Sint sit fêst
Thomas Acda
Aron Dijkstra
Sint sit fêst
Dizze útjefte is ûnderdiel fan de rige nasjonale sinteklaasboeken, mooglik makke troch FrieslandCampina.
Tekst
Thomas Acda
Yllustraasjes
Aron Dijkstra
Einredaksje
Gerard van Midden
Oersetting
Martsje de Jong
Grafyske fersoarging
Leoniek de Hoop
Drukwurkbegelieding
Eric Daams
Konsept en produksje
Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam
Utjouwer
Blue in Green Publishing
ISBN 9789083387871
NUR 273
© 2024 Blue in Green BV. Tekst: Thomas Acda. Yllustraasjes: Aron Dijkstra. All Rights Reserved. Ferkeap fan dit boek is net tastien.
Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl
Sint sit fêst
Thomas Acda
Aron Dijkstra
‘Stiet ynienen de master fan groep acht yn ús klasse,’ fertelt Pjotr grutsk oan syn mem, ‘en hy seit: “Sorry, juf Pien, meie wy Pjotr even liene?” Us escaperoom kloppet nammentlik net. Der sit fêst in foutsje yn ús boutekening. Dus no moat ik noch even...’
Pjotr syn mem wol dat er de boutekening oan ’e kant leit en him deljout. ‘Dan moatst de oplossing mar dreame, leave jonge.’
Se jout him in tút en docht it lampke neist syn bêd út.
Pjotr docht krekt oft er sliept. Trapet se altyd yn.
Fan it dak ôf sjogge Sint en syn Piten de stêd en de skoalle fan Pjotr lizzen. Sint is gek op skoallen.
Safolle skuon by elkoar, dat sjit lekker op.
Sint is as earste op Ozosnel ûnder en docht de doar fan de skoalle iepen.
‘Kom, leave Piten, allegear berneskuon om te fullen!’ Hy sjocht om. Wêr bliuwe se no? Dan falt de doar mei in dreun achter him ticht.
Bûten probearje de Piten de doar út alle macht iepen te krijen.
‘Sinteklaas! Doch iepen!’ roppe se yn panyk.
Der komt gjin antwurd. It iennichste dat se hearre is bûnzjen.
En de doar jout gjin sintimeter mei.
‘Dit is hielendal net de haadyngong fan de skoalle,’ ropt in Pyt. ‘Dit is de achteryngong!’
Sint hâldt op mei bûnzjen, der is dochs net ien dy’t him heart. ‘Wêr bin ik bedarre?’ ropt er út.
‘Dit is net de moai fersierde haadyngong. Dit is... in hok!’