3a bornego pws samenvatting de untjouwing fan de fryske taal

Page 1

De ûntjouwing fan de Fryske taal De ûntjouwing fan de Fryske taal is in profylwurkstik dat jo in oersjoch jout fan hoe't de Fryske taal har yn 'e rin fan 'e jierren ûntjûn hat ta de taal dy't se hjoed is. Op hokker flak de taal har oars ûntjûn hat as de buortalen, wat it Frysk mienskiplik hat mei har buortalen en hoe't dat alles ta stân kaam is. De takomst fan it Frysk wurdt behannele, lykas hoe't it Frysk der hjoed de dei foar stiet. In fraachpetear wurdt ôfnommen by prefester dokter G. T. Jensma fan 'e Ryksuniversiteit yn Grins en ek hawwe we fragen beändere litten troch minsken op strjitte en oer it ynternet. It Frysk is in moaie taal, dy't har hiel oars ûntjûn hat as alle talen dêr't se ferbân mei hâldt en dy't mienskiplike skaaimerken hat mei talen dêr't jo it net fan ferwachtsje. It Frysk libbet by de minsken en sadwaande binne der in protte minsken dy't harren foar dizze machtich moaie taal ynsette. Dit alles en noch in bulte mear lêze jo yn it ferslach fan profylwurkstik 'De ûntjouwing fan de Fryske taal'. Wy winskje jo in protte lêswille ta. Mei de hertlike, Fryske groetnis, Jan Piet Hoekstra en Sierd Wiebe Prins


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.