Waylon - Sint en de magyske noat - kort

Page 1




Foar myn beppe Geeske Reinders Voskamp

Sint en de magyske noat Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2021, mooglik makke troch Unilever Nederland. Tekst Waylon Yllustraasjes Lee Hodges Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy Einredaksje Gerard van Midden Konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam Grafyske fersoarging Hoop Werk – Amersfoort Drukwurkbegelieding Eric Daams Útjouwer Blue in Green BV ISBN 9789083185033 NUR 273 © 2021: Blue in Green BV. Tekst: Waylon. Yllustraasjes: Lee Hodges. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl Foar kontakt: info@blueingreenpromotions.nl



‘Johan bist al wekker?’ Foarsichtich sjocht mem om de hoeke fan de doar. ‘Moatst der no ôfkomme, oars komst te let op skoalle. Ik smar wol in stikje bôle foar dy. Do springst ûnder de dûs, dan sjoch ik dy oer in kertierke ûnder.’ Johan beweecht net en jout ek gjin antwurd. Dat hoecht ek net, want mem is al wer ûnder. Hy bliuwt noch even mûsstil lizzen en docht de eagen ticht. As er net beweecht liket it as soe de tiid stilstean. As soe hy foar altyd beferzen wêze yn dat momint.




Gjin juster, doe’t hy oardeloere achter it fytsehok wachte hat oant it skoalplein leech wie. Op syn geheime plakje, yn de tsjûke beam dy’t er ûntduts yn groep 1. Doe koe hy der noch yn stean. Mar no moat hy earst de holle deryn stekke, lizzen gean en dan op syn kont troch de tsjûke, tsjustere spleet skowe oant alles ferdwûn is. Sa is hy ek acht jier lyn út mem har búk kaam, hat se him sein: earst mei de holle, dêrnei it kontsje en as lêste de lange skonken. Soe hy doe ek al oars west ha? Oars as alle oare poppen dy’t yn it sikehûs leinen? Of kaam dat pas letter?


It wie eins beppe dy’t him altyd sei dat hy sa bysûnder wie. ‘Der is gjin inkeld oar bern as do, Johan, ûnthâld dat goed! Do kinst dingen dy’t in oar net kin. Do sjochst de wrâld yn muzyknoaten. Gewoane bern sjogge neat, allinne mar dingen dy’t se wolle. Do wolst neat, want do hast alles al!’


Hy begriep dat net sa goed. Wis… hy wie doe ek al sljocht op muzyk, foaral de muzyk dy’t beppe draaide. Folksmuzyk neamde beppe it. Ferskes oer it libben.


Mar hy hearde net de wurden, hy seach altyd fuort de muzyknoaten. De muzyknoaten bouden it ferhaal foar him, feroaren fan kleur en krigen gekke foarmen. Se makken in folsleine stêd dêr’t hy yn omrinne koe.



Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.