1 minute read

K at en Harke

Next Article
Y n’t ferline

Y n’t ferline

In tige nijsgjirrich stikje oer ‘Gender neutraal’ fan Wim yn ús foarige Koepel. Eat om oer nei te tinken. Suggestje fan Wim wie sels om it en nijs te feroarjen yn it Tusken it Rôfbist en Syl Nijs. Miskien moatte wy meigean mei de tiid, mar ik bin wat eigenwiis, dus ik fyn; net alle feroaringen binne ferbetteringen, …doch mar gewoan dan dogge je al gek genôch. Dêrtsjin oer moatte we wol besykje respekt te hawwen foar in elts syn miening en gefoel. En dat is somtiden spitigernôch fier te sykjen yn dizze wrâld. Wytmarsum is de ôfrûne moanne wer goed op’e kaart setten. In prachtige muzikale moeting tusken it Eastern Mennonite University Chamber Singers út Pennsylvania en Scheppingsgave (bestiet dit jier 95 jier!!) en it Popkoar yn de Koepeltsjerke. In moeting dy’t de sjongers en besikers lang by bliuwe sil. Yndrukwekkend en hiel bysûnder.

Op 19 maaie wie it feest yn swimbad Mounewetter. Us prachtige swimbad bestiet 50 jier!! Lokwinsken foar it bestjoer en alle frijwilligers. Ik wit noch dat ús mem by de doarren lâns gong om jild op te heljen foar de realisaasje foar ús swimbad. Se krige as tank in moaie simmerstoel. Doe al allegear frijwilligers yn it spier, hjoed de dei kin it swimbad noch hieltiid net sûnder harren frijwilligers. Der wie fan alles te belibjen yn en rûn it swimbad, in stoarmbaan, kliniks en der wiene kreamkes. It swimbad giet ek mei de tiid mei, koartby waarden der 202 sinnepanelen pleatst en 3 warmtepompen ynstalearre.

Advertisement

De besikers komme sels fan oer de Ofslútdyk en hat it ek in sosjale funksje. We hoopje dat ús swimbad noch lang bestean bliuwe mei.

Op 24 maart is berne in prachtich, lyts en leaf famke BENTHE BOS, dochter fan Patrick Bos en Christina Tuinstra. Us lokwinsken!

Noch stil fan it bertewûnder sjogge jimme nei jim famke, sa bysûnder

Dat har libben wêze mei as de sinne mei waarmte, lok en leafde om har hinne…

Njonken lok wie der ek fertriet. Op 24 april lêstlyn is ferstoarn

HIDTJE SIERKSTRA-BIJLSMA. Leave frou fan Lourens Sierkstra (ús âld mûner) en soarchsume (skoan)mem, beppe en oerbeppe. Hidtje is 90 jier wurden. In protte sterkte foar jimme mei dit grutte ferlies. As skielk de dei wer dei wurdt gewoan as alle dagen, elkien syn sin wer hat, nochris oan dy tinkt by flagen dan gûle wy ús triennen droech en misse dy noch alle dagen…

Oant de oare kear, Betty

This article is from: