1 minute read

Bernepraatsjes

Next Article
Ferneamd

Ferneamd

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Tineke (3) hat in nije broek fan beppe krigen. Se docht de broek oan en ûntdekt dat de hannen yn ’e bûse kinne. Grutsk ropt se: ‘Sjoch mem, dizze broek hat moffen!’

Advertisement

Yenthe (5) ziet met het mooie weer een man zonder t-shirt en roept verbaasd: ‘Kijk, die man heeft theelepels!’

Bram (3) leest een boekje over papegaaien: ‘Mama, waar is de mamagaai en de babygaai?’

Yarno (6) is ien fan in twaling. Op in dei seit er tsjin syn mem: ‘As ik letter in baby krij, dan hat de baby twa heiten.’ ‘Hoesa dat?’ freget mem. ‘No,’ seit Yarno, ‘Dayley en ik binne dochs tegearre?’

Yfke (3) rint mei in pop ûnder har trui troch de keamer. Dan lit se har ynienen op ’e grûn falle en ropt: ‘Mem, ik bin befallen!’ Marith (doe 3, no 8) hie destiids in moestúntsje, dat se yn it Nederlânsk ‘muistuin’ neamde. Doe’t se in kear by in fjild mei mais lâns rieden, sei se: ‘Ik fermoedich my dat dit woartels binne.’

Jurre (4) fertelt op de berneopfang dat er in ‘kâldmasine’ op syn sliepkeamer hat. (fentilator)

Hieke (3) har broerke giet mar troch mei eameljen as mem bôle foar him oan it smarren is. Mem: ‘Jaja, even geduld.’ Hieke: ‘Mem is gjin heks!’

This article is from: