![](https://assets.isu.pub/document-structure/211111094629-e176a5921a490535f248cefdb6284c08/v1/fe9f05cc133093a0fd4ab6ac9d43fde1.jpeg?width=720&quality=85%2C50)
1 minute read
Tomkeferhaaltsje
by heit&mem
Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.
Tomke fynt wat út!
Advertisement
‘Wat rûkt it hjir nuver.’ Romke stekt syn noas yn ’e loft. ‘It komt út ’e tún fan Yana Yu wei’, seit er. Yana Yu boartet bûten yn ’e sânbak. ‘It stjonkt hjir in bytsje. Hoe kin dat?’ freget Tomke. ‘De túnman hat kowepoep brocht. Dêr groeit de tún fan’, leit Yana Yu út. Tomke kriget in idee. Hy hellet in ammerke. ‘Mei ik ek wat poep?’ freget hy. ‘Wêrom?’ wol Yana Yu witte. ‘Ik wol útfine oft ik dêr ek fan groeie kin’, seit Tomke. ‘Dan mei it’, fynt Yana Yu. Tomke smart in lyts bytsje poep yn syn hier. En op syn earms en fuotten. Yana Yu komt derby te sjen. ‘Wolle jim net wat?’ seit Tomke. ‘Nee hear, tankjewol’, seit Yana Yu. Romke hoecht ek neat. Hy fynt himsels al grut genôch.
‘Bin ik al grutter?’ freget Tomke nei in skoftsje. ‘Ik sjoch noch neat, mar ik rûk dy wol’, snúft Romke. Tomke giet mei de holle yn ’e sinne sitten. Fan ’e sinne groeit alles, seit Kornelia altyd. ‘En no?’ freget hy letter nochris. ‘Do bist noch likefolle Tomke as sakrekt’, seit Yana Yu. ‘Wat stjonkt hjir sa?’ Kornelia komt de tún yn. Se sjocht nei Tomke. Hy is hielendal smoarch. ‘Wêr hasto dy mei ynsmard?’ freget se mei de noas tichtknypt. ‘It is mar kowepoep hear’, seit Tomke. ‘Ik wol graach witte oft ik dêr grutter fan groei. Krekt as de tún fan Yana Yu.’ De holle fan Kornelia skoddet en har gesicht laket. ‘Hoe fynst it út’, seit se. ‘Earst mar yn bad. Dêr wurdst net grutter fan, mar wol skjin.’
Tomke is wer as nij. Hy rûkt nei blomkes, fan ’e shampoo. ‘Tinksto dat ik letter grut wurd, Kornelia?’ freget Tomke. ‘Ja hear, en noch folle mear. Watsto mar wolst.’ ‘Moai!’ seit Tomke bliid. ‘Dan wurd ik letter grut én útfiner!’