysk, it is yn elk gefal in stap yn de goede rjochting.
60
Boarne 3.13: Facebook op syn Frysk
Dit fine wy in moai berjocht. De sosjale media binne fansels populêr by de jongerein. Eltsenien brûkt dit wol mar der wurdt meastentiids Nederlânsk sprutsen, faaks omdat men bang is om flaters te meitsjen. Sierd brûkt de Fryske ferzje fan Facebook al wol, Jan Piet makket hjir (noch) gjin gebrûk fan. Beide hearen brûke it Frysk lykwols wol mei iennige oarder op Whats App. Der wurdt tsjin inoar gjin Nederlânsk sprutsen of ferstjoerd, mar lykas wy ek yn de resultaten fan de enkête sjen kinne, dy’t wy yn it Hearrenfean ôfnommen hawwe, wurdt it Nederlânsk no ienris mear brûkt, nettsjinsteande dat de mearderheid thús gewoan Frysk praat. Der wurdt fêstholden oan it Nederlânsk as men earne komt wêr’t men net bekend is. As der dan ienris ûntdutsen wurdt dat beide partijen Frysk prate, wurdt der fansels noflik yn it Frysk fierder sprutsen.
61
Boarne 1.14: âldste Frysk op perkamint
Dit artikel is, neffens ús alteast, it meast nijsgjirrich fan de 4. It fertelt ús dat it âldste, Frysk skreaune skrift fûn is, dat datearre wurdt tusken 1100 en 1125. Mei troch dit skrift wurdt der stikje by stikje hieltyd mear dúdlik oer de Fryske skiednis. 'Lesa mi, helpe mi' is de âldste Fryske tekst dy’t op skrift stiet. De tekst is koartlyn fûn op in pear stikjes perkamint troch âld‐germanist Erika Langbroek út Amsterdam. Neffens de Fryske Akademy komt it sintsje út it begjin fan de 12e ieu en dat is in ieu earder as de âldste Fryske tekst dy't oant no ta bekend wie. 'Lesa mi, helpe mi' betsjut 'ferlos my, help my'. It is in oersetting fan in Latynsk stikje psalmtekst. It is mooglik dat in studint op de tekst oan it studearjen wie en de oersetting yn de kantline skreaun hat. (Nijdam, 2015)
62
Boarne 1.15: Praat mar Frysk mei my
Eltsenien kint de hit fan Kenny B, ‘Parijs’, wol. Yn dit ferske wurdt ‘Praat Nederlands met me’ sjongt. Dit noeget fansels út om parodyen te meitsjen. Ferzjes yn it Grinzers, Amsterdams, Haachsk en gean sa mar troch binne al útkaam. Sa ferskynt der ek in Fryske ferzje fan it ferske útbrocht troch Jelle B en Rimke, dy’t bekend wurden is fan ‘boer siket frou’, in ferneamd programma op ‘e telefyzje. Op RTL fertelt Kenny B dat hy wol laitsje kin om al dizze farianten fan syn ferske.
63
Ôfslúting
64
Konklúzje Op side 7 fan dit ferslach steane ien haadfraag en trije dielfragen, dy’t wy betocht hiene foar’t we op ûndersyk út gienen en dit ferslach skreaunen. Op dizze side beänderje wy dizze fragen. Om ta de konklúzje fan de haadfraach te kommen, beänderje we earst de dielfragen. Dielfraach 1: Hoe hat it Frysk him oant hjoed de dei ûntjûn? It Frysk hat him yn fjouwer fases ûntjûn. De earste is fan likernôch 600 oant en mei likernôch 900, en hjit Proto – Frysk mei as skaaimerk de Anglofryske runen. Frysk is dan lykwols net mear as in taalfoarm fan it Germaansk. It Aldfrysk begjint him om 1100 hinne ta in selsstannige taal te ûntjaan, en dit sil oant likernôch 1400 duorje. Oare âlde taalfoarmen begjinne harren om 1100 hinne al te ûntjaan ta ‘Middel‐talen’, mar it Frysk modernisearret pas om 1400 hinne. Dan giet it ek rap en it Midfrysk beslacht dan ek mar in perioade fan sa’n 150 jier: likernôch 1400 – likernôch 1550. It giet sa rap dat der gjin fêste foarm bestean sil fan Midfrysk. Om 1550 hinne begjint it iere Nijfrysk op te kommen mei Gysbert Japicx dy’t it Frysk as ienling wer op ‘e kaart sette sil en foar de taal, dy’t as skreaune taal dan likernôch ferdwûn is, in stavering betinkt en opbout. Sûnt likernôch 1800 wurdt der mear skreaun yn it Frysk en komme Fryske kultuerferienings op gong. Úteinliks sil it Frysk, mei troch de ynset fan dizze kultuerferienings, in plak krije yn ‘e provinsje lykweardich oan it Nederlânsk. Dielfraach 2: Hoe hâldt it Frysk ferbân mei oare talen? It Frysk stamt ôf fan Yndo‐Europeesk. It Yndo‐Europeesk splitst him wer op yn meardere tûken, wêrûnder it Germaansk. Frysk falt ûnder Germaansk. Germaansk sil him dan wer opsplitse nei noch in pear tûken. It Noard‐Germaansk mei talen as Deensk en Noarsk en it West‐Germaansk mei talen as Ingelsk, Dútsk en Frysk binne foarbylden. Binnen de West‐Germaanske tûke hâldt it Frysk it meast ferbân mei it Ingelsk. Mei troch it ferfier dat lange tiid makliker is oer wetter, komt it Frysk yn oanrekking mei oare talen oan ‘e kust. Dêrneist nimt it Frysk wurden oer út bygelyks it Frânsk en binne der noch twa Fryske talen dy’t yn Dútslân sprutsen wurde: it Sealterfrysk en Noardfrysk. Hjoed de dei ûnderfynt it Frysk bot ynfloed fan benammen it Nederlânsk en op it mêd fan kompjûters en technology it Ingelsk. Dielfraach 3: Wat binne de ferwachtings foar it Frysk yn de takomst? Sa as we sein hawwe, Frysk ferhollânsket sterk. Mei troch it feit dat de Friezen de skreaune foarm fan harren taal net machtich binne, sykje se faaks Nederlânske fariaasjes út. Dit liedet ta in mjoksel fan dizze beide talen, dy’t as Frollânsk oantsjut wurdt. De takomst fan it Frysk soe neffens ûndersikers yn it trijetalich ûnderwiis lizze, op dy wize wurdt it Frysk benammen as skreaune taal befoardere wylst de behearsking fan it Nederlânsk en Ingelsk der net op tebek geane. Enkêtes dy’t we op strjitte en op ynternet ôfnommen hawwe, dogge bliken dat fierwei de measte minsken Frysk fersteane en ek it grutste part it Frysk yn de sprutsen foarm machtich binne. Resultaten fan ûndersiken fertelle ús dat it Frysk as skreaune taal wol hieltiten populêrder wurdt, mei troch de sosjale media.
65
Haadfraach: Hoe hat de Fryske taal him ûntjûn en wat binne de ferwachtings foar de ûntjouwing fan it Frysk yn de takomst? It Frysk hat him taalkundich sjoen fan de tolfde ieu ôf ûntjûn ta in selsstannige taal. Opmerklik is it feit dat it Frysk oant 1400 ta in opfallend âldfrinzige taal is, mar it nei 1400 sa rap modernisearret, dat de taal eins fan ien kear oer giet fan âld nei (ier‐) nij. Der is oars as yn omlizzende talen gjin fêste foarm fan de ‘Middel‐taal’. Hjoed de dei feroaret it Frysk bot en ûnderfynt it Frysk in protte ynfloed fan benammen it Nederlânsk en op it mêd fan kompjûtertaal ek it (Amerikaanske) Ingelsk. De takomst fan it Frysk, om de taal yn libben te hâlden, leit neffens de measten yn it trijetalich ûnderwiis. Boarne 4.1: ‘Fryslân boppe’ en ‘I love Fryslân’
66
Tankwurd Nei in lange, mar wis ek moaie en boppedat learsume tiid sit it der no op. Mei it skriuwen fan dit tankwurd is de finish berikke. Grutsk binne wy op it feit dat wy de skriuwers binne fan dit EARSTE folslein Frysktalige profylwurkstik yn de skiednis fan it Bornego Kolleezje!
Sûnder de help fan in pear minsken, boeken en websiden wie it grif net slagge it PWS klear te krijen, sa as it no is. Dizze side wolle wy dêrom brûke foar it tankjen fan dizze minsken. Goffe Jensma, tige tank foar it beantwurdzjen fan ús fragen en it kontrolearjen fan in part fan it PWS op staveringsflaters tegearre mei Willem Visser. Willem Visser, tige tank foar it waarme wolkom dat jo ús joegen, doe’t we yn Grins kamen en Goffe Jensma siik wie. Ek tige tank foar de boeken dy’t jo ús meijoegen, de ynformaasje dy’t we krigen fan jo en dêrneist it kontrolearjen fan in part fan it PWS op staveringsflaters tegearre mei Goffe Jensma. Alle minsken dy’t ús op strjitte yn It Hearrenfean antwurd jûn hawwe op ús fraachpetear, tige tank. Alle minsken dy’t ús enkête op Facebook ynfold hawwe, tige tank. Teake Oppewal (fan it Frysk Argyf), tige tank foar it waarme wolkom yn Ljouwert doe’t we delkamen en fansels foar alle help en ynformaasje dy’t jo ús jûn hawwe. Lourens Oldersma, tige tank foar it opstjoeren fan de boeken. De webside wurdboek.nl wolle we ek tanke. Dizze webside hawwe we meastentiids brûkt foar it oersetten fan it Nederlânsk nei it Frysk en dit besparre in soad muoite. Hinke Prins – van der Meer, tige tank foar it kontrolearjen fan in part fan it PWS op staveringsflaters. Yn it bysûnder betankje wy Ida Kussendrager, dy’t begeliedster wie fan dit PWS. Hja hat altyd in protte nijsgjirrigens toand en dêrneist in soad meitocht mei ús. Tige tank allegearre! Jan Piet Hoekstra & Sierd Wiebe Prins 02‐10‐2015
67
Oerenferdieling Jan Piet Datum Oantal oeren
Tiid
Wat dien? Haad‐ en dielfragen betocht Earste gearkomste PWS Earste ôfspraak mei PWS begeliedster Ynfo sykje Fragen foar prefester dokter G. T. Jensma betinke Hoe meitsje we de prezi op? Planning meitsje, taken ferdiele. Enkête meitsje Begjin prezi en ferslach Enkête online sette, boeken sykje en lêze Boeken trochlêze en nei Grins ta Nei Tresoar en Frysk Museum It Hearrenfean yn foar fieldresearch, oan ‘e gong mei ferslach Ynformaasje ferwurkje en ordenje Enkête ynfolle litte troch minsken yn it Hearrenfean Tusken Talen lêze Tusken Talen lêze Tusken Talen lêze en begjinne haadstik 1 ôf te rûnjen Haadstik 1 ôfrûnje Haadstik 2 ôfrûnje Haadstik 2 ôfrûnje Haadstik 3 ôfrûnje Haadstik 3 ôfrûnje Kontrolearjen part PWS op staveringsflaters Tankwurd, konklúzje, ynlieding en foarwurd klear
03‐03‐2015
2
13:00‐15:00
09‐03‐2015
0,5
12:30‐13:00
20‐03‐2015
1
09:15‐10:15
08‐04‐2015 16‐06‐2015
4 1
13:00‐17:00 13:00‐14:00
18‐06‐2015
7
13:00‐20:00
19‐06‐2015 21‐06‐2015
2 4
13:00‐15:00 13:00‐17:00
22‐06‐2015
5,75
08:15‐14:00
23‐06‐2015
9,75
08:15‐18:00
24‐06‐2015
6,75
08:15‐15:00
25‐06‐2015
6,75
08:15‐15:00
26‐06‐2015
6
08:15‐14:15
21‐07‐2015
4
11:00‐15:00
22‐07‐2015 08‐08‐2015 10‐08‐2015
6 8 8
10:00‐16:00 10:00‐18:00 10:00‐18:00
12‐08‐2015 30‐08‐2015 06‐09‐2015 11‐09‐2015 18‐09‐2015 27‐09‐2015
8 4 5 5 5 4
10:00‐18:00 12:00‐16:00 11:00‐16:00 15:00‐20:00 15:00‐20:00 16:00‐20:00
28‐09‐2015
5
16:00‐21:00
68
29‐09‐2015
2
19:00‐21:00
30‐09‐2015
3
19:00‐22:00
01‐10‐2015
11
15:00‐02:00
02‐10‐2015 Totaal
2 136,5
11:00‐13:00
Kontrolearre stikken fan it PWS ynfoegje Boarnenûmers taheakje en beskriuwing by alle aktualiteiten Opmeitsjen fan it ferslach Alles ôfrûnje
69
Oerenferdieling Sierd Datum Oantal oeren
Tiid
Wat dien? Haad‐ en dielfragen betocht Earste gearkomste PWS Earste ôfspraak mei PWS begeliedster Ynfo sykje Fragen foar prefester dokter G. T. Jensma betinke Hoe meitsje we de prezi op? Planning meitsje, taken ferdiele. Enkête meitsje Begjin prezi en ferslach Enkête online sette, boeken sykje en lêze Boeken trochlêze en nei Grins ta Nei Tresoar en Frysk Museum It Hearrenfean yn foar fieldresearch, oan ‘e gong mei ferslach Ynformaasje ferwurkje en ordenje Enkête ynfolle litte troch minsken yn it Hearrenfean Tusken Talen lêze Tusken Talen lêze Tusken Talen lêze en begjinne haadstik 1 ôf te rûnjen Haadstik 1 ôfrûnje Haadstik 2 ôfrûnje Haadstik 2 ôfrûnje Haadstik 3 ôfrûnje Haadstik 3 ôfrûnje Kontrolearjen part PWS op staveringsflaters
03‐03‐2015
2
13:00‐15:00
09‐03‐2015
0,5
12:30‐13:00
20‐03‐2015
1
09:15‐10:15
08‐04‐2015 16‐06‐2015
4 1
13:00‐17:00 13:00‐14:00
18‐06‐2015
7
13:00‐20:00
19‐06‐2015 21‐06‐2015
2 4
13:00‐15:00 13:00‐17:00
22‐06‐2015
5,75
08:15‐14:00
23‐06‐2015
9,75
08:15‐18:00
24‐06‐2015
6,75
08:15‐15:00
25‐06‐2015
6,75
08:15‐15:00
26‐06‐2015
6
08:15‐14:15
21‐07‐2015
4
11:00‐15:00
22‐07‐2015 08‐08‐2015 10‐08‐2015
6 8 8
10:00‐16:00 10:00‐18:00 10:00‐18:00
12‐08‐2015 30‐08‐2015 06‐09‐2015 11‐09‐2015 18‐09‐2015 27‐09‐2015
8 4 5 5 5 4
10:00‐18:00 12:00‐16:00 11:00‐16:00 15:00‐20:00 15:00‐20:00 16:00‐20:00
70
28‐09‐2015
5
16:00‐21:00
29‐09‐2015
2
19:00‐21:00
30‐09‐2015
3
19:00‐22:00
01‐10‐2015
11
15:00‐02:00
02‐10‐2015 Totaal
2 136,5
11:00‐13:00
Tankwurd, konklúzje, ynlieding en foarwurd klear Kontrolearre stikken fan it PWS ynfoegje Boarnenûmers taheakje en beskriuwing by alle aktualiteiten Opmeitsjen fan it ferslach Alles ôfrûnje
71
Literatuerlist Friesevolk . (2015, mei 13). Fries Volkslied. Retrieved from friesevolk.nl: http://www.friesevolk.nl/friesvolkslied.htm Bakker, W. (2007, maart 2). de takomst foar it frysk leit yn trijetalich underwiis. Retrieved from demoanne.nl: http://www.demoanne.nl/de‐takomst‐foar‐it‐frysk‐leit‐yn‐trijetalich‐underwiis/ Boelens, K. e. (1955). Dialect‐altlas van Friesland. Antwerpen: De Sikkel. Driessen, G. (2006, augustus 3). Hieltyd minder Nederlanners prate dialekt . Retrieved from kennislink.nl: http://www.kennislink.nl/publicaties/steeds‐minder‐nederlanders‐spreken‐dialect fan van fryslan. (2014, december 28). siswizen. Retrieved from fan van fryslan: http://www.fanvanfryslan.nl/wordpress/tag/siswizen/ friesetaal.org. (n.d.). oer it Frysk. Retrieved from friesetaal.org: http://www.friesetaal.org/Fries itnijs. (2013, jannewaris 15). it fryske nijswurd 2012 is gevisme. Retrieved from itnijs.frl: http://www.itnijs.frl/2013/01/it‐fryske‐nijswurd‐2012‐is‐gevisme/ Jelle Krol, A. d. (2015). Fryslan en de wrald 2.0. Ljouwert: Sirkwy. Keulen, B. (1998, desimber 31). It Frysk oerlibbet ek de 21ste ieu . de Ljouwerter Krante. KIJK. (2010, Septimber 22). Fryslân. Retrieved from kijkmagazine.nl: http://www.kijkmagazine.nl/artikel/fryslan/ L. Mulder, A. D. (2008). Geschiedenis van Nederland, van prehistorie tot heden. Baarn: Elsevier Brussel en Amsterdam. Leeuwarder Courant. (2015, juni 22). Geld voor Fries taalonderwijs. Retrieved from Leeuwarder Courant: http://www.lc.nl/friesland/geld‐voor‐fries‐taalonderwijs‐18778533.html Leeuwarder Courant. (2015, juni 23). Oudste Fries op perkament. Retrieved from Leeuwarder Courant: http://www.lc.nl/friesland/oudste‐fries‐op‐perkament‐18780333.html ljouwerter krante . (2014, july 10). ûndersyk gebrûk frysk op sosjale media . Retrieved from ljouwerter krante : http://www.lc.nl/friesland/onderzoek‐gebruik‐fries‐op‐sociale‐media‐ 17365783.html Ljouwerter Krante. (2015, maaie 27). Jelle B en Rimke praat mar frysk mei my. Retrieved from Ljouwerter Krante: http://www.lc.nl/friesland/jelle‐b‐en‐rimke‐praat‐mar‐frysk‐mei‐my‐ 18694303.html Mathilde Jansen, E. H. (2010, jannewaris 27). it Frysk als taalfamylje. Retrieved from kennislink.nl: http://www.kennislink.nl/publicaties/het‐fries‐als‐taalfamilie nhl. (n.d.). leraar frysk. Retrieved from nhl.nl: http://www.nhl.nl/werkenstudie/276/leraar‐frysk.html
72
Nijdam, H. (2015, juny 23). 'Lesa mi, helpa mi' âldste fryske tekst . Omrop Fryslan. nos.nl. (2015, juny 16). Fryske gemeente twa dagen ticht troch frysk. Retrieved from nos.nl: http://nos.nl/artikel/2041550‐friese‐gemeente‐twee‐dagen‐dicht‐door‐frysk.html Oostendorp, M. v. (2007, july 9). de grutste fijannen fan it Frysk binne de gewoane Friezen. Retrieved from kennislink.nl: http://www.kennislink.nl/publicaties/de‐grootste‐vijanden‐van‐het‐fries‐zijn‐de‐ gewone‐friezen Redactie Digitaal . (2015, juny 12). praat mar frysk actie in nij smellinghe succesvol. Retrieved from drachtstercourant.nl: http://www.drachtstercourant.nl/nieuws/56254/praat‐mar‐frysk‐actie‐in‐nij‐ smellinghe‐succesvol/ Rijksoverheid. (n.d.). talen in Nederland. Retrieved from Rijksoverheid: http://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/erkende‐talen/talen‐in‐nederland skriuwers, F. (2009). de bosatlas van Fryslân. In F. skriuwers, de bosatlas van Fryslân (p. 200). Groningen en Houten: Noordhoff Uitgevers B.V. . Tjerkstra, M. (2015). fryske siswizen. Retrieved from goedfrysk.nl: http://www.goedfrysk.nl/fryske‐ siswizen/ Tolsma, J. (2011, febrewaris 8). Fryske siswizen. Retrieved from folklorefryslan.nl: http://www.folklorefryslan.nl/index.php?option=com_content&view=article&id=180:fryske‐ spreekwoorden&catid=36:spreekwoorden&Itemid=62 Werf, K. v. (2015, juny 4). foarleze yn it frysk oan pjutten ut ie. Retrieved from nieuwedockumercourant.nl: http://www.nieuwedockumercourant.nl/nieuws/38432/foarleze‐yn‐it‐ frysk‐oan‐pjutten‐ut‐ie/ wikipedia. (2012, jannewaris 12). gévisme. Retrieved from wikipedia: https://fy.wikipedia.org/wiki/G%C3%A9visme wikipedia. (2015, juny 15). frysk. Retrieved from wikipedia: https://fy.wikipedia.org/wiki/Frysk#Foar.C3.BAtsichten wikipedia. (2015, maaie 21). Fryske talen. Retrieved from wikipedia: https://nl.wikipedia.org/wiki/Friese_talen#Onderlinge_relatie_tussen_de_vari.C3.ABteiten wikipedia. (2015, juni 15). middeleeuwen. Retrieved from wikipedia: https://nl.wikipedia.org/wiki/Middeleeuwen wurdboek. (n.d.). sprekwurden en siswizen. Retrieved from wurdboek.nl: http://www.wurdboek.nl/sprekwurden_en_siswizen Tusken talen (2009). Reitze J. Jonkman, Arjen P. Versloot. Haadstik ien is benammen basearre op dit boek.
73
Bylagen
74
75
76
77
78
79
80
81
82
83