![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/ae5f2bb4d222f55f229d35b4f31e9a4e.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/96c6ab0450b5cd47c8297fcacc054d95.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/245d1047b7ed51b88ff56e7102d2e597.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/2b1d7b63fe3d20fd7e37ff409b2eea2b.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/6c93eb4dbf427d17cd7e2ed82b561ad3.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/4c6d9d93acc710ed24de84619c9a290b.jpeg)
In feest foar elkenien
Dizze útjefte makket diel út fan de rige nationale sinteklaasboeken, mooglik makke troch FrieslandCampina.
Tekst
Özcan Akyol
Yllustraasjes
Natasha Sena
Fryske oersetting
Anneke Burgy en Martsje de Jong
Einredaksje
Gerard van Midden
Grafyske fersoarging
Leoniek de Hoop
Drukwurkbegelieding
Eric Daams
Konsept en produksje
Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam
Utjouwer
Blue in Green BV
ISBN 9789083277172
NUR 273
© 2023 Blue in Green BV. Tekst: Özcan Akyol. Yllustraasjes: Natasha Sena. All Rights Reserved.
Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/91a511788dfea4361fd3469b5215f8a8.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/e7f56da5fbae4bb71aa6f9381d1940c6.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/b6d3be9d8b4fb519d9cacf63c014ebff.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/359e8430da13f845736a552b8a5a78bf.jpeg)
Op it skoalplein roppe de bern hielendal oerémis wat se foar Sinteklaas freegje. Ruby sjocht har klasgenoatsje Amir sneu en allinnich yn in hoekje stean. Se tikket har broerke Ibo oan en tegearre sjogge se wat der te rêden is.
‘Wat fregesto fan Sinteklaas en de Piten?’ freegje se.
‘Grr, hy komt noait by ús. Ik ha it hiele jier leaf west. It is net earlik.’
‘Hasto miskien tefolle skeetsjes litten?’ freget Ibo.
‘Nee, hy slacht ús hûs gewoan oer. Ús heit en mem krije ek noait wat.’
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/184f171de28b9aa032ab98702d632ecd.jpeg)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/a970fbd70276f3b50b315a537c2407b8.jpeg)
Dy jûn kriget Ruby gjin hap troch de kiel.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/a503672185fe74bfb4026084ba95c8f2.jpeg)
‘Mei ik dan de hamburger fan Ruby?’ freget Ibo.
‘Leave, do moatst wol ite,’ seit mem.
‘Wêr tinksto dochs oan?’
Ruby doart mem net oan te sjen.
Se fynt it begrutlik foar Amir.
‘Ik ha in plan, Ibo. Jûn gean ik nei ûnderen. En ik wachtsje dêr krekt salang oant Sinteklaas en de Piten ferskine. Dan meie se sels útlizze wêrom’t Amir neat kriget.’
‘Wow, dat is stoer,’ seit Ibo. ‘Wolst dan fuort freegje oft ik in ekstra fuotbal krije kin?’
‘Pff, ik doch dit foar Amir. It giet net altyd oer dy.’
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/7b57b13ca31b5439e9d508d89ef03041.jpeg)
Hiel stadich, op sokken, slûpt Ruby de trep del.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/14a7dbd4330ad3fd2ee126702a93d022.jpeg)
‘Dochst wol foarsichtich,’ flústeret har broerke.
’Miskien binne der spûken.’
De keamer rûkt nei pipernuten en de pot kofje fan heit en mem. Yes, tinkt Ruby. Der hat net ien oan ’e woartels yn ’e skuon sitten. Sinteklaas en de Piten moatte noch komme.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/230922150101-8c912e663d90c40835bc2bb63ea7f313/v1/9ed07e4f67a5e0f1c69813d1d25a7489.jpeg)