heit & mem nr. 2 2021

Page 32

Nije boeken! Mol wol de moanne ha – karton (2+) Mol fynt de moanne it moaiste dat er oait sjoen hat. Mar hoe krijt er ’m nei ûnderen? Dat is noch net sa maklik…

€ 12,25

Daphne: ‘Ik fyn it sels sa’n leaf ferhaaltsje en gelokkich is ús soan fan 3,5 jier ek sljocht op dit boek. It is in moai formaat en lekker fan karton, dat poer geskikt foar ús jonkje. Wy ha de oare prachtige boeken fan Mol ek yn it Frysk. Echte pronkjes yn ús boekekast.’

By beppe útfanhûs (3+)

€ 14,99

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat ûnwenniger Maaike wurdt fan har mem. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe… Wietske Siemensma: ‘De illustraties doen mij denken aan de momenten dat ik bij mijn pake en beppe logeerde. De inrichting van beppes huis dateert uit de jaren ’80 en ’90 van de vorige eeuw. Voor de jongere lezer geen probleem, zij gaan op in het verhaal en alles wat er samen door Maaike en beppe wordt beleefd. Voor de oudere lezer ofwel voorlezer leuk om een kijkje terug te nemen in de tijd en bepaalde voorwerpen te herkennen vanuit je eigen jeugd.”

€ 14,95

De alderleafste lytse bearen 3+ Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze… of wol? Wopkje Bergmans: ‘In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit. En yn de moaie yllustraasjes kinst de leafde foar de natuer weromfine; allinnich al om de yllustraasjes soest dit printeboek wol ha wolle.’


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.