Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl Foar kontakt: info@blueingreenpromotions.nl
De falske noat Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2022, mooglik makke troch Unilever Nederland. Tekst Gerard Joling Yllustraasjes Richard Feld Fryske oersetting Anneke Burgy Einredaksje Martsje de Jong en Gerard van Midden Konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam Grafyske fersoarging Hoop Werk – Amersfoort Drukwurkbegelieding Eric Daams Útjouwer Blue in Green BV ISBN 9789083243085 NUR 273 © 2022: Blue in Green BV. Tekst: Gerard Joling. Yllustraasjes: Rchard Feld. All Rights Reserved.
Gerard Joling & Richard Feld
falske noat
De
Einlings rêst! tinkt Sinteklaas. Mar dan? Wat is dat? In dronkene drilboar? In jankende fjoerpylk? In krassende krie? Sint set de tv lûder. It helpt net. Oeral kreaket en pipet it yn it paleis. Stiet de wetterlieding op springen? Komt it dak nei ûnderen? Wer set Sint de tv lûder.
Dan stoarmet min-nijs-Pyt de keamer yn. ‘Sint! Sint! Der is wat freesliks bard!’ ‘Dat tocht ik al!’ seit Sint. ‘Is de stoomboat ûntploft? Of de pipernute-masine?’ ‘Kom mei, dan sjogge jo it fansels!’ seit min-nijs-Pyt.
‘De muzyk-Piten ha ferkearde pipernuten iten,’ ferklearret min-nijs-Pyt. ’Se kinne allinne noch mar falske noaten spylje.’
‘En de sjong-Pyt?’ freget Sint.
‘Wat is der mei de Pite-band oan ’e hân?’ ropt Sinteklaas boppe it lawaai út.
‘Wêrom meitsje se sa’n freeslik kabaal?’
‘Dy as iennichste net. Hy snobbet net. Mar de oankomst yn Nederlân kin net sûnder de Pite-band.’
’Nee!’ ropt Sint. ‘Myn feest… de yntocht… alles falt yn it wetter. Ik moat wat betinke. Eh… miskien ha de bern yn Nederlân in idee. Haadpyt, stjoer harren in brief!’
‘Memmy! Mem!’ Mem sjocht op. ‘Wat is der?’ Geart sykhellet djip. ‘In brief, in brief fan Sinteklaas. Hjirre, lês mar!’ Mem lêst de brief. ‘Wat?!’ seit se, ‘gjin Pite-band dit jier? Wat ferfelend. Mar ja…’
‘Ferfelend? It is in ramp!’ seit Geart. ‘In oankomst yn ’e haven sûnder de Pite-band… dat kin net! Dan giet it hiele feest net troch. Ik moat wat dwaan!’ Geart fljucht de keamer wer út. ‘Wat silst?’ ropt mem. ‘In brief skriuwe. Oan de sjong-Pyt!’