![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/b78f9639b646a604b4be297b1602d513.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
2 minute read
Tips tegen ochtendstress
by heit&mem
SJIT NO RIS OP!
In jûnsritueel
Advertisement
It moarnsskoft stiet of falt mei in goed jûnsritueel. Skriuw it ritueel út en hingje it op in plak dêr’t alle bern it ek sjen kinne. Aldere bern kinne ek prima sels guon punten fan it listke dwaan. Wat kin der op it listke stean? • Aginda / skoalle-app tsjekke (ha de bern ek wat, moat der noch wat mei?) • Bôle en fruittrompkes klearmeitsje • Gymnastyktassen (of oar guod) klearlizze • Moarnstafel klearmeitsje (is der bôle, belis en fruit?) • Lizze de jassen, skuon, sjaals ensfh. op harren plak? • Dûse • Klean klearlizze
1
Checklist foar it moarnsskoft
Meitsje foar de bern in checklist foar it moarnsskoft. Foar lytsere bern kinst mei plaatsjes wurkje. Der binne online ek wol guon te finen dy’tst sa útprintsje kinst. Set op de checklist dingen lykas: • Klean oan • Bêd opmeitsje / iepen slaan • Ite / drinke • Kopke / pantsje opromje • Tosken poetse • Hier dwaan • Bril poetse • Skuon oan • Jas en tas klear pakke Wa’t it listke klear hat, kin beleanne wurde mei jûns in ekstra ferhaaltsje, in stikker, skermtiid, leuke muzyk dêr’t jim even op dûnsje of wat oars dat jim bern hiel leuk fine.
5 tips foar in relaxed 2 moarnsritueel
Bepaal moarns betiid dyn yntinsje
Sûnder dat wy it yn ’e gaten ha, wurde wy moarns faak al wekker mei negative gedachten om’t de bern gille, rûzje meitsje en net meiwurkje. Faak bliuwst dan yn in negatyf gedachtepatroan hingjen. Dat fernimme de bern ek. Betink no ris moarns betiid bewust: ‘Alles rint soepel en suksesfol’. Meitsje de bern op in rêstige en fijne wize wekker. Jou se in dikke krûp. Besykje rêstich te bliuwen en reagearje fleurich op de bern en meitsje, at se net meiwurkje wolle, der in leuk spultsje fan. Hingje eventueel in post-it yn de badkeamer as reminder foar dysels.
![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/c7d0660c3b414de316315c09d330625e.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
3
Hoe komst yn ’e goedichheid in bytsje zen it moarnsskoft troch en krigest de bern op tiid op skoalle en dysels op tiid op it wurk?
![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/86ab8297f1584119ec180000ed51116c.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/88e451f1482368468a8600b4d480c0e9.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
5
Gean op tiid fan bêd ôf
Hâld der rekken mei dat bern gewoan mear tiid nedich ha om harren klear te meitsjen as folwoeksenen. Dingen lykas iten en oanklaaien duorje krekt even wat langer. Dus it is fijn om moarns dêr ek de tiid foar te nimmen. Do kinst ek mei de bern ôfprate dat se jûns dûse en moarns foardat se nei ûnderen gean fuort de klean oandogge, dy’t as it goed is al klearlizze. Ek kinst mei se ôfprate dat se fuort oan tafel sitten gean at se ûnder komme, om te iten. Nóch handiger is datsto as âlder krekt wat earder as de bern fan bêd ôf giest. Dan hast even in momintsje foar dysels en kinst yn alle rêst dysels en miskien it moarnsiten klearmeitsje.
4
Soargje dat alles in fest plak hat
It is ideaal as guod datst moarns brûkst in fêst plak hat en byinoar leit. De hierboarstel, de hierilestykjes, de hiergel, it brillepoetsdoekje ensfh. Soargje dat alles op in logysk en fêst plak leit sadat it moarns sa soepel mooglik giet.