1 minute read

Foarnammen

Next Article
Ferske

Ferske

ʻBern leare maklik twa of trije talen tagelyk en dat komt har letter goed fan pas.ʼ

Petar wennet al sûnt syn twadde jier yn Nederlân. Petar: ‘Doe’t yn Joegoslavië in boargeroarloch útbruts, binne myn âlders mei my nei Nederlân flechte, fier fuort fan it geweld en de ferdieldheid yn it lân. Us thústaal is Servo-Kroätysk, op skoalle learde ik Nederlânsk en op strjitte mei freonen learde ik it Frysk derby.’ Neffens syn heit en mem makke hy him it Nederlânsk fluch eigen. Troch dy eigen ûnderfining wit it stel ek dat mear talen kleare winst is. ‘Bern leare maklik twa of trije talen tagelyk en dat komt har letter goed fan pas’, sizze Arjanna en Petar. Arjanna follet oan: ‘Wy ha der goed oer neitocht hokker taal wy mei de bern prate sille. Wy wolle graach dat se it Frysk en it Nederlânsk leare om hjir harren wei te finen. Mar wy fine it ek belangryk dat se mei harren dida en baka (pake en beppe) en mei de omkes en tantes en neefkes en nichtsjes yn Kroäsië prate kinne. Dida en baka tinke yn it Servo-Kroätysk, it is fanselssprekkend dat sy dy taal prate mei ús bern.’ ‘No’t ik safolle Frysk praat, moat ik derom tinke dat ik ek Servo-Kroätysk praat mei de famkes’, seit Petar. It stel learde mekoar hjir kennen, en it is foar harren hiel gewoan om Frysk te praten. ‘Ik bin in man mei twa kultueren’, seit Petar dêroer. Alhoewol’t Arjanna de memmetaal fan Petar noch net ferstiet, hat sy ûnderwilens wol de Kroätyske kultuer omearme. ‘Doe’t wy yn Kroäsië mei fakânsje wiene, seach ik dat de minsken dêr o sa mei-inoar binne, it fielt waarm en gastfrij. Dat is wat wy ús bern ek meijaan wolle,’ seit Arjanna, ‘dy gesellichheid en waarmte.’ ‘En dat se wurdearje wat se hawwe. Alles is net fanselssprekkend’, follet Petar oan, tinkend oan de groeden dy’t de oarloch achterlitten hat by de famylje. Arjanna: ‘Minsken helpe inoar dêr en sykje de gesellichheid op. En se kinne hearlik itensiede, leafst mei farske biologyske yngrediïnten út eigen tún. De hintsjes foar it jûnsiten skarrelje op it hiem om. Simmerdeis ha wy hjir gauris in hiele baarch oan it spit. Dat is dan o sa gesellich mei famylje en minsken út ’e buert.’ In bytsje Kroäsië yn de achtertún yn Dronryp.

Advertisement

This article is from: