1 minute read

Lactatiekundige/borstvoedingstips

Next Article
Ferske

Ferske

Douwkje Douma fan De Lemmer, troud mei Egbert, mem fan Tsjalling Jan (7), Durk Jelle (6), Jayke (2) en Jeske (0) Foto: Hippe Kiek Fotografie

Genietsje fan de brutsen nachten

Advertisement

Trije moanne lyn is ús dochter Jeske berne. Nei twa jonges fan no 7 en 6 jier en in famke fan 2 jier sitte we foar de fjirde kear yn de lytsepoppedrokte. Ek al wisten we wat ús te wachtsjen stie, as je der ienkear yn sitte, is it dochs best wol wer even oanpoatsjen. Yn elk gesprek dat ik de ôfrûne moannen hân ha, kaam altyd wer de fraach: ‘Drok tink mei fjouwer?’ Ja fansels, it is drok mei de loopkes nei skoalle, sport of freontsjes en de waskmasine dy’t alle dagen draaie moat. Dan ek de soarch foar in lytse poppe dy’t op ’e tiid drinke en sliepe moat en fansels de oare trije dy’t harren oandacht ek nedich hawwe. Wurk? O ja, dat dogge we der ek noch by. ‘Hoe ha jim dat?’ is faak de ferfolchfraach dy’t we krije. No ja, gewoan dwaan. It is moai om te sjen dat de âldsten al gau harsels rêde kinne mei wat oanstjoering, mar ek út harrensels meihelpe om de tafel klear te meitsjen of de famkes de doar út te helpen. Sels wat fleksibel wêze as it om de húshâldlike taken giet, en net tefolle op in dei dwaan wolle, helpt ek. Sa komme we de dagen wol troch en slagget it alle moarnen noch om elk op tiid teplak te krijen. ‘Genietsje derfan!’ ropt elkenien dan ek noch. Fansels moat dat, mar wannear? Alle drokte fan sliepkes, fiedingen, húshâlden, wurk en sosjale ferplichtingen slokke hiel wat tiid op. Hoe’t we dan dochs genietsje? Op elk momint dat it kin en troch soms de boel de boel te litten. Bewust tiid mei de bern en mei elkoar trochbringe is belangriker as de steapels wask. Allegear de sliep út? Dan gean we fuotbaljen op it strân, in spultsje dwaan of jûns nei iten noch efkes mei-inoar dûnsje yn de keamer. Ja sels yn dy brutsen nachten, as it hûs hielendal stil is útsein dat lytse popke dat noch wat drinken ha wol en dat nei dy laket ast it ljocht oandochst. It is drok, mar genietsjen? Dêr meitsje we tiid foar!

This article is from: