Bas Ragas & Esther Leeuwrik
‘Haadpyt, asjeblyft, fertel noch ien kear dat ferhaal fan doe’t stoute berntsjes noch yn ’e sek fan Sinteklaas mei nei Spanje moasten?’
Soe de Haadpyt deryn traapje?
‘Wy kinne echt noch net sliepe, dat ferhaal dat jo…’
‘Okee,’ prottelet Haadpyt, ‘mar dêrnei moatte jim op bêd.’
‘Jaaa,’ sizze alle Pytsjes ynienen hiel braaf. Dan begjint Haadpyt te fertellen.
Yn Haarlim is it sa kâld as it allinnich lang lyn wêze koe. De snie waait troch de strjitten en slacht tsjin de ruten fan it stedhûs.
Moarn is it Sinteklaas en de koks, sûkelademakkers en banketbakkers hawwe it der mar drok mei. Elk skrept om mar gau nei hûs ta te kinnen, behalve in lyts jonkje en syn rûchhierrige tekkel Sigaar, sy dangelje mar wat om.
‘Hee, dogeniet, opdonderje. Do stiest yn ’t paad,’ raast in koetsier dy’t mei de koets oer de klinkerts fan de Grutte Merk kletteret.
Ek al hat Dogeniet gjin heit en mem en broerkes of suskes, hy fielt himsels noait allinnich. Want Dogeniet hat Sigaar, syn leave trouwe kammeraat. Se hearre nergens by, mar wol by elkoar.
‘Sjoch, Sigaar, hast ek sin oan in broadsje woarst? Of wolst wat farske molke?’
Jûns smokkelet Dogeniet syn hûntsje de sliepseal yn
fan it weeshûs. Want tegearre op bêd is folle geselliger as allinnich.
‘Kom, Sigaar, krûp mar ûnder myn jas. Sstt, net blaffe hear, oars wurdt elkenien wekker.’
As de direktrise fan it weeshûs, frou Heksema, it mar net yn ’e gaten kriget…
‘Lûk dyn sturt ûnder de tekkens, Sigaar, oars…’
‘Hûûûûûûûn!’ ropt Pelle, de pestkop fan ’e sliepseal.
‘Stil no!’ systeret Dogeniet.
‘Der leit hjir in hûn yn ’t bêd!’ raast Pelle.
Elkenien skrikt wekker.
Frou Heksema ek.
De direktrise stoot de sliepseal yn. ‘Wat is hjir te rêden?’
‘Net bewege, Sigaarke,’ flústeret Dogeniet mei triljende stim.
‘Mefrou, der leit in fize rôt yn dat bêd!’ raast Pelle.
‘Grrr, ik bin gjin rôt en al hielendal net fiis,’ grommelet Sigaar krekt wat te lûd.
‘Do wolst ek net doge, hin, jonkje. Derút mei dat fize bist!’ seit frou Heksema lilk.
Sigaar moat nei bûten, de kâlde nacht yn, allinnich.
‘Psst, Sigaarke, hast ek honger?’
Sigaar stekt de earen op en kwispelet bliid as er syn freontsje sjocht.
Dogeniet fuorret him lytse stikjes sûkerbôle troch it iepen finster.
Sigaar skrokt de bôle op, knypeaget nei Dogeniet en falt dan yn ’e sliep, wylst de snie sêft op syn kopke falt.