3 minute read

Nije boeken

Next Article
Tomkeferhaaltsje

Tomkeferhaaltsje

€ 12,25

Mol wol de moanne ha – karton (2+)

Advertisement

Mol fynt de moanne it moaiste dat er oait sjoen hat. Mar hoe krijt er ’m nei ûnderen? Dat is noch net sa maklik…

Daphne: ‘Ik fyn it sels sa’n leaf ferhaaltsje en gelokkich is ús soan fan 3,5 jier ek sljocht op dit boek. It is in moai formaat en lekker fan karton, dat poer geskikt foar ús jonkje. Wy ha de oare prachtige boeken fan Mol ek yn it Frysk. Echte pronkjes yn ús boekekast.’

By beppe útfanhûs (3+)

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat ûnwenniger Maaike wurdt fan har mem. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…

Wietske Siemensma: ‘De illustraties doen mij denken aan de momenten dat ik bij mijn pake en beppe logeerde. De inrichting van beppes huis dateert uit de jaren ’80 en ’90 van de vorige eeuw. Voor de jongere lezer geen probleem, zij gaan op in het verhaal en alles wat er samen door Maaike en beppe wordt beleefd. Voor de oudere lezer ofwel voorlezer leuk om een kijkje terug te nemen in de tijd en bepaalde voorwerpen te herkennen vanuit je eigen jeugd.”

€ 14,95 € 14,99

De alderleafste lytse bearen 3+

Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze… of wol?

Wopkje Bergmans: ‘In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit. En yn de moaie yllustraasjes kinst de leafde foar de natuer weromfine; allinnich al om de yllustraasjes soest dit printeboek wol ha wolle.’

It biste-alfabet (4+)

€ 14,95

It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber.

A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet. A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

Thea de Boer: “En as je dan tinke: no is ’t boekje út, komt der noch in ferrassing: it alfabet stiet oan beide kanten fan it boekje. Benthe (5) hat al gau yn ’e gaten dat der noch in oare kant fan it boekje is. Se lêst de letters foar, en dan kinne je it boekje omdraaie. Dêr binne de ferhaaltsjes yn ’t Nederlânsk te lêzen. De printen binne itselde, mar de rymkes net. Dat makket it boekje ek foar âldere bern ynteressant om te lêzen.”

It neidiel fan ’e twivel (12+)

Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ’t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it koroanafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

€ 16,95 € 14,95

Hero (8+)

Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden. Martha Attema skreau in prachtich ferhaal, basearre op histoaryske feiten en it boek is twatalich: Frysk/Ingelsk.

Corrie Kamminga: “Beide talen binne moai fanelkoar skieden troch ferskillende kleuren papier. It boek is frij koart. It ferhaal telt sa’n 65 bledsiden en is yn in pear oerkes út te lêzen. Dêrtroch is it sawol foar de jeugd as foar folwoeksenen dy’t net te lang yn in boek omhingjen bliuwe wolle in prachtich en spannend boek.”

This article is from: