3 minute read

Kolofon

NR.2

FAN DE REDAKSJE

Advertisement

38

Hieke Rienstra (redakteur)

‘Ik kin it net!’ Wylst ik besykje om it hûs oan kant te krijen, besiket Yfke in oaljefant nei te tekenjen. Krekt fiif jier, en dan sa prachtich tekenje kinne. Fiif jier, en dan no al sa perfeksjonistysk. Fan wa soe sy dat dochs hawwe… Tiid om ris goed nei de tips op side 38 te sjen. Ik hoopje dat sy leare sil dat sy it geweldich docht, dat sy yndie (noch) net alles kin en net oeral de bêste yn hoecht te wêzen. En boppe-al wille hâldt yn it tekenjen. Want mei wille tekenest de moaiste oaljefanten…

34

Ciska Noordmans (redakteur)

Doe’t de redaksje my frege foar in petear mei de relaasjecoach, naam ik dy opdracht mei alle wille oan. Dizze kear woe ik graach nei ’t bûtengebiet, foar in Fryske ‘touch’. Ik bedarre yn Turns, in skilderachtich doarpke ûnder de rook fan Snits. Dêr hie ik in moai petear mei Willemijn Tichelaar. Net yn it Frysk, mar eyeopeners all over. Sy dielde har bêste 10 tips mei heit&mem, sjoch side 34.

Kolofon

Redaksje:

Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Ciska Noordmans

Skriuwers:

Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Carina Klinkvis Marrit de Schiffart Froukje Sijtsma Berber Spliethoff Marieke Vinckers Erwin van der Veen Tjalling de Vries Klasina van der Werf Nynke van der Zee

Fotografy:

Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje

Ytsje Steen-Buwalda

Printwurk: Ink69 www.ink69.be

Redaksje-adres/útjouwer:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 38.500 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

Dizze heit&mem is it twadde nûmer dat yn 2021 ferskynd is.

Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân.

De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld, mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl

Losse nûmers:

Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried.

ISSN: 1878-4437

Heit&mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Nynke van der Zee (skriuwer)

Twister, UNO, Monopoly, Ticket to Ride, Yahtzee en De kolonisten van Catan. By ús thús leit de kast fol mei spultsjes. It is noch neat yn fergeliking mei spultsjewinkel De Spellekijn yn Ljouwert. Eigener Annetol Griskov naam my mei yn de wûndere wrâld fan de spultsjes en lei my út dat nimmen oer syn ferlies kin. Hoe âld ast ek bist. Gelokkich mar, want ik bin sels ek net sa’n goeie ferliezer... 24

44

Dieuwke van der Meer (haadredakteur)

‘Sjit no op! Doch dyn skuon no oan! Aanst komme wy te let op skoalle!’ Foarhinne koe ik moarns in echte stresshin wêze. Oant ús dochter Maaike destiids de legindaryske wurden sei: ‘As mem no wat rêstiger oan docht, dan hoecht mem ek net sa hurd!’ Sûnt dy tiid doch ik it oars. Ik lis alles de jûns fan tefoaren klear, sels de jassen, de tassen en de skuon (want hoe faak oft wy moarns wol net om dy twadde skoech socht hawwe...). En no kin ik earlik sizze dat der wer kalmte is, moarns betiid yn huize Van der Meer. Want moarns is in momint om rêstich wekker te wurden, mei-inoar te iten, in kopke tee te drinken en oer inoars dreamen te fertellen. Ja, wy dogge no moarns lekker rêstich oan, want it is echt wier, dan hoege wy ek net sa hurd. ;) Sjoch op side 44 foar handige tips!

ynhâld

03 A is fan Aapke 04 Kolofon 06 heit&mem post 08 Iten foar skoalbern 11 Kollum Andries Jelle de Jong 12 Gearstalde húshâldingen 15 Help, ik ha bern! 16 Menstruatie op de basisschool 18 Sa prate wy thús 19 Over meertalig opvoeden 21 Bernepraatsjes 22 Us húshâlding 24 Tegearre spultsje dwaan 27 Kollum Sjoukje de Boer 28 Tomke en ik 30 Afûk-boekpanel 31 Fryske berne-apps 32 Nije boeken! 34 Je relatie heeft topprioriteit 37 Kollum Tjalling de Vries 38 Zelfvertrouwen 40 In Fries om utens 42 Kollum Berber Spliethoff 43 Ferske 44 Tips tegen ochtendstress 46 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd

This article is from: