2 minute read

De Lytse Walfisk

Next Article
Ferneamd

Ferneamd

Rozemarijn binne lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Lang wille mei De Lytse Walfisk

Advertisement

Der falt in pakketsje troch de doar! Mei ús trijen op de bank pakke wy it gau út. De jonges binne daliks entûsjast. It is in boek! De lytse walfisk. ‘Wolsto foarlêze mem?’ freget ús âldste, Benn (4), en Casper (1) krûpt al op myn skurte.

De lytse walfisk fertelt it ferhaal fan Boi, dy’t mei syn heit op it strân by de see wennet. Syn heit is alle dagen oan ’t wurk en Boi is dan allinnich thús. Nei in fûle stoarm fynt Boi in walfisk op ’t strân. Boi docht alles om de walfisk te helpen en stoppet him thús yn ’t bad. Boi spilet muzyk foar syn nije freon en fertelt him ferhalen oer it libben op ’t eilân. As syn heit wer thúskomt, mei Boi de walfisk net hâlde. De walfisk moat wer werom nei de see, omdat dat syn thús is. Boi moat ôfskied nimme fan syn freon, mar syn heit bliuwt no faker thús om leuke dingen mei Boi te dwaan.

De lytse walfisk fertelt yn in leaflik ferhaal oer wichtige tema’s lykas iensumens, freonskip en ôfskied nimmen. It boek nûget út om dy ûnderwerpen te besprekken mei dyn kleuter. ‘Soe Boi de hiele dei allinnich wêze?’ frege ik. ‘Nee, de katten binne thús’, seit Benn. ‘Mar wa past der op Boi as syn heit de hiele dei fuort is? Wêr soe syn mem wêze?’ ‘Dy heart der net by’, fertelt hy my. Hoe fielt Boi him as er de hiele dei allinnich is? Wêrom nimt hy de walfisk mei? Kinst tegearre in hiel filosofysk petear hawwe. Troch dy fragen te stellen en it ferhaal faker te lêzen, ûntdekst ek hieltiid mear dingen yn it boek. Sa seach ik pas by de tredde kear dat oan de binnenside fan it omslach yllustraasjes stean fan de lytse walfisk, dy’t earst syn famylje kwytrekket omdat hy de ferkearde kant op swimt en oan ’e ein syn famylje weromfûn hat.

Ek mei lytsere bern is it in prachtich boek om foar te lêzen. Troch de rêstige kleuren komme de belangrike eleminten dúdlik nei foaren. Us dreumes wiist op elke bledside entûsjast de walfisk oan. Kinst dus lang wille ha fan dit boek!

Rozemarijn Strubbe, Wommels Mem fan Benn (4) en Casper (1)

It grutte famyljeboek is foar € 13,95 û.o. te bestellen fia websjop.afuk.frl of freegje dernei yn dyn boekhannel.

“Dan slaan wy it boek iepen. It boek start mei de fraach: Fan wa bisto ien? In moaie fraach om meimekoar oer nei te tinken. Hoe sjocht ús gesin der út? Wêr hearsto by? Mei hoefolle wenje wy yn ús hûs? Binne der mear minsken dêr’t wy by hearre? Dêr meitsje wy in tekening fan. It boek lit de moaie kanten fan famylje sjen, mar lit ek sjen dat it somtiden oars giet as oars. Al mei al is it in moai ynformatyf boek oer in ûnderwerp dat elkenien ken.”

Tryntsje Hoekstra út Hallum

This article is from: