1 minute read

Sa prate wy thús

Next Article
Ferske

Ferske

In opfallend detail yn de babykeamer fan Morris is de reinbôge. Dy komt oeral werom. De grutte reinbôge op ’e muorre hat Sanne sels skildere. ‘Gewoan út ’e hân en net te perfekt. Dat makket it just moai’, seit Sanne. Fanwege har sûnens sit Sanne al in skoftsje yn ’e syktewet. De reinbôge is foar har dan ek in moai symboal fan hoop. ‘As it reint, skynt tagelyk ek de sinne.’ Omdat it foar har fysyk te swier wie om sels de keamer op te knappen en te fervjen, krige se help fan beide âldelju en broers en sussen. ‘Der is hiel wat leafde yn dizze keamer stoppe.’ It wie noch wol lestich om guod foar de babykeamer út te sykjen, want dat wie krekt yn ’e tiid dat alle winkels ticht wienen troch corona. ‘Ik ha alles op ynternet útsocht en it pakte krekt sa út as ik it yn ’e holle hie. Alles kloppet.’

It ynrjochtsjen fan de babykeamer is foar Sanne echt in hobby wurden. Se hellet dêr in soad enerzjy út, benammen no’t se net mear wurkje kin. Om ek oaren te ynspirearjen dielt se in hiel soad foto’s op Instagram. Plantsjes meie yn de babykeamer net ûntbrekke. Sanne hat in oplieding as blommist dien, dus dat grien komt dúdlik werom. Ek oer de materialen hat se neitocht, it moat al duorsum wêze. ‘En ik hâld fan groepkes kreëarjen. It moaie is dat yn elk hoekje wer wat weromkomt fan it oare hoekje. Dat jout rêst.’

Advertisement

Eins fynt Sanne it wol jammer dat de babykeamer no klear is. ‘Ik soe hjir myn wurk wol fan meitsje wolle’, laket se. Ien ding is seker, se is tefreden oer it resultaat. ‘Dit is echt myn droombabykeamer.’

Mear ynformaasje en ynspiraasje op Instagram: @kringloopparels en @sannemenger

This article is from: