Rafael FR Preview

Page 1

Sint op de merke

Sint op de merke Rita en Jopie binne merke-bern. Se lûke fan it iene plak nei it oare. Mar… wit Sinteklaas dan wol wêr’t hy hinne moat om de kadootsjes te bringen? En hoe moatte de kadootsjes yn de wen-karavan komme? Se betinke in goed plan, mar oft dat goed útpakt? Rafaël van der Vaart wie earder top-fuotballer dy’t foar Ajax, Hamburger SV, Real Madrid en Tottenham Hotspur spile. Hy is ien fan de fiif spilers dy’t mear as hûndert wedstriden foar Oranje spile hat. No’t hy mei fuotbaljen opholden is, is hy wykliks op de telefyzje te sjen as fuotbalanalist by ûnder oaren NOS en Ziggo. Sint op de merke is syn earste printeboek. Laura Brenlla is in Spaanske yllustrator en cartoonist. Se wurke mei oan ferskate animaasjes en ynternasjonale festivals en fersoarge de tekeningen foar apps en berneboeken. Sint op de merke is har earste sinteklaas-printeboek.

Rafael van der Vaart & Laura Brenlla

8 710604 764261

Rafael van der Vaart Laura Brenlla




Sint op de merke Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2019, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Rafael van der Vaart yllustraasjes Laura Brenlla Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Torsten van Geest drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer BIG Publishing mei tank oan Govert Verbeek Promotie Advies ISBN 978-94-92526-57-1 NUR 273 © 2019. Tekst: Rafael van der Vaart. Yllustraasjes: Laura Brenlla. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenpromotions.nl


Rafael van der Vaart ~ Laura Brenlla


“Do trapest der noch ris trochhinne,” seit Rita. “Wêr trochhinne?” Jopie sjocht syn freondintsje wat glêzich oan. “Troch dy bal fansels. Dat ding is al heal lek!” “Healfol,” seit Jopie. “En witst wat, ik freegje foar Sinteklaas in nije fuotbal.” “As Sinteklaas komt,” reagearret Rita. “Woef-woef!” blaft Tarzan, mar wat soks betsjut wit net ien.


“Do sjochst spoeken!” seit Jopie, mar oan syn gesicht kinst sjen dat er twivelet. Tink dy no ris yn dat Sinteklaas net komt. Om’t… om’t Sint net wit wêr’t hy is. Om’t se alle kearen mei de merke op in oar plak steane. Om’t se gjin skoarstien op de karavan ha. Om’t… “Wat is der?” freget Rita. “Do hast gelyk! Sinteklaas sil wol net komme!” Jopie giet oerein en jout syn fuotbal in beste traap rjochting it Spoekhûs fan heit. Tarzan fljucht der blaffend achteroan.


“Wy moatte wat dwaan,” seit Rita nei in skoftke. “We geane nei ús mem. Dy betinkt fêst wol wat.” “Eh… ik wit neat,” seit Rita har mem. “Miskien kin jim heit en mem helpe, Jopie?” Mar Jopie syn heit en mem sizze allinnich mar: “Eh… net oan tiid. Mar gewoan begjinne, dan kinne dreamen…” “… útkomme,” makket Jopie, mei de smoar yn, de sin fan heit ôf. Ynienen ropt Rita: “Ik wit it!”


Rita en Jopie slepe mei doazen, plakbân, ferve en tou. It swit stiet harren op de foarholle, mar oan de ein fan de dei stiet der in geweldige skoarstien boppe op de karavan. “Sa, dy stiet. Kom no mar op mei jo kadootsjes, Sint!” “In sterken-ien dy’t dizze de kommende tsien jier stikken kriget!” laket Jopie.


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.