1
Sinteklaas en de fjoermichjes Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland tekst Gordon Heuckeroth yllustraasjes Job van Gelder, studio Monnikenwerk Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Promotions ISBN 9789083054445 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Gordon. Yllustraasjes: Job van Gelder. All Right Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl
Bûten giet it der om wei, stoarm mei wynkrêft tsien. Iiskâlde snieflokken falle op de sjippeglêde stiennen. Binnendoar trêdet Sint op en del yn syn grutte hûs yn Spanje. Der mealt him wat yn it liif om. Wat aakliks. Wat bangens fan earder. ‘As it waar no net gau omslacht, kinne wy net by de dakken op mei de kadootsjes,’ seit Sinteklaas mismoedich. Dan stoarmet de Haadpyt mei in kleur as in boei de keamer yn. ‘Sinteklaas, jo sille it net leauwe wolle! It is noch folle slimmer as dat wy tochten.’ ‘Wat dan?’ stammeret Sinteklaas.
‘De stroom is útfallen. Oer de hiele wrâld! It duorret grif noch wol in wike foar’t alles wer makke is. En oaremoarn ha wy al sinteklaasjûn! Wat moatte wy no dwaan?’ jammeret de Haadpyt. ‘Ik wit it net,’ seit Sint ferslein. Sint stint der wakker op om en stoarret nei bûten. It is ierdetsjuster en it reinwetter slacht tsjin de ruten. Wa kin my helpe en wa hat safolle ljocht om al myn Piten by te skinen om noch alle kadootsjes te besoargjen, tinkt Sint. ‘Ik wit it,’ ropt Sint ynienen. ‘Dit kin ús rêding wêze. Harkje, Pyt. Dan sil ik dy in ferhaal fertelle fan lang lyn doe’t ik noch mar seis jier wie…
Ik wie ferdwaald en seach gjin hân foar eagen. Gûlend liet ik my op’e grûn falle. Mar de eangst waard allinnich noch mar grutter en ik tocht… sa kom ik net fierder. Ik moat ljocht ha om it paad nei hûs werom te finen. Ik hie allinnich mar in doaske mei in pear lúsjefersprikjes.
Ik rûn en ik rûn, sûnder te witten wat kant ik op moast. Oant ik yn in lânskip kaam mei allegearre rotsen. De stiennen liken op swurden en it gie my kâld oer de lea. Ik struts in lúsjefers oan en seach in stien mei in driigjende snaffel. Mei bibberjende stim frege ik: ‘Wêr is it ljocht?’ De stien sei: ‘Earder koe ik fjoer meitsje, mar dat is lang lyn. It soe wêze kinne dat de wetterfal it wit.’ De stien sei wat kant ik op moast.
Ik kaam yn in lânskip mei wetterfallen. It wetter klettere by de bergen del nei ûnderen. Ik trille doe’t ik de wetterfal frege: ‘Wêr is it ljocht?’ De wetterfal sei: ‘Ik kin fjoer en ljocht dôvje. Moatst net by my wêze. It soe wêze kinne dat de spin it wit.’ De wetterfal sei wat kant ik op moast.
Ik kaam yn in yslik lânskip mei oeral eagen, spinreagen en de opperspin. Doe’t ik in lúsjefers ôfstruts seach ik syn hierrige, swarte kribelpoaten. Ik luts plakkerige triedden út it gesicht en frege de spin: ‘Wêr is it ljocht?’ De spin sei: ‘Ik kin it ljocht hiel koart fange yn myn web. Mar it is krekt sa gau fuort as dat it kommen is. It soe wêze kinne dat de woestyn it wit. Dêr is it smoarhjit.’ De spin sei wat kant ik op moast.
Ik kaam yn in keale, lege woestyn. Ik hie it skerpe sân al gau yn de skuon en ik fielde pynlike stekken oan de fuotten. Ik frege de woestyn: ‘Wêr is it ljocht yn de nacht?’ De woestyn sei: ‘Dan moatst net by my wêze. Oerdei is it by my fjurrich waarm, mar nachts krekt iiskâld en gjin ljocht te sjen. It soe kinne dat de beammen it witte.’ De woestyn sei wat kant ik op moast.
Ik kaam yn in bosk. Sa ticht, hast net yn te kommen. De takken slingeren as slangen om my hinne en it like as systeren dy: ‘Ik hâld dy fêst. Hjir komst noait wer út!’ Mei muoite koe ik de âldste beam yn it bosk berikke en frege him: ‘Wêr is it ljocht?’ De beam sei: ‘Tichter by as datsto tinkst. Sykje de grot.’
Myn lúsjefers wiene op en de nacht foel as in roetswarte tekken oer my hinne. Ik moast sjen dat ik de grot op de taast fine koe. Fuotsje foar fuotsje skode ik troch it bosk. Ik taaste yn skimmeljende blêden. Takken swypken lâns myn hier. Ik sakke oant de knibbels ta yn in greppel. Mar ik seach nergens in grot. Dea oan ein liet ik my op in iepen plak yn it bosk op de grûn sakje. En it paad nei hûs? Dat soe ik noait mear fine.
Hoe lang it duorre? Ik wit it net. It fielde wol as hûndert jier. De fuotten wiene my iiskâld en de earmen koe ik hast net mear bewege. Mar doe… seach ik it goed as wie it in dream? Der kamen tûzenen ljochtsjes op my ôf. En ien ljochtsje wie feller as alle oaren byelkoar.
‘Wa bisto?’ frege it ljochtsje. Har leafdefolle stim klonk as in siden lekken op bêd. ‘Ik eh… ik bin Nicolaas. En wa bin jo?’ ‘Ik bin Illúmina, Keninginne fan it fjoermichjefolk. Us folkje helpt elk dy’t yn it tsjuster it paad bjuster is. Kom fjoermichjes, bring Nicolaas nei ús fjoermichjeferbliuw.’
Dy grot, hiel djip ûnder de grûn, wie as in mearke sa moai. Mei feestlike ljochtslingers. Myn eangst foel samar fan my ôf en ik fielde hoe’t ik as in fearke sa licht waard. ‘Asto oait nochris help nedich hast yn dyn libben, Nicolaas, dan kinst my altyd freegje. Ofpraat?’ sei Illúmina. ‘Ofpraat,’ sei ik tsien pûn lichter.
De Haadpyt hie al dy tiid yn deadske stilte nei Sint syn ferhaal harke. ‘Sint! Dat is geweldich. Want wy moatte no de help fan Keninginne Illúmina ha!’ ‘Krekt,’ seit Sint. ‘Do begrypst my. Sadelje it hynder en regelje Piten mei fakkels!’
It stoarmet en snijt. Hagelt en wjerljochtet. Mar lokkich wit Sint wat kant hy op moat en in oerke letter binne se by de grot.
‘Nicolaas!’ ropt Keninginne Illúmina fernuvere. ‘Wat is dat lang lyn! Hoe is it mei dy?’ ‘Hiel leuk om jo wer te sjen, mar eh…it giet net sa goed,’ seit Sint. ‘Dêrom wol ik jo fjoermichjefolk om help freegje. Oer de hiele wrâld is de stroom útfallen, dus…’
‘Aha, ik begryp it,‘ seit Illúmina. ‘Ik sil alle fjoermichjefolken oproppe om dakken, hûzen en strjitten te ferljochtsjen, krekt sa lang as dat de stroom der wer is. En do kinst derfan op oan… ek dit jier is der foar alle bern in kado.’
Fleurich sette Sint en syn Piten wer op nei hûs. ‘Sjoch, Haadpyt,’ seit Sint, ‘it liket wol ljochter as dat it oait west hat. It folk fan de fjoermichjes rêdt it sinteklaasfeest!’
Dus mochtst oait bang wêze yn it tsjuster, wit dan dat der altyd wol in fjoermichje wêze sil’
40
It stoarmet en snijt. As dan ek nochris de stroom útfalt, is de panyk yn it paleis fan Sinteklaas kompleet. It is ûnmooglik om yn it ierdetsjuster de kadootsjes út te suteljen. Wat no? Aldergelokst stiet Sinteklaas noch in bysûnder foarfal út syn ferline by… Gordon wie earder sjonger en wurket no foaral as presintator en sjuerylid by talintejachten. Hy is ek programmamakker, ûnder oaren fan it suksesfolle 100 jaar jong. Gordon is ambassadeur fan it Nationaal Ouderenfonds. Sinteklaas en de fjoermichjes is syn earste berneboek. Job van Gelder is yllustrator en hat syn eigen ûntwerpburo Monnikenwerk. Hy wurket as freelancer foar De Efteling. Syn mearkeëftige en orizjinele styl, mei in soad each foar details, kinst ek goed werom fine yn Sinteklaas en de fjoermichjes.
8 710522 912751