Koen op pakjesjûn Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2022, mooglik makke troch Unilever Nederland. Tekst Tooske Ragas Yllustraasjes Linda van den Berg Fryske oersetting Anneke Burgy Einredakske Martsje de Jong en Gerard van Midden Konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam Grafyske fersoarging Hoop Werk – Amersfoort Drukwurkbegelieding Eric Daams Útjouwer Blue in Green BV ISBN 9789083243092 NUR 273 © 2022: Blue in Green BV. Tekst: Tooske Ragas. Yllustraasjes: Linda van den Berg. All Rights Reserved.
Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl Foar kontakt: info@blueingreenpromotions.nl
Koen op pakjesjûn
Tooske Ragas & Linda van den Berg
Eins is it hielendal net sa kâld, mar as Madelief de ferhuzerswein de strjitte útriden sjocht, giet it har kâld oer de lea. Dêr giet Koen. Har freontsje. Har altyd-gesellich-freontsje. Har tegearre-slop-fan-laitsjen-freontsje. Har bêste alles-freontsje. ‘Dach, leave Koen, oant noait,’ pipet se mei in heech stimke.
Dy jûn hinget se lilk en fertrietlik yn ’e wenkeamer. Sels de katten fynt se stom. Sûnder Koen is neat mear leuk. En se sil der ek net oan wenne. Se wol him werom ha. Oan mem hat se neat. Dy drinkt kofje en sjocht har searje, krekt as alle dagen om dizze tiid. Se nimt krekt in slok, as in frou mei knalreade lippestift op tv seit: ‘De leafde? Dêr bin ik sa klear mei. Allegear mearkes. Nee hear, ik leau net mear yn ’e leafde.’ Nee, ik ek net, tinkt Madelief trystich.
Madelief is hast klear mei poetsen as der wat krak seit. ‘Au!’ Se spuit it toskpoetsersguod út. Der sit bloed by. En in tosk. ‘Wat moai om sa’n rotdei te einigjen mei sa wat leuks!’ seit mem. ‘Lis dy tosk mar gau ûnder it holkessen, miskien krijst dan wol in euro fan de toskefee.’ ‘Ik hoech gjin euro. Ik wol Koen,’ seit Madelief. ‘Dus nimt mem ’m mar mei. En dat mem it efkes wit… ik leau net mear yn de toskefee…’