Sint is syn ring kwyt! Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2022, mooglik makke troch Unilever Nederland. Tekst Jamai Loman Yllustraasjes Laura Re Fryske oersetting Anneke Burgy Einredaksje Martsje de Jong en Gerard van Midden Konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam Grafyske fersoarging Hoop Werk – Amersfoort Drukwurkbegelieding Eric Daams Útjouwer Blue in Green BV ISBN 9789083277103 NUR 273 © 2022: Blue in Green BV. Tekst: Jamai Loman. Illustraties: Laura Re. All Rights Reserved.
Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl Foar kontakt: info@blueingreenpromotions.nl
Jamai Loman & Laura Re
Sint is syn ring kwyt!
‘Jasses! Wat stjonkt dy kontener,’ seit Thomas. ‘Seur net sa!’ seit Doura. ‘It is ús lêste ferfelende putsje foar hjoed.’ Thomas suchtet. Tegearre mei syn twillingsuske skuort hy oan de swiere kontener. Stoepe ôf, stoepe op. ‘Sjochst dat?’ ropt Thomas ynienen. Hy wiist nei boppen. ‘Dêr!‘Wêr?’Op it dak!’
‘Wau!’ seit Doura. ‘Dat kin net wier wêze. Sinteklaas en…’ Fan skrik lit se de kontener los. De bak giet oer de kop en knalt op de beferzen snie. It lûd galmet troch de stille strjitte. Bats! Boem! Boing! Dennis sjocht út de boskjes wei ta. Mocht ik mar in ferfelend putsje dwaan, tinkt hy. Sels in kontener bûten sette liket him te gek. Mar ja, wa sit der no op him te wachtsjen?
Ozosnel skrikt fan de fallende kontener. Hy springt nei foaren en docht dat sa wyld dat Sint him hast fan ’e rêch ôf glydt. ‘Tink derom, Sint,’ skreaut Doura. Sint grypt him fêst yn it lange hier fan Ozosnel. Hy hat net yn ’e gaten dat der wat falt. Wat reads en rûns. De gouden fonken spatte der fanôf. It falt yn ’e snie. Doura pakt it op. ‘In gouden ring,’ seit Thomas. ‘Wy binne ryk. No kinne wy de hiele wrâld keapje.’ ‘De ring fan Sinteklaas,’ seit Doura. Se sjocht der fereale nei. ‘Dy moatte wy weromjaan,’ seit Thomas. ‘Net fuortdaalk,’ laket Doura. ‘Mar… mar… dan binne wy dieven,’ hakkelet Thomas. ‘Bangeskiter,’ seit Doura fel.