Sint wol in hit!
Dizze útjefte is ûnderdiel fan de rige nasjonale sinteklaasboeken, mooglik makke troch FrieslandCampina.
Tekst Donnie
Yllustraasjes
Saša Ostoja
Einredaksje
Gerard van Midden
Oersetting
Martsje de Jong
Grafyske fersoarging
Leoniek de Hoop
Drukwurkbegelieding
Eric Daams
Konsept en produksje
Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam
Utjouwer
Blue in Green Publishing
ISBN 9789083387895
NUR 273
© 2024 Blue in Green BV. Tekst: Donnie. Yllustraasjes: Saša Ostoja. All Rights Reserved. Ferkeap fan dit boek is net tastien.
Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl
‘It moat nó oars!’ ropt Sinteklaas.
‘Kapoentje, fuort dermei!
Gjin bonne bonne, lege tonne.
Gjin paardenvoetjes, man, gean wei!
Dit jier gjin zak van Sinterklaas, dêr fyn ik foar gjin sint mear oan.
Of makkers staakt uw wild geraas, wêr sit dochs jim ferstân?
Ik wol in spetterjende eigen hit:
myn Sint-hit út Madrid.
Mei myn Piteband wurdt dat stjerrende wier it grutste knalfeest fan it jier.’
Julio, in jonge Pyt, freget ferbaasd:
‘In nij ferske, Sint, wêrom?’ ‘Omdat,’ sa antwurdet Sinteklaas, ‘ik ta bin oan wat oars. Dêrom! It is krekt in patatsje sûnder sâlt, al dy ferskes litte my kâld. Se binne net mear fan dizze tiid. Dus, Julio jonge, regelje foar my in studio en in fette beat.’
Sint draaft nei de studio en grypt de mikrofoan.
Hy swingt en rapt, hy dûnset en tapt, mei de headset op syn mijter.
Julio giet út syn dak en seit:
‘Jo binne in Sinter-Songwriter!’
‘Ja, dit klinkt lekker,’ jubelet Sint, ‘mar it is noch krekt wat te gewoan.
Dus, Pytsje Julio, smyt om my dy ekstra beat der mar tsjinoan!’
‘Dat komt klear,’ ropt Julio út.
Hy nimt alles letterlik en smyt fleurich in reade byt tsjin it rút.
Julio hinget yn syn luie stoel en de radio stiet oan.
Hy heart: ‘Bêste harkers, goeiemoarn, dit is Omrop Ozosnel mei it lêste nijs en de bêste muzyk.
Jou dy dus mar lekker del, want wy draaie de absolute hit fan dit momint.
Hjir is de Piteband mei harren frontman Sint.’
Dat is leuk, fynt Pytsje Julio, Sinteklaas is op de radio.
Hoe komt Sint eins óp dy radio? tinkt dy lytse goochemert no.
O nee, Julio nimt alles letterlik, ek dizze kear.
Hy hat syn plantsje samar klear.
Hy skuort en sjout, sleept en bout yn minder as tweintich minuten in superberch fan hûndert sekken pipernuten.
En boppe-op dy sekkeboel set er de radio en keukenstoel.
‘Dat komt derop oan,’ suchtet Julio, ‘sa’n workout en kardio.’