1 Maxime Meiland & Rich Wake
Sint en de ferdwaalde pakjeboat Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Maxime Meiland yllustraasjes Rich Wake Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green BV, Eric Holman-Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Publishing ISBN 9789083054452 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Maxime Meiland. Yllustraasjes: Rich Wake. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl
Maxime Meiland & Rich Wake
‘Ha wy no alle kadootsjes?’ freget de Haadpyt.
‘Hast,’ seit Claire, de lytse Ynpakpyt. Se sjocht fereale nei in glinsterjend kompas. ‘Foar wa is dat?‘ ‘Eh… foar Paa… nee eh… Baa…’ hakkelet lytse Claire. 'O, ik sjoch it al… foar Daan!’
Claire faget har it swit fan de holle. Dy rare letters ek. Bytiden fleane se alle kanten op. ‘Sjouwe, Piten!’ ropt de Regelpyt ynienen. ‘De boaten lizze ree yn de haven.’ Hielendal út de skroeven lade se de earste stoomboat fol en dêrnei Pakjeboat 13.
Sinteklaas sit yn it stjoerhok fan syn stoomboat. Hy is al 651 kear nei Fryslân fard, mar toch sjocht hy foar de wissichheid noch efkes op de seekaart. ‘Tink der goed om, Stjoerpyt,’ seit Sint, ‘do bist de stjoerman fan Pakjeboat 13. Do moatst fan Spanje nei Fryslân ta.’ ‘O, makky!’ laket de Stjoerpyt. Sint sjocht him strang oan. ‘Neat gjin eh…makky. It kin samar mis gean. Unthâld goed: moatst foar de Lettereilânnen rjochts.’ ‘Jawol, kaptein,’ laket de Stjoerpyt. ‘Wy ha navigaasje oan board.’
De boaten sette útein mei harren wichtige seereis. De stoom komt út de skoarstien en Pakjeboat 13 tuft rêstich achter de stoomboat oan. Oant… ‘Help!’ raast de Stjoerpyt. Claire stoot it stjoerhok yn. ‘Wat is der?’ ‘De navigaasje!’ kritet de Stjoerpyt. ‘De ferbining is ferbrutsen. Sjoch op de seekaart. By de Lettereilânnen moatte wy rjochtsôf. Mar wêr lizze dy?’ Claire dikeret nei de kaart. Se besiket de Lettereilânnen te finen, mar al gau dûnsje har de letters foar de eagen. As wie it noch net moai genôch komt der in dikke damp opsetten.