Milo & Mino en de piterace
Dafne Schippers & Jianni Du
Milo en Mino en de piterace
Dizze útjefte makket diel út fan de rige nationale sinteklaasboeken, mooglik makke troch FrieslandCampina.
Tekst
Dafne Schippers
Yllustraasjes
Jianni Du
Fryske oersetting
Anneke Burgy en Martsje de Jong
Einredaksje
Gerard van Midden
Grafyske fersoarging
Leoniek de Hoop
Drukwurkbegelieding
Eric Daams
Konsept en produksje
Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam
Utjouwer
Blue in Green BV
ISBN 9789083277196
NUR 273
© 2023 Blue in Green BV. Tekst: Dafne Schippers. Yllustraasjes: Jianni Du. All Rights Reserved.
Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl
Milo & Mino en de piterace
Dafne Schippers & Jianni Du
‘Is it drok?’ freget Sint.
‘Der stiet in rigele fan hjir oant de stoomboat ta,’ seit de Haadpyt.
It is de grutte dei foar de Piten: de Piteseleksje. Wa komt der as earste troch it leadswiere parkoers en mei dit jier mei Sinteklaas nei Nederlân?
Milo, in lange slongel fan in Pyt, en Mino, it lytste Pytsje fan allegearre, sjogge om harren hinne.
‘Hm,’ mompelet Milo, ‘der is net ien sa lang as ik. As dat mar goedkomt.
O, wachtsje, dêr sjoch ik noch in bysûnder Pytsje. Wat is dy lyts?’
De Haadpyt jout útlis oer it parkoers. Hy seit dat se foar elk ûnderdiel in grien
goed-finkje of in read fout-krúske krije kinne.
Fuort rint de spanning op.
De Piten om Milo en Mino hinne skeppe wakker op dat sy de alderbêsten binne.
Sa goed bin ik fêst net! tinkt Mino.
Dit wurdt hielendal neat! tinkt Milo.
Gelokkich kinne se fuort goed mei elkoar opsjitte.
‘Tegearre gean wy derfoar!’ beslute se.
Dan klinkt it sinjaal en barst de striid los.
Kadootsjes ynpakke. Sa fluch en sa kreas mooglik.
Wat in soad lintsjes, plakbân en ynpakpapier!
Milo komt der hielendal yn om, wylst Mino mei flagge en wimpel slagget foar de earste test.
Tiid om te klimmen.
Wylst de measte Piten sûnder muoite en mei in kûgelsfeart de top berikke, wibelet de lytse Mino al gau hinne en wer. Hy falt mei in smak oer de grûn…
BOEM!