Sintboek2020-FRYSK_Maxime_ISSUU

Page 1

1 Maxime Meiland & Rich Wake




Sint en de ferdwaalde pakjeboat Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Maxime Meiland yllustraasjes Rich Wake Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman-Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Publishing ISBN 9789083054452 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Maxime Meiland. Yllustraasjes: Rich Wake. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl


Maxime Meiland & Rich Wake


‘Ha wy no alle kadootsjes?’ freget de Haadpyt.

‘Hast,’ seit Claire, de lytse Ynpakpyt. Se sjocht fereale nei in glinsterjend kompas. ‘Foar wa is dat?‘ ‘Eh… foar Paa… nee eh… Baa…’ hakkelet lytse Claire. 'O, ik sjoch it al… foar Daan!’


Claire faget har it swit fan de holle. Dy rare letters ek. Bytiden fleane se alle kanten op. ‘Sjouwe, Piten!’ ropt de Regelpyt ynienen. ‘De boaten lizze ree yn de haven.’ Hielendal út de skroeven lade se de earste stoomboat fol en dêrnei Pakjeboat 13.


Sinteklaas sit yn it stjoerhok fan syn stoomboat. Hy is al 651 kear nei Fryslân fard, mar toch sjocht hy foar de wissichheid noch efkes op de seekaart. ‘Tink der goed om, Stjoerpyt,’ seit Sint, ‘do bist de stjoerman fan Pakjeboat 13. Do moatst fan Spanje nei Fryslân ta.’ ‘O, makky!’ laket de Stjoerpyt. Sint sjocht him strang oan. ‘Neat gjin eh…makky. It kin samar mis gean. Unthâld goed: moatst foar de Lettereilânnen rjochts.’ ‘Jawol, kaptein,’ laket de Stjoerpyt. ‘Wy ha navigaasje oan board.’



De boaten sette útein mei harren wichtige seereis. De stoom komt út de skoarstien en Pakjeboat 13 tuft rêstich achter de stoomboat oan. Oant… ‘Help!’ raast de Stjoerpyt. Claire stoot it stjoerhok yn. ‘Wat is der?’ ‘De navigaasje!’ kritet de Stjoerpyt. ‘De ferbining is ferbrutsen. Sjoch op de seekaart. By de Lettereilânnen moatte wy rjochtsôf. Mar wêr lizze dy?’ Claire dikeret nei de kaart. Se besiket de Lettereilânnen te finen, mar al gau dûnsje har de letters foar de eagen. As wie it noch net moai genôch komt der in dikke damp opsetten.



‘Ik sjoch gjin hân foar eagen!’ ‘Wêr is de stoomboat?’


‘O, o, we komme te let yn Fryslân!’

‘Aanst binne we it paad noch bjuster!’


Ynienen hearre se in hurd, sluerend lûd. Pakjeboat 13 sit fêst yn it sân. As de mist wat oplutsen is, sjogge de Piten de kust fan in frjemd eilân. ‘En no?’ freget Claire mei in benaud stimke. ‘Allegearre fan board!’ kommandearret de Stjoerpyt. ‘Wy sille op it eilân minsken sykje dy’t ús helpe kinne!’




‘Wat kant op?’ freget de Regelpyt. ‘Dy kant!’ is de Haadpyt út ‘e rie. Se sjouwe troch it moudige sân by de see lâns. Kobben krieze. Fisken springe út it wetter, mar der binne gjin minsken te sjen. ‘Ik sjoch wat! It is in flot!’ ropt Claire. ‘Mei in briefke oan de mêst!’ De Haadpyt lêst: Wolst hjirwei? Sykje de seis letters! ‘Seis letters? Wat moatte wy dêrmei?’ ‘Lit ús sykje!’ stelt Claire út. ‘Wy sjogge fêst wol wat!’


Se litte it strân foar wat it is en komme by in breed wetter mei in letterbrêge. ‘Ho!’ raast de Haadpyt. ‘Hjir kinne wy net fierder, of it moat wêze dat…’


De Piten sjogge nei it tou oer de rivier mei driigjende krokkedillen. ‘Wa doart?’ Al gau slingerje de Piten nei de oare kant. ‘Wat letter komt it meast foar?’ freget de Haadpy. ‘Dat sil ús earste letter wol wêze! Skriuwe jim dy op?’


De Piten rinne fierder troch de rimboe. ‘Sjochst dy letters dêr ûnder dy lianen?’ seit de Regelpyt. ‘Hearre dy ek by de seis letters dy’t wy fine moatte?’ ‘Kin net misse!’ seit Claire. ‘Mar watfoar letter moatte wy dan ha?’ ‘Miskien moatte wy hjir boppe wei de lianen folgje,’ mient de Haadpyt.



‘Wy ha al twa letters fûn,’ seit in grutske Claire. ‘Wêr soe dy tredde wêze?’ Se hat it noch net sein as se sjogge in grut boerd lâns de dyk. ‘Wat is dit no wer?’ reagearret de Stjoerpyt. ‘Plaatsjes en letters? Ik snap der gjin byt fan!’ De Haadpyt moat laitsje en seit: ‘Dat is in rebus. Sille wy dy mei-inoar oplosse?’



‘Hè, hè!’ suchtsje de Piten, ‘efkes wat bekomme.’ Se litte harren mei in plof achteroer falle. Boppe harren driuwe wolken dy’t hieltyd oars fan foarm wurde. ‘Ik sjoch in oaljefant,’ ropt Claire entûsjast. ‘En ik in blom,’ seit de Regelpyt. ‘Sjoch dêr, in letter!’ wiist de Stjoerpyt. ‘Sjogge jim dy ek?’



Utrêsten klimme se de berch op. Mar dan… De grûn dreunt en driget. Bromt en grommelet. In âlde fulkaan barst iepen. Stien, lava en letters spatte alle kanten op. 'Alle letters komme twa kear foar,’ seit Claire. ‘As is der ek in letter dy’t allinnich is?’



‘Noch ien letter!’ seit Claire. ‘Sjogge jim wêr’t dy weikrûpt is?’



De Piten ha de seis letters fûn. ‘Witsto noch watfoar seis?’ freget Regelpyt oan Claire. Se sjocht ynienen bliid. ‘Dit binne se,’ seit se. ‘K – O – M – P – A - S.’ ‘Kompas,’ ropt de Stjoerpyt optein. ‘Wat gooooeeed! As wy fan dit eilân ôf wolle, moatte wy in kompas ha.’ Mar de stimming slacht fuort wer om. ‘Wy ha gjin kompas,’ seit de Haadpyt. 'Wy komme fierstente let yn Fryslân.'


Op dat stuit fljucht Claire fuort. ‘Ja, naai der mar út,’ seit de Stjoerpyt. ‘Lekker maklik, troch dy binne wy it paad bjuster.’ Mar al gau komt Claire werom mei in kadootsje… ‘Wat moatte wy dêr no mei?’ fûtert de Haadpyt. ‘It kompas foar Daan!’ seit Claire fol fleur. ‘Hoera, wy binne rêden,’ jûchheit de Stjoerpyt. ‘No witte wy wêr’t it noarden is. Dêr leit Fryslân.’


Yntusken is Sinteklaas al lang en breed oankaam yn Fryslân. De stoomboat leit yn de haven. ‘Wêr bliuwt Pakjeboat 13 no,’ mompelet Sinteklaas. Hy dikeret ferwezen oer see. ‘Boargemaster, as se hjirre mei in kertierke net binne, moat ik it feest ôfblaze. Sûnder kadootsjes, gjin feest!’ Mar dan ropt in jonge ynienen bliid… ‘Sjoch, dêr… Pakjeboat 13. Fol mei kadootsjes!’



As de fjouwer Piten de loopplanke ôfkomme, flústeret Sinteklaas tsjin de Haadpyt: ‘Wat is der gebeurd? Wêr bleaunen jim?’ ‘Dat is in lang ferhaal,’ suchtet de Haadpyt. ‘Dat fertel ik noch wol, mar no is it feest.’


‘Bisto Daan?’ freget Claire oan de jonge op de kade. Daan knikt. ‘Asjeblyft, foar dy. In kompas. Moatst it goed bewarje. Want it kin wêze datst it oait brûke moatst.’


Nocht oan lêzen mei Sinteklaas

Verschillen zien

6

FTIJ

D

L

EE

p - d - b… zie jij

het verschil?

rden? beginnen de woo de b. Met welke letters er: de p, de d of naar de goede lett tje lijn een k Tre

d of b? Extra opdracht: innen met een p, woorden die beg dit blad. Ken je zelf ook de achterkant van of schrijf die op ij erb die rijf Sch maken. bij es getj nin Je mag er ook teke

aalde pakjesboot Sint en de verdw

Oefening voor de motoriek

L

5

FTIJ

D

4

EE

Sinterklaas zoekt het vuurvliegjesvolk Sinterklaas is bezorgd. Want hoe kan hij in het aardedonker de cadeautjes rondbrengen? Dan bedenkt hij: ‘Ik vraag de koningin van het vuurvliegjesvolk om hulp!’ Kun jij voor Sinterklaas de goede weg door het doolhof vinden? Trek een lijn met een potlood zonder die van het papier te halen.

Yn ferhalen kin alles. Foardatst it witst stiest yn in tsjuster bosk, bist by in nachtlik konsert of rinst fêst op in ûnbewenne eilân. Lês dyn (berns)bern dus moai foar as lit se de trije nije sinteklaas-boeken sels lêze. Dat is ekstra gesellich yn de sinteklaas-tiid. Se leare dêrtroch in soad nije wurden, kinne tekst better begripe en it stimulearret harren kreativiteit. Genietsje fan de boeken fol fantasy fan Gordon, Maxime Meiland en Roxeanne Hazes. Sinterklaas en de vuurvliegjes

de boeken; foar op skoalle én thús. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier. Der binne in oantal

7 8

EE

L

Sinteklaas leart bern boartsjendewei lêzen en skriuwen. Hoe? Mei in letterspultsje by

Woorden herkennen

FTIJ

D

Letterspultsjes foar op skoalle en thús

Help je zoeken? kel. Ze komen met handenvol gaan naar de muziekwin puzzel en je De Pieten en Sinterklaas muziekwoorden goed in de de Leg . buiten naar muziekinstrumenten je in de gekleurde balk. lees Die cht. opdra een krijgt m

foarbylden op dizze siden en noch folle mear op www.sinterklaasprentenboeken.nl.

g n l

Foarlês-tips fan Sinteklaas •

Alle dagen in kertierke foarlêze.

Jou de haadpersoanen grappige stimkes.

Freegje dingen oer it ferhaal en de tekeningen en lit bern spontaan reagearje.

Bepraat drege wurden.

Lit de bern sels in foarlêsboek útsykje.

d l u y k

piano drumstel

gitaar trommel fluit saxofoon mondharmonica

xylofoon dansen muzieknoten rappen triangel concert muziekprijs

f a o n c Sinterklaas wordt drummer


tt Ru

en

Gordon

am ir j

de

Nocht om nóch mear boeken foar te lêzen oan dyn (berns)bern? Sjoch dan ris nei dizze boeketips fan Gordon, Maxime en Roxeanne. As bern wienen se ferslingere oan dizze boeken. De boeken gienen mei harren fantasy op ’e rin en steane noch hieltyd by harren yn de boekekast.

ff Raa Fo to :C

m ia ill

Fo to :M

Fo to :W

Noch mear lês-plezier: de moaiste boeken fan Gordon, Maxime en Roxeanne

Maxime Meiland

or

ne

lie

lens Tol

Roxeanne Hazes

Myn moaiste boeken

It boekje De Appel

De mooiste vis van de

binne foar de wat

fan Dick Bruna is al

zee fan Marcus Pfister.

âldere bern, sa as

trije generaasjes yn

Dit tige moai yllus-

The wizard of Oz fan

ús famylje.

trearre boek giet oer

de Amerikaanske

In geweldich boek.

grutskens en it loslit-

skriuwer Frank L.

Ryk fan kleur, ienfâl-

ten dêrfan. Dat docht

Baum. In spannend

dich en leuk.

de fisk troch letterlik

aventoer dat him ôf-

syn skobben wei te

spilet yn in wûndere

jaan oan freonen.

wrâld.

Rupsje Nooitgenoeg fan Eric Carle is in wiere

En alle bern soenen

klassiker. It hat

A Christmas Carol lêze

in geweldich

moatte fan Charles

ritme en de wize

Dickens. Dit ferhaal

fan tekenjen is

bedobbet dy hielen-

sa skattich.

dal. Wat in sfear!

Welterusten... Kleine Beer fan Martin Waddell en Barbare Firth. Dit boek krige ik as lyts famke fan in freondinne om’t ik sa ûnwennich wie. Mei as wize ried: wy sjogge beide nei deselde moanne en binne dan altyd by inoar.




40

Sint en de ferdwaalde pakjeboat Panyk op see. Pakjeboat 13, it paad bjuster yn in swiere mist en oanspield op Lettereilân. Dêr wenje spitigernôch gjin minsken dy’t de Piten helpe kinne. Gelokkich fine se op in âld flot in ûnferwachte oanwizing. Der folget in spannende puzeltocht oer it eilân. Mar de grutte fraach is… komme se noch wol op tiid yn Fryslân? Maxime Meiland kinne wy fan it telefyzjeprogramma Chateau Meiland en wy folgje har libben, mei de hiele famylje, yn Frankryk. Foar dit program wûn de famylje Meiland de Gouden Televizier-Ring. Maxime is de mem fan dochter Claire. Sint en de ferdwaalde pakjeboat is har earste berneboek. Rich Wake is in 2D flash animator, ûntwerper yn yllustrator út Londen. Hy wennet en wurket no yn Hong Kong. Hy wurket oan ferskate projekten foar animaasje, design en yllustraasje foar promininte produksjebedriuwen, te witten Cartoon Network, Nickelodeon en Strange Beast.

8 710522 913437


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.