1 minute read
Y n’t ferline
from 2023 06 Koepel Juni
by ZeeDesign
It is maaie 1923, yn de krante steane der in pear advertinsjes oer de ferkeap fan in motorfyts. De earste komt fan Piet IJpeij, dizze hat in Harley Davidson fan 7 pk, elektrysk en noch mar oardel jier beriden. Piet IJpeij wenne dêr ‘t no Theo de Groot wennet oan de fan Aylvawei 18. Hy wie keapman en hie in hannelsmaatskippij yn granen, sieden en ferpakte pûlfruchten. De twadde advertinsje komt fan A. Westenberg, dizze hat in “ Indian “ fan 9 pk, mar dizze is net elektrysk. J. P. de Haas hat in fiskersboat te keap, dy is tige geskikt by in tichtsetting. In tichtsetting is yn de sleat in oerdwers spand net, mei fûken yn lingte fan it wetter dat befiske wurdt.
Pieter Jogchum Straatsma troud op 17 maaie mei Taetske Bangma fan Penjum, Pieter is oannimmer. Mar in wike letter stiet der yn de Ljouwerter krante dat er ferhuze is nei It Hearrenfean, Dracht 338, dêr ‘t er berikber is op telefoan nûmer 214. Op 16 maart is it 40 jier lyn dat Pater Rouma, fan de oarder fan St. Augustinus, de hillige prysterwijing ûntfong, fanwege syn swakke sûnens hat er it langstme jûn, oan dy betinking gjin feestlik karakter te jaan. Pater Rouma hat yn 1902 de stichter west fan de roomsk-katolike tsjerke en it kleaster yn Wytmarsum, en wie dêr de earste prior en pastoar fan. Fiif jier letter waard er pastoar yn Amsterdam, dy funksje hat er sawat tolve jier ferfolle. Doe kaam hij as rêstend geastlike werom nei syn dierbere stichting te Wytmarsum, dêr ‘t er noch gâns jierren yn in lokkige âlderdom ferbliuwe mocht. It is begjin maaie dat de firma fan de gebroeders Werkhoven, fergunning ferliend is troch B en W, ta it oprjochtsjen en yn wurking stellen fan in automatyske benzinepomp, ferbûn oan in ûndergrûnske benzine tank fan 1000 liter. Dizze pomp sil neist de garaazje pleatst wurde op in sichtber plak, en jûns ferljochte wêze.
Advertisement
Te keap in boargerhûzing oan ‘e haad- en tramwei. It hûs bestiet út: keamer, grutte keamer, gong, keuken, bykeuken en frije wurkpleats mei steech. Boppe: oerrin, trije sliepkeamers en berchsouder. Fierdersoan: twa lokalen, plusminus 100 m², oan ferhurde wei. It pân is poerbêst foar in bedriuw en foar in soad doelen geskikt. Te befreegjen by de eigener C. Rauwerda. Dy wenne doe op nûmer 375, wat no Arumerweg 45 is. Op de foto de Arumerweg út de jierren 30.
Minsken as jimme no ek mei sa wat sitte, lit it ús dan efkes witte.
Evert Zwier Verlengde Oostend 17 8748AP (532147), Geertje Verhoeve (531392), Titia Banga (531572) of Wietske Sierkstra (532047) e-mail: evertzwier@outlook.com