Lytse heit en mem 2022

Page 21

Petar wennet al sûnt syn twadde jier yn Nederlân. Petar: ‘Doe’t yn Joegoslavië in boargeroarloch útbruts, binne myn âlders mei my nei Nederlân flechte, fier fuort fan it geweld en de ferdieldheid yn it lân. Us thústaal is Servo-Kroätysk, op skoalle learde ik Nederlânsk en op strjitte mei freonen learde ik it Frysk derby.’ Neffens syn heit en mem makke hy him it Nederlânsk fluch eigen. Troch dy eigen ûnderfining wit it stel ek dat mear talen kleare winst is. ‘Bern leare maklik twa of trije talen tagelyk en dat komt har letter goed fan pas’, sizze Arjanna en Petar. Arjanna follet oan: ‘Wy ha der goed oer neitocht hokker taal wy mei de bern prate sille. Wy wolle graach dat se it Frysk en it Nederlânsk leare om hjir harren wei te finen. Mar wy fine it ek belangryk dat se mei harren dida en baka (pake en beppe) en mei de omkes en tantes en neefkes en nichtsjes yn Kroäsië prate kinne. Dida en baka tinke yn it Servo-Kroätysk, it is fanselssprekkend dat sy dy taal prate mei ús bern.’ ‘No’t ik safolle Frysk praat, moat ik derom tinke dat ik ek Servo-Kroätysk praat mei de famkes’, seit Petar. It stel learde mekoar hjir kennen, en it is foar harren hiel gewoan om Frysk te praten. ‘Ik bin in man mei twa kultueren’, seit Petar dêroer. Alhoewol’t Arjanna de memmetaal fan Petar noch net ferstiet, hat sy ûnderwilens wol de Kroätyske kultuer omearme. ‘Doe’t wy yn Kroäsië mei fakânsje wiene, seach ik dat de minsken dêr o sa mei-inoar binne, it fielt waarm en gastfrij. Dat is wat wy ús bern ek meijaan wolle,’ seit Arjanna, ‘dy gesellichheid en waarmte.’ ‘En dat se wurdearje wat se hawwe. Alles is net fanselssprekkend’, follet Petar oan, tinkend oan de groeden dy’t de oarloch achterlitten hat by de famylje. Arjanna: ‘Minsken helpe inoar dêr en sykje de gesellichheid op. En se kinne hearlik itensiede, leafst mei farske biologyske yngrediïnten út eigen tún. De hintsjes foar it jûnsiten skarrelje op it hiem om. Simmerdeis ha wy hjir gauris in hiele baarch oan it spit. Dat is dan o sa gesellich mei famylje en minsken út ’e buert.’ In bytsje Kroäsië yn de achtertún yn Dronryp. 18

19

Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hippe Kiek Fotografie

ʻ Bern leare maklik twa of trije talen tagelyk en dat komt har letter goed fan pas.ʼ


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook

Articles inside

Ferske

2min
page 71

Wurden yn ferwachting

3min
pages 72-76

Geelzucht bij baby’s

2min
pages 68-70

Babyblunders

4min
pages 58-59

Te lêzen op heitenmem.nl

1min
page 65

Ferske

2min
page 55

Ut Dêr is se dan

5min
pages 60-61

De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe

0
pages 56-57

Boekstart: Baby’s houden van lezen

1min
pages 52-54

Alwer in Fries

2min
pages 48-49

Sliepferskes en slieprituelen

4min
pages 46-47

Kollum Raynaud Ritsma

1min
page 45

Kollum Douwkje Douma

2min
pages 40-41

Lactatiekundige/borstvoedingstips

1min
pages 42-44

Afûk Boekpanel

4min
pages 38-39

Geboortetrauma

1min
pages 34-37

Top 5 babyboeken

2min
page 30

Apps foar de lytskes

1min
pages 32-33

Ferske

2min
page 29

Foarnammen

1min
page 21

De babykeamer

5min
pages 12-17

Kolofon

1min
pages 2-3

Talen kleuren je leven

5min
pages 4-8

Babyspa

2min
pages 22-25

Sa prate wy thús

1min
pages 18-19

Byinoar sliepe yn it famyljebêd

3min
pages 26-28

Weetjes meartaligens

1min
page 9
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.