Sint op de merke
Sint op de merke Rita en Jopie binne merke-bern. Se lûke fan it iene plak nei it oare. Mar… wit Sinteklaas dan wol wêr’t hy hinne moat om de kadootsjes te bringen? En hoe moatte de kadootsjes yn de wen-karavan komme? Se betinke in goed plan, mar oft dat goed útpakt? Rafaël van der Vaart wie earder top-fuotballer dy’t foar Ajax, Hamburger SV, Real Madrid en Tottenham Hotspur spile. Hy is ien fan de fiif spilers dy’t mear as hûndert wedstriden foar Oranje spile hat. No’t hy mei fuotbaljen opholden is, is hy wykliks op de telefyzje te sjen as fuotbalanalist by ûnder oaren NOS en Ziggo. Sint op de merke is syn earste printeboek. Laura Brenlla is in Spaanske yllustrator en cartoonist. Se wurke mei oan ferskate animaasjes en ynternasjonale festivals en fersoarge de tekeningen foar apps en berneboeken. Sint op de merke is har earste sinteklaas-printeboek.
Rafael van der Vaart & Laura Brenlla
8 710604 764261
Rafael van der Vaart Laura Brenlla
Sint op de merke Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2019, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Rafael van der Vaart yllustraasjes Laura Brenlla Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Torsten van Geest drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer BIG Publishing mei tank oan Govert Verbeek Promotie Advies ISBN 978-94-92526-57-1 NUR 273 © 2019. Tekst: Rafael van der Vaart. Yllustraasjes: Laura Brenlla. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenpromotions.nl
Rafael van der Vaart ~ Laura Brenlla
“Do trapest der noch ris trochhinne,” seit Rita. “Wêr trochhinne?” Jopie sjocht syn freondintsje wat glêzich oan. “Troch dy bal fansels. Dat ding is al heal lek!” “Healfol,” seit Jopie. “En witst wat, ik freegje foar Sinteklaas in nije fuotbal.” “As Sinteklaas komt,” reagearret Rita. “Woef-woef!” blaft Tarzan, mar wat soks betsjut wit net ien.
“Do sjochst spoeken!” seit Jopie, mar oan syn gesicht kinst sjen dat er twivelet. Tink dy no ris yn dat Sinteklaas net komt. Om’t… om’t Sint net wit wêr’t hy is. Om’t se alle kearen mei de merke op in oar plak steane. Om’t se gjin skoarstien op de karavan ha. Om’t… “Wat is der?” freget Rita. “Do hast gelyk! Sinteklaas sil wol net komme!” Jopie giet oerein en jout syn fuotbal in beste traap rjochting it Spoekhûs fan heit. Tarzan fljucht der blaffend achteroan.
“Wy moatte wat dwaan,” seit Rita nei in skoftke. “We geane nei ús mem. Dy betinkt fêst wol wat.” “Eh… ik wit neat,” seit Rita har mem. “Miskien kin jim heit en mem helpe, Jopie?” Mar Jopie syn heit en mem sizze allinnich mar: “Eh… net oan tiid. Mar gewoan begjinne, dan kinne dreamen…” “… útkomme,” makket Jopie, mei de smoar yn, de sin fan heit ôf. Ynienen ropt Rita: “Ik wit it!”
Rita en Jopie slepe mei doazen, plakbân, ferve en tou. It swit stiet harren op de foarholle, mar oan de ein fan de dei stiet der in geweldige skoarstien boppe op de karavan. “Sa, dy stiet. Kom no mar op mei jo kadootsjes, Sint!” “In sterken-ien dy’t dizze de kommende tsien jier stikken kriget!” laket Jopie.
Dy nacht begjint it te reinen. Earst lytse dripkes. Dan hieltyd gruttere. De stoarm gÝlt oer it merke-terrein en oeral rammelje en klapperje de finsters en doarren‌ It tongeret en wjerljochtet ferskriklik. En de oare moarns‌
… fine Jopie en Rita oeral op it terrein stikken fan de skoarstien. Se suchtsje djip. “Wy moatte wat oars betinke!” seit Rita.
“Ik wit it!” raast Jopie. “Der mei net ien mear fan it merke-terrein ôf.” “Huh?” freget Rita. “Dat snapst toch wol? Moarn geane wy nei in oare stêd. Dan wit Sint net wêr’t wy binne en kin hy gjin kadootsjes bringe. Dus as…”
“Yn it snotsje!” seit Rita fleurich. “Ik stjoer de Haadpyt in appke mei dit adres en sis dat wy hjir bliuwe.” “Dan moatte wy allinnich noch mar regelje dat net ien hjir wei komme kin,” seit Jopie. “Mei kettingen!” seit Rita. “De kettingen fan de Houdini-act fan ús mem!” Se slepe de kettingen stikem oer it terrein. Twa oeren letter kinne de merkeweinen en karavan’s gjin kant mear op. Sels in orkaan blaast soks net fuort.
“Wat ha we no oan de fyts?” “Wa hat dat dien?” “Dat binne myn kettingen!” ropt Rita har mem fernuvere. Panyk op it merke-terrein. Der kin net ien mear mei de weinen foar- of achterút.
“Slagge!” gnize Jopie en Rita, dy’t fierderop oan it fuotbaljen binne mei oare bern. “Oerspylje,” raast Jopie. “No! Meitsje it spul breed. Fluch oannimme en wer fierder…” Krekt op dat momint falt der in gat yn de ferdigening. Handich sjit Jopie de bal deryn. 1-0! “Do hast talint,” seit elkenien. “No noch in goeie fuotbal.” “Dy freegje ik foar Sinteklaas!” “En ik freegje in fuotbal-wedstryd,” seit Rita. “Sinteklaas en de Piten tsjin ús!”
It is nacht. Tarzan hâldt de wacht. Jopie en Rita sliepe. Mar as se witte soenen wat yntusken op it merke-terrein gebeurt… Sint en de Piten hawwe einlings de karavan’s fan Jopie en Rita fûn. Se binne der hast. Dan wiist Lytse Pyt optein nei alle merke-attraksjes. “Meie wy dêryn?” ropt er. “Ah toe, mei it Sint?”
Ek de kop fan Jut is te gek. Ien fan de Piten jout der in bêste klap mei de hammer op en‌ boink! Bingo!
No hat Sint himsels ek net mear yn de hân. “De hully gully… dat woe hy as baby-Sint al.” Se draaie hieltyd hurder yn it rûn. Oant…
… de sek mei kadootsjes út de hully gully slingert en yn it reuzerêd telâne komt.
It is my it nachtsje wol foar Sint en de Piten. Mar fan kadootsjes bringe by Jopie en Rita komt neat terjochte.
“Wèr gjin kado!” mopperje Jopie en Rita teloarsteld. Jopie slokt in kear as wat. Fuort mei de triennen. Hy wol net dat Rita sjocht dat hy gûlt. Gelokkich hearre se dan wakker blaffen fan in hûn. “Tarzan!” ropt Jopie. “Wat is der?”
“Hy hat wat yn de bek!” seit Jopie. “In sûkeladeletter. De R fan Rita!” “Sûkelade is hartstikke min foar in hûn. Wêr hast dat fûn?” freget Jopie. “Loslitte!” Tarzan lit de sûkeladeletter falle en fljocht fuort.
“Hjirre?” freget Jopie, mar Tarzan sjocht him mei de kop skean oan. “In Pite-pet!” ropt Rita. “Sinteklaas en de Piten hawwe hjir fannacht wol west.” “Sjoch, fuotprinten fan Amerigo,” wiist Jopie. “En hjirre… in heale woartel en snobbersguod!” ropt Rita. “Mar gjin kadootsjes foar ús,” seit Jopie wat mismoedich.
Dêr sitte se. Yn de karavan fan Rita. Ek de heit en de mem fan Jopie - Karel en Marietje - binne der. “Ik eh… wy eh… sille soargje dat Sinteklaas jimme net ferjit. Wier net!” “Mar hoe dan?” freget Jopie hingerich. “Gewoan begjinne en dan komme dreamen fansels út?” “Wachtsje mar!” seit Karel.
It is fiif desimber. Jopie en Rita leauwe der net mear yn. Se krije neat dit jier. En ek as Karel seit: “Sjoch, wy ha in ferrassing foar jimme!” slofkje se tsjin harren sin yn achter him oan. “Ynstappe!” seit Karel. “Yn it Spoekhûs? Dat ha wy al tûzen kear sjoen!” “Doch it no mar,” twingt Marietje oan. “Okee, dan!” It karke begjint te riden en se ferdwine yn in tsjustere tunnel. En dan… by de twadde skerpe bocht…
… springt in spoek by harren yn it karke. In spoek mei in miter op en in reade jas oan. “In Sint-spoek!” raast Rita. “Brahw!” ropt Sint spoekerich, “net bang wêze, ik bin it… Sinteklllaaasss!” Laitsjend stapt Sint yn it karke en slacht syn earmen om Rita en Jopie hinne. Sa ride se fierder. Oant se wer ljocht sjogge en dan…
… fuotbal-Piten! Mei echte Sinteklaas-fuotbalklean! “Wat in ferrassing,” sizze Rita en Jopie wylst se harren heit en mem om de nekke fleane. “En dêr heart ek in kado by,” seit Karel.
“In nije fuotbal. Ien fan echt lear!” jubelet Jopie. Hy streaket de fuotbal as wie it ien fan syn leafste knuffels. Rita seit súntsjes: “Ja, moai foar dy.” “Mar, mar… no hasto noch neat!” seit Jopie. Rita skokskouderet. “Makket my neat.” De Haadpyt dûkt fuort yn de Pite-sek.
Neat! Folslein leech. Tarzan set it op in blaffen. Hy skoddet wakker mei de holle. Dan sjocht Rita it. Boppe yn it reuzerêd hinget in sek. In Pite-sek. Hiel heech. Sa heech dat net ien derby kin. Jopie leit de nije bal oer de grûn, nimt in koarte oanrin en… sjit de bal as in raket nei it reuzerêd. Pang! “10-0!” raast Rita as se sjocht dat de bal de Pite-sek fol rekket.
De fuotbal-freontsjes fan Rita en Jopie binne op de fleurige drokte ôfkaam. Se witte net wat se sjogge. De sek falt en ferliest ûnderweis alle kadootsjes. “Fuotbalklean!” jubelet Rita. “As se de pakjes iepenmakket. No kinne wy fuotbalje tsjin Sint en de Piten!”
Sint is skiedsrjochter. Marietje en Rita har mem binne grinsrjochter, Karel is de fjirde man en Amerigo… it hynder yn de goal! Dizze bysûndere 5 dezimber-fuotbalwedstryd op it doarpsplein sille Jopie en Rita noait wer ferjitte! Sa komme dreamen dochs út…
DOCH MEI OAN DE LANLIKE BOEKE-WEDSTRIID!
Sammelje safolle mooglik boeken foar dyn skoalle Sinteklaas mei graach kadootsjes jaan Dat kinsto ek! Hasto thús in boek útlêzen?
Kadootsje foar dy yn ’e biblioteek
Doch der in feestlik papierke om en nim it mei
Kom gau nei de biblioteek
nei skoalle. Sa stiet jim boekekast yn in omsjoch knetterfol mei spannende, moaie en fleurige
en helje fergees dyn Sinteklaas Dochboek!
boeken. Wedzje datst dêr oare bern super bliid mei makkest?
Mear leuke boeken lêze? Elkenien oant 18 jier kin
Win ien fan de geweldige prizen! Jout dyn groep de measte boeken oan skoalle?
fergees lid wurde fan de biblioteek!
Dan winne jim miskien wol ien fan de geweldige prizen. Dus doch mei, plonderje dyn boekekast en belje ek by de buorlju oan! Sjoch gau op
www.sinterklaasprentenboeken.nl.
Dyn skoalle kriget fergees in sinteklaas-printeboek! Rafael van der Vaart, Nicolette van Dam en Wendy van Dijk skreaunen dit jier in gloednij sinteklaas-printeboek. Ien fan dy boeken kriget dyn skoalle fergees. Wêrom? Om’t Rafael, Nicolette en Wendy foarlêze en lêzen hiel belangryk fine. Do dochs ek? Dus doch mei en help Rafael, Nicolette en Wendy. Se rekkenje op dy!
“Fuotbalje is trochsette. Hoe faker as’t it dochst, hoe leuker it wurdt. Dat is mei lêzen ek sa. Dus: méár lêze, méár plesier!”
Thús en op skoalle oan de gong mei de sinteklaasboeken De trije sinteklaas-printeboeken lêzen? Dan kinne bern thús en op skoalle selsstannich oan de slach mei letter-spultsjes. In doalhôf as wurdsiker, sykje de fiif ferskillen... en noch folle mear. Dochst mei? Download de letter-spultsjes (it kostet neat) op: www.sinterklaasprentenboeken.nl
Letter-spultsjes: in grut sukses! Alle jierren brûke mear as 2000 basisskoallen de fergeze sinteklaas-letterspultsjes. Ek by in soad húshâldingen binne bern der thús entûsjast mei dwaande. Goed foar it
Of helje fergees dyn eigen Sinteklaas Dochboek op yn ’e biblioteek! (op = op)
stimulearjen fan de taal-ûntwikkeling en it fergrutsjen fan de wurdskat. En dat allegearre boartsjendewei!
“Ik mei graach myn bern foarlêze. Lekker mei kop en earen yn in ferhaal sitte. Laitsje, grizelje, dysels ôffreegje… Foarlêze is echt genietsjen. Hielendal yn dy gesellige sinteklaas-tiid.”
“Ik lês alle jûnen mei ús famke Lizzy foardat se op bêd giet. Se is gek op altyd nije ferhalen en se hat dêrom in tige grutte wurdskat. No’t har hûntsje Binkie in haadrol hat yn myn sinteklaasferhaal is tegearre lêze noch folle leuker!”
Sint op de merke
Sint op de merke Rita en Jopie binne merke-bern. Se lûke fan it iene plak nei it oare. Mar… wit Sinteklaas dan wol wêr’t hy hinne moat om de kadootsjes te bringen? En hoe moatte de kadootsjes yn de wen-karavan komme? Se betinke in goed plan, mar oft dat goed útpakt? Rafaël van der Vaart wie earder top-fuotballer dy’t foar Ajax, Hamburger SV, Real Madrid en Tottenham Hotspur spile. Hy is ien fan de fiif spilers dy’t mear as hûndert wedstriden foar Oranje spile hat. No’t hy mei fuotbaljen opholden is, is hy wykliks op de telefyzje te sjen as fuotbalanalist by ûnder oaren NOS en Ziggo. Sint op de merke is syn earste printeboek. Laura Brenlla is in Spaanske yllustrator en cartoonist. Se wurke mei oan ferskate animaasjes en ynternasjonale festivals en fersoarge de tekeningen foar apps en berneboeken. Sint op de merke is har earste sinteklaas-printeboek.
Rafael van der Vaart & Laura Brenlla
8 710604 764261
Rafael van der Vaart Laura Brenlla