![](https://assets.isu.pub/document-structure/211215093539-29abc45b83e0bf8381484d37428d5f5f/v1/dc19c4c11ea1228ba222d3a6f17571cb.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
2 minute read
Babyspa
by heit&mem
Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.
As mem, mei al in fl inke swangere búk, seit dat se dûse sil, warskôget Lotta (3) dat se har hier net waskje moat. ‘Hoesa net?’ freget mem. ‘No dan krijt de poppe sjampoo yn ’e eagen, en dat prikt!’
Advertisement
Bauke (4) freget mem: ‘Hat mem ek in baby yn ’e búk?’ ‘Nee’, seit mem. Bauke: ‘O, jammer.’
Jurn (4) wol noch even by mem hearre hoe’t it krekt sit. ‘Tess wie de earste poppe, no mem? En Rixt kaam dêrnei en doe kaam Djoy toch?’ ‘Ja, dat kloppet Jurn’, seit mem. Jurn: ‘Dus ik siet hielendal boppeyn?’
Toen ik zwanger was van de tweede, sprong mijn neefje boven op me, waarop onze dochter riep: ‘Tink derom, sa komme der krassen op ’e baby!’
Doe’t mem nei de kreamdagen tegearre mei har twajierrige dochter de kreamfersoarchster útswaaide, sei it famke: ‘Mem, ik wol dat Esther no ek fuortgiet!’ Esther is har nije suske… Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren uit memmies.’
Jorian (3) wit wol hoe’t it sit mei it drinken fan de lytse poppe. Hy wiist earst nei it iene boarst fan mem: ‘Hjir sit de molke yn foar de baby.’ It is eefkes stil... en dan wiist Jorian nei it oare boarst: ‘En hjir sit kola yn!’ Wanneer Tjisse (3) van mama hoort dat ze een babyjongetje in haar buik heeft, zegt hij meteen met een grote grijns: ‘Maar dan heb jij ook een piemel!’
Foarnammen
Ferneame
Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar:
Yfke
Yfke is in echte Fryske famkes namme. Yfke komt fan de namme ‘Ive’ en betsjut: jout libben. De lêste tsien jier hawwe gemiddeld sa’n 120 poppen jiers de namme Yfke krigen.
Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?
1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster
Populair
Populaire jongensnamen in Fryslân zijn momenteel: Lucas, Daan, Finn, Luuk, Milan, Sam, Noud, Bram, Jesse en Julian. Populaire meisjesnamen in Fryslân zijn: Emma, Julia, Mila, Tess, Sophie, zijn: Emma, Julia, Mila, Tess, Sophie, Sara, Nora, Yara, Eva en Lotte. Sara, Nora, Yara, Eva en Lotte.
Wisto dat:
• in protte Fryske foarnammen op in ‘e’ einigje? • de measte Fryske foarnammen koart binne? Se ha trochgeans ien of twa lettergrepen. • in hiel soad Fryske jongesnammen mei de letter J begjinne?
Meisto dyn bern deselde namme jaan?
Ja, do meist dyn bern gewoan deselde namme jaan as in earder berne bern. Foaral yn it ferline waard de namme fan in poppe dy’t al ferstoarn wie, trochjûn oan it folgjende bern. Ek no kieze guon minsken der wolris foar om bern deselde namme te jaan. Sa hat prins Carlos, in neef fan kening Willem-Alexander, syn beide soannen Carlos neamd. Wol is de ropnamme fan syn earste soan Hugo.
Genietsje yn in babyspa
![](https://assets.isu.pub/document-structure/211215093539-29abc45b83e0bf8381484d37428d5f5f/v1/1d186f885d52b84c63bb79506d303293.jpeg?width=720&quality=85%2C50)