1
Roxeanne Hazes
Andrea Rivola
Sint wurdt drummer Dizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland. tekst Roxeanne Hazes yllustraasjes Andrea Rivola Fryske oersetting Anneke Algera-Burgy einredaksje Gerard van Midden konsept en produksje Blue in Green Promotions, Eric Holman – Amsterdam grafyske fersoarging Studio Ruijgrok – Amsterdam drukwurkbegelieding Eric Daams útjouwer Blue in Green Promotions ISBN 9789083054469 NUR 273 © 2020, Blue in Green BV. Tekst: Roxeanne Hazes. Yllustraasjes: Andrea Rivola. All Rights Reserved. Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien. Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl
Roxeanne Hazes & Andrea Rivola
‘Grrmbl pff, jasses!’ grommelet Sint. ‘Ik bliuw hjoed op bêd. Dat hiele sinteklaasfeest kin om my de pot op dit jier. Pff…’ De oars sa freonlike Sint is in brombear wurden. It wurdt him allegear tefolle. Hy baalt. Fan de steapel ferlanglisten. De berch kadootsjes. En fan eh… no ja, eins fan alles!
‘Hoe fleurje wy ús knoarrige Sint wat op?’ freegje de Piten har ôf. ‘Ik wit wat!’ seit Pyt dy’t graach narret. ‘Wy tille Sint op en kidelje him krekt salang oant hy laket.’ Se kidelje him ûnder it burd, achter de earen, ûnder de fuotten… mar it iennige dat Sint ergere seit is: ‘Fuort ophâlde dêrmei!’
De grapke-Pyt besiket it mei in mop, mar Sint bliuwt alderheislikst stil.
‘Ho, ho, jaaa, slagge!’ jûchheit de bak-Pyt. Nei in protte omheisterjen set hy in gigantyske, selsbakte taart op de keukenstafel. Wat rûkt dy hearlik! ‘Dit sil Sint opfleurje. Ik bin der wis fan.’ Mar Sinteklaas draait lilk de holle om en hâldt de lippen stiif opelkoar. Der komt gjin krommeltsje taart yn.