4 minute read

Sliepferskes en slieprituelen

Next Article
Ferske

Ferske

‘ It alderbelangrykste binne deantystoffendy’tdepoppefia de memmemolke binnenkrijt.’

Soms komt it foar dat it boarst hiel fol sit. ‘Om in pynlike boarstûntstekking foar te kommen, is it belangryk datst it boarst goed leech krijst. Soms helpt it om sels earst te ûntspannen en it pynlike boarst te massearjen. Ast stuwing hast, remmet dat de produksje.’

Advertisement

Tiden hawwe tiden. Bepaalde generaasjes memmen joegen hast gjin boarstfi eding, wylst memmen fan dizze tiid just wer hiel graach tate jaan wolle oan harren bern. ‘En dat is hiel moai’, fynt Bosma. ‘It hat in soad foardielen.’ Los fan dat de molke altyd foarhannen is en dat it goed is foar it hechtsjen fan mem en bern, binne der noch folle mear foardielen. ‘It alderbelangrykste binne de antystoffen dy’t de poppe fi a de memmemolke binnenkrijt. Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t memmemolke krije, op lettere leeftiid minder faak te krijen hawwe mei oergewicht, kanker en hert- en iersykten.’

Ek foar de mem sels is it sûn. ‘As je boarstfi eding jouwe, binne je fl otter op je âlde gewicht, it izergehalte bliuwt heger om’t je noch net ûngesteld wurde, en ek rint de mem minder kâns op limoerhalskanker (NL: baarmoederhalskanker).’ Dêrby jildt boppedat: hoe langer je boarstfi eding jouwe, hoe better. Hoelang soenen je boarstfi eding jaan moatte? ‘De World Health Organization skriuwt twa jier boarstfi eding foar en by dat advys slút ik my ek oan. De earste seis moannen allinnich mar memmemolke en dêrnei is dat in moaie oanfolling op griente en fruit.’ Neffens Marije tinke in soad minsken dat dat advys allinnich foar treddewrâldlannen jildt. ‘Mar ek foar de westerske wrâld is dat it advys. Memmen kinne har dat hast net foarstelle, mar dochs is it goed om it sa lang te dwaan, benammen foar de antystoffen dy’t in berntsje fi a de mem krijt. En dêrnei kinst gewoan trochgean mei sels fi eden salang’t mem en bern it noch nofl ik fi ne.’ It falt Marije op dat memmen faak behoefte hawwe oan mear support. Fan sawol de memmen ûnderelkoar as fan de eigen famylje en freonen. It liket bytiden wol in wedstrydsje. Memmen kinne har hiel iensum fi ele as harren berntsje noch net sa goed trochsliept. Hiel faak krijt de boarstfi eding dan de skuld en seit de omjouwing dat se mar better op keunstmolke oerstappe kinne. ‘Sa skande. Lit ús de memmen wat mear stypje.’

Raynaud Ritsma

Partner fan Elske Roorda, heit fan Kars. Foto: Hippe Kiek Fotografi e

De geur fan luiers en gitaren

En dan ynienen bist heit. Fan hast alles yn it libben kinst dy in foarstelling meitsje, mar alles dêr’tst fan tefoaren fan tinkst ‘sa sil it gean’, foel fuort doe’t ús soan Kars berne waard. Fierwei it moaiste dat my oerkommen is. Heit wurde like altyd fi er fuort. De muzyk wie jierrenlang myn nûmer 1 en heit wurde dochst net allinne. Dat lêste wie yn myn gefal nochal in syktocht mei fallen en opstean. Ast de leafde dan fynst en beslútst om der tegearre foar te gean, dan is dat hiel spesjaal. Dat it net altyd giet sa’tst fan tefoaren betinkst, waard ús al foar de berte fan Kars dúdlik. De earste swangerskip gie mis, dat is fertrietlik en sa hienen we it net betocht. Efterôf hienen wy dêr miskien daliks iepen oer wêze moatten, want pas ast soks meimakkest, fernimst dat dêr net in soad oer praat wurdt. Gelokkich wiene wy al gau foar de twadde kear ferrast. Op 2 septimber om 04:07 oere waard ús soan Kars yn goede sûnens op Elske har búk lein. Poepe, pisje, gûle en drinke, hy die alles tagelyk. Fan wa soe er dat no hawwe… Kars krige in 10 as Apgarskoare en sa waard ús soan cum laude berne. Dat hat er dan wer net fan syn heit. Mei ús twaen nei it sikehûs en mei ús trijen wer nei hûs. En al hie ik mysels foarnaam relaxt te wêzen, ik stapte ûnderweis nochris út om foar de achtste kear te kontrolearjen oft de autostoel écht wol goed fêst siet. Gelokkich hie ik it de sân kear dêrfoar goed sjoen, hy siet fêst. Nei in geweldige kreamwike komst stadichoan yn in nij ritme. It plan fan ‘ik wurkje gewoan wannear’t hy slept’ mislearre fuortendaliks. Al mei al sjoch ik no hiel oars nei alles. Oer de measte dingen meitsje ik my minder soargen. Utsein as it om Kars giet. Myn libben stie altyd yn it ljocht fan de muzyk en it spyljen fan shows troch it hiele lân. Somtiden 140 shows per jier, allegear like wichtich. Grut, lyts. En nee sizze kaam net yn my op. Mar der binne op it stuit mominten dat wy mear prate oer luiers as oer gitaren en muzyk. Optredens krije no mear gewicht. De tarieding, de show, mar ek it nei hûs gean fi elt ynienen spesjaler. Dat it sa gean soe, wa hie dat fan tefoaren ea tocht.

This article is from: