Sint wol in lyts hûntsje
Sint wol in lyts hûntsje ‘Ik wol in lyts hûntsje ha!’ seurt Sint foar de safolste kear. Mar dêr ha de Piten hielendal gjin earen nei. Sa’n lyts hûntsje freget safolle tiid, wylst se it al sa drok hawwe. As it lytse hûntsje dochs komt, rint alles op’e kop ferkeard…
Sint wol in lyts
hûntsje
Wendy van Dijk is aktrise en presintatrise. Wy kenne har ûnder oaren fan talintejachten as The voice of Holland en X Factor. Wendy wûn fjouwer kear de Zilveren Televizier-Ster foar bêste telefyzje-frou en twa kear de Gouden Televizier-Ring. Sint wol in lyts hûntsje is har earste berneboek. Richard Smythe is in Ingelske yllustrator fan benammen berneboeken. Yn 2017 wurde syn printeboek Watersong opnommen yn de New Yorkse list fan de bêste berneboeken. Sint wol in lyts hûntsje is syn earste sinteklaas-printeboek. Wendy van Dijk & Richard Smythe
8 710604 764223
Wendy van Dijk - Richard Smythe
Sint wol in lyts hûntsje Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2019, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Wendy van Dijk yllustraasjes Richard Smythe Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Torsten van Geest drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer BIG Publishing mei tank oan Govert Verbeek Promotie Advies ISBN 978-94-92526-52-6 NUR 273 © 2019. Tekst: Wendy van Dijk. Yllustraasjes: Richard Smythe. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenpromotions.nl
Sint wol in lyts
hรปntsje
Wendy van Dijk - Richard Smythe
“Ah toe,” seurt Sinteklaas. “Ik wol it sá graach!” “Mar wêrom dan?” freget de Haadpyt. “Ik woe it al doe’t ik noch baby-Sint wie,” bekent Sinteklaas, wylst hy de bisten om him hinne leaf oansjocht. “Mar Sint, in lyts hûntsje… in hûn… witte jo wol wat jo sizze? Dan moatte wy dy útlitte, iten jaan, syn hier kjimme… Wy ha wol wat oars te dwaan! It is no de drokste tiid fan it jier!”
“Gjin goed plan,” seit de Haadpyt wat brimstich. “Mar ja, jo binne de baas, dus jo beslisse!” Sint komt oerein. “Dan wol ik…” “Mar ik bin allergysk foar hûnen!” klaget Paco. De Piten sjogge Paco freegjend oan. “Eh… ja… as ik it wurd ‘hûn’ hear, jokket it my al,” seit Paco gau. “Fan it hûntsje dat ik ha wol krijst no krekt gjin allergy!” seit Sint. “Dat is in toy-poedel! Dus in boarters-hûn. En no ophâlde!”
“Hikkehakkehûntsje,” seit Sint mei in bernestimke. “Bisto myn grutte freon? Ja, dat bisto, Binkie? Jou dyn âlde baaske mar es in tútsje.” Binkie springt fuort yn it burd fan Sinteklaas.
“Huu-huu!” hinniket Amerigo. “Ja, Sinteklaas hâldt ek fan dy, trouwe skimmel. Ik sjoch al dat Binkie ek dyn freon is.”
De Sint lit Binkie gjin tel allinnich. “Fansels hoege myn Piten net foar Binkie te soargjen! Ik bin net allinnich de grutste bernefreon, mar ek de aller-grutste bistefreon.” “Ho ho, net sa lûke!” Binkie sleept Sint oer de lytse paadsjes by it paleis, oer it brechje, by de fiver lâns… Oei, dat giet mar krekt goed.
Ien foar ien faget Sint de mini Binkie-poepkes op. “Moai dien!” mompelet Sint, “brave hûn. Dat kinsto ék al!”
Foarsichtich kjimt Sint it wite, pluzige hier fan Binkie. Dy glimme no krekt sa moai as de hieren fan it burd fan Sint sels. Sint suchtet tefreden. Hy hat him noch noait sa lokkich field as no. Dat sille de Piten ek wol moai fine, tinkt Sinteklaas.
“Hy set neat mear út ’e wei!” foeteret Sanchez. “Hy makket net iens mear gedichtsjes,” klaget Diego. “Hy reagearret net op brieven en appkes fan bern,” suchtet Mano. “En ik ha him al de hiele wike net skriuwen sjoen yn syn Grutte Boek,” follet Pablo oan. “Wy kinne wol wat dwaan,” seit Pablo geheimsinnich. Gau flústeret Pablo yn it ear fan de Haadpyt wat hy fan doel is. Dy sjocht even mâl, mar seit dan: “Lit ús dat dwaan. Miskien begrypt Sint it dan wól!” Dy jûn docht de Haadpyt de doar fan it kadootsje-magazyn iepen…
Hast alle kadootsjes binne útpakt en lizze rûnom. It is ien grutte binde. “Wa soe dát no dien ha?” freget de Haadpyt himsels lûdop ôf. “Soe dit in oanwizing wêze kinne,” knypeaget Mano.
De Piten steane yn kloften om it himelbêd fan Sinteklaas hinne. “Der moat wol wat freesliks gebeurd wêze,” seit Sint noch heal yn de sûs. “Wêrom roppe jimme my sa betiid!”
As de Haadpyt seit wat der geande is, ûnderbrekt Sint him: “Nee! Nee! Dat hat Binkie net dien. Myn leave, brave, lytse, kreaze, leave Binkie? Kadootsjes ferskuorre? No allegearre myn keamer út. Fuort, derút en ynpakke!”
De Piten pakke de kadootsjes foar de twadde kear yn. De hiele dei, de hiele nacht, de hiele dei, de hiele nacht… As se lang om let op bêd geane, seit de Haadpyt: “As Binkie dit nochris docht… moat-er fuort.” Mar as se de oare moarn it magazyn ynrinne…
De beare-knuffels ha gjin earmen mear. De barbiepoppen misse de holle. En de frachtauto’s ha gjin tsjillen mear. De Haadpyt sykhellet djip: “Ik sil no nei Sinteklaas mei it minne nijs.”
“Nee,” gûlt Sinteklaas, “nee… asjeblyft, leave Haadpyt… jou him noch ién kâns, please?” Mar de Haadpyt is ûnferbidlik. “Nee is nee, Sint, dat sizze jo sels ek altyd. Ik bring Binkie as wy klear binne mei ús wurk persoanlik sels nei it asyl.” “Neeeee!” snotteret Sinteklaas, mei in lange úthaal.
Ek Binkie sjocht drôvich út de eagen. “Och, sjoch no,” seit Paco mei in sêft lûd. “Sjoch no ris nei dy trouwe hûne-eagen. Dêr kin ik wier net oer. Earme Binkie, earme Sint.”
“Hast der spyt fan?” freget de Haadpyt him. “Eins wol,” seit Paco beteutere. “Ik ek,” seit de Haadpyt. “Mar wy moatte earst al dy kadootsjes wer ynpakke.” Se wurkje de hiele dei, de hiele nacht, de hiele dei… oant de Piten sa wurch binne dat se no wol sliepe moatte. Allinnich Paco wurket noch troch.
Oant hy ek de eagen net mear iepenhâlde kin en sliepdronken it magazyn útgiet. Oer de smelle paadsjes, oer it brechje, lâns de fiver en…
Splahs! Plรปms! Lรปd blaffen. Binkie rint midden yn de nacht op it leven ta. Hy moat op Sinteklaas passe. By need mei gefaar foar eigen libben. Dieven derwei reagje. Ynbrekkers yn it kรปt bite. Mar as hy by de fiver komt, sjocht hy Paco foaroer yn it wetter lizzen.
Binkie wifelet gjin tel en sleept Paco op de kant. Rêden! “Waf,waf! Waf,waf!” keft Binkie sa lûd as er mar kin. De Piten steane, hoe wurch se ek binne, yn in omsjoch yn de piama’s by de fiver. “Binkie is in held!” seit de Haadpyt. Hy wol Binkie oer de kop streakje, mar fuort is Binkie. “Binkie?! Wêr silst hinne?”
Sinteklaas hat noch gjin wink yn de eagen hân sûnt hy wit dat Binkie fuort moat. Mar dan… dan heart Sint lûd blaffen. “Binkie!” jubelet Sinteklaas en hy springt út it bêd. Binkie skoddet mei it hiele liif as hy Sint sjocht. De wetterdrippen fleane yn it rûn. En de pet fan Paco fleant út Binkie syn bek. “Ho, stop, it is noch gjin tiid om te dûsen,” laket Sint. “Wat is der te rêden?”
“Dat kin Paco jo better mar fertelle.” De Haadpyt wiist nei Paco dy’t dweiltrochwiet nei it paleis fan Sinteklaas rint. “It spyt my sa,” set Paco útein, “ik…” “Wy!” ûnderbrekt de Haadpyt him, “wy, it spyt ús allegearre sa bot.”
“Mar wêr ha jim dan sa’n spyt fan?” freget Sint ûngeduldich. “Dat wy krekt diene as soe Binkie al dy kadootsjes útpakt en stikken biten ha,” seit de Haadpyt beskamjend. Sint is der stil fan. “Dat wie net sa moai fan jim. Mar… ik begryp it wol. Jimme sieten der fansels oer yn. Ik ha al dy tiid neat dien doe’t Binkie der wie. Gjin gedichtsjes makke, gjin brieven en appkes beäntwurde, net yn it Grutte Boek skreaun… Dat spyt my. Dêr komt fuort feroaring yn! Mar allinnich…”
“… as Binkie bliuwe mei!” “Dêr binne wy al oer út, Sint,” laket de Haadpyt. “Hearst dat, Binkie,” seit Sinteklaas bliid, “do meist bliuwe! Mar no net langer by my sitte, want wy moatte oan it wurk!”
En de Piten? Dy bringe alle kadootsjes nei de stoomboat fan Sinteklaas. Tegearre mei Amerigo en‌ Binkie!
Gelokkich is alles noch krekt op tiid klear. En in pear dagen letter fart de stoomboat fan Sinteklaas de Fryske haven yn. En grutsk op de foarplecht fan de boat‌ Binkie! De held fan ús ferhaal!
DOCH MEI OAN DE LANLIKE BOEKE-WEDSTRIID!
Sammelje safolle mooglik boeken foar dyn skoalle Sinteklaas mei graach kadootsjes jaan Dat kinsto ek! Hasto thús in boek útlêzen?
Kadootsje foar dy yn ’e biblioteek
Doch der in feestlik papierke om en nim it mei
Kom gau nei de biblioteek
nei skoalle. Sa stiet jim boekekast yn in omsjoch knetterfol mei spannende, moaie en fleurige
en helje fergees dyn Sinteklaas Dochboek!
boeken. Wedzje datst dêr oare bern super bliid mei makkest?
Mear leuke boeken lêze? Elkenien oant 18 jier kin
Win ien fan de geweldige prizen! Jout dyn groep de measte boeken oan skoalle?
fergees lid wurde fan de biblioteek!
Dan winne jim miskien wol ien fan de geweldige prizen. Dus doch mei, plonderje dyn boekekast en belje ek by de buorlju oan! Sjoch gau op
www.sinterklaasprentenboeken.nl.
Dyn skoalle kriget fergees in sinteklaas-printeboek! Rafael van der Vaart, Nicolette van Dam en Wendy van Dijk skreaunen dit jier in gloednij sinteklaas-printeboek. Ien fan dy boeken kriget dyn skoalle fergees. Wêrom? Om’t Rafael, Nicolette en Wendy foarlêze en lêzen hiel belangryk fine. Do dochs ek? Dus doch mei en help Rafael, Nicolette en Wendy. Se rekkenje op dy!
“Fuotbalje is trochsette. Hoe faker as’t it dochst, hoe leuker it wurdt. Dat is mei lêzen ek sa. Dus: méár lêze, méár plesier!”
Thús en op skoalle oan de gong mei de sinteklaasboeken De trije sinteklaas-printeboeken lêzen? Dan kinne bern thús en op skoalle selsstannich oan de slach mei letter-spultsjes. In doalhôf as wurdsiker, sykje de fiif ferskillen... en noch folle mear. Dochst mei? Download de letter-spultsjes (it kostet neat) op: www.sinterklaasprentenboeken.nl
Letter-spultsjes: in grut sukses! Alle jierren brûke mear as 2000 basisskoallen de fergeze sinteklaas-letterspultsjes. Ek by in soad húshâldingen binne bern der thús entûsjast mei dwaande. Goed foar it
Of helje fergees dyn eigen Sinteklaas Dochboek op yn ’e biblioteek! (op = op)
stimulearjen fan de taal-ûntwikkeling en it fergrutsjen fan de wurdskat. En dat allegearre boartsjendewei!
“Ik mei graach myn bern foarlêze. Lekker mei kop en earen yn in ferhaal sitte. Laitsje, grizelje, dysels ôffreegje… Foarlêze is echt genietsjen. Hielendal yn dy gesellige sinteklaas-tiid.”
“Ik lês alle jûnen mei ús famke Lizzy foardat se op bêd giet. Se is gek op altyd nije ferhalen en se hat dêrom in tige grutte wurdskat. No’t har hûntsje Binkie in haadrol hat yn myn sinteklaasferhaal is tegearre lêze noch folle leuker!”
Sint wol in lyts hûntsje
Sint wol in lyts hûntsje ‘Ik wol in lyts hûntsje ha!’ seurt Sint foar de safolste kear. Mar dêr ha de Piten hielendal gjin earen nei. Sa’n lyts hûntsje freget safolle tiid, wylst se it al sa drok hawwe. As it lytse hûntsje dochs komt, rint alles op’e kop ferkeard…
Sint wol in lyts
hûntsje
Wendy van Dijk is aktrise en presintatrise. Wy kenne har ûnder oaren fan talintejachten as The voice of Holland en X Factor. Wendy wûn fjouwer kear de Zilveren Televizier-Ster foar bêste telefyzje-frou en twa kear de Gouden Televizier-Ring. Sint wol in lyts hûntsje is har earste berneboek. Richard Smythe is in Ingelske yllustrator fan benammen berneboeken. Yn 2017 wurde syn printeboek Watersong opnommen yn de New Yorkse list fan de bêste berneboeken. Sint wol in lyts hûntsje is syn earste sinteklaas-printeboek. Wendy van Dijk & Richard Smythe
8 710604 764223
Wendy van Dijk - Richard Smythe