Sint giet de wrâld oer
Sint giet de wra^ ld oer Sint relaxt tegearre mei Amerigo op Hawaï. Mar op syn kastiel yn Madrid reitsje de Piten hieltyd mear yn panyk. Se hawwe Sint syn help o sa nedich. Doch komt Sint net werom. Wat is der te rêden?
Robert Scheffner wurket as yllustrator oars as oaren troch it meitsjen fan stop-motion-poppen. Dy binne allegearre mei de hân makke en besteane út ferskate materialen. Dy poppen set hy hieltyd wer yn in oare achtergrûn. Robert is ek dosint oan de Hegeskoalle fan Frankfurt. Sint giet de wrâld oer is syn earste sinteklaas-printeboek.
Nicolette van Dam & Robert Scheffner
Nicolette van Dam is presintatrise, aktrise, ûndernimmer en eigner fan Brasserie Van Dam. En mem fan twa famkes. Se presintearret foar ûnder oaren SBS en RTL, en is ambassadeur fan UNICEF en de Nationale Postcode Loterij. Ek spilet se yn meardere bioskoopfilms. Mei it sinteklaas-printeboek Sint giet de wrâld oer makket sy har debút as skriuwer fan berneboeken.
8 710604 764247
Sint giet de wrâld oer Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2019, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Nicolette van Dam yllustraasjes Robert Scheffner Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Torsten van Geest drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer BIG Publishing mei tank oan Govert Verbeek Promotie Advies ISBN 978-94-92526-56-4 NUR 273 © 2019. Tekst: Nicolette van Dam. Yllustraasjes: Robert Scheffner. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenpromotions.nl
Nicolette van Dam - Robert Scheffner
“Skip ahoy!” ropt Sinteklaas entûsjast. De surfplanke snijt de golven midstwa. It wetter spat omheech, mar Sint bliuwt as in spiker sa rjocht stean. “Joehoe! Ik bin in top-talint!” jubelet Sint.
“Dit ha wy wól fertsjinne!” seit Sint tsjin Amerigo as se útrêste fan it planksilen. Se lizze hearlik te bakken op it wite strân fan Hawaï. De Piten binne der net by. Wat in rêst!
Mar by de Piten is it hielendal net rêstich. Se wurkje dei en nacht troch op it kastiel fan Sinteklaas. Om tûzenen, nee… tsientûzenen… nee… hûnderttûzenen kadootsjes yn te pakken.
De Piten suchtsje: “Dit krije wy noait op ’e tiid ôf! En Sinteklaas is noch hieltyd op fakânsje…”
Dit kin sa net langer, tinkt de Haadpyt. It spyt my, Sint, ik moat no wol yngripe! De Haadpyt pakt de telefoan en seit: “Hallo, mei de Haadpyt, is it mei Sinteklaas?” “Dêr is mar ien fan,” laket Sinteklaas oan de oare kant fan de wrâld.
Mar as hy de telefoan nei in lang petear delleit, laket Sint net mear. “Wat moat ik no dwaan, Amerigo? Witsto wat? Moatte wy werom nei hûs om de Piten te helpen? Of… nee, ik wit it al. Ik ha al wat betocht!”
En it is net samar wat! Dat ha de Piten gau yn de gaten, want alle dagen krije se post fan Sinteklaas. “No ja, sis! Al wer in foto fan de Sint!” reagearret de Haadpyt. “Earst út Kanada en no ientsje út Meksiko. Ik miende dat hy lekker op Hawai siet! No snap ik der neat mear fan. Wêr bliuwt hy no? As der mar neat slims is…”
De brievebus op it kastiel klepperet mar troch. Mei foto’s fan Sint út Ruslân, Dútslân, Afrika… “Us Piten komme der hielendal yn om,” fûteret de Haadpyt. “As de Sint net hiel gau werom komt, binne we noait op ’e tiid klear foar 5 desimber.”
De oare dei is it al maleur. De Piten ha de ein yn de bek. Se lizze yn it praat-sikehûs. De hark-Pyt heart nei harren ferhalen. “Sint moat no wol komme. Wy witte it sa ek net mear! En oars kinne wy mar ien ding dwaan…” Ynienen springt de Haadpyt oerein. “Ja, dát doch ik!”
Dêr stiet de Haadpyt. Boppe op it dak. Mei allegearre super-rocket knalfjoerpylken. Ien foar ien stekt er se oan. Se sjitte de loft yn en knalle dêr lûd útinoar. Krekt in glinsterjende stjerrerein.
De fjoerpylken skriuwe mei-inoar fjouwer wurden: Dat sil Sinteklaas ek lĂŞze, tinkt de Haadpyt. En fansels komt Sint dan lang om let wol werom.
“Hast it fannacht ek lêzen?” freget Sint oan Amerigo. “Wy moatte sa gau as mooglik nei it kastiel. Mar earst noch even nei de Súdpoal, Japan en oare lânnen.” Mar de Piten? Dy witte dat net… De Haadpyt fynt dat it fierstente lang duorret en nimt in fûleindich beslút: “It Sinteklaasfeest giet oer!”
“Wier? Giet it wier net troch?” Even binne de Piten der mei oan. Sa ha wy it noch noait hân. “No binne wy oan’e beurt om lekker neat te dwaan!” laitsje se. Se lizze noflik yn de sinne. Drinke tee mei in taartsje. En se dûke sa no en dan it swimbad yn. Ynienen freget in ynpak-Pyt: “Wat hear ik dêr foar in frjemd, sûzjend lûd?”
De Piten drave hurd nei it dakterras fan it kastiel. Dêr sjogge se noch folle better wat der út de loft falt… Loftballonnen! Mei Sinteklaas en Piten út alle hoeken en hernen fan ’e wrâld.
As de loftballonnen feilich yn de tún oer de grûn lizze, seit Sint: “Ik krige op Hawai in top-idee! Ik woe jim bedanke foar jim hurde wurkjen. Dêrom sille dizze Piten jim helpe.” Sint wiist nei de muzyk-Pyt út Meksiko, de bakkers-Pyt út Frankryk en nei alle oare wrâld-Piten.
“Sint, jo binne in kanjer!” seit de Haadpyt. “No ha ik earst yn it snotsje wêrom’t wy al dy aansichtkaarten krigen. As we no rap binne, kinne we dochs noch wol alle kadootsjes op ’e tiid ynpakke.” En sa set Sint in pear dagen letter ôf op de stoomboat nei Fryslân mei syn âlde én nije Piten.
En de bern? Dy binne yn de haven út de skroeven mei harren kadootsjes. “Wat in wrâld-feest,” roppe alle wrâld-Piten. “Meie wy it oare jier wer helpe?”
DOCH MEI OAN DE LANLIKE BOEKE-WEDSTRIID!
Sammelje safolle mooglik boeken foar dyn skoalle Sinteklaas mei graach kadootsjes jaan Dat kinsto ek! Hasto thús in boek útlêzen?
Kadootsje foar dy yn ’e biblioteek
Doch der in feestlik papierke om en nim it mei
Kom gau nei de biblioteek
nei skoalle. Sa stiet jim boekekast yn in omsjoch knetterfol mei spannende, moaie en fleurige
en helje fergees dyn Sinteklaas Dochboek!
boeken. Wedzje datst dêr oare bern super bliid mei makkest?
Mear leuke boeken lêze? Elkenien oant 18 jier kin
Win ien fan de geweldige prizen! Jout dyn groep de measte boeken oan skoalle?
fergees lid wurde fan de biblioteek!
Dan winne jim miskien wol ien fan de geweldige prizen. Dus doch mei, plonderje dyn boekekast en belje ek by de buorlju oan! Sjoch gau op
www.sinterklaasprentenboeken.nl.
Dyn skoalle kriget fergees in sinteklaas-printeboek! Rafael van der Vaart, Nicolette van Dam en Wendy van Dijk skreaunen dit jier in gloednij sinteklaas-printeboek. Ien fan dy boeken kriget dyn skoalle fergees. Wêrom? Om’t Rafael, Nicolette en Wendy foarlêze en lêzen hiel belangryk fine. Do dochs ek? Dus doch mei en help Rafael, Nicolette en Wendy. Se rekkenje op dy!
“Fuotbalje is trochsette. Hoe faker as’t it dochst, hoe leuker it wurdt. Dat is mei lêzen ek sa. Dus: méár lêze, méár plesier!”
Thús en op skoalle oan de gong mei de sinteklaasboeken De trije sinteklaas-printeboeken lêzen? Dan kinne bern thús en op skoalle selsstannich oan de slach mei letter-spultsjes. In doalhôf as wurdsiker, sykje de fiif ferskillen... en noch folle mear. Dochst mei? Download de letter-spultsjes (it kostet neat) op: www.sinterklaasprentenboeken.nl
Letter-spultsjes: in grut sukses! Alle jierren brûke mear as 2000 basisskoallen de fergeze sinteklaas-letterspultsjes. Ek by in soad húshâldingen binne bern der thús entûsjast mei dwaande. Goed foar it
Of helje fergees dyn eigen Sinteklaas Dochboek op yn ’e biblioteek! (op = op)
stimulearjen fan de taal-ûntwikkeling en it fergrutsjen fan de wurdskat. En dat allegearre boartsjendewei!
“Ik mei graach myn bern foarlêze. Lekker mei kop en earen yn in ferhaal sitte. Laitsje, grizelje, dysels ôffreegje… Foarlêze is echt genietsjen. Hielendal yn dy gesellige sinteklaas-tiid.”
“Ik lês alle jûnen mei ús famke Lizzy foardat se op bêd giet. Se is gek op altyd nije ferhalen en se hat dêrom in tige grutte wurdskat. No’t har hûntsje Binkie in haadrol hat yn myn sinteklaasferhaal is tegearre lêze noch folle leuker!”
Sint giet de wrâld oer
Sint giet de wra^ ld oer Sint relaxt tegearre mei Amerigo op Hawaï. Mar op syn kastiel yn Madrid reitsje de Piten hieltyd mear yn panyk. Se hawwe Sint syn help o sa nedich. Doch komt Sint net werom. Wat is der te rêden?
Robert Scheffner wurket as yllustrator oars as oaren troch it meitsjen fan stop-motion-poppen. Dy binne allegearre mei de hân makke en besteane út ferskate materialen. Dy poppen set hy hieltyd wer yn in oare achtergrûn. Robert is ek dosint oan de Hegeskoalle fan Frankfurt. Sint giet de wrâld oer is syn earste sinteklaas-printeboek.
Nicolette van Dam & Robert Scheffner
Nicolette van Dam is presintatrise, aktrise, ûndernimmer en eigner fan Brasserie Van Dam. En mem fan twa famkes. Se presintearret foar ûnder oaren SBS en RTL, en is ambassadeur fan UNICEF en de Nationale Postcode Loterij. Ek spilet se yn meardere bioskoopfilms. Mei it sinteklaas-printeboek Sint giet de wrâld oer makket sy har debút as skriuwer fan berneboeken.
8 710604 764247