Sintboek2020-FRYSK_Roxeanne_ISSUU

Page 1

1

Roxeanne Hazes

Andrea Rivola




Sint wurdt drummer Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Roxeanne Hazes yllustraasjes Andrea Rivola Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Promotions ISBN 9789083054469 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Roxeanne Hazes. Yllustraasjes: Andrea Rivola. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl


Roxeanne Hazes & Andrea Rivola


‘Grrmbl pff, jasses!’ grommelet Sint. ‘Ik bliuw hjoed op bêd. Dat hiele sinteklaasfeest kin om my de pot op dit jier. Pff…’ De oars sa freonlike Sint is in brombear wurden. It wurdt him allegear tefolle. Hy baalt. Fan de steapel ferlanglisten. De berch kadootsjes. En fan eh… no ja, eins fan alles!



‘Hoe fleurje wy ús knoarrige Sint wat op?’ freegje de Piten har ôf. ‘Ik wit wat!’ seit Pyt dy’t graach narret. ‘Wy tille Sint op en kidelje him krekt salang oant hy laket.’ Se kidelje him ûnder it burd, achter de earen, ûnder de fuotten… mar it iennige dat Sint ergere seit is: ‘Fuort ophâlde dêrmei!’


De grapke-Pyt besiket it mei in mop, mar Sint bliuwt alderheislikst stil.


‘Ho, ho, jaaa, slagge!’ jûchheit de bak-Pyt. Nei in protte omheisterjen set hy in gigantyske, selsbakte taart op de keukenstafel. Wat rûkt dy hearlik! ‘Dit sil Sint opfleurje. Ik bin der wis fan.’ Mar Sinteklaas draait lilk de holle om en hâldt de lippen stiif opelkoar. Der komt gjin krommeltsje taart yn.



Dan betinkt de snoade Pyt in moai fersetsje. Hy pakt de túnslang, draait de wetterkraan fol iepen en slûpt nei Sint dy’t krekt lekker yn syn hingmatte leit. Swoesj, splasj, spatterdespat! De hingmatte rint fol en Sint wurdt dweiltrochwiet. ‘Ophâlde!’ wrinzget Sint, ‘sjochst dan net hoefolle ferlanglisten as ik noch trochwurkje moat? Ophoepelje! Do hâldst my allinnich mar fan it wurk!’



‘Miskien slagget it as…’ De muzyk-Pyt fertelt syn idee oan de Haadpyt. ‘Goed plan, moatte wy dwaan!’ seit de Haadpyt. In oerke letter stoarmje alle Piten de wurkkeamer fan de Sint yn mei harren muzykynstruminten. Se sjonge en spylje de pannen fan it paleis.


Mar sûnder goed te harkjen, balt Sint fuort: ‘Ek nochris in heidensk leven! Ik wurd sa wurch fan jim, hin.’ De Piten hâlde fan skrik op en rinne teloarsteld en moedeleas fuort.


‘It is goed yn de war,’ seit de Haadpyt. 'Sint wurdt alle dagen bleker en stressiger. Der sit neat oars op. Wy moatte pakjejûn dit jier mar oerslaan.’ ‘Wat? Oerslaan? Dat noait!’ roppe de Piten skrokken. ‘Dat wurdt in ramp. Wat moatte wy dwaan?’


‘Wy ha noch ien kâns,’ mompelet de Haadpyt. ‘As ik Sinteklaas no sa fier krij om…’


‘Hee, Sinteklaas, jo hjirre? Wat skeelt deroan?’ freget dokter. ‘Neat!’ fûtert Sint. ‘Der mankearret my hielendal neat. Mar ik moast fan de Haadpyt nei jo ta.’ Dokter besjocht Sint fan ûnderen oant boppen. ‘Jo tonge is noch baby-glêd. Mei jo burd is ek alles okee. Jo binne sa linich as in aap. Mar…’ ‘Mar, wat?’ skrikt Sint. ‘Jo willespieren dogge it net mear. Wêr wurde jo bliid fan?’ ‘Bliid? Ik wurd nergens bliid fan!’ ‘Krekt!’ laket dokter. ‘Jo moatte ferdivedaasje ha.’



Mar tiid foar ûntspanning hat Sint net. Hy wurket him troch de steapel ferlanglisten hinne. De iene wol in trommel, de oare in dj-set. Dy jonge wol in keyboard en dat famke in mikrofoan. Hjir in gitaar, dêr in trompet… ‘Wat wolle dy bern toch mei dy lawaai-dingen? En wêr moat ik al dy ynstruminten weihelje?’




De Piten bringe de tsjinstribbeljende Sint nei de muzykwinkel. Dêr sykje se alle kadootsjes by-inoar. En Sint? Dy rint mei in lang gesicht by in grutte muorre mei gitaren lâns. Hy tikket fan argewaasje mei de finger oer de snaren. ‘Rommel!’ mompelet hy. Wurch fan it dangeljen, sit er efkes letter achter in grut, glinsterjend drumstel yn de hoeke fan de winkel. De eagen ljochtsje him op. ‘Nim dizze ek mar mei,’ seit hy.



Mei in ferhúsdoaze fol ynstruminten rinne de Piten de winkel út. ‘Ik sjou dat drumstel wol,’ seit Sint. Hy bynt alle trommels, bekkens en stokken op it hynder en marsjearret mei in kalm gonkje werom nei hûs. Dêr lit er him achteroer op bêd falle.



‘… 97, 98, 99…’ Sint kriget gjin wink yn ’e eagen. En nei it tellen fan wol hûnderten hynderkes, strompelet hy by de trep del foar in gleske waarme molke. Under yn de gong stiet it grutte, glinsterjende drumstel. Sil ik…? tinkt Sint. Hy pakt de stokken en tikket súntsjes op de drums. Dan wat lûder. En nóch wat lûder. Sint rekket hieltyd mear út de skroeven. ‘Wat is soks leuk, sis!’ ropt hy boppe it roffeljen út.


‘Wat is der mei jim?’ freget Sint, as hy de oare moarn syn Piten sjocht. ‘Jim sjogge derút as hiene jim in wyt lekken trochslokt.’ De Piten doarre net te sizzen dat se gjin wink yn de eagen hân ha troch al dat roffeljen fan Sint. ‘Toe ju,’ seit Sint fleurich, ‘oan it wurk!’ De Piten komme gapjend oerein mar it wol dy dei net sa bot einigje.


Dea oan ein reitsje se wer op bĂŞd, mar ek dy nacht sliepe se net.



Foar de tredde nacht al sit Sint achter it drumstel. En dizze kear gebeurt der wat hiel bysûnders… Ien foar ien geane de balkondoarren fan de sliepkeamers fan de Piten iepen. Se sjogge nei de drummende Sint. Hee, myn Piten! tinkt Sint. Te gek! Fûler, fûler en noch fûler. De fonken fleane der ôf. Ek de Piten reitsje optein. Se pakken de fioelen, trompetten, fluiten en saksofoanen en dogge mei.


De te gekke muzyk galmet de stêd oer. Finsters en doarren geane iepen. Minsken klappe en stampe mei. Oant Sint mei in daverjende drumsolo in ein oan it konsert makket en seit: ‘Sa, en no allegear lekker sliepe. Moarn is it pakjejûn!’


De oare moarns pakke de Piten gau de lêste kadootsjes yn. ‘Wa lit yntusken noch in deuntsje hearre?’ laket Sinteklaas. Alle Piten sjonge mei. En Sint noch it lûdst fan allegear.


En as yn de nacht elk it dak opgiet om alle muzikale kadootsjes yn skoarstiennen te mikken, klinkt yn de huzen it lรปd fan de fleurich spyljende en sjongende Sint en Piten.



Nocht oan lêzen mei Sinteklaas

Oefening voor de

4 5

FTIJ

D

L

EE

motoriek

Sinterklaas zo

egjesvolk

ekt het vuurvli

eautjes dedonker de cad kan hij in het aar egjesvolk orgd. Want hoe van het vuurvli Sinterklaas is bez ag de koningin vra ‘Ik hij: t vin doolhof den? n bedenk Da het r en? doo eng weg dbr de ron s de goe jij voor Sinterklaa papier te halen. om hulp!’ Kun der die van het een potlood zon Trek een lijn met

Sinterklaas en

de vuurvliegjes

Verschillen zien

6

FTIJ

D

L

EE

p - d - b… zie jij het verschil? Met welke letters beginnen de woorden? Trek een lijntje naar de goede letter: de p, de d of de b.

Yn ferhalen kin alles. Foardatst it witst stiest yn in tsjuster bosk, bist by in nachtlik konsert of rinst fêst op in ûnbewenne eilân. Lês dyn (berns)bern dus moai foar as lit se de trije nije sinteklaas-boeken sels lêze. Dat is ekstra gesellich yn de sinteklaas-tiid. Se leare dêrtroch in soad nije wurden, kinne tekst better begripe en it stimulearret harren kreativiteit. Genietsje fan de boeken fol fantasy fan Gordon, Maxime Meiland en Roxeanne Hazes.

Extra opdracht: Ken je zelf ook woorden die beginnen met een p, d of b? Schrijf die erbij of schrijf die op de achterkant van dit blad. Je mag er ook tekeningetjes bij maken. Sint en de verdwaalde pakjesboot

de boeken; foar op skoalle én thús. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier. Der binne in oantal

7 8

EE

L

Sinteklaas leart bern boartsjendewei lêzen en skriuwen. Hoe? Mei in letterspultsje by

Woorden herkennen

FTIJ

D

Letterspultsjes foar op skoalle en thús

Help je zoeken? kel. Ze komen met handenvol gaan naar de muziekwin puzzel en je De Pieten en Sinterklaas muziekwoorden goed in de de Leg . buiten naar muziekinstrumenten je in de gekleurde balk. lees Die cht. opdra een krijgt m

foarbylden op dizze siden en noch folle mear op www.sinterklaasprentenboeken.nl.

g n l

Foarlês-tips fan Sinteklaas •

Alle dagen in kertierke foarlêze.

Jou de haadpersoanen grappige stimkes.

Freegje dingen oer it ferhaal en de tekeningen en lit bern spontaan reagearje.

Bepraat drege wurden.

Lit de bern sels in foarlêsboek útsykje.

d l u y k

piano drumstel

gitaar trommel fluit saxofoon mondharmonica

xylofoon dansen muzieknoten rappen triangel concert muziekprijs

f a o n c Sinterklaas wordt drummer


tt Ru

en

Gordon

am ir j

de

Nocht om nóch mear boeken foar te lêzen oan dyn (berns)bern? Sjoch dan ris nei dizze boeketips fan Gordon, Maxime en Roxeanne. As bern wienen se ferslingere oan dizze boeken. De boeken gienen mei harren fantasy op ’e rin en steane noch hieltyd by harren yn de boekekast.

ff Raa Fo to :C

m ia ill

Fo to :M

Fo to :W

Noch mear lês-plezier: de moaiste boeken fan Gordon, Maxime en Roxeanne

Maxime Meiland

or

ne

lie

lens Tol

Roxeanne Hazes

Myn moaiste boeken

It boekje De Appel

De mooiste vis van de

binne foar de wat

fan Dick Bruna is al

zee fan Marcus Pfister.

âldere bern, sa as

trije generaasjes yn

Dit tige moai yllus-

The wizard of Oz fan

ús famylje.

trearre boek giet oer

de Amerikaanske

In geweldich boek.

grutskens en it loslit-

skriuwer Frank L.

Ryk fan kleur, ienfâl-

ten dêrfan. Dat docht

Baum. In spannend

dich en leuk.

de fisk troch letterlik

aventoer dat him ôf-

syn skobben wei te

spilet yn in wûndere

jaan oan freonen.

wrâld.

Rupsje Nooitgenoeg fan Eric Carle is in wiere

En alle bern soenen

klassiker. It hat

A Christmas Carol lêze

in geweldich

moatte fan Charles

ritme en de wize

Dickens. Dit ferhaal

fan tekenjen is

bedobbet dy hielen-

sa skattich.

dal. Wat in sfear!

Welterusten... Kleine Beer fan Martin Waddell en Barbara Firth. Dit boek krige ik as lyts famke fan in freondinne om’t ik sa ûnwennich wie. Mei as wize ried: wy sjogge beide nei deselde moanne en binne dan altyd by inoar.




40

Sint wurdt drummer Sint sit folslein net goed yn it fel. En wat de Piten ek dogge om him op te fleurjen… neat helpt! Oant Sint yn de muzykwinkel as in blok foar in glinsterjend drumstel falt. De krêft fan it mei-inoar muzyk meitsjen soarget derfoar dat it sinteklaasfeest noch krekt op tiid trochgean kin! Roxeanne Hazes is sjongeres en debutearre yn 2007 as fjirtjinjierrich famke yn it telefyzjeprogramma So You Wannabe a Popstar. Se is de dochter fan de ferneamde folkssjonger André Hazes. Roxeanne hat in hiel eigen styl fan muzyk ûntwikkele dêr’t se minsken posityf mei reitsje wol. Se krige in soad loovjende reaksjes en krige in Edison. Roxeanne is de mem fan soan Fender. Sint wurdt drummer is har earste printeboek. Andrea Rivola is in Ytaliaanske yllustrator. Hy is ôfstudearre oan de keunstakademy fan Bologna en wurket graach mei oare keunstners. Hy publisearre al mear as fjirtich boeken yn binnen- en bûtenlân.

8 710522 913475


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.