1
Sinteklaas en de fjoermichjes Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland tekst Gordon Heuckeroth yllustraasjes Job van Gelder, studio Monnikenwerk Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Promotions ISBN 9789083054445 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Gordon. Yllustraasjes: Job van Gelder. All Right Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl
Bûten giet it der om wei, stoarm mei wynkrêft tsien. Iiskâlde snieflokken falle op de sjippeglêde stiennen. Binnendoar trêdet Sint op en del yn syn grutte hûs yn Spanje. Der mealt him wat yn it liif om. Wat aakliks. Wat bangens fan earder. ‘As it waar no net gau omslacht, kinne wy net by de dakken op mei de kadootsjes,’ seit Sinteklaas mismoedich. Dan stoarmet de Haadpyt mei in kleur as in boei de keamer yn. ‘Sinteklaas, jo sille it net leauwe wolle! It is noch folle slimmer as dat wy tochten.’ ‘Wat dan?’ stammeret Sinteklaas.
‘De stroom is útfallen. Oer de hiele wrâld! It duorret grif noch wol in wike foar’t alles wer makke is. En oaremoarn ha wy al sinteklaasjûn! Wat moatte wy no dwaan?’ jammeret de Haadpyt. ‘Ik wit it net,’ seit Sint ferslein. Sint stint der wakker op om en stoarret nei bûten. It is ierdetsjuster en it reinwetter slacht tsjin de ruten. Wa kin my helpe en wa hat safolle ljocht om al myn Piten by te skinen om noch alle kadootsjes te besoargjen, tinkt Sint. ‘Ik wit it,’ ropt Sint ynienen. ‘Dit kin ús rêding wêze. Harkje, Pyt. Dan sil ik dy in ferhaal fertelle fan lang lyn doe’t ik noch mar seis jier wie…
Ik wie ferdwaald en seach gjin hân foar eagen. Gûlend liet ik my op’e grûn falle. Mar de eangst waard allinnich noch mar grutter en ik tocht… sa kom ik net fierder. Ik moat ljocht ha om it paad nei hûs werom te finen. Ik hie allinnich mar in doaske mei in pear lúsjefersprikjes.