‘It alderbelangrykste binne de antystoff en dy’t de poppe fi a de memmemolke binnenkrijt.’
Soms komt it foar dat it boarst hiel fol sit. ‘Om in pynlike boarstûntstekking foar te kommen, is it belangryk datst it boarst goed leech krijst. Soms helpt it om sels earst te ûntspannen en it pynlike boarst te massearjen. Ast stuwing hast, remmet dat de produksje.’ Tiden hawwe tiden. Bepaalde generaasjes memmen joegen hast gjin boarstfi eding, wylst memmen fan dizze tiid just wer hiel graach tate jaan wolle oan harren bern. ‘En dat is hiel moai’, fynt Bosma. ‘It hat in soad foardielen.’ Los fan dat de molke altyd foarhannen is en dat it goed is foar it hechtsjen fan mem en bern, binne der noch folle mear foardielen. ‘It alderbelangrykste binne de antystoffen dy’t de poppe fi a de memmemolke binnenkrijt. Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t memmemolke krije, op lettere leeftiid minder faak te krijen hawwe mei oergewicht, kanker en hert- en iersykten.’ Ek foar de mem sels is it sûn. ‘As je boarstfi eding jouwe, binne je fl otter op je âlde gewicht, it izergehalte bliuwt heger om’t je noch net ûngesteld wurde, en ek rint de mem minder kâns op limoerhalskanker (NL: baarmoederhalskanker).’ Dêrby jildt boppedat: hoe langer je boarstfi eding jouwe, hoe better.
Hoelang soenen je boarstfi eding jaan moatte? ‘De World Health Organization skriuwt twa jier boarstfi eding foar en by dat advys slút ik my ek oan. De earste seis moannen allinnich mar memmemolke en dêrnei is dat in moaie oanfolling op griente en fruit.’ Neffens Marije tinke in soad minsken dat dat advys allinnich foar treddewrâldlannen jildt. ‘Mar ek foar de westerske wrâld is dat it advys. Memmen kinne har dat hast net foarstelle, mar dochs is it goed om it sa lang te dwaan, benammen foar de antystoffen dy’t in berntsje fi a de mem krijt. En dêrnei kinst gewoan trochgean mei sels fi eden salang’t mem en bern it noch nofl ik fi ne.’ It falt Marije op dat memmen faak behoefte hawwe oan mear support. Fan sawol de memmen ûnderelkoar as fan de eigen famylje en freonen. It liket bytiden wol in wedstrydsje. Memmen kinne har hiel iensum fi ele as harren berntsje noch net sa goed trochsliept. Hiel faak krijt de boarstfi eding dan de skuld en seit de omjouwing dat se mar better op keunstmolke oerstappe kinne. ‘Sa skande. Lit ús de memmen wat mear stypje.’