4 minute read
K at en Harke
from 2023 07 Koepel Merke
by ZeeDesign
Wat wie alles tusken en droech om ús hinne. Sân stode alle kanten út en dat wie ek oan it uterlik fan de auto’s te sjen. By de bite-opslach oan de Kâldehústerdyk kamen grutte wolken jin soms te mjitte as men dêr omsloech. Sokke waarme dagen siket men ferkuolling en dan is swimbad “Mounewetter”in fertroud adres. Dêr ha al wer in soad besikers gebrûk fan makke. Dat is in daalders plakje mei dit waar! Der falt sa no en dan ek reinwetter om alles wat op te fleurigen. En dêr hat de natoer lang om let ferlet fan. Mar ek wy kinne dan wer genietsje fan in noflike temperatuer. Waar om wat wurk te fersetten. Wat de simmer ús wat it waar oanbelanget bringe sil, bliuwt ôfwachtsjen.
Sa’n daalders plakje ha wy yn it winterskoft net yn ús doarp. Der ûntbrekt in doarpshús om dan by elkoar te kommen en mei elkoar te genietsjen fan gesellichheid en gearkomsten. Dit feit is rûnom yn Nederlân bekend. Yn “De Volkskrant”stiet der in grut artikel oer. Yn de grutste gemeente fan ús lân is it by ús yn it doarp klearebare earmoed wat de sosjale kant oanbelanget. Mar Wytmarsum liedt de needklok en komt mei in tige goed ûnderboud ûndersyk, skriuwt in plan en kloppet hjirmei by de gemeente oan. Doarpsbelang is net foar ien gat te fangen! De need is heech mar de rêding is tichteby. Wy binne grutsk op jimme en sjogge út nei in nij multyfunksjoneel ûnderkommen. Sukses tawinske!
Advertisement
Mei de Merke stiet der altyd in tinte foar ús klear om elkoar dêr te moetsjen en gesellich by te praten. It probleem is hjoedtedei om genôch frijwilligers te finen, dy ‘t de saken draaiende hâlde. Us maatskippij kin net mear sûnder harren. Betelle krêften binne djoer en faak ek net beskikber. Wy hoopje dat dit ek dizze simmer wer slagget. It waar ha wy net yn’e hân. Wy hoopje dat ek dit in boppeslach wêze sil.
Besite krije kin tige gesellich wêze. Meastal is eltsenien fan herte wolkom. Wat de besite fan woansdei 7 july oanbelanget, giet dit net op. Poly komt mei in soad geraas en hurde wyn lâns. Tûken brekke samar ôf en beammen stoarte ûntwoartele del. Sokke besite ha wy gjin ferlet fan. No falt it by ús noch wol wat ta. Yn Noard-Hollân hat men der gâns mear lêst fan. In siswize seit:”Een gast brengt altijd vreugde aan. Is het niet bij het komen, dan wel bij het gaan.”Dat lêste is hjir fan tapassing.
Siket men in hûs yn Wytmarsum en is men in ynwenner fan dit doarp, dan kriget men foarrang. Wenningkorporaasje Elkien giet de helte fan de frijkommende wenningen oan minsken ferhiere, dy’t al in jier oanienwei yn it doarp wenje of der yn de ôfrûne tolve jier minimaal seis jier wenne ha. Sokke hierders hawwe bining mei it doarp. De oare helte fan de frijkommende wenningen bliuwt beskikber foar oare minsken. It is in proef dy’t twa jier duorret. Neist de bining is ek de ynskriuwtiid fan belang by it tawizen fan in wenning. Minister De Jonge foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering wol dat dit ek jilde sil foar minsken dy’t in hûs keapje wolle. De Twadde Keamer sil ynstimme moatte mei dizze wiziging. Ôfwachtsje dus. Sa kin de jongerein hjir wenjen bliuwe.
Dat is net fan tapassing op Joost Schotanus. Dy wennet mei Melinda Alders yn Ljouwert. Pake Frans Schotanus en beppe Marieta van Zelst moatte dêrhinne ride om harren bernsbern DAAN te bewûnderjen. Sy binne op 20 juny 2023 foar de twadde kear opa en oma wurden. Kira hat in lyts broerke krige. Wat in seine binne Kira en Daan, allerearst foar de âlders, mar ek foar opa Frans en oma Marieta! Mei de auto is de ôfstân mar in hoannestap. Allegearre Fan Herte Lokwinske mei de berte fan dizze lytse poppe. Wy hoopje dat de beide bern yn sûnens opgroeie sille, mei leafdefolle famylje om harren hinne.
Der stiet wol een wenning leech oan de Gysbert Japikswei. Dêr hat CHRISTINA FREDERIKA HOFSTRA-NAUTA wenne.
De lêste 3 moanne is sy leafdefol fersoarge yn “De Spiker”yn
Harns. Op 3 juny 2023 is sy rêstich ferstoarn yn de âldens fan 86 jier. Sy hat op ferskate plakken yn Wytmarsum wenne. Mei 6 bern hat men mear romte nedich as yn it begjin fan har houlik. It grutste hûs wie ek har lêste wenplak yn it doarp .Har libben hat net altyd maklik west. Nei de skieding fan Tseard Hofstra bruts der in drege tiid oan. Efkes de sinnen fersette die sy troch in rûntsje te fytsen. Stien Hofstra hat oan in hege leeftiid ta in soad mei har fyts ûnderweis west. En dit sûnder ûndersteuning. Har kondysje wie dêryn boppe gemiddeld. Hast alle bern binne yn Wytmarsum delstrutsen. En dan is beppe tichteby en wol ek wolris op har, doe, lytse beppesizzers passe. Dêr koe sy sa fan genietsje.
“Lief - Zorgzaam - Behulpzaam” stiet der boppe de roukaart. Sa bliuwt sy yn ús oantinken. Oan it âlderlik hûs is in ein kaam. Wy winskje har bern, bernsbern en oerbeppesizzer sterkte ta by it ferwurkjen fan dit ferlies.
It is simmer en dan wurdt der wer keatst. Dat giet al jierrenlang sa. Ik eindigje dêrom ek mei in gedicht út “De Koepel ropt” fan febrewaris 1949. De nammen fan de dichter is net bekend.
‘As de simmer winkt mei syn fortier, Komt ringen ek de tiid fan keatsers oan. Har blide rop, dy klinkt wer hein en fier, En mannich priis is foar Wytmarsums soan. Dat wie ús âlde eare, lange jierren.
De Koepel struit syn klanken út oer ús. Wytmarsums bern, al teagen se om fieren
,Hja fiele har yn’t eigen doarp wer thús’
Yn dizze tiid is der ek mannich priis foar Wytmarsums keatsende dochters, fansels.
Wy winskje jimme moaie simmermoannen ta.
Oant de oare kear, Jelly.