1 minute read
FRYSK LEARE ÛNDER IT ITEN
Restaurants krije fergees
Fryske placemats en lêsboekjes fan Keimpe de Krokodil
Bern dy’t by restaurant Land- en Zeezicht wat ite foardat se mei de boat nei it Amelân geane, leare lyk wat Frysk. Land- en Zeezicht docht nammentlik mei oan it projekt ‘Keimpe giet op reis’. Utbater Jesse Oenema is entûsjast oer de placemats mei alderhande spultsjes fan Keimpe de Krokodil yn en oer it Frysk. “Der sit ek noch in lêsboekje by mei in grappich ferhaaltsje. Bern en harren âlders fine it hiel leuk. It is echt even wat oars. Ik freegje harren wolris om wat foar te lêzen. Dat slagget fansels net altyd. As ik it dan foarlês, fine se it moai klinken mar snappe se der noch neat fan.”
Frysk, Dokkumers, Nederlânsk en Ingelsk Studinten fan ROC Friesland College betochten, yn opdracht fan de Afûk en restaurant De Pleats yn Burgum it plan ‘Keimpe giet op reis’. Sy wolle de bern dy’t yn in restaurant op harren iten wachtsje, fermeitsje mei Fryske ferhaaltsjes en spultsjes.
De boekjes en de placemats binne beskikber yn meardere talen. Keimpe belibbet syn aventoeren yn it Frysk, mar de ferhalen en spultsjes binne der ek yn in kombinaasje mei it Dokkumers. Der wurdt ek it ien-en-oar útlein yn it Nederlânsk en Ingelsk. Keimpe op reis is nijsgjirrich foar elkenien dy’t yn Fryslân wennet, mar ek foar elkenien dy’t yn Fryslân mei fakânsje is. Jesse Oenema: “De fiertaal by ús personiel is Frysk. Sels praat ik ek Dokkumers. Der komme hjirre in soad toeristen. Ik fyn it hiel moai om harren kennis meitsje te litten mei ús taal.”
Oanmelde foar Keimpe Neist Land- en Zeezicht kinst de placemats ek fine by it Posthûs yn Burdaard, Veldzicht yn Metselawier en Herberg de Pater yn Engwierum. Restaurants dy’t ek graach Keimpe de Krokodil útdiele wolle oan harren jonge gasten, kinne har oanmelde fia keimpe.frl.
Foto: Nanne Nicolai